fry-9
fry-9
View options
Tags:
Javascript seems to be turned off, or there was a communication error. Turn on Javascript for more display options.
Al wer yn de fierste fierte gjin lange ij te bekennen , wis net mei dy nuvere , diftongearre , poer hollânske dûbeldklank ! Winkler hie him al earder , yn ' De Vrije Fries ' fan desimber 1976 drok makke oer it skriuwen fan Tiinje as Tynje , want dit waard dan ' in Holland nog meer verbasterd ( … ) , namelijk als Tijnje of Teinje ! ! ' . Oan de twa útroptekens is te sjen hoe ' t de man der fan griist . Hy hie gelyk : Tijnje en Wijnjewoude , it is en bliuwt grouwélich dom en selsfoldien flokken yn ' e Fryske tsjerke , sûnder ien inkeld doel of eat fan in reedlike ferklearing .
( Harry Potter and the Sorcerer ' s Stone yn ' e Feriene Steaten ) Dit boek is oerset nei it Frysk mei as titel Harry Potter en de stien fan ' e wizen .
Sûnder mis gie der fan ' e ' Gesprekken op de brug ' in subversive stimming út . Yn novimber 1940 krige it Leeuwarder Nieuwsblad dêr As sjoernalist oan ' t wurk . in klacht oer fan ' e Pressereferent . Brolsma krige fan Hof , syn haadredakteur , troch dat it der faai foarstie . It koe wolris ' dien [ wêze ] mei it skriuwen en ek mei de skriuwer sels , dy moast rekkenje op arrestaesje . ' Dat wie fansels net mear as bangmakkerij , mar Brolsma wie der tige fan ûnder de yndruk . It besoarge him twa minne nachten . ' As it mis betearde , hwa scoe for my pleitsje ? ' Haadredakteur Hof hie him al dúdlik makke , dat er der net folle nocht oan hie om der mei de Dútsers oer te praten . ' Nimmen spriek my moed yn en naem it it for my op , ' sa fielde Brolsma it . Dêrom frege er de fotograaf fan ' e krante , Gombault , sels in Dútser , om mei te gean en as tolk op te treden . Doe ' t se foar Ross en Weidlich oer sieten , leinen syn stikken ' sawol yn ' t plat Ljouwertersk as yn it Dútsk op tafel . '
De namme Alde Ryd jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme , as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Ried .
Grutte kloaten binne it en as it treft ek noch janke en skrieme oer de hege ûntwerp - en opmaakkosten . No , dan help ik har efkes út de dream : in boek twa kear ûntwerpe en opmeitsje is presys twa kear sa djoer as ienkear . Dat is de tafel fan ien . Sa yngewikkeld is dy net .
It fêststellen fan in diagnoaze kin op ferskate wizen dien wurde , lykwols bard dat meastentiids neffens in referinsjeramt lykas de ICD fan de Wrâld Sûnens Organisaasje en de Diagnostic and Statistical Manual ( DSM ) fan de Amerikaanske Psychiatryske Beropsorganisaasje . Yn Sina hat de Sineeske Psychiatryske Sosiëteit in eigen referinsjeramt , omskreaun yn it Sineeske Klassifisearringsramt foar Psychyske Steuringen . Doel fan in referinsjeramt om diagnoazes mei te stellen is it kategorisearjen fan psychyske oandienings en pas de behanneling dêrop oan . Sa ' n referinsjeramt is net altiten tige krekt en it kin wêze dat guon symptoanen inoar oerlappe .
Hy sei lûdop tsjin himsels : ' Ik hoopje al dat ik him deaknypt ha . '
Skearnegoutum . Foar alle dingen is der altiten in earste kear . De earste kear fan it ien is de earste fan it oar noch net . Guon earste kearen ferjit men yn de rin fan ' e tiid en oare bliuwe jo je libben lang by . Dat jildt fansels ek foar de Stadige Strikers . Mooglik sil Wiilem Schaap dizze earste kear wol wer ferjitte , mar it klapte der wol efkes yn .
Noch wol in bierke hân , want de kiel wie my aardich droech nei al dat rinnen .
Yn de Súdwesthoeke binne dosinten , dy ' t yn it ferline it foech foar it Frysk helle ha , op ' e nij . . .
Fredrik waard berne yn 1415 as soan fan Ernst I en Cymburgis van Masovië . Hy folge yn 1424 syn heit op as hartoch fan Eastenryk ( yn de Leopoldyske - Innerösterreich line ) as Freark V . Yn 1440 waard hy ta kening fan Dútslân keazen as Freark IV en opfolger fan Albrecht II .
Yn 1912 hearde de stêd , en hiel Kosovo , oan de jonge Albaneeske steat . It neifolgjend jier waard dy steat lykwols twongen om Kosovo wer oan Servje ôf te stean . Ein 40er jierren fan de 20e ieu begûn it Turkske karakter fan de stêd ûndúdliker - benammen troch migraasje nei de doe nije Turkske steat , dy ' t etnyske Turken fan bûten Turkije oanluts om regio ' s te befolkjen dy ' t meast troch Griken en Armeenjers bewenne waarden .
Oan de âlden komt yn it foarste plak it rjocht ta de soarte fan opfieding en ûnderwiis te kiezen dy ' t harren bern jûn wurde sil .
Yn de reidfjilden binne in soad djerreblommen te finen . Oan de rânen dêrfan en yn de rûchten komme soarten foar as wyld geiteburd , faleriaan , giele rút en grutte kaarde . Undjippe wetters binne útsein mei reiden en bizen in soad begroeid mei bearzerûch , dy ' t in soad fretten wurde troch it wetterwyld . De healannen binne krektas de reidlannen tige ryk oan plantesoarten mei ûnder oare orchideeën , echte koekútsblommen en meardere soarten siggen . It gebiet is ek ryk oan kikkerts en podden en oan flinters en oare ynsekten .
Yn Westzaan stie hy east fan it doarp . It paad nei de mole ta hiet Koperenberchsepaad , nei de namme dy ' t de mole yn de folksmûle hie : De Koperen Berch . Nei ' t sein waard soe de opdrachtjouwer nammentlik spul krigen hawwe mei de bouwer , wêrnei ' t hy inkeld yn lytsjild betelle , ofwol in berch koperen munten . Hjoed de dei is de namme fan dit paad de Jonge Dolfynstrjitte , oan de noardkant fan it begraafplak .
De namme hat neat te krijen mei in mar as wetter mar komt fan Mear of Maer , in âlde namme foar grins - of grinsskieding . Sa falt yn âlde stikken te lêzen oer de " Hemriks Maer " wêrmei ' t de grins fan de himrik bedoeld wurdt , meastentiids in sleat . Yn dit gefal giet it om de grins tusken Aenjewier en Skoatterlân .
As jo ek fine dat it Frysk de muoite wurdich is , en ideëen of projekten ha dy ' t in bydrage leverje kinne oan it brûken fan it Frysk , dan kinne jo by it Feitsmafûns oanklopje om stipe .
De lêzers lutsen har net folle oan fan ' e krityk , it boek waard goed ferkocht . Reden foar Brandenburgh om yn 1939 mei in nije printinge fan It Heechhôf te kommen . De tekst fan it boek waard op ' e nij set en Evert Caspers makke in nij omslach . Brandenburgh frege de ferneamde ûntwerper om dêr as motyf foar te brûken ' het huis waar de Bruinja ' s nog wonen . ' Caspers frege Brolsma dêrom : ' Beschikt U mogelijk over een foto van bedoeld huis ? ' 641 Spitigernôch is in reaksje fan Brolsma net bewarre bleaun . Hoewol ' t de tekst fan it boek net feroare is , hat Brolsma wol in opdracht oan it boek taheakke : ' For frou en bern ' stiet foaryn . Mooglik hat Brolsma , no ' t it mei syn sûnens faaier like te stean , ferlet hân syn genegenheid foar harren te uterjen ?
Bartolomeus Dias ( de Navarez ) reizget yn 1481 nei de Goudkust yn it hjoeddeiske Gana . Dizze missy wurdt begelaat troch syn lângenoat Diogo d ' Azambuja .
De Kuiersport is in rekreative sport dy ' t der op rjochtte is yn min of mear organisearre ferbân kuierjendewiis ôfstannen ôf te lizzen . ( Dit is oars by it hurdwanneljen , in tak fan hurdrinnen dêr ' t it doel is mei brûk fan wannelpassen de rûte sa fluch mooglik ôf te lizzen . )
Alva makke alle kanonnen fan de fijân bút en liet dizze omrane ta in stânbyld fan himsels , dat hy yn Antwerpen pleatse liet . It is hjirom , dat hy ek wol de Izeren Hartoch neamd waard .
De frijwillige skutterij yn Boalsert tsjinne op 11 septimber in foarstel yn ta de oankeap fan krût en munysjke . It útstel kaam fan de kapitein fan de frijwillige skutterij , Cornelis van den Burg , dy ' t earder dy dei op " demokratyske " wize , dus sûnder goedkarring fan de steedhâlder , as boargemaster beneamd wie . Elgersma , de rykste man yn Boalsert , wie wyls hielendal om gien en rjochte syn oandacht op in finansjele posysje yn de Provinsjale Steaten . It slagge him om Van Hiemstra te passearen , dy ' t dêrnei by de steedhâlder syn beklach die . Troch in soarte gearkomsteferbod is der net folle bekend oer de patriotten en de frijwillige skutterij yn de perioade oktober 1786 oant maaie 1787 , mar de situaasje bleau gêsten omdat yn Fryslân op 1 juny 1787 nije regearingsregleminten yn wurking trede soenen .
Fan 1983 - 1986 wie hy lid fan de Earste Keamer fan de Steaten - Generaal . Ek wie hy lid fan de Kommisje Untwikkelingsgearwurking Nederlân - Suriname ( CONS ) en fan de Advysrie Definsjeoangelegenheden ( ADA ) .
De follybalfroulju fan Snits spilen snein harren earste wedstriid yn de Dela league . Yn it Limburchske Meijel waard yn in fiifsetter mei 3 - 2 ferlern fan Peelpush . It wie in net al te bêste wedstriid . Beide ploegen makken in protte flaters . De earste set gie nei Snits mei 25 - 19 . De twadde en tredd . . .
Job , ik slûpte dy achternei , doest nei it jûnsiten yn it lette skimerljocht in loopke makkest by it bitefjild del .
… dan is it dus ek ' Oerûzgan ' en Boerûndy ? Nuver . Dy smoarge ' oe ' kinne wy better ôfskaffe .
Reacties worden gemodereerd en worden pas zichtbaar als ze door de auteur zijn goedgekeurd .
Jan van der Leij skriuwt benammen koarte ferhalen . Syn debútbondel , De tiid stie even stil ( 2005 ) , waard loovjend besprutsen . Dizze twadde ferhalebondel lit op ' e ij sjen hoe alsidich dizze skriuwer is . Hy hat nocht oan it boartsjen mei foarm en ynhâld en set syn lêzers graach op in ferkearde skonk . Jan van der Leije ( 1952 ) is arsjitekt en skriuwer . Hy wûn twa kear in priis út it Rely Jorritsmafûns .
Obama gie twa jier nei it Occidental College yn Los Angeles , en dêrnei twa jier nei de Columbia Universiteit yn New York , dêr ' t er yn 1983 ôfstudearre yn de politikology mei de spesjalisaasje fan ynternasjonale betrekkings . Yn 1985 ferhuze er nei Chicago as directeur fan it Developing Communities Project .
Ids Postma en Annie Friesinger binne sneon yn it tsjerkje fan Dearsum troud . It breidspear wie ferline jier augustus al foar de wet troud yn it Eastenrykse Salzburg , it eardere wenplak fan Friesinger . De âld - reedriders en Olympysk kampioene waarden troud troch de mem fan Anni , dy ' t dûmny is . By it boargerlik houlik joech Friesinger al oan dat foar har de echte plechtichheid yn de tsjerke wêze soe . By de plechtichheid wiene sa ' n 80 minsken ; freonen en famylje mar ek minsken út de reedrydwrâld lykas Gianni Romme en Henk Gemser .
Libben Rixt waard as Hendrika Akke van Dorssen berne te Grou op 27 septimber 1887 . Rixt wie it jongste bern ; hja hie twa bruorren . Nei de legere skoalle te Grou reizge hja nei Ljouwert foar fuortset ûnderwiis oan de famkes - h . b . s . oan ' e Grutte Tsjerkstrjitte . Dêrnei folge hja noch in oplieding ta ûnderwizeres , mar hja hat nea foar de klasse stien . Hja helle ek in akte foar gemeente - administraasje en wurke fan 1917 oant 1919 op ' e siktary te Snits en dêrnei oant har pinsjoen ta te Dimter , dêr ' t hja it ta waarnimmend gemeentesekretaris brocht hat .
De earste alfa - ferzje fan Mozilla Fennec is beskikber en kin ynladen wurde fanôf de side fan Mozilla . Op dit stuit is dizze ferzje allinnich geskikt foar de Nokia N810 Internet Tablet mei OS2008 , mar se ha der ek foar soarge dat it programma op in kompjûter draaie kin mei Windows , Linux of MacOs troch gebrûk te meitsjen fan XULrunner . Op de pc rint it wat oars , byg . de skowknop fan de mûs skowt de side net , mar sil yn - of útzoome op de side . Om de side te skowen moast mei links klikke en nei ûnder of boppe sleepje . Fierder wurket it wol hiel fluch . Flash is op dit stuit noch útskeakele troch wat problemen . Oare talen binne noch net beskikber , de planning is dan ek aardich rom , 2010 moat it klear wêze . Toch haw ik in lytse poging dien om it oer te setten , sjoch derfoar de ôfbylding hjirboppe . Tafoegje oan Delicious
Oantúchadvys : Meulenhoff , te swier om op bêd te lêzen , mar ek op it strân leit rsi op ' e loer . Omdat it boek yn fiif dielen te lêzen is , kinst sels it boek ek stikken snije en as losse dielen yn ' e fakânsjekoffer meitôgje .
