Text view
fry-34
View options
Tags:
Javascript seems to be turned off, or there was a communication error. Turn on Javascript for more display options.
Jo kinne by de neikommende kontaktpersoanen ek telâne foar mear ynformaasje :
6 . It kolleezje hat ús yn de leste riedsfergadering op de hichte brocht fan de kar foar de bredeskoalle lokaasje yn Berltsum . De kar derfoar ha wy lêze kinnen yn it B & W beslút en yn it parseberjocht . Der is al wat opskuor fan buorlju rûn de skoalle . De FNP hat wat noed oer de wize fan it jaan fan ynformaasje oan boargers oer de kar . It moat net sa wêze dat de gemeente blunders makket troch ferkearde , ûnjuste of te minne ynformaasjeferstrekking . Wy wolle it kolleezje graach op dizze saken wize en sjogge mei belangstelling nei it riedsfoarstel út .
In bysà » nder restauraasje - putsje yn it gemeentehà » s fan Dongeradiel : it goudlearbehang fan de kolleezjekeamer krijt in opknapbeurt . Dêrfoar is restaurateur Theo Sturge hielendal út it Ingelske North
A 1 : 18 . 67 SWE Frank Skaret GBR James Muirhead CAN Timothy McIsaac
' It is hast net te hurdzjen , as der mar net ien brutsen is , ' oan de stim te hearren koe er elk momint begjinne te gûlen .
Leif Eriksson ( Aldnoarsk : Leifr Eiríksson ) ( ± 970 - ± 1020 ) wie in Wytsing út Yslân , dy ' t wol jildt as de of in ûntdekker fan Amerika . Hy wie in soan fan Erik de Reade . http : / / fy . wikipedia . org / wiki / Leif_Eriksson
Speak One feat . Tudor ( Fly Project ) & Irene - No . 1 ( by Juan Jorge )
Om 1550 hinne wie de Hollânske feanreserve op . Turf wie in wichtige enerzjyboarne wurden foar partikuliren en yndustry en der waard ûnder oaren sjoen nei ûntginningsmooglikheden yn Fryslân . It ferlet fan it hurd waaksjende Hollân yn de 17e ieu wie lykwols grutter dan ' t Fryslân leverje koe .
In hynstedrama oer twa rivalisearjende hynstefamyljes yn fûle striid om hynders en Fryske grûn . Dat wurdt it tema fan de nije Fryske dramasearje Bit . De rezjy fan de nije searje is lykas by Baas Boppe Baas en Dankert en Dankert yn hannen fan Steven de Jong . Oan de nije searje sille ûnder oare de . . .
Yn de twadde helte fan de tweintichste ieu ûntwikkele de stêd har ta in sintrum foar alternative kultueren . Yn de jierren ' 60 fan de 20e ieu waard it sjoen as de hippyhaadstêd fan de wrâld ; benammen de omkriten Haight - Ashbury stie sintraal yn dizze beweging . Yn dy tiid wie riedslid Harvey Milk ien fan de earsten dy ' t offisjeel der foar út kaam dat er homoseksueel wie . San Fransisko wurdt ek yn distiid noch beskôge as in paradys foar de homoseksuelen fan de Feriene Steaten , omdat men frij tolerant is tsjin oer homo ' s .
Leeuwarder Courant , moandei 8 desimber 2008 . Nei Drylts , Heech en Wâldsein komme ek guon ynwenners fan Twellingea en Toppenhuzen yn aksje tsjin it ferfrysken fan har doarpsnamme . Op it stuit steane de Nederlânske en de Fryske plaknammen noch op de buorden , mar as it oan de gemeente leit ferdwynt de Nederlânske namme .
Yn 1948 waarden noch prikken yn ' t wurk steld om de goede en
It personiel fan boubedriuw Bleeker út Boalsert krijt dien . Dat seit kurator Verdonk . It slagget him net it bedriuw in trochstart meitsje te litten , omdat der gjin keapers binne . Verdonk hat dêrom tiisdei it ûntslach foar it personiel oanfrege . By Bleeker wurken 23 minsken . It bedriuw frege sels it fallisemint oan omdat der te min wurk is .
Fan út it hotel moasten we in pear hûndert meter rinne om op in metrostadion te kommen . Foar ús wie dat ek nei , it ienichste wat wy fan de metro wisten , wie dat jo ûnder de grûn riden . Der moast , foar dat jo ynstappe earst in kaartsje kocht wurde . Dat giet tsjintwurdich ek fan út in kasje oan ' e muorre .