No moast ik earst myn fersen efkes by del , want se binne lang allegear net geskikt om foar te lêzen . Wilens ik dêrmei dwaande wie , kaam der in wyfke del om my út te noegjen in middei troch te bringen by de âlderein fan Boerum . De ' bejaardesoas ' , sizze wy altiten noch , mar sa wolle se hjoeddedei net mear hite . ' Jamar , jamar ' , sei ik tsjin it wyfke , ' dit haw ik noch nea dien ! De helte fan de tiid snappe de minsken neat fan myn gedichten , en moat ik dêr no ek noch mei nei dy âldsjes ta ? ' ' Ja , no ' , sei it wyfke , ' ús programma moat ek fold wurde , en wy hienen jo ferline jier al op de list , mar doe kaam der immen mei dia ' s tuskentroch . Dy man woe oars noait en no ynienen al , dat sadwaande . ' ' Mar se prate hjir ommers gjiniens Frysk ' besocht ik noch . Dochs it joech allegear neat , ik stie op it programma en it moast no ek wêze . ' No ja ' , tocht ik by mysels , ' at se allegear no wat heal dôf binne , en se ferstean my ek al net al te bêst , wat kwea kin it dan ? Foareut dan mar . Dan skyt der wol wer in fûgeltsje dat no noch gjin kont hat , is ' t sa net ? '
By ien minske giet it almeast om in persoanlike beskermer of helper yn ' e foarm fan in bist of bistesoart , wylst men yn it gefal fan in groep minsken - faak in klen of in hiel folk - almeast leaut fan it oangeande bist ôf te stamjen .
Yn Saxenoord yn Frjentsjer hat frou Cuperus har jierdei , se kryt dêrom in spesjaal jierdeis moarnsbrochje . Ek sjogge we op hokker wize der noch mear oandacht jûn wurdt oan har jierdei . We binne by d
De measte rivieren hawwe swiet wetter en binne de libbensromte foar de swietwetterfloara en - fauna .
De Aphorodite dy ' t ik koe siet faak my de fingers yn in potsje mei feta . Yndied ek wat in kliemske goadinne .
Ohio grinzet yn it noarden oan de steat Michigan en it oan de oare kant fan de Eriemar lizzende Kanada . Yn it westen grinzet it oan Indiana , yn it easten oan Pennsylvania en yn it suden oan Kentucky en West Firginia . Ohio heart ta de Easterke - tiidsône .
2 Andries Joukes Vallinga , berne op tiisdei 24 desimber 1895 yn . Fan de berte is oanjefte dean op tiisdei 24 desimber 1895 . Andries is ferstoarn .
Ik bin wol gauw is op paad en hear om my hinne dat minsken it drok hawwe my wurk , hûshâlding en sport ensf . De drokte hat by my ek ta slein . Fulltime baan 40 + , derneist riedslid wat somtiiden else wike ek al 10 - 20 oeren freget . Fraksjefergadering , riedsfergadering , Plaetselik Belang fergadering . As jo rekkenje kinne hat else wike 7 x 24 oeren = 168 oeren . Fan dy 168 oeren sliep ik roech wei 5 x 7 en 2 x 8 = 51 oeren . 168 - 51 oeren = 117 . 117 - 45 ( wurk ) = 72 oeren . Ik reizigje else wurkdei 1 oere 5 x 1 oere = 5 reisoeren . 72 - 5 = 67 oeren . Sneon en snein is freie tiid is 2 x 16 oeren = 32 oeren . 67 - 32 = 35 oeren . Yn dy freie oeren mei ik : waarm iete , de hûn útlitte , de krante lêze , myn mailboxen troch lêze , TV sjen en myn hobby ' s útfierre . Op stuit bin ik ol treie wiken oan it ferbouwen fan myn hal , ik freechje my ôf wêr hellet in minsk syn tiid wy . Ik haw sels noch tiid oer om te netwurkjen . Hjoed in moai skoft stean te praten mei âlde kunde . Moarn in nije wike , mei nije tiid , ik sjoch wol .
Sa no en dan moast er in poarsje ôfleverje by minsken dy ' t elke woansdei itselde oan de doar besoarge krigen . Soms krige er der in stoer of in pear sinten op ta dy ' t er fan Feenstra foar himsels halde mocht . Frou Dolmer joech it measte . De foarige kears hie se der in dûbeltsje op ta lein , no wie it in
Hoe ek fan oermacht , need en see betrutsen . Oerâlde , leave Fryske grûn . Nea waard dy fêste , taaie bân ferbrutsen . Dy ' t Friezen oan har lân ferbûn .
Graach dien . We binne der sels ek tige wiis mei
Ferline jier is se tachtich wurden . No , tachtich is prachtich . En , sa ' t ús heit altyd sei as er nei it iten in kertierke mei de holle op ' e bibel slûge hie : Wij hebben hier geen blijvende stede . Dan wie it healwei tolven en moast er wer nei de boer ta .
Nei it skoft is der in leske yn Frysk taalidioom . Ek mei elk wat sizze oer de Tsjerke of oer it Frysk , dat letter útwurke wurde kin . En elkenien mei sizze , wat hy of hja yn in oare gearkomste dwaan wol yn ' e foarm fan in referaat , in preek of in oare bydrage yn it Frysk . Elk , dy ' t niget oan soks hat , is wolkom . In Lieteboek foar de Tsjerken meinimme .
Faaks is it ien fan de iennichste oerfoarmen fan natuer rispinninge dy ' t noch yn syn oarspronklikheid bestiet yn Europa en der mei fan in ûngekind hege kultuer histoaryske wearde .
Om ' t ien fan ús bern it foarhinne nedich fûn om te hânbaljen fiel ik mei ek wol ferplicht om sa no en dan is in wedstriid te besjen . Eartiids is myn dochter begûn by de jongerein en doe wie ik wol fa - kes te sjen en gie ek geregeld mei nei útwedstriden . Nei dat se mei it grutte wurk dwaande west hat spilet se no mei de " âlde gebouwen " . Hja neame harren sa om ' t in grut tal al stoppe wie mei hânbal en no op ' e nei wer begon binne . Yn de maatskippij neamt men dizze froulju " herintreders " . Hja spylje no yn in kompetysje die troch de wyks spile wurd . De leeftyd fan it gros fan it team leit boppe de fiifentritich .
Keunstskilders wurde yndield by skilderstilenen , bygelyks yn ien fan de Europeeske keunststreamings . In keunstskilder kin ek ta ferskate streamings yn de skilderkeunst rekkene wurde .
en wurdt ûntslein . Hy waerd der fan biskuldige oan syn hûs ge -
De oerhearskjende yndruk dy ' t jin by it lêzen fan it wurk fan Simke Kloosterman altyd wer treft , is hertstocht en oerdied . Dy oppenearret him yn alles , yn de tematyk , dy ' t altyd troch leafde en needlot bepaald wurdt , en yn de sinnen , dy ' t altyd tintelje fan taalrykdom en twinge fan absolutens . Foar deistich praat of kofje en tee is gjin plak , lit stean foar alles wat ek mar yn de fierste fierte ûnder it taboe fan de skamte falt . Sels it wurk kriget amper omtinken . Men ferkeart altyd yn heger sfearen .
Das Video Hjoed : Reade kaart keatser Olijnsma hat folgende Views : 160
Hjoed in tanimmende bewolking dêr ' t ek wolris in spat rein út falle kin . De wyn is noardeastlik en hellet yn de rin fan de dei oan ta wynkrêft 5 of 6 . De temperatueren komme út op 6 graden . Tiisde
My first Vassalord video ! : ) There is a story created in the mmv that reflects the song . I hope you like it and please comment and vote . Thank so much For : # 39 - Superfavoritos ( hoy ) ) - Cine y animaci
De befolking yn Iran is yn in koarte tiid hurd waakst . Yn 1900 wienen der tsien miljoen Iraniërs , tsjintwurdich binne it der sân kear safolle . Dizze rizing fan de befolking wie benammen grut nei de Iraanske Revolúsje fan 1979 . Tusken 1995 en 2005 naam de befolking ta mei 8 , 4 miljoen . De mearderheid fan de befolking is jonger as 30 jier .
Ja wie der Titel bereits sagt habe ich wieder Muni , das resultat seht ihr im video ; ) DAUMEN HOCH !
127 . Alle wiere froulju taast de wittenskip yn it skamtefiellen . It is har krekt likernôch as woe men har dêrmei ûnder it fel , - of noch slimmer , ûnder jûpe en opsier sjen .
It fabryk CSK Food Enrichment hat moandei de Undernimmerspriis 2010 fan Ljouwert wûn . It bedriuw leveret fral yngrediïnten oan de suvelyndustry , lykas strjemsel . It giet op ' t stuit poerbêst mei CSK yn Ljouwert . Koartlyn waard bekend dat CSK it bedriuwsoerflak yn Ljouwert ferdûbelje sil . It . . .
[ 查看全部内容 ] De jonge Skotse rockband Sunrise not Secular komt fan it eilân Lewis , ien fan ' e Hebriden . Se bringe , mei de kilt oan , rockmuzyk yn it Gael
Toskedokter Julien Dubois hat it tige nei it sin yn it libben . Hy hat in treflike assistinte , stjonkend rike pasjinten , freonen om mei út te gean , in ferhâlding mei Antonia en om fierder gjin lêst fan har te hawwen hat er har sein dat er troud is . . . . Ja dan is der neat mear te wollen , soe men sizze . Mar Antinia . . . . wol mear ! Se wol syn frou sjen . . . . En dan fertelt de dokter har de iene leagen nei de oare , oant . . Ja , wy fertelle hjir fansels net hoe ' t it ôfrint .
Folle tiid hie ik hjoed dochs net oer , en de útslaggen sille wol binnenkomd wêze foar ' t jo dit lêze , en boppedat : der wurdt oeral altiten al safolle omtinken jûn oan wat der yn Grut - Brittanje bart en dêrfuort komt .
In part fan syn fersen spilet yn Súd - en East - Europa en wjerspegelet syn bining mei dat diel fan de wrâld . De styl fan De Vries is byldzjend , sa ' t blykt út fersrigels as : ' Slaan do de bile no mar / yn it achtsilinder motorblok / fan dyn bouhoekster mankelikens . '
This entry was posted on 01 / 05 / 2010 at 00 : 23 and is filed under Skriftekennisse . Tagged : Âldfrysk , Frysk , Jan Althuysen , Midfrysk , poëzy , Symen Althuysen , taalskiednis . You can follow any responses to this entry through the RSS 2 . 0 feed . You can leave a response , or trackback from your own site .
Kuyper wie oprjochter fan de earste politike partij yn Nederlân , de ARP , stifter fan de Frije Universiteit en droech by oan de foarming fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en wie fan 1901 oant 1905 earste minister .
De Nederlandse naam " Sint - Jozefsbloem " heeft de plant te danken aan de bloei rond het naamfeest van Sint - Jozef ( 19 maart ) .
Geplaatst op dinsdag 5 juli 2005 om 20 : 17 | Permanente link
Wy sille der ris oer neitinke . Miskien kinne wy Alex wol meinimme nei elk optreden en in nije rubryk mei him begjinne : Mei Klún & Knoffelhakke moaie plaatsjes makke . Ik tink dat dit in grut sukses wurde kin . . . Klik hjir foar in fergrutting .
Yn 2002 ferskynde ek it Fryske digitale taalspultsje Wurdwiis . In rûch wurdbestân fan mear as hûnderttûzen wurden fan de Fryske Akademy foarme de basis foar de wurdlisten efter it programma . Tiidwurdsfoarmen , eigennammen , plaknammen en âldfrinzige wurden en eigennammen moasten útfiltere wurde . Dêrnei waarden wurdlisten op oantal letters oanmakke en waarden dyselde listen yndield op swierrichheid ( fan ien oant fiif ' stjerren ' ) . Benammen de diakrityske tekens fregen wer in soad tiid en omtinken , want krusende letters moasten ek deselde kapkes en skrapkes hawwe . Doe ' t de bestannen klear wienen koenen der programma ' s makke wurde . Yn 2002 kaam it ynteraktive Wurdwiis út op skiif , tagelyk mei de Fryske Puzelensyklopedy . Dit is de digitale foarm fan it tsien jier earder ferskynde Frysk Puzelwurdboek .
Bêste minsken : noch twa dagen op ' e Lemmer . Wy geane derfoar , hja binne noch net fan ús ôf ! Kommend jier yn de B - klasse , dat is no wol dúdlik . Mar dan binne wy der wer en hooplik al dy supporters út Eastermar . Klasse ! ! ! No sille wy de jierdei fan de skipper fan it folchskip fiere .
PIER WILLEMS , fan Aldeboarn hat op 10 - 6 - 1721 de moarns tus - ken trije - en fjouweren yn de koekekream sitten en der Claes Tjalles mei ' t mês in feech jown . Kriget 3 jier tichthús . ( 66 - 28 - 4 - 1722 )
Nei gâns , gâns lange jierren kaam der wer ris in prins yn it lân en in âlde man fertelde him fan de toarnehage , en dat dêrefter in slot stie dêr ' t al sûnt hûndert jier in byldmoaie keningsdochter yn te sliepen lei . Toarnroaske wie har namme ; allyksa stie it mei de kening en de keninginne en de hiele hofhâlding . Syn pake hie him ferteld , dat der al in soad prinsen kaam wiene , dy ' t besocht hiene om troch de toarnehage hinne te kommen , mar hja wiene deryn fertiisd rekke en jammerdearlik omkaam .
op ' e site setten troch : Gooo Diva ' s , hoe let wie dat ? 11 : 35 AM 6 rabberijen
3 . rüt : fersterking by üt , te ferlykjen mei ta de bûse út .
Ingelân is it súdlikste en grutste part fan Grut - Brittanje . Oant de stifting fan it Feriene Keninkryk yn 1707 wie Ingelân in selstannich keninkryk . Ynternasjonaal wurdt Ingelân net mear as in apart lân beskôge , útsein by in pear sporten dy ' t yn Ingelân úntstean binne , lykas fuotbal en rugby .
Children ' s songs and nursery rhymes from all over the globe presented both in English and their native languages . Many include sound clips and sheet music . . . . As twa jonge minske - herten troch de leafde bin ferbûn
SC Hearrenfean hat sneontejûn yn eigen hûs knap mei 2 - 1 wûn fan koprinner PSV . Yn de earste helte naam de ploech út Eindhoven in 1 SC Hearrenfean hat sneontejûn yn eigen hûs knap mei 2 - 1 wûn fan koprinner PSV . Yn de earste helte naam de ploech út Eindhoven in 1 - 0 foarsprong fia Lazovic . Justjes letter makke Kristian Bak Nielsen alwer lyk , troch in frije traap fan Danijel Pranjic binnen te koppen . Yn de twadde helte skoarde Miralem Sulejmani 2 - 1 op in foarset fan Alves . Trochdat Kromkamp it skot fan rjochting feroare wie Gomes kânsleas . De goal stiet offisjeel op namme fan yn Makkingea berne Jan Kromkamp . Topskutter Afonso Alves kaam sneon net oan skoaren ta . De oanfaller waard koart hâlden troch de PSV - definsje en krige de hiele wedstriid mar twa kânsen . - - SC Heerenveen heeft zaterdagavond thuis gewonnen van PSV . In de eerste helft nam de ploeg uit Eindhoven een 1 - 0 voorsprong via Lazovic . Tellen later maakte Kristian Bak Nielsen alweer gelijk , door een vrije trap van Danijel Pranjic binnen te koppen . In de tweede helft scoorde Miralem Sulejmani 2 - 1 op in voorzet van Alves . Gomes was kansloos na Krompkamp het schot van richting veranderde . De goal staat officieel op naam van in Makkinga geboren Jan Kromkamp . Topscorer Afonso Alves kwam zaterdag niet aan scoren toe . De aanvalleer werd kort gehouden door de PSV - verdediging en kreeg de hele wedstrijd maar twee kansen .
4 . Mar it giet hjoed om de fraach hoe ' t it mei Paulus sit . Is Paulus no in Joad of is hy sels in antysemyt ? Hoe moatte wy sa ' n tekst as I Tessaloníkers 2 , 13 - 16 lêze ? En fansels moatte wy dan beänderje dat Paulus in Joad wie . Hy wie berne yn Tarsis yn in Joadske famylje en hy wie oplaat ta in ortodokse Joad . Hy hat sitten oan de fuotten fan Gamaliël , in ferneamde rabbi . Yn Hannelingen 22 , 3 seit Paulus oer himsels : ' Ik bin in Joad , te wrâld kommen te Tarsus yn Cilicië , mar opbrocht hjir yn dizze stêd Jeruzalem ; as learling fan Gamaliël sekuer ûnderwiisd yn ' e wet fan de foarâlden ' . ( Sjoch ek Hannelingen 5 , 34 ) . Fansels wie hy in Joad ! Mar hoe kin hy dan sokke taal brûkt ha oer de Joaden ?
Underweis binne der op it Tynster mêd nijsgjirrige nije wurken te sjen : de draai - of Rôlbrêge yn de Moehimster heawei nei Beets , de slûs by de Ulesprong ( eins trije : ien yn it leger lizzende Langerak en twa oan wjerskanten yn de noch leger groeven binnebarm oan de dyksfoet ) en by de Warrebetten gjin brêge , mar in set yn de wei nei Aldeboarn . Oan de súdside fan de polder wie gjin ferlet fan in nije dyk , want dêr lei de Hegedyk al oant de Terbantsterskâns ta .
Op de foto Griet Vis ( inmiddels overleden ) met Martsje Bergsma later Haitsma in de kinderwagen op de Hearewei . Het is zomer 1949 . Je ziet dat de bomen tussen de straat en het voetpad net zijn aangeplant . De tuintjes voor de huizen zijn nog in een pril stadium : er is nog geen sprake van de latere ligusterheggen . Het voetpad is nog mooi bestraat met klinkers welke later vervangen zijn door tegels .
It siet him benammen yn de diskusje oer de posysje fan Lenstra yn it fjild , mar ek oer syn ynstelling as fuotballer , Lenstra koe noch wolris stiif en lui wêze . Oer syn posysje : Lenstra wie nei syn eigen gedachten it bêst as loftsbinnen , mar de karkommisje sette him geregeld yn as rjochtsbûten , rjochtsbinnen , midfoar of loftsbûten , posysjes dêr ' t Lenstra net graach spile . Somtiden gie hy net mei as hy net op de foar him goeie posysje opstelt stie , oare kearen waard hy om ferskate redenen hielendal net selektearre troch de karkommisje . Troch dit alles binne der grutte perioaden west wêryn Lenstra net foar it Nederlânsk alvetal útkaam .
BOZEN - Dit wykein is Sybren Posthumus , Frysk Steatelid foar de FNP , as waarnimmer by in referindum yn Súd - Tirol . Hy docht syn taak yn it plak Weissenbach , yn de regio Ahrntal . By it referindum giet it om de fraach oft de ynwenners fan dat gebiet beslute meie ta selsbeskikking . Oanlieding binne de politike en finansjele problemen yn Italië , dêr ' t Súd - Tirol sûnt de Earste Wrâldoarloch by heart .
It doarpke út Littenseradiel is fan alle 13 dielnimmende doarpen it lytst , mar de ynwenners rinne massaal waarm foar Doch it foar dyn Doarp . De útstjoerings wurde makke op it sportfjild , mei de mark
Yn Turkije wurdt it Turksk , de offisjele taal , praat troch 90 , 5 % fan de befolking . De minderheidstalen binne Koerdysk ( 18 , 6 % ) , Arabysk ( 3 % ) , Armeensk , Lazysk , Geörgysk , Adyghe , Sefardysk en noch lytsere talen wêrûnder de sigeunertalen . It Turksk kaam mei de Nomaden út it easten wei nei Turkije ta yn de 10e ieu . Sûnt de herfoarmings fan Mustafa Kemal Atatürk yn 1928 wurdt it Turksk mei it Latynske alfabet skreaun . It Turksk fan hjoed de dei hat in protte lienwurden út it Frânsk en Arabysk . Yn it westen fan Sina , op de Kaukasus en yn Sintraal - Aazje wurde Turkske talen praat . Yn it easten fan Turkije wurdt it Koerdysk praat . It Koerdysk wie oant 1991 troch it Turkske regear ferbean , mar mocht dêrnei wer yn it iepenbier brûkt wurde . Dochs binne der sûnt dy tiid wol gefallen fan ûnderdrukking fan de Koerdyske taal .
As de opinypeilings klopje , hat it regear nei 2 maart yn de Earste Keamer de stim fan FNP - senator Hindrik ten Hoeve noadich om har plannen út te fieren . Neffens de peilings ( ûnder oaren http : / / www . synovate . nl / content . asp ? targetid = 719 ) krijt it kabinet op ' e nij gjin meartal yn de senaat . En dêrmei kin Ten Hoeve wer goede dingen dwaan foar Fryslân en oare regio ' s !
Ik tink dat ik wit hoe ' t it komt dat dêr hielt in blok by de side van de wike komt troch de kategoryen . Der sit wytromte tusken it Lês mear en de kategory . Ik ha oant en mei wike 19 de wytromte fuorthelle , ris sjen as it no goed giet . It kin ek wêze dat der nei de kategory noch ris op enter drukt is en dat der dus nog in wytrigel nei de kategory stiet .
Friezen hoege net benaud te wêzen dat de provinsje ophâldt te bestean . Dat sei listlûker Jan Peter Balkenende fan it CDA sneon op de grins tusken Fryslân en Grinslân . Oan de sneldyk tusken Drachten en Grins waarden twa grutte billboards ûntbleate mei dêrop de kandidaten út Noard - Nederlân . Guon partijen wolle de provinsjes as bestjoerslaach ôfskaffe , mar foar it CDA is dat gjin opsje . Foar Balkenende is it ferhaal fan de JSF ek noch net út , sa sei er sneon . Fan ' e wike hat de Twadde Keamer him wol yn mearderheid keard tsjin de komst fan in testfleantúch , mar neffens Balkenende seit dat neat . Boppedat kin Nederlân der net samar útstappe . Hy is dan ek lilk oer it beslút fan de Keamer .
Nur noch 6 Stück auf Lager - jetzt bestellen .
Mei ' t Abma yn de bondel hieltyd deselde metafoaren mei lytse fariaasjes derop weromkomme lit , is ' Kuiers ' tige konsistint opboud . foardiel dêrfan is dat de lêzer de kuiertocht fan in dichterlik ego yn alle skakearringen frij maklik folgje kin . / . . . / De fersen dêr ' t it ' ik ' in minder promininte rol yn spilet , falt neat op ôf te tingjen , mar it is ferfeelsum om bledsidenlang oer de ' ik ' mei in nochal problematyske fizy op himsels en syn meiminsken te lêzen . Miskien soe sels út te hâlden wêze dat de ' kuiers ' nijsgjirrich binne , mar de ' definysjes fan in ik ' net . Leeuwarder Courant , Babs Gezelle Meerburg , 9 febrewaris 2001
' Fannacht op fjirtich myl foarby , potticht fan nevel hast wol sjoen , of hasto faaks in loads foar my ? ' ' Nee . tûzen dollar ! ' ' Foar gjin miljoen !
1 . de ' der ' . It Afr . beskate lidwurd hie yn thî , thiu , thâ aparte foarmen foar manlik , froulik en meartal en boppedat noch trije foarmen then , ther - , thes foar de ôfhinklike namfallen ( Sjölin 1969 : 35 ) . Fan dy seis foarmen bewarret it Nfr . trije ( di , jü , da ) en it Sfr . fjouwer ( di , ju , doo , dän ) , dat jout O = 0 , 5 , resp . 0 , 67 ; ferl . Spenter 236 . Nfr . e , Sfr . de , e beskôgje ik as ferkoarte foarmen fan da , doo . Yn it Wlfr . fine wy oeral de . Ik nim mei Siebs Gr1355f . oan dat dat ûntstien is as in byfoarm sûnder klam ( sa ek Ndl . : de Vries 107 ) . It Wlfr . en it Skm . hawwe hjir dus gâns ferlern en krije dêrom O = 0 , 17 . De oergong th - > d - is hjir lûdwettich en hat dêrom gjin ynfloed op ' e orizjinaliteitsfaktor . Koartsein : O = 0 , 17 / 0 , 17 / 0 , 67 / 0 , 5 foar efterinoar Wlfr . , Skm . , Sfr . en Nfr . De rest is by dit wurd weirekke : W = 0 , 83 / 0 , 83 / 0 , 33 / 0 , 5 .
BRUSSEL - Aktrise en regisseuse Reinhilde Decleir hat dit jier de Louis Paul Boonprijs wûn . Dy wurdt alle jierren útrikt troch keunstnerskollektyf HAM , dat mei oprjochte is troch Boon , de ferneamde Flaamske skriuwer nei wa ' t de [ . . . ]
' De see , it ivige yn - en útazemjen , gjin begjin , gjin ein . De ferlieding om har oer te jaan oan syn selsfoldienens , syn earstberne macht . Tajaan dat se him net wjerstean kin om besit fan har te nimmen , har yn en út te gean yn oerweldigjende omearming . . . ' ( side 23 )
Tags : Swiet Bjuster Reuny Nije cd nieuwe cd In JÃ » n yn Grins Fordson Dextra Blues Fryske band Friese Band
Grytsje Kingma sjongt dit liet oer langstme nei de winters fan eartiids , doe ' t wy ride koene en der Alvestêdetochten wiene . Rob du Jardin spilet fioele derby . Winters yn Fryslân Thús ha ik noch in foto stean fan my as bern yn ridersklean , in sjaal en mûtse tsjin ' e wyn . Foar t earst op redens , ' k . . .
No akseptearren de steaten boargerbewapening . Yn Ljouwert en Dokkum waarden fuortendaliks frijkorpsen foarme neist de âlde skutterijen . De ferstânhâlding ûnder de Fryske patriotten waard der net beter op . Nei de frede mei Ingelân , doe ' t de steaten in ûndersykskommisje nei de kwoata ynstelden ( 4 maaie 1784 ) foel it geheim kommitee útien , al bleau de ynsidintele gearwurking . De demokraten treden no selsstannich op . 3 desimber 1784 fregen Ljouwerter boargers frije magistraatkeuze . 12 jannewaris 1785 fergaderen ôffurdigen fan de frijkorpsen yn it Swart Krús . Men trof elkoar yn boargersoasjeteiten . De Fryske Patriot begûn te ferskinen . Fan 6 oktober - 5 novimber 1785 wie de prins yn Fryslân . Hy wenne trou de gearkomsten fan de deputearren by en ta syn gelok stienen de koppen fan de patriotten foar elkoar oer yn de striid om it grytmansamt fan Frjentsjeradiel , dy ' t J . C . Bergsma wûn . Tenei late hy de prinsgesinden . Oan de boargers fan Ljouwert beloofde hy in nij reglemint op it stedsbestjoer , wêrby ' t de prins de ferkiezing fan de magistraat hâlde soe ( 20 oktober 1785 ) . Hjirtsjin protestearre Hermannus Borgrink , by de eedôflizzing wegeren ferskillenden ( 24 maart 1786 ) .
De provinsje wol de grutste oandielhâlder fan wetterbedriuw Vitens wurde . Mei de gemeente Ljouwert wolle se 13 persint fan de oandielen keapje . It giet om in bedrach fan 65 miljoen euro . Dat moat opbrocht wurde út de ferkeap fan de Nuonoandielen dy ' t 1 , 2 miljard euro opbrochten . De provinsje wol . . .
Gerben Rypma skilder dichter en boere - arbeider Gerben Rypma waard berne op 2 septimber 1878 , op in pleats yn ' e Sânfurterryp , yn it gea om de Aldegeaster Brekken hinne . Dêr is er hikke en tein en is er altyd wenjen bleaun . Trochdat syn heit kaam te ferstjerren doe ' t hy noch in jonge wie , ûntwikkele er in sterke bân mei syn mem . Sy soe de iennige frou yn syn libben bliuwe . Gerben Rypma kaam earst op himsels te wenjen , neidat syn mem yn 1921 ferstoarn wie . Yn in klintsje dat er sette liet oan de Aldegeaster Brekken , hat er wenne oant er yn 1939 mei in slimme longûntstekking yn it sikehûs opnaam waard . It lange jierren allinne omheukerjen hie him minskeskou makke , hy begûn himsels en syn lyts keppeltsje fee te ferwaarleazgjen . Nei ' t er wer opknapt wie , soarge syn famylje der foar dat er in plakje krige yn it Sint Theresiahûs yn Blauhûs . Dêr hat er wenne oant syn dea yn 1963 . De earste fersen fan Gerben Rypma ferskynden yn de tydskriften Slucht en Rjucht en Forjit my net , yn it begjin fan de tweintichste ieu . Ek syn jongere broer Jehannes ( 1880 - 1948 ) , folks - skriuwer en yn 1917 mei - oprjochter fan it Roomsk Frysk Boun , publisearre yn dy blêden . Neffens Jan Tjittes Piebenga yn syn ynlieding by Rypma ' s debútbondel , Reidsang : samm ' le gedichten ( 1951 ) , wie ' t it syn mem dy ' t him de wrâld fan de ferbylding ynlaat hie . Hy skreau : ' Ut har mûle fette er foar it earst ' de klanken fan ' t Frysk swietlûdich widzeliet ' . Bleau Jehannes altyd folksdichter , yn Gerben ' siet mear ' . Gerben Rypma hie as dichter gjin pretinsjes , in soad fan syn wurk kin as folksaardich omskreaun wurde . Foaral de fersen , en inkelde stikken proaza , dy ' t er nei Slucht en Rjucht stjoerde , kinne dêrta rekkene wurde . Yn 1921 stiene syn lêste stikken yn dat blêd , dêrnei publisearre er syn fersen yn de tydskriften Fryslân , For Roomsk Fryslân en It Heitelân . Dat hat er dien oant it lêst fan de jierren tritich ta , dêrnei hat er him alhiel oan it skilderjen wijd . Wie syn dichterlike wurk yn it begjin foaral anekdoatysk en moralisearjend , al gau liet er sjen dat er him dwaande hâlde mei de technyk fan it dichtsjen . Dat is benammen te merkbiten oan syn natoerpoëzij . Yn syn bylage by de twadde útjefte fan , Ik haw myn dreamen hân en fragen ( 1994 ) , skreau Teije Brattinga : ' Rypma is dichter as er de natoer besjongt en ferslach docht fan syn persoanlike striid ' . Yn dyselde ynlieding skriuwt Brattinga dat Jongfries Douwe Kalma him yn syn tiid net dúdlik útlitten hat oer de literêre kwaliteiten fan Rypma ; yn Frisia ( 1919 ) seit er dat Rypma syn fersen faak in eigen lûd hawwe , mar dat er noch sykjende is . Piebenga en Brattinga binne beide fan betinken dat it wurk fan Rypma net altyd likegoed op wearde hifke is en dat it inkelde juwieltsjes befettet . De tematyk fan it wurk fan Rypma is beheind : yn syn fersen projektearret er de greate wrâld , it universum yn de kriten om de Brekken hinne . De wrakseling tusken goed en kwea , de moeting tusken God en minske , de gong fan de seizoenen en de op - en delgong fan sinne , moanne en stjerren , it raant gear mei de iensume striid fan de dichter yn syn klinte yn de ferlitten oarde tusken lân en wetter . Rypma hat by syn libben allinne de útjefte fan syn earste bondel , Reidsang : samm ' le gedichten , meimakke . De twadde , Ik haw myn dreamen hân en fragen , ferskynde yn 1965 , twa jier nei syn ferstjerren yn 1963 . De werútjefte fan dy bondel kaam yn 1994 út by de Koperative Utjowerij . Gerben Rypma is op lettere leeftyd mei skilderjen begûn . Hûs - en keunstskilder Jaring Walta ( berne 1887 , heit fan Meinte Walta ) trune him dêrta oan . Doe ' t er fyftich jier wie , krige er les fan Johan Mammen ( 1864 - 1922 ) . Nei alle gedachten hawwe de skilders Bauke van der Sloot ( berne 1908 ) en Ids Wiersma ( 1878 - 1965 ) him ek advisearre . Deselde sfear dy ' t syn fersen hiene , wie ek werom te finen yn syn skilderijen . Realistysk wurk mei in romantyske ûndertoan . Syn ûnderwerpen fûn er yn it lânskip om him hinne : wetter , pleatsen mei fee , en syn lettere spesjalisme Fryske kij en Fryske hynders . Hy skildere ek wol portretten , meastal fan minsken út syn omjouwing of fan bekende persoanen dy ' t er bewûndere , sa as inkelde skriuwers en politisi . Dy skildere er fan foto ' s ôf . Hy hat syn skilderijen nea foar mear as 35 , - ferkocht . In opdracht dêr ' t him in soad jild foar bean waard , joech er werom . Yn 2001 is yn Blauhûs de ' Stifting Gerben Rypma ' oprjochte , dy ' t ta doel hat om de neilittenskip fan de skilder - dichter te bewarjen en syn neitins yn eare te halden . De Stifting hat simmer 2003 in útstalling mei skilderwurk , meast út priveebesit , organisearre yn Blauhûs . Ta gelegenheid fan dy útstalling , iepene troch Berber van der Geest , is der in cd ferskynd ûnder de titel : ' Oan ' e Brek in dei ' . Dichter Tsjêbbe Hettinga draacht op de cd syn gedicht ' Oan ' e brek in dei ' foar , dat er makke hat oer Gerben Rypma . Fierders wurde gedichten fan Rypma , op muzyk set troch Hille Faber , útfierd troch de muzykgroep De Doarmers . Poëzij : 1951 : Reidsang : samm ' le gedichten 1965 : Ik haw myn dreamen hân en fragen ( mei ynlieding fan Jan Tjittes Piebenga ) 1994 : Ik haw myn dreamen hân en fragen , 2e printinge ( mei ynlieding fan Teije Brattinga ) ferskaat : 1970 : Gerben Rypma ( Het Witte Boekhuis ) 2003 : Gerben Rypma tentoanstelling 2003 : akwarellen út neilittenskip fan Meinte Walta
in fertsjintwurdiger fan it bestjoer fan STAF - in sit foar trije jier
fansels ek útsûnderingen ) dêr ' t wy in foarbyld oan nimme kinne . Wy binne altiten op jacht nei mear , better , grutter . Miskien moatte sy in lyts bytsje ús mentaliteit oernimme om sa harren libbensstandert ferheegje te kinnen . De libbensstandert ferheegje betsjut foar my lykwols : bettere skoallen / oplieding , bettere sûnenssoarch , bettere húsfêsting , mar net ûntefreden wêze . Dêrom sil ik der takom jier graach wer hinne om dêr oan te wurkjen . Mar net allinnich yn Kaoma , ek hjir stek ik in protte tiid yn " ús " stifting om ek yn de takomst noch wurkje te kinnen oan in minskweardich bestean foar de minsken yn Kaoma of wêr dan ek op de wrâld .
It is de skuld fan de gemeente en behearder Oosterpoort dat teater Dok18 no ticht is . Dat seit útbater Peter Roemers . In konflikt oer it beteljen fan de enerzjyrekken hat der foar soarge dat Roemers fan de rjochter net mear as útbater fierder mei . Hjirtroch giet it optreden Tribute to the Cats net troch . De webside fan Dok 18 is út de loft en ek de tillefoan wurdt net mear opnaam . Roemers hat 25 . 000 euro hier ynhâlden omdat er net opdraaie wol foar de enerzjyrekken . De eigner fan it Colosseum woe freedtemoarn net reagearje . Foar de kulturele kommisje fan Dongeradiel wurde de problemen grut troch it sluten fan Dok 18 , want har foarstellings steane no faai .
Foar de oanlis fan diken kaam Willem Loré mei een revolusjonêr ûntwerp . Troch de diken breder te meitsjen , en fral troch se in flauwere falling te jaan , koene de diken wol in heale meter leger bliuwe as besteande diken wylst sy dochs sterker wiene . Boppedat koe it pealwurk , dat oan de bûtekant fan de besteande diken pleatst waard , ferfalle . Dêrtroch wiene de nije diken in stik goedkeaper yn oanlis en ûnderhâld . Willem Loré hie it opsicht oer de ynpoldering fan de Nije Bildtpolder yn 1715 , de ôfsluting fan it Dokkumer Djip yn 1729 en de oanlis fan de Koudumer Slieperdyk yn 1732 en de Surger Slieperdyk yn 1733 .
タグ : waar ' Piet Paulusma ' sinne zon sun buien tonger onweer weer weather waarberjocht weerbericht
Boer en de bisten binne fertrietlik . Juster is hast de hiele pleats leechhelle . As der in frachtauto mei " slagerij van Kampen " it hiem opriden komt , is der efkes panyk . Soene Ein , baarch , hynder , ezel en Kekke ophelle wurde ? Dat moat net ! Se ferskûlje har ûnder in kleed en de slachter trapet der yn . . . As de kust wer feilich is en de bisten ûnder it kleed weikomme , hat Kekke in idee : se begjinne in sirkus ! Sirkus Kekke !
7 oktober 2010 Oant 24 oktober mini - eksposysje Frederike van Uildriks en Vitus Bruinsma De útjefte fan it unyke deiboek fan Frederike van Uildriks ( 1854 - 1919 ) is oanlieding foar in fjouwerdielige útstalling oer har libben en wurk yn it Grinzer Universiteitsmuseum , de Universiteitsbibleteek Grins , de Grinzer Argiven en it Histoarysk Sintrum Ljouwert . Yn it HSL sil yngongen wurde op har frije leafdesrelaasje mei dr . Vitus Bruinsma dy ' t út ein sette yn ' e perioade dat Bruinsma yn Ljouwert natoerkundelearaar wie oan it Steedlik Gymnasium en sintraal figuer yn ' e Fryske Folkspartij . Yn har deiboek skriuwt hja oer har leafde foar en it bûten it houlik byinoar wenjen mei Bruinsma . Mear . . .
De Kast - Alle Tiid ( Live ) Posted by : LieuweLwd De Kast : Alle Tiid . Related : de , kast , syb , van , der , ploeg , alle , tiid
AUKE SJOERDS , fan Koartehimmen hat syn famke fan in jier of
Imported Friesian Stallion , Twan Fan Boalsert , exhibits willingness , intelligence and elegance during his third training session with handler , Joe . From Around The World Stallion Ranch Exotic Stallions . Contact Dave at 435 - 701 - 0177 for breeding and sales information . Twan has direct champion . . .
De kalinder dy ' t op it stuit jildt foar it grutste part fan de wrâld , is de Gregoriaanske kalinder . Dit is in oanpassing fan de Juliaanske kalinder , dy ' t op himsels wer de oanpassing wie fan noch âldere kalinders . Troch dit komôf is der in tal fan útsûnderings yn de kalinder , en dêrom hawwe der yn de rin fan de tiid ferskate útstellen wêst foar it ienfâldiger meitsjen fan de kalinder , mar yn ús komplekse maatskippij blykt dit hast ûnmooglik te wêzen .
AUK MENSES , fan Aldegea is ûntslein . Hja hiene har biskuldige
De Great Haersma Skoalle yn Aldegea docht as iennige skoalle yn Fryslân mei oan in lanlik technyktoernoai . Fjouwer learlingen bouwe in hyskraan fan reidsjes , en dat bart yn it djipste geheim . Hea ! mei it fan de bern wol filmje , mar net trochfertelle .
De man út Beetstersweach dy ' t ferline jier tsientallen ringslangen deamakke hat , hat fan ' e rjochter in boete ûnder betingst fan 2000 euro krige . Oan it wurk yn ' e tún trof er 87 eksimplaren fan de beskerme bistesoart oan . Yn panyk sloech de man de slangen dea of smiet se yn it Alddjip . De Wurkgr . . .
By transendinte kommunikaasje giet de sjamaan yn trâns , al of net mei help fan hallusinogene middels , dat ien of mear geasten besit nimme kinne fan syn of har lichem en op dy manear streekrjocht mei de minsken kommunisearje kinne . Dizze foarm is fral bekend wurden troch syn foarkommen by in grut tal Sibearyske en Noardsineeske folken . By de Eskimo ' s ûnderhâldt de sjamaan , de angakuk , de bannen mei de geastewrâld fia in geast fan in ferstoarne , in toornok , dêr ' t er in goede relaasje mei hat .
Op ' e side wurdt û . o . oanjûn yn hokker lannen en op watfoar dagen der sproeid wurde sil . Sjoch nei de loft en ferlykje it mei de data op Owsweather . com
Klik hjir foar in oersjoch fan aktiviteiten yn it ramt fan de wike fan ' e klassiken .
Dat is in radio - útstjoerder yn de Hoeksche Waard . Annemieke Steenbergen presintearret dit radioprogramma tegearre mei Carlo Voordendag op sneintejûn tusken 22 . 00 en 24 . 00 oere . De ( goeie ! ) muzyk tuskentroch wurdt fersoarge troch Martin Seepers . Kinst oan de foarlêzers heare wa ' t sels in protte poëzy lêst . Dat lêzen fan alderhande poëzy is nammentlik net iens sa maklik . It moaiste soe wêze as de foarlêzers de fersen tefoaren bestudearren om efkes te oefenjen , mar der wurde ek in soad fersen spontaan ynstjoerd , en dan kin dat net . It is ek mooglik dat de skriuwer sels syn poëzy foarlêst of foardraacht . Dêr is rom gelegenheid foar . De programmamakkers wolle tefoaren wol belje en it opnimme as it moat , mar it mei ek yn de útstjoering sels . Dan is der faak ek efkes in praatsje mei de dichter en dat is wol sa ynteressant , want dan kin er , as er dat wol , syn fers taljochtsje of wat fan de eftergrûn fertelle . Dat kin hiel nijsgjirrich wêze . It is net sein , trouwens , dat elke dichter syn eigen fersen like goed foarlêst . Der binne guont dy ' t dat better oan oaren oerlitte kinne . Mar de measten dogge it graach sels .
Tags : doarp dorp weststellingwerf Aldeholtpea doch it foar dyn doarp live
' Dat is it plak dêr ' t it altyd foar ' t gripen leit . As se komme , sil ik it earst wêze moatte . '
Het zijn overigens niet alleen spannende verhalen die verteld worden , want de oude volksverhalen gaan ook over de zwakheden van de mens , over de domheid , de afgunst en de liefde , kortom : over het leven zelf . Vrolijke pastoors - en domineesverhalen worden afgewisseld met verhalen over domme boeren en slimme schippers , of omgekeerd . En ook de natuur komt aan bod . Wijnstra vertelt verhalen over de hond , over vogels en vissen , over de eik en het riet , over natuurlijke en bovennatuurlijke zaken . Het is een luchtig programma met veel variatie .
Leave Follower Ik ga altiid met plezier naar de " Lage Hoeve " Warm en gezellig : - )
It wolfarrende Ljouwert moast wol beskerme wurde tsjin fijannen . Dêrom waard om de stêd in grêft groeven waard der in wâl opsmiten . Dizze ferdigeningswurken binne letter , doe ' t se oerstallich waarden ôfbrutsen of ta plantsoen makke . De grêften yn de binnenstêd binne op dy fan de Nijstêd , Foarstreek , De Tunen , de Weaze en it noardlike diel fan it Schavernek nei allegear dimpt . De grêften dy ' t dimpt binne betreffe û . o . dy fan Iewâl , Twibaksmerk , Nijebuorren , Grutte Tsjerkestrjitte , en De Alde Hearegracht ( saailân ) . Yn de 19e ieu ûntstienen de earste wiken bûten de stedsgrêft .
De Sionsberch is it sikehûs fan Dokkum . It is mei 138 bêden it lytste sikehûs fan Nederlân . Nettsjinsteande dat jout it sikehûs wol in folslein soarchoanbod foar de hiele noardeastlike regio fan de provinsje Fryslân .
Les Vidéos Clips de cette page sont protégées par leurs Auteurs et Youtube
' Mensen , weten jullie eigenlijk wel dat jullie in een prachtige omgeving wonen ? Wij waren hier twintig jaar geleden ook , en we waren eigenlijk een beetje bang om hier weer terug te komen ; zou alles nog wel zo mooi zijn als in onze herinnering ? Maar het is nog steeds even prachtig hier . '
Wylst dan noait de fraach spilet weryn ' t de Fryske kultuer no krekt noch unyk is tsjinoer de Noard - Nederlândske kultuer , of de Noardseekust - kultuer , of neam de kultuer fierder mar op .
De namme waard yn 1931 oannomd . De blêden dêr ' t mei kolporteard wurdt hjitte De Wachttoer en Ontwaakt . Tatreding giet middels it ônderdompeljen . Se komme in pear kear wyks by elkoar foar bibel - en Wachttoerstúdzje . Fierders is der in soad evangelisaasje .
Yn juny 2007 wienen der inkele Braziljaanske wittenskippers dy ' t seiden dat de boarne fan de Amazone yn it suden fan Peru leit en net yn it noarden fan Peru , wêrtroch de Amazone in lingte moat hawwe fan 6800 km [ 1 ] . As dizze bewearing troch it meastepart fan de gesachhawwende ynstansjes oernommen wurdt sil de Amazone de langste rivier fan wrâld wêze .
As it eksperimint op folle toeren draait , botse hûnderten miljoenen dieltsjes mei hast de faasje fan it ljocht opinoar . Dêrmei wurdt de tastân fan direkt nei de oerknal neidien . Sa moatte wittenskippers wat mear te witten komme oer it ûntstean fan it hielal en de boustiennen fan it universum . Guon lju binne bang foar de ein fan de wrâld as it eksperimint syn doel berikt . De dieltsjesoanjager makke fjirtsjin moanne lyn in falske start . It eksperimint moast al nei in pear dagen staakt wurde . De bou duorre tolve jier en koste 4 miljard euro . Sântûzen wittenskippers hawwe der oan meiwurke .
De pjutten wurde brocht en de âlden kinne eventueel in praatsje meitsje mei de liedsters .
De ôfrûne wike binne der mear minsken mei grypklachten nei de húsdokter gien en der binne ek mear minsken as de wyks dêrfoar yn it sikehûs opnommen . Achtentritich minsken , twa kear safolle as ferline wike , moasten op de intensive care ôfdieling behannele wurde . Der blykte ek wer immen resistint te wêzen tsjin de firusremmer Tamiflu .
Boargemaster Brok ferlit Snits en giet Dordrecht as boargemaster . De enteried dêr hat him foardroegen . Brok fuort , omdat syn gemeente op 1 jannewaris ferdwynt . Hy wol gjin boargemaster fan ije fúzjegemeente wurde . Arno Brok is e en tein yn de omkriten fan Dordrecht . . . . More
It wie in lange tocht troch de nacht tusken Europa en Azië . Se makken in tuskenstop op in fleanfjild yn Roemenië . Dêr moasten se efkes wachtsje om ' t der problemen wiene mei in Amerikaansk fleantúch . Blykber wiene der finzenen yn opstân kommen dy ' t mienden dat se ûnterjochte fêstnommen wiene . Se koene har lykwols better op it ivige biedwurd " in God we trust " ferlitte as op de Geneefske Konvinsje , dat ommers mar minskewurk wie en ferblikte neffens de Gloarje en Rjochtfeardichheid fan de Iene , de Goede , dy ' t de minsken al safolle goeds brocht hie . Efkes letter hie it bruorrefolk oarekant de oseaan de oarder wer hersteld , nei ' t it skynde , want har fleantúch krige permisje om nei de startbaan te gean .
De takomst fan ferskate swimbaden yn Fryslân stiet faai . De Frosk yn De Westereen bliuwt iepen en ek it bad yn Frjentsjer is rêden . Menaam en Hallum moatte mooglik ticht . It Nationaal Platform Zwembaden hat dêr grutte soarch oer . De sluting hat faak te krijen mei jildkrapte fan gemeenten . Swimbad . . .
mei de Anbo oer in oplossing foar dizze groep .
De bân dy ' t de Noardlike Marianen mei de Feriene Steaten hawwe kin fergelike wurde mei dy tusken Porto Riko en de Feriene Steaten . Der is in eigen gûverneur , sûnt 2006 is dat Benigno R . Fitial , en in luitenant - gûverneur . Der is in parlemint mei njoggen senators en fyftsjin ôffurdigen . Saipan , Tinian en Rota leverje elts trije senators . By de ôffurdigen wurde der trettjin troch Saipan levere , en elts ien troch Tinian en Rota . De senators wurde foar fjouwer jier keazen , de ôffeardigen foar twa jier . Boargers fan de eilannen hawwe gjin stimrjocht foar by de presidintsferkiezings fan de Feriene Steaten , alhoewol ' t se al offisjele boargers fan it lân binne . Se wurde yn de Feriene Steaten represintearre troch in waarnimmer .
No hawwe wy earst genôch ludike aksjes útfierd . De bal leit by de gemeente . Sille se dêr harkje nei harren ynwenners , of hâlde se it by ' regels binne regels ' ? Wy gean der fan út dat regels allinne makke en tapast wurde moatte dêr ' t se nedich binne . Sa is it mei lytse bern ek ; al wat moai boartet , stil boartsje litte . Of giet de toverlantearne sa stadichoan út ?
Tsjek TV is it nije programma foar de boppebou fan de basisskoallen . It programma wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma . Alle wiken praat Raynaud bern fan de boppebou fan de Fryske basisskoallen by . Edukatyf mei nijtsjes út Fryslân en in protte oer de eigen ( natuerlike ) omjouwing .
De ksylofoan wurdt ek yn in tal klassike stikken brûkt , lykas de Sabeldûns fan Chatsjatoerjan , Danse macabre en Carnival des Animeaux fan Camille Saint - Saëns . Yn in symfony wurdt de ksylofoan foar it earst brûkt yn Gustav Mahler ' s Symfony Nr . 6 .
59 . Vigilius 537 - 555 Fijân fan Silverius / Konsily fan Constantinopel II
It seit wat oer de beheiningen fan ' e frysistyk dat it filosofise tinken fan Obe Postma noch hieltyd net systematys yn kaart brocht , lit stean yn in synteze presintearre is . Oan no ta is twa kear serieus war dien om ljocht falle te litten op syn faak ' tsjustere ' tinken , it earst yn ' e twa opstellen fan Fan der Mear en letter yn ' e ynaugurele rede fan Breuker . 2 Yn dit lêste opstel yn ' e rige ' Eros yn ' e greide ' wol ik in oar ljocht skine litte , mei yn ' e achterholle it idee dat it ' definitive ' ûndersyk nei de yntellektuele skiednis fan Postma syn poëzij in folle grutter wurk is , dat faaks allinnich ta in goed ein brocht wurde kin yn in gearwurkingsprojekt fan literatuer - en filosofywittenskippers . Myn earste útstel is om basiseleminten fan Postma syn filosofy te herlieden , net ta Plato mar ta Aristoteles , en ta de foarm dy ' t Aristoteles syn tinken krigen hat by de Midsieuse , islamitise natuerkundige , arts en filosoof Ab al - Waid Muhammad Ibn Ahmed Ibn Rushd ( 1126 - 1198 ) , yn Europa bekend as Averroës . Pier Boorsma wiisde my op in sa ' t it like wichtige oerienkomst tusken Postma en Averroës . Fan dy oanwizing is dit opstel úteinlik de frucht wurden . Ek wiis ik op de needsaak om mear omtinken te jaan oan it wurk fan Postma syn freon Tsjitse de Boer , de arabist en heechlearaar filosofy yn Amsterdam . 3 De Boer hat him yngeand mei de Arabise filosofen fan de Midsieuwen dwaande holden . De hypoteze dy ' t faak op it aljemint brocht is dat Postma benammen ynspirearre west hat troch it psychys monisme fan de Grinzer psycholooch en filosoof Gerardus Heymans kin yn myn eagen net sûnder mear stân hâlde . Uteinlik komt Postma syn filosofy hjir nei foarren as in twaslachtich kompromis tusken de religieuze en rasjonalistise tradysjes fan tinken , sa ' t dy ein njoggentjinde ieu opinoar botsten . Wa ' t Postma sjen wol as in religieus dichter , kin in protte fan syn gading fine . Mar wa ' t dêr tsjinoan skytskoarret , hoecht net samar belies te jaan . Ivichheidsfraach en Al - siel Foar ' t ik besykje sil om it filosofise tinken fan Postma yn ' e skiednis fan ' e filosofy te pleatsen , is it saak en kom op basis fan de fersen sels ta in ynventarisaasje fan skaaimerken . Dat is in oare wurkwize as dy ' t Breuker tapast yn syn rede . It liket dat dy Postma syn tinken benammen rekonstruearre hat út wat de dichter lêzen hat . Mar de boarnen binne op it foarste plak de fersen , en dan pas komt de sekundêre literatuer . By Postma stiet de ivichheidsfraach sintraal : hoe kin it besteande , of dat wat bestien hat , bestean bliuwe ? It hjoed en it ferline , alles wat west hat , it kin net alhiel stjerre , seit Postma . De werskyn bliuwt troch alle tiden hinne . Op oare plakken liket de dichter in nuansearring oan te bringen , en beheint er it ivige bestean ta it ' wêzen ' fan ' e dingen . Dat stiet fêst yn neitiids rêst , bûten tiid en stee . It plak dêr ' t it allegear bewarre bliuwt , is de Al - siel , dy ' t twa foarmen oannimme kin . Oan ' e iene kant is it de ivige see , dêr ' t alles wat libbet hinne streamt , mar ek is it de weagjende siel , dy ' t him útjout yn romte en tiid . Letter brûkt Postma foar de Al - siel yn dizze betsjuttingen ek wol de wurden Al - ûnthâld en Al - geast . Yn ' e yndividuele siel , dy ' t yn kontakt stiet mei de Al - siel , kin dat wat net mear bestiet rize as in ' ljocht - omstriele byld ' boppe ierds fergean . 4 Neist it platoanys oandwaande Al - siel en Wrâld - siel komme ek wurden as Al - begryp en Al - ûnthâld foar , dy ' t earder in aristotelise achtergrûn hawwe , en noch in oare groep termen bestiet út Geast en Al - Geast , dy ' t oan de Dútse idealistise filosoof Georg Wilhelm Friedrich Hegel tinken dogge ( al komt de geast by Aristoteles ek foar , as in part fan ' e siel ) . Wat opfalt is dat Postma dizze begripen trochinoar hinne brûkt , wat Breuker ta de opmerking bringt dat sokke wurden foar Postma in ' denkbeeldig karakter ' hienen . 5 In oardiel mei grutte konsekwinsjes , want ferwiist er dêrmei winliken net de hiele filosofy nei de ôffalbak ? Wat is in filosofys tinken noch dat allinnich in literêre konstruksje is ? In radikaal psychys - monistise ynterpretaasje is by Fan der Mear te finen . Dy wol hawwe dat neffens Postma it universum folslein fergeastlike is en dat wat wy realiteit neame , yn werklikheid allinnich in aspekt is fan ' e Al - Geast of Al - Siel . Dat idee treffe wy yn syn radikale foarm oan by de Grinzer psycholooch en filosoof Gerardus Heymans . De minske Postma is yn dy opfetting oars net as ien koarte tins yn it tinken fan de Al - Geast . Fan der Mear syn ynterpretaasje is feitlik in systematise útwurking fan in koarte notysje fan Fokke Sierksma , de earste dy ' t Postma syn poëzij monistys yn ' e tradysje fan Heymans neamde . 6 Kontakt mei de Al - Siel Kontakt mei it ' Hegere ' hat Postma benammen yn ' e natuer , dy ' t faak yn in gouden ljocht ferskynt . It tilt op fan fersen dêr ' t de dichter him part fielt fan it ' Al ' as er bûten is . Yn ' e earste bondel wurde ierde en himel ( ljocht ) beskreaun as goaden , op in wize dy ' t besibbe is oan de klassike fruchtberheidsmyten út de Romeinse en Grykse kultueren . Ek dit flokt mei it ' denkbeeldige ' fan syn filosofy dat Breuker suggerearret . De grûnslach fan Postma syn metafysise tinken binne ommers tige reëele , sintúchlike ûnderfiningen . Oan ' e oare kant kin it hegere ek oproppen of berikt wurde mei it ' grutte sjen ' , dat wol sizze yn ' e ferbylding . ( Dat is wat oars as sizze dat syn filosofy sels in kwestje fan literêre fantasij is . ) Yn ' e sang , sa skriuwt er , kin dat wat ferstoar út ' e skimewrâld ta ierds wêzen kliuwe . De dichter kin oproppe wat al lang foarby is , en dat wer yn in teare glâns ferskine litte . Dêrom kin er sizze : alles ' kaam gear yn my ' . Fan alles komt op him ta en wurdt yn him behâlden , om ' t it troch him betocht wurdt . It soe sels sa wêze kinne dat er it wrâldbestel op dy wize noch wat yn it ûnthâld bringt . 7 Fan 1912 ôf jout Postma yn syn fersen hieltyd mear omtinken oan de histoarje fan Noard - West Fryslân , en dan komt it tige konkreet ferbylde histoarys bewustwêzen fan syn al - tinken nei foarren . Syn metafoaren foar it kontakt mei it hegere binne it foar eagen bringen , it sjen fan byld en skyn , mar ek it oproppen en it sjonge litten yn ' e siele . Dat sjen en oproppen giet net samar ; allinnich mei fromme oerjefte kin it slagje . It grutste eagenblik foar Postma komt as er him - of troch waarnimming , of troch ferbylding - ien fiele kin mei al it besteande en alles dat west hat : mei de Al - siel . Ik kom fierderop op ' e tekst oer de aristotelise woartels fan dy twa foarmen fan bewustwurden . Gjin persoanlike ûnstjerlikheid De fersen jouwe gjin reden te tinken dat Postma yn persoanlike ûnstjerlikheid leaude . As er neiteam hat , sil in minske mear libje as hjoed , skriuwt er . Mar fierder sil er , as er út dizze kriten kliuwt , allinnich as byld noch bestean bliuwe , en it hielal ta wente ha : it iennichste plak dêr ' t syn wêzen bûten de tiid strieljend libje kin . 8 De siel is nei de dea in ljocht wêzen , dat de eter yn giet , foarby de stjerren . Dat byld spegelet troch de eter hinne en wurdt heind yn it al - omfiemjend each . De minske op ierde kin der wat fan sjen , as er himsels sjocht : hy is ommers part fan it ' Al ' , in ' lichte flikkertins yn it Al - bilibjen ' . It is net sa dat de sielen fan de ferstoarnen mei de eagen oanskôge wurde kinne , it is mear sa dat dy stalten fan it Al - betinken yn ien byldberik gearbrocht en omfieme wurde . 9 Fan der Mear wiist ek hjir op Heymans , neffens wa ' t elk apart bewustwêzen nei de dea as oantinken fuortlibje kin yn in omfiemjend bewustwêzen . 10 Breuker slút him dêr by oan : ' Het psychisch monisme is meer dan Heymans , maar min of meer specifiek voor Heymans is de gedachte van een al - of wereldbewustzijn , waarvan de mens een voorstelling is en waarin hij na zijn dood als herinneringscomplex blijft voortbestaan ( . . . ) . Die gedachten heeft Postma overgenomen . ' 11 Fan der Mear sjocht noch wol in ferskil mei Heymans , as er wiist op it feit dat foar Postma nei de dea tiid en romte weifalle , wylst Heymans leaut yn in ivich trochgeande ûntjouwing fan ' e wrâld , wat betsjutte soe dat de faktor tiid dêrby net útskeakele wurdt . 12 God ? Hoewol ' t er God in stikmannich kearen neamt yn syn fersen , sjongt Postma net fan God en de hege himel . De godheit mei Jo of Do te beneamen , dêrta is er net bekwaam . Ek skriuwt er dat er net mear bidde kin , en dat er heiden is . Of dat er net wit oft er it ' Al ' wol mei de namme ' God ' oantsjutte sil . Fierder hâldt er him net dwaande mei paradys of hel en erkent er de sûnde net . 13 Morele fraachstikken , fragen oer goed en kwea , sa prominint yn it kristlike leauwe en oare religys , spylje by him gjin rol . Hy is ynteressearre yn ontologise en epistemologise fragen . Durk van der Ploeg hat opmurken dat it kristendom net yn it tinken fan Postma past , ' om ' t it kristendom dualistys is : de tebrutsenens tusken God en minske , himel en ierde , in tebrutsenens troch in skieding fan goed en kwea , lit hokker foarm fan monisme net ta ' . 14 Mannich auteur hat in religieuze konnotaasje sjoen yn it idee fan ' e Al - siel . ' Hwer begjinne by Postma de woartels fan dizze religieuze visy en hoe djip sitte se ? ' frege Douwe Tamminga him ôf . 15 Neffens J . J . van Weringh wie it tinken fan Postma in ' substitút fan syn twifel oan eigen leauwe ' . 16 Foar Jan Piebenga wie Postma ' de meast religieuze Fryske dichter fan dizze ieu ' . 17 It idee dat Postma in religieus dichter is , hat ek Sierksma net loslitte kinnen : ' It koe sa lykje dat Postma gjin God kenne koe of woe . Mar it koe ek ris wêze , dat yn de lear betûfte kristenminsken hjirre tige hoeden har stappen sette moasten . ' 18 Libbensfilosofy In lêste aspekt dat yn dit koarte oersjoch net ûntbrekke mei , is it opdûken yn Postma syn gedichten fan in begryp út ' e ' libbensfilosofy ' , in tinkrjochting dy ' t ûnder aardich wat yntellektuelen om 1900 hinne populêr wie . It is de ' libbensstream ' , dy ' t it earst foarkomt yn it fers ' Snein - te - middei ' út 1922 en it lêst yn ' Doe ' t ik in lêste dicht oangean woe ' út 1941 . Libbensstream stiet foar de gong fan it besiele libben , sa ' t it him ûntjout tusken berne wurden en ferstjerren yn . It is in stream fan de Al - siel dy ' t droegen wurdt troch de ierde en de natuer , en dy ' t by Postma ek wol nei de see fan it Al - ûnthâld rint . Ek de libbensstream fan foarbye ieuwen kin de dichter wat fan sjen . In begryp by Postma as it houlik tusken himel en ierde , dat ek yn ' e libbensfilosofy oantroffen wurdt , hat in klassyk Gryks - Egyptise achtergrûn . De libbensfilosofy wie in romantise reaksje op it rasjonalisme fan ' e njoggentjinde ieuw , in besykjen om de religieuze kanten fan ' e metafysika en de wierheidspretinsjes fan de wrâldreligys yn in synteze te bringen mei de ûntdekkingen fan ' e natuerwittenskippen en de filosofy . Wat dat oanbelanget hat se in sterk eklektys karakter , wêrby ' t ek in grutte graai dien is yn ' e klassike Grykse filosofy . Foar dyjingen dy ' t ein njoggentjinde ieuw konfrontearre waarden mei wat sy seagen as de ' grinzen fan ' e wittenskip ' , koe de libbensfilosofy in boarne fan ynspiraasje wêze . 19 Ien fan ' e skaaimerken fan ' e libbensfilosofy wie de nije wurdearring foar de siele . Dat hat Postma grif oansprutsen . ' Siele ' is by him in kaaiwurd . Yn it fers ' It libben dat fergong ' kinne wy wat bespeure fan hoe ' t de siel yn ' e libbensfilosofy nei foarren komt . De dichter sjocht de deade freonen fan syn jonkheid , of better : har wêzen , har siele : Hja binn ' net boun Oan foarmen fan ien dei ; ' t giet hinn ' en wer Sa as de siel ferweecht : in wikseljend spul . Breuker hat dit sa ynterpretearre as soe mei dat ' wikseljend spul ' de geast fan ' e dichter bedoeld wêze . Postma siket nei de grinzen , seit er : ' It is boartsjen sis mar , boartsjen fan de geast ( . . . ) . ' 20 Op grûn dêrfan fersmyt er de ' statyske ' ynterpretaasje fan Fan der Mear , dat it by Postma ' allegear ' psychys - monisme wêze soe . Hy sjocht dêrby lykwols oer de holle dat yn dit fers it de sielen fan de ferstoarne freonen binne dy ' t ferwege yn in wikseljend spul , net de siele fan ' e dichter . Wat it beweechlike aspekt fan ' e sielen oanbelanget , dy ' t Postma yn dit fers as bylden foar him sjocht , is der in ferbân te herkennen mei it Grykse wurd foar siele , ' aiolos ' , wat ' fluch bewegend , sprankeljend ' betsjut . In oare oarsprong is neffens Jung it Ald - Slavoanise ' sila ' , dat ' krêft ' betsjut . ' These connections throw light on the original meaning of the word soul : it is moving force , that is , life - force , ' skriuwt Jung . 21 Sa ferskynt de siele ek yn ' e libbensfilosofy . Aristoteles en Averroës Fansels hat Postma syn filosofise tinken net op in systematise wize yn ' e fersen dellein . Dat mei men ek net ferwachtsje fan in dichter . It giet om ferstruide fynplakken , dêr ' t er besiket wat fan syn tinkbylden yn in poëtise foarm sjen te litten , wat de dúdlikheid net altyd te ' n goede kommen is . Ek hat er gjin opstellen skreaun wêryn ' t er yngiet op losse eintsjes . Mar der is materiaal genôch , en der is fierder ek it ien en oar bekend oer Postma syn ynspiraasjeboarnen , om ús oan in analyze en in plakbepaling weagje te kinnen . Postma tsjin de achtergrûn fan ' e filosofyskiednis te pleatsen is gjin ienfâldige kwestje . Monistise filosofyen fine wy sawol by de klassiken as yn ' e Romantyk . Al - siel en besibbe monistise begripen komme foar by , en ik doch mar in greep , guon pre - sokratise filosofen , de Epikureëers , Plato , Aristoteles , Plotinus , de Stoa , Avicenna , Averroës , Giordano Bruno , Spinoza , Fichte , Schelling , Hegel en Heymans . Ek kristlike mystisy as Meister Eckhart en teosofen makken der gebrûk fan . Dit grutte ferskaat betsjut dat it gaadlik is en definiearje in tal foar Postma syn poëzij karakteristike skaaimerken , en sykje op grûn dêrfan fierder nei syn filosofise boarnen . Sels hat Postma it ien en oar sein oer syn boarnen . Fan grutte wearde foar him , sa die er Tamminga te witten , wienen de Grykse filosofyskiednis fan Eduard Zeller , Die Philosophie der Griechen in ihrer geschichtlichen Entwicklung , it boek Aus meinem Leben fan ' e Dútse filosoof Friedrich Paulsen , en it kontakt mei syn freon , de teolooch en arabist Tsjitse de Boer . 22 Sa ' t bliken docht út syn oantekenskriften en brieven hat er ek , fan 1910 oant yn alle gefallen 1914 , stúdzje makke fan it tinken fan Heymans . 23 Lykwols hat er Heymans noait in grutte ynfloed neamd , en yn Paulsen syn boek rekke him benammen de besibbens fan Fryslân mei it East - Fryske heitelân fan ' e auteur . Dêrom leit it foar de hân en konsintrearje ús hjir benammen op de Grykse filosofy en op De Boer . Opfallend yn dit ferbân is dat noch Fan der Mear , noch Breuker besocht hat wat te sizzen oer de mooglike ynfloed fan De Boer op Postma syn poëzij . Dat hjir kânsen lizze foar de kundskip oer Postma syn lyryk sil aansens dúdlik wurde . ' een geschiktheid om ergens op in te werken , evenals het licht ' Foar Postma syn dichtsjen karakteristike skaaimerken dy ' t ik neirinne wol , binne : 1 ) It ljocht dat yn syn measte fersen sa oerfloedich strielet , 2 ) Hoe ' t er yn dit libben kontakt hawwe kin mei de Al - siel , en 3 ) It neibestean nei de dea as byld . Breuker hat it útstel dien en sjoch it ljocht by Postma as it ' goede ljocht ' fan Plato : it ljocht fan de wiere kennis . 24 Oanknopingspunten foar dizze fizy binne bygelyks te finen yn Plato syn Republyk , dêr ' t yn ' e Grotferliking it ljocht fan ' e kennis falt op de Ideeën , de ivige essinsjes fan al it besteande . It probleem mei dy ynterpretaasje is dat dy in stap oerslacht . Yn syn fersen lit Postma it ' hege ljocht ' falle op de dingen - bygelyks yn ' e natuer - dêr ' t syn siele him troch sintúchlike waarnimming ( of foarstelling yn ' e geast , nei oanlieding fan eardere sintúchlike waarnimmingen ) fan bewust wurdt , earder as op de dingen dy ' t de siele , sûnder tuskenbeide kommen fan de sintugen , ken as wierheid . Postma wurket altyd fan ûnderop nei boppen ta : waarnimming , sintúchlike ûnderfining , hegere foarstelling . Dy wize fan ' kennen ' grypt werom op Aristoteles , net op Plato . Foar Aristoteles begjint alle kennis mei de sintúchlike waarnimming en net by de abstrakte Idee . Waarnimming is in kapasiteit dy ' t er yn syn ferneamde ferhanneling De Anima taskriuwt oan de siele . Yn De Anima is it ljocht de metafoar foar it bewustwêzen of - wurden , it ' sjen ' troch de siele fan ' e waarnommen werklikheid . Op syn dúdlikst docht dat bliken út de folgjende passaazje oer it ' aktive ' en it ' passive ' yntellekt fan ' e siele :
Trije Jeropeeske rivieren komme út it suden nei Nederlân , en rinne dêr nei it westen nei de Noardsee : de Ryn , de Maas en de Skelde . Nei alle gedachten is dizze rjochtingsferoaring ta stân kaam troch it iis dat ûnder de lêste iistiid healwei oer Nederlân lei . De Ryn en de Maas hawwe de râne fan it iis bylâns in mienskiplike delta foarme , mei de Waal / Merwede as de haadstream yn it midden . De Isel , in sydearm fan de Ryn dy ' t nei it noarden rint , is mooglik de rin fan de Ryn fan foar de iistiid .
Yn de fan 19 maaie hat Sake vd Meer fragen steld oer mooglike illegale TNT deposts yn ús gemeente
Ewout Stapersma fan de Jister siket in linker keatswant .
In twadde wichtich ûnderdiel wiene de presintaasjes fan de ôffeardige gebieten . Dy bestiene faak út in útiensetting oer it gebiet en syn taal en it sieden fan in miel foar alle dielnimmers . En leau it as net , alle oanwêzigen fûnen ús poerfryske hutspot it lekkerste iten fan it hiele kamp !
Nochris , dêr leit dus neffens my it probleem ! ! Want wy hawwe de Nederlânske identiteit dus prate wy Friezen earst Nederlânsk en dan dat gebrabbel .
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei D . Gorter
O . [ neffens A . Feitsma is O . foar it neist : Obe Postma ] , In Frysk liet , yn : Almanak van den Amsterdamschen Studentenbond voor het jaar 1887 , [ ferskynd ein 1886 ] , 4 - 5 .
Gerhard Casimir Ubaghs - Edward Schillebeeckx - Michael Baius - Albert Descamps - Maurits Sabbe -
Sûnt lange tiid ha ik my net mear mei it oersetten fan Google dwaande hâlden . It frege gewoan tefolle tiid .
Dü blafst roui saten ( do bliuwst rêstich sitten )
De preekstoel is út de 17e ieu en ek steane der yn de tsjerke noch twa hearebanken út de 17e en 18e ieu . Fierders binne der noch âlde grêfstiennen en in grêfkelder út 1639 .
De stasjonsrestauraasje yn Ljouwert is fan freed ôf definityf ticht . Om alve oere tongersdeitemoarn waard it lêste bakje kofje skonken . Der komme hieltyd minder klanten en it gebou is der ek net goed oan ta . Sadwaande hat de NS besletten de saak te sluten . Der komt no in Albert Heijn To Go yn foa . . .
Moin Aliter , kijk toch a . u . b . op de nieuwe siede Auke Busman fan heden , dat is toch onzin ? Groetjes , - - Bernd 19 apr 2010 , 21 . 49 ( CEST )
As jo net wolle dat jo skriuwen ûnferbidlik oanpast en frij ferspraat wurdt , dan is it baas , en set it net op de Wikipedy . Troch jo bydrage fêst te lizzen , jouwe jo oan jo bydrage fêst beskikber te meitsjen ûnder de Creative Commons Attribution / Share - Alike License 3 . 0 en de GFDL . Jo stimme der mei yn dat wergebrûkers jo bydrage oan jo taskriuwe , op syn minst troch in keppeling mei de side dêr ' t jo oan bydrage , of mei it netadres dêrfan . Sjoch de gebrûksbetingsten foar de lytsfeiten Ingelsk . Jo ferklearje ek dat jo jo bydrage sels skreaun as makke hawwe , as dat dy beskikber is ûnder betingsten dy ' t oerienkomme mei de gebrûksbetingsten Ingelsk , en at der lisinsjebetingsten jilde sizze jo ta jo dêr oan te hâlden . Foegje sûnder tastimming gjin wurk ûnder auteursrjocht ta !
By de Selsma ' s beneare myn frijfeintekeamer my soms as in kleastersel . Dan seale ik mei hasten myn hynder , ried yn ' e dauwige jûn de klaaidiken út , fol fan har , yn mysels har wurden herheijend , oant de poartebingel my wer ta de stêd ynrôp .
1 . Hoe fine jim it om op it Dockinga Kolleezje te wurkjen ? Anton : Ik haw it tige nei myn sin . Livius : Wol grappich om ' t der in protte ferskillende minsken binne fan ferskillende pluimaazje . 2 . Wêrom binne jim konsjerzje wurden ? Anton : Om ' t ik it plezierich fyn om mei minsken te wurkjen , fral mei jeugd . Livius : Troch de omgong mei bern . 3 . Wat moatst allegear kinne foar oplieding ( foar konsjerzje ) ? Anton : Der is net echt een oplieding foar . Livius : Hiel folle en fan alles wat . 4 . Wat hawwe jim dien foar ' t jim konsjerzje wurden binne ? Anton : Earst automonteur , doe fangreelmonteur , doe wer automonteur , dêrnei taksysjauffeur en doe konsjerzje . Livius : Earst by de marine , doe yn de bou , by it grienwurk en doe konsjerzje . 5 . Wat binne de foar en neidielen fan it fak ? Anton : 1 . De moaie wurktiden , 2 . Skoallefakânsjes frij , 3 . Der is gjin neidiel . Livius : 1 . It foardiel is datst mei minsken omgean kinst . 2 . It neidiel is dat der ek wolris ferfelende dingen barre . 6 . Wêrom binne Han en Lubbert hjir , kinne jim it sels net ? Anton : Wy meie in protte net en sy binne hjir foar it ûnderhâld . Livius : Jawol , mar wy meie in soad net dwaan . 7 . Wat fûnen jim fan dy skoallerel ? Anton : Ferskriklik en net leuk , dit heart sa net . Livius : It waard fan twa kanten in protte opkloppe , want it gie om niks . 8 . Mei wa fan de leararen soenen jim ferkearing hawwe wolle as jim in famke wienen ? Anton / Livius : Dêr binne wy te slim foar om eat mei in learaar hawwe te wollen . 9 . Wat woenen jim froeger wurde ? Anton : Ynstallateur om ' t dat doe it moaiste wie , want it wie krekt nij . Livius : Wurkje op in seesleper , troch de útdaging fan it farren . 10 . Wat binne jim hobby ' s ? Anton : Sport en dingen sammelje : bier , cd ' s en Suske en Wiskes ( as jim noch in pear lizzen hawwe boppe de 250 meldt it dan eefkes ) en myn pakesizzer is ek in hobby fan my . Livius : Fuotbal , op fakânsje mei de karavan gean en de wrâld ferkenne . Hendrik de Jong en Simon Korporaal
De anty - kwaksalverijferiening neamt it noch slimmer dat de bank jildt jout oan de Homeopaten zonder Grenzen , dy ' t in homeopaty - oplieding yn Kenia finansierje . Homeopaty is sabeare wittenskip dy ' t fleskes wetter ferkeapet mei it boadskip dat se helpe tsjin allegear krupsjes . De feriening wiist derop dat de bank meihelpt oan it bedriigjen fan de sûnens fan in grut tal Kenianen . Yn it dokterstydskrift Medisch Contact waard de aksje fan de Triodos Bank " misdadige hulp " neamd .
Ast poëzy foarlêzen hearst , dan kinst hast de kwaliteit deroan ôf heare . Justerjûn haw ik wer heard nei http : / / www . omroephw . nl / users / cam /
De opset en start fan ' e nije Dairy us yn Ljouwert rint in dûk op . De Aeres p , de eigner fan praktykskoalle PTC + yn sjerk , docht net mear mear oan de Dairy us mei . Dat waard woansdei dúdlik krekt it ûndertekenjen fan de startoerienkomst dit projekt fan 20 miljoen euro yn . . . More
Beste ynkeapen den Ami , allinich ha ik wat by de greate beuker yn de tas sitte litten . Wit net wat se der mei fan plan is , sy kin der yn elts gefal neat mei , haha . Mar t is net te hoopje n dat de minibeuker it yn de handsjes kryget . Ik sil oer in oerke efkes polshichte nimme wan it is hjoed wol BH - roeierswaer ! ! Mar myn SK outfit is hast ree ! ! No noch in greate hutkoffer om te bende yn mei te slepen . Snein earst noch efkes in show wei jawn .
Op freed 24 juny sille Nienke Jet de Vries en Sigrid Kingma om bar in presintaasje fan sa likernôch 20 minuten hâlde oer de ûnderwerpen dêr ' t hja beide in wiidweidich stik oer skreaun ha [ . . . ]
The Kurdish languages or Kurdish dialects , belonging to the Indo - Iranian branch of the . . . Fêrbûn . To Send ( Ferestadan ) ﻥﺩﺎﺘﺳﺮﻓ . Nardin / Şandin [ edit ] A historical List of the Kurdish
Hoewol ' t it Urksk mei it Sallânsk en it Efterhoeksk ta de Geldersk - Oeriselske dialektgroep fan it Nedersaksysk heart , hat it him troch syn geografyske lokaasje op in eilân troch de ieuwen hinne ûntjûn ta in unike taalfoarm , dy ' t nochal wat ôfwykt fan ' e Nedersaksyske dialekten op it fêstelân . Yn it ferline hat dat wol ta ûnienichheid ûnder taalkundigen laat om ' t guon fan miening wienen dat it Urksk in Hollânsk dialekt mei Nedersaksyske ynfloeden wie , wylst oaren leauden dat dat krekt oarsom wie . Ek wienen der taalkundigen dy ' t it Urksk en guon dialekten fan Hollânske fiskersstedsjes byinoar yndielden yn in ôfsûnderlike groep , dy ' t it ' Suderseesk ' neamd waard . Yn ' e jierren tweintich fan ' e tweintichste ieu kaam de taalkundige G . G . Kloeke nei jierren fan taalûndersyk lykwols ta de konklúzje dat it Urksk in Nedersaksysk dialekt wie , dat krekt as it Westfeluwsk in oergongsposysje ynnimt tusken it Nederlânsk en it Nedersaksysk . Yn grutte halen wurdt syn teory noch altyd as stekhâldend beskôge .
De grutte fraach dy ' t dan by my opkomt :
タグ : Watersport skûtsjesilen IFKS Jelle Talsma kampioen Omrop Fryslân simmer De Lemmer Delmer Los Omrop Fryslân Friesland Frysk Fries Omroep Friesland
Mei har famylje en freondinnen sms ' t en t Doutzen Kroes altyd yn it Frysk . Mar odel Doutzen Kroes fan Eastermar docht mear ; sy is it nije gesicht fan de at mar Frysk ' promoasjekampanje foar de ke taal fan de Afûk . Topmodel Doutzen s from Eastermar lends her face to th . . . More
タグ : ' Henk de Jong ' trainer Cambuur ' Harkemase Boys ' fuotbal voetbal futebol ' Pieter Spinder ' soccer ' sc Cambuur '
Om ' t net alle toanen mei de fentilen suver te reitsjen binne is op in soad blaasynstruminten op it tredde , mar gauris ek op it earste , fentyl in trigger oanbrocht wêrmei ' t de buis langer makke wurde kin om de toan suver te krijen . Der binne ek bugels dy ' t in fjirde fentyl hawwe . Dêrtroch wurdt de trigger oerstallich en is it berik yn de lege toanen twa kear in fjirde oktaaf grutter .
In Uganda wenje ferskate etnyske kloften dêr ' t net ien de mearderheid fan de befolking foarmet . De gruttens fan de befolking wurdt skatten op likernôch 32 . 4 miljoen minsken . Unganda beskikt oer in frij jonge befolking dêr ' t de leeftyd trochsneeds op 15 jier leit .
It aksint fan it Westerkertiersk wykt in bytsje ôf fan dy fan de oare Grinslânske dialekten . It Westerkertiersk lûdt as in kombynaasje fan Grinslânsk en in bytsje Stellingwerfsk mei in Frysk aksint . Hjirtroch wurdt it Westerkertiers soms ek wol as apart dialekt sjoen .
Faak komt it foar dat de heechste god te hillich of fierôf is om troch de minsken rjochtstreeks benei kommen te wurden . Sa ' n soarte oergod wurdt yn ' e teology in himelgod neamd . Foar de himelgod is der almeast gjin earetsjinst en hy spilet op it earste gesicht gjin grutte of sels hielendal gjin rol yn it deistich libben fan syn folk . Yn sokke gefallen kin it wol lykje as at er net iens bestiet . De Navajo , út de Amerikaanske steaten Nij Meksiko en Arizona , bygelyks , ergerje harren deroan dat guon antropologen en godstsjinstwittenskippers en oare ûndersikers sizze dat sy gjin heechste god hawwe . Want dat se him gjin namme jouwe om ' t er ûnkenber is , wol noch net sizze dat se net leauwe dat er bestiet . En dat se gjin earetsjinst foar him hâlde , wol noch net sizze dat se him net ferearje ; dat dogge se troch respekt te hawwen foar syn skepping , want yn alle dingen dy ' t er skepen hat , sit in stikje fan syn geast .
It greefskip Hollân wie in greefskip , dêr ' t de grinzen fan likernôch oerienkomme mei de tsjintwurdige provinsjes Noard - en Súd - Hollân sûnder de Súd - Hollânske eilannen mar mei de eilannen Skylge , Flylân , Urk en Skoklân , dy ' t lykwols letter oerhevele binne nei oare provinsjes .
De ferkiezing fan Amsterdam as gaststêd fan de Olympyske Spullen fan 1928 krige by de boargers fan Nederlân in soad positive reaksjes . Dochs wie der ek krityk út de streng leauwige hoek . Dy fûnen de Spullen in " heidensk barren " . [ 3 ] Foar it organisearjen fan de Spullen wie 2 miljoen gûne noadich . De gemeente Amsterdam stie garant foarbereid fjouwer ton en de provinsje Noard - Hollân foar ien ton . Dêrnjonken waard rûze dat de Spullen in heal miljoen opsmite soe oan bydragen fan banken , sponsors en entreejilden . Dat der moast noch ien miljoen bykomme . Dat soe troch de steat bydroegen wurde , mar de konfesjonelen yn de Twadde Keamer wienen it dêr net mei iens . It foarstel dêr ta waard dan ek net oannommen . Om it jild dochs bymekoar te krijen waard in oprop oan it folk dien yn ferskate grutte kranten . Yn twa wike tiid waard sa 1 , 5 miljoen gûne ophelle .
Stêd , televyzje en fabryk binne de trije symboalen fan de moderne , post - agraryske massamienskip dy ' t Riemersma syn romanfiguer út it lead slaan . Yn de massa is er bang syn yndividualiteit te ferliezen , wat foar him op in foarm fan kastraasje delkomme soe . Syn kollega ' s binne de kastrearden , de ûnfruchtberen . Se kinne net mear neitinke , se wolle in televyzje keapje of se hawwe al ien , lykas doarpsgenoat Sake . Machtskonsintraasjes , dy ' t har oeral yn iepenbierje kinne , tinkt de haadpersoan him yn as de ' broedbij - god ' , dy ' t elkenien oan him ûndergeskikt makket en foar him wurkje lit nei analogy fan de bijekeninginne . De haadpersoan kin him pas oan de ynfloed fan dy god ûntlûke as er yn in typysk surrealistyske sêne - fannijs in skimersône tusken dream en werklikheid - de ' deamasine ' , dy ' t earst noch fiif froulju opfret , troch it fernielen fan in ' read each ' yn it hûndert jeit en ferneatiget .
De 11de reedriderstocht op ' e Fûgelhoeke by Himmelum hie woansdei in teloarstellend tal dielnimmers . In soad minsken mienden dat de tocht ôflast wie om ' t dy net goedkard wie troch de KNSB . Dat komt omdat de iisklub fan Himmelum gjin lid is fan it bûn . It Frysk reedridersbûn hie de tocht wol goedkard en der wie in fergunning fan de gemeente . Sa ' n 250 minsken hawwe de rûnde fan ' e Fûgelhoeke riden .
Nuver , no ? In frjemde folksfertsjintwurdiger moat dit wêze . Hy wol briefkes dy ' t syn kiezers yn it Frysk of Stellingwerfs stjoere net lêze ( yn it brief fan de Ried waard it Stellingwerfsk ek neamd ) . Frjemde talen dy ' t hjir net yn it foarste plak foar de hân lizze wol hy wol ûnder eagen ha , sels it Grinzers kin om him wol .
De direksje fan in elektroanika - konsern is fan betinken dat der yn ' e personielskosten snien wurde kin . Benammen op ' e wurkflier . It legere kaderpersoniel kin der wol tuskenút en de minsken fan ' e produksje krije mear ferantwurdlikens taskikt . Dit boek is it ferhaal fan fiif manlju dy ' t in produksje - ienheid foarmje . Se kinne goed meiinoar , al is der fansels wolris wat . De reorganisaasjeplannen meitsje de sitewaasje kompleks . De ûnderlinge ferhâldings wurde der net better op en dat hat syn wjerslach thús . Guon minsken wurde tekniesd , oaren fine lykwicht yn har libben . KFFB - nûmer : 426 , ISBN - nûmer : 90 - 74918 - 46 - 8 , Lede - priis : 7 . 00 , Winkelpriis : 14 . 00 Lis mar yn myn winkelweintsje
Stoffel mocht graach fiskje . Op de Poelen by Âldegea ( Wymbr . ) trof hy keunstskilder Hans Madlener . ( De boeierkoning fan Heech . ) Tidens ien fan hun moetings gie it praat oer it reedmeitsjen . Madlener bied oan om in reed - etiket te meitsjen . Ûntank dat Stoffel tekenje koe as de beste wurde it etiket foar de redens makke troch Hans Madlener .
OKK Bitgum - Wikipedy 1925 Johannes Bosma , Aart Kramer en Sake Zijlstra . 1946 Bouke van Loon , Gerrit Rijpstra en Sjoerd Rijpstra . OKK - Bitgum - winners op de Jong - Nederlân - partijen ' . . . De Winners wienen oant no ta : . Jier . Winners Gouden Gripe . 2010 . 2009 . Peter Dijkstra , Nanne van der Schaaf , Sjak Brussaard . 2008 . . . fy . wikipedia . org / wiki / OKK_Bitgum - 31k - 7 - 6 - 2010 Vries Dijkstra Klaas Piet Zijlstra Marten Terpstra yn Bosma OKK Heslinga Johannes Sjoerd Gerrit Bouma winners Kramer van Loon Peter Dijkstra Cor
It komt yn Fryslân hieltyd faker foar dat partners húsgenoaten mishannelje . Ferline jier wiene der 2400 gefallen fan húslik geweld . In soarchlike ûntwikkeling , sa fynt de plysje . Húslik geweld komt yn Fryslan faker foar as geweld op strjitte , sa docht bliken út sifers . Mear as hûndert kear is der in húsferbod oplein , hast twa kear safolle as it jier dêrfoar . By in húsferbod mei de geweldpleger op syn minst tsien dagen net mear thúskomme . Húslik geweld is in spearpunt fan de de Fryske plysje , sa waard ferteld op in parsekonferisje tongersdei . Soargen binne der ek oer agresje tsjin plysjeminsken , ferline jier binne mear as hûndert aginten slachtoffer wurden . De resjerzje hie it yn 2010 sa drok dat guon saken op de planke lizzen bleaun binne . Dat jildt lykwols net foar de oanpak fan organisearre himptylt . Der binne ferline jier 200 kwekerijen oprôle . Dit jier hopet de plysje de grutte hannelers op te pakken . 2011 stiet fierder yn it teken fan besunigings . Sa wurde fakatueres net mear opfold , guon buro ' s geane ticht . Mar blau op strjitte bliuwt .
It rjochtsysteem yn dy tiid ferwettere , elke stam hie syn eigen gewoanterjocht dat safolle mooglik folge waard . De Frankyske foarsten reizgen mei harren hile gefolch fan palts nei palts om de útfiering fan de wetten te kontrolearjen en rjocht te sprekken . Nei de dea fan Karel de Grutte feroare it systeem fan Frankyske greven yn in feodaal systeem .
Yn 1964 waard Willy Brandt foarsitter fan de SPD en twa jier letter minister fan Bûtenlânske Saken yn it koalysjekabinet - Kiezinger . Doe ' t yn 1969 din regearing ta stân kaam fan sosjalisten en liberalen , waard hy bûnskanselier fan Dútslân . Yn dizze funksje sette hy syn al earder yn gong setten polityk fan ta - inoar kommen mei de Eastbloklannen mei krêft fuort . Syn " Ostpolitik " , late ta ferdragen mei Poalen , de Sowjet - Uny en Tsjechoslowakije , in regeling fan de kwestje - Berlyn en in regeling mei de DDR . Yn 1971 waard him de Nobelpriis foar de Frede takend .
Toanielstik fan : A . Hamik Oersetter : B . Westra Seizoen : 2006 / 2007 Twa âldfeinten op in pleats libje har eigen libbentsje : se fiskje wat en litte de buorkerij ferhûneloartsje . Mar se wurde tige neiriden troch harren suster , dy ' t it spul ervje wol foar har dochter . En om no fan dy earnige suster ôf te kommen , nimme se in húshâldster . Dy pakt de saken noch helte hurder oan , mar se kinne gewoan net wer fan har ôf . Dy húshâldster hat in man dy ' t libbet by de graasje fan sûpen en mâltjirgjen - se hat it kear op kear op ' e nij mei him besocht , mar doe wie ' t har oer en hat se har by de twa manlju bestege . En se pakt it fûleinich en hurd oan , sûnder dat de manlju yngripe doare : se ferkeapet earst in stikje sompich lân fan ûnwearde foar in rûge 20 . 000 gûne - se lit geandewei it hiele spul opknappe en de buorkerij útwreidzje en dan nimt se in feint yn ' t wurk , dy ' t ferkearing hat mei in dochter fan dy fûlekaen fan in suster fan ' e bruorren . In ferkearing dêr ' t dy suster poer op tsjin is . Hawar , as de proeftiid fan ' e húshâldster om is , dan wurdt se it dochs noch wer mei har man iens . Mar foardat se ôfset , lit se de twa manlju in hierkontrakt tekenje dat de jongelju op ' e pleats komme en ek noch in testamint dat se letter it spul erve . En by eintsjebeslút giet de suster dêr dochs mar yn mei . In happy end dus . Mear ynformaasje
( 1 ) troude , 20 jier âld , op freed 2 oktober 1846 yn mei . Sy is in dochter fan Hendrik Noppert en Hendrikje Weerts .
Natuerbeskermer Jelle Hofstra is woansdei yn it sintsje set . De Gordykster krige in oarkonde fan de Partij voor de Dieren . Hy is in foarbyld foar oaren om je frijwillich yn te setten foar it behâld fan ferskate bisten . Hofstra ( 69 ) soarget der mei in groep frijwilligers al jierren foar dat by Olt . . .
Mar wat der ek kaam , gjin útnoeging fan de Afûk . Ik haw noch efkes yn ' e kiif stien oft ik S . opbelje soe hoe ' t it dan krekt siet , mar dat liek my dochs wat omslachtich ta . Ik fûn it al frjemd dat hy dêrfoar benadere wie , men soe dochs earder ferwachtsje dat de Afûk sels mei dat soart dingen rêde . Juster die bliken dat de boel aardich yn ' e hommel west wie by de Afûk . Adreslisten wienen ferdwûn of ferâldere , ik siet seker net yn it bestân , ik wit it net krekt , mar it kaam der op del dat guon minsken hielendal gjin berjocht krigen hienen en dat der oaren west wienen dy ' t trije kear deselde útnoeging ûntfongen hienen . Ja , dan hawwe jo de saak net hielendal yn ' e macht tinkt my . ' Mar ' , sa fersekerde my de persoan dy ' t it riedsel my út de doeken die , ' it oare jier krigest fêst in útnoeging ! ' Ja , dat mei ik leauwe . It sil my nij dwaan oft it dan ek wer oer Grins nei Ljouwert moat . . .
Je moatte der fan ite , hè ? As dat fol gif sit , dat kin net goed wêze . Alles wat je ite wurdt dochs diel fan je lichem . Je kinne in produkt wol goedkeap hâlde wolle , mar dan wurdt alles der gemysk oan tafoegd en dat is net bêst . Ik wol soargje dat de grûn frij komt fan gifstoffen en it bodemleven sa folle mooglik fuorre wurdt . De grûn is ien bonk leven . Dat moatte je sûn hâlde .
Dútslân sjit slim tekoart wer it giet om it beskermjen fan de Fryske farianten Sealterfrysk yn Nedersaksen en Noardfrysk yn Sleeswyk - Holstein . Dat skriuwt de Ried fan Europa yn in tige kritysk rapport oer de posysje fan [ . . . ]
207 . Hoe tankber as men de geast fan objektivens ek altyd yn ' e mjitte komme mei - en wa is net alle subjektivens en syn ferflokte ipsissimositeit net alris oant stjerrens ta sêd west ! - by einsluten moat men jin ek foar jins tankberens oer foarsichtichheid yn acht leare te nimmen en berongje de oerdriuwing dy ' t langer de selsleazens en depersonalisaasje fan ' e geast om it samar te sizzen as doel op himsels , as ferlossing en ferhearliking yn ' e hichte stekt : lykas benammen yn ' e pessimistyske skoalle plichtet te barren , dy ' t dan ek goede grûnen hat en jou it " belangeleaze ynsjoch " fan syn kant de heechste eare . De objektive minske , dy ' t net mear flokt en labbet lykas de pessimist , de ideale gelearde , yn wa ' t it wittenskiplike ynstinkt nei tûzen kear hielendal of heal mislearre te wêzen , ienris ta op - en útbloei komt , is moai wis ien fan ' e kostberste stikken wurkark dy ' t der binne : mar hy heart thús yn ' e hân fan ien dy ' t machtiger is . Hy is net mear as in stik wurkark , lit ús sizze : hy is in spegel , - hy is net " himsels ta doel " . De objektive minske is yndie in spegel : by alles wat kend wurde wol is de ûnderwerping him hiem , sûnder oare wille as dy ' t it kennen , it " ôfspegeljen " jout , - hy wachtet oant der wat komt en jout him dan breed en sêft del , dat him lichte fuotstappen en it foarby slûpen fan geasteftige wêzens op syn oerflak en hûd net ûntkomme sille . Wat der yn him noch oan " persoan " oer is , skynt him tafal te wêzen , faak willekeur , noch faker in steurende faktor : sa lyk is er sels in trochpaad en wjerskyn fan fremde stallen en barrens wurden . Hy bringt him " himsels " wer yn it sin , mei lijen , net selden ferkeard ; hy betiist himsels samar , hy fersint him oangeande syn eigen behoeften en is allinne op dat punt ûnsubtyl en sleau . Miskien tamtearret syn sûnens him of de nearzigens en sprútsjelucht fan frou en freon , of it brek oan kollega ' s en selskip , - ja , hy twingt himsels om oer syn tramtaasje nei te tinken : om ' e nocht ! Dêr doarmje syn tinzen al wer ôf , nei it algemienere gefal , en moarn wit er al like min as juster wat him helpe kinne soe . Hy hat de earnst foar himsels ferlern , en de tiid ek : hy is fleurich , net út brek oan problemen mar út brek oan fingers en hânfetten foar syn problemen . It bewende yn ' e mjitte kommen foar alle ding en barren oer , it sintsje fan in bliere gastfrijheid dêr ' t er alles mar mei nimt wat op him ta komt , syn hâlding fan goedgeunstichheid sûnder konsideraasje , fan nuodlike soargeleazens om ja en nee : och , it komt fakernôch foar dat er om dy deugden fan him bestraft wurdt ! - en as minske wurdt er überhaupt mar al te maklik it " caput mortuum " ( deade oanhingsel ) fan dy deugden . Wol men leafde en haat fan him , ik bedoel leafde en haat sa ' t god , frou en bist dy kenne - : dan docht er wat er kin en jout wat er kin . Mar men moat jin net fernuverje as it net folle is , - as er sjen lit dat er dêr krekt ûnecht , breklik , dubieus en môgich is . Syn leafde is forsearre , syn haat keunstmjittich en mear in tour de force , in lytse idelheid en lytse oerdriuwing . Hy is no ienris allinne mar echt as er objektyf wêze mei : allinne yn syn fleurige totalisme is er noch " natuer " en " natuerlik " . Syn spegeljende en ivich himsels glêdstrikende siele wit net mear fan ja te jubeljen , net mear fan nee te sizzen ; hy bekommandearret net ; hy fergriemt ek net . " Je ne méprise presque rien " ( ik kar hast neat ôf ) - seit er mei Leibniz : harkje goed en ûnderskat net dat " presque " ! Hy is ek gjin foarbyld foar de minsken ; hy rint net foarop noch efternei ; hy himt eins út soarte tefolle distânsje fan oaren as dat er grûnen ha soe om tusken goed en kwea partij te kiezen . As men him sa lang foar filosoof holden hat , mei de caesaryske opkweker en twangboal fan ' e kultuer , dan hat men him in fiersten te hege eare jûn en syn essinsje oer de holle sjoen , - hy is in stik ark , in stik slaaf , al is er ek de sublymste slavesoarte , op himsels is er lykwols neat , - " presque rien " ( hast neat ) ! De objektive minske is in stik ark , in kostber stik mjitark en spegelkeunstwurk , maklik te beskeadigjen en te ûntregeljen , dat men ûntsjen en yn eare hâlde moat ; mar hy is gjin doel , gjin útkomst of opkomst , gjin komplemintêre minske dêr ' t al it oare bestean syn rjochtfeardiging yn fynt , gjin einsluten - en noch minder in begjin , in oansetten en earste oarsaak , neat hurds , neat machtichs , neat dat op himsels steld is en hear wêze wol : earder in sêfte , útblaasde , subtile , beweeglike pot mei foarmen dy ' t earst op ien of oare hâld en ynhâld wachtsje moat om himsels syn " stal te jaan " , - ornaris in minske sûnder hâld en ynhâld , in " selsleas " minske . Dus ek neat foar de froulju , tusken twa heakjes . -
Is sa ' n produksjeheffing ek net in moai ynstrumint om yn tiden fan fergrizing de âldedeifoarsjennings op peil te hâlden ? As we bygelyks de AOW net mear betelje soenen út preemjes dy ' t fan de leanen ôfhelle wurde mar út de tafoege wearde fan produkten , is it tebekrinnen fan it tal beskikbere arbeidskrêften neffens my gjin probleem mear . As de produksje troch automatisearring mar yn stân bliuwt , kinne by wize fan sprekken robots it ynkommen foar de âlderein wol fertsjinje .
In syn simpelste foar bestiet in lisinsje út in ferklearring fan de kant fan de lisinsjejouwer dat de lisinsjenimmer de omskreaune aktiviteit útfiere mei . Yn de praktyk wurdt der meastal in oerienkomst sluten , wêryn de lisinsjejouwer en de lisinsjenimmer - soms eksplisyt , soms ymplisyt - betingsten oerienkomme , wêrûnder de lisinsjenimmer de krigen lisinsje eksploitearre mei .
Sintraal stiet de skiednis fan 11 Europeeske foarstenhuzen , keizers en hartoginnen , mar ek steedhâlders en ferneamde maîtresses dy ' t meastentiids foar de ivichheid fêstlein binne yn steatige portretten . Oanlieding ta dit evenemint is om noch ien kear - foardat Paleis Soestdyk in oare bestimming krijt - de tsien froulju dy ' t yn it paleis wwenne hawwe , foar it fuotljocht te heljen . Dizze 10 froulju wurde beskreaun yn it boek fan Thera Coppens De Tien Vrouwen van Soestdijk 90 Foarsten en Foarstinnen sille mei harren 30 man hofhâlding yn in histoaryske trein oankomme fia de Keninklike wachtkeamer yn stasjon Baarn . Mei 50 koetsen sil it selskip nei Paleis Soestdyk ride dêr ' t de tsien froulju fan Soestdyk de oaren wolkom hjitte sil . De tocht troch Baarn giet troch de winkelstrjitte en einiget op de Brink , dêr ' t in grutte presintaasje folge troch de stichting Ald - Oranje en de Stichting Vorstelijk Baarn .
Doe kaam er by . Yndie skuorden se oan syn earms om . Syn riidark en hysels wiene heech boppe de ierde by in satellyt oankommen . De satellyt hie de foarm fan in krús mei in rûne kop derop . Hy koe op de sydkante fan ' e lengte - as fan it krús lêze : HS Godfried . In man , frou of robot yn astronautepak ( wa sil it sizze ) luts him no , steande yn ' e slûs fan ' e satellyt , nei binnen ta . It lûken die yndie sear want Desiderius tôge it kombinearre gewicht fan himsels en syn opmerklik rydark mei want dat siet mei ûnbeneambere bannen oan him fêst , sa ' t in autorider ek leaver in oere yn ' e file stiet as dat er de nâlestring trochfykt dy ' t him ferbynt mei de romte dêr ' t er yn werberne is . Hy waard de satellyt binnenskuord , rekke wer bûten westen want der wie amper soerstof dêre . Efkes letter kaam er by . Hy lei yn in lytse sikeboech . Troch in patryspoart seach er de stjerren , feilich fanút it izeren harnas fan ' e satellyt . Se hiene syn skrammen en oare wûnen ferbûn . Hy hope mar dat er no syn foarriedich einpunt berikt hie , want it hie him allegear stoefernôch west , en sa stadichoan skamme er him net langer foar syn langstme nei hûs . De figuer yn astronautepak kaam deryn rinnen , skynber deselde as dy ' t him binneboard helle hie . Hy sette syn helm ôf . In gesicht fan in mankelike tritiger seach him net ûnfreonlik oan . Hy strekte syn earm út en Desiderius grypte syn hân , in automatysk fredegebaar . De man stelde him foar :
Download XML • Download text