Mar wat folle mear stekt is dat ik troch myn wurkomstannichheden de keatskarjêre ôfbrekke moatten ha . Ik haw ek jierrenlang net op ' e PC west om ' t it my te bot pleage dat ik net mear keatse koe . Ik hie insiminator by de K . I . hiel faak wykeintsjinst . Dan fleach ik moarns noch in hiel soad boeren bydel , waske my by de lêste en reesde dan nei ' t keatsfjild . Ik ha wol hân dan belle ik ûnderweis dat se earst mar oare partoeren keatse litte moasten , om ' t ik it krekt net rêde koe . Op ' t lêst hie dêr skjin myn nocht fan . Mar ik wie noch mar 26 doe ' t ik ophold en hie noait gjin blessueres . Ik koe ' t keatsen eins net misse en hie noch wol tsien jier mei kinnen . Letter koe ' t der wol wat mear ôfstân fan nimme en koe ' t der oan ' e sydline ek wer fan genietsje . Want ek al is ' t bot feroare , it is noch altyd in hiel moai spultsje .
Leeuwarder Courant 17 september 2010 , pag . 14 De grime fan Jabik DWERS
Although , while writing the title of this article , I am not sure if this was really the first Dutch Thunderbird meeting , it sure was for me . After some discussions with Ludovic , who is responsible for Thunderbird ' s QA and lives ( as a Frenchmen ) in The Netherlands , we finally arranged a small gathering in Utrecht . We ended up with the five of us . Tim Maks as the lead of the Dutch localization , Adri who is the upmost active moderator of the best Dutch Mozilla forum MozBrowser . nl , of course Ludovic , Onno Ekker being active as bugsolver and add - on creator ( Forward ) and me being responsible for the Frisian localization . Of course we all " know " each other online , it is always nice to talk face to face to each other and most conversations aren ' t as short as they are mostly online . There ' s more time for discussing ideas , brainstorming and of course drinking a beer with fellow Mozillians . We want to continue this kind of gatherings , maybe taking this to a broader audience by doing it for all Mozilla - products or together with a Mozilla event . Let ' s see what comes out . Tafoegje oan Delicious
TRYNTJE HEERES , yn De Knipe is 17 jier . Hja hat jild stellen fan Foppe Tiedes to Nijehaskerskâns , ensfh . Strang gisele en op wetter en brea fan 16 oan t 24 oktober en nochris fan 1 novimber er oan ' t 9 novimber . ( 390 - 9 - 10 - 1800 ) Wer fortocht fan stellen , mar wurdt ûntslein . ( 393 - 23 - 1 - 1801 ) op 2 - 3 - 1801 doe t hja by Roeltje Luitjes to Drachten húswarre , dy bistellen . Kriget 1 jier tichthús . ( 395 - 19 - 5 - 1801 )
Harry Potter and the Goblet of Fire is in Ingelsk boek skreaun troch J . K . Rowling . It is it fjirde part fan de sânrige oer Harry Potter . It boek beskriuwt it fjirde jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders .
124 . Wa ' t op ' e bransteapel noch jubelet , triomfearret net oer de pine , mar oer dat er gjin pine fielt dêr ' t er dy ferwachte . In gelikenis .
Kûbaard komt dizze wike yn aksje foar Doch it foar . . . Posted by : OmropFryslan Kûbaard komt dizze wike yn aksje foar Doch it foar dyn Doarp . It doarpke út Littenseradiel is fan alle 13 dielnimmende doarpen it lytste , mar de ynwenners rinne massaal waarm foar Doch it foar dyn Doarp . De útstjoerings wurde makke op it sportfjild , mei de markante tsjerke fan Kûbaard as anker yn it dekôr . Related : doarp , live , kûbaard , doch it foar dyn doarp
Mei de namme WijStoppenOok is in inisjatyf starten om gjin kostbere ûntwikkeltiid mear yn de ferâldere browser te stekken . Der hawwe har al mear as 2000 persoanen en bedriuwen , wêrûnder ek ferskate Fryske , oanmelden .
dit wie geweldich , hoopje dat hjir in ferfolg oan komt !
De earste kear - twa dat ik de Skotstrjitte beneikaam slagge it net en sprek Christyn ûnder fjouwer eagen , mar doe ' t hja my op in jûne ynliet en my sei dat de master just de sliep hie , folge ik har rislút nei de koken . Undersykjend , mar net ôfwarrend , seach hja my oan .
In delegaasje út Ljouwert reizget tongersdei nei Den Haach om te lobbyen foar it behâld fan de fleanbasis . Der moat flink besunige wurde op definsje . Ien fan de opsjes dy ' t neamd wurdt om jild te besparjen is it sluten fan de basis yn Ljouwert . De delegaasje ûnder lieding fan boargemaster Ferd Crone hat in petear mei Keamerleden . Fierders sil in brief oerlange wurde oan Sander de Rouwe . Hy is waarnimmend foarsitter fan de kommisje fan definsje .
Jeanne d ' Arc yn Reims by de kroaning fan Karel VII
BEARS - Folle Kwark . Over deze Friestalige etikettering is een strijd ontbrand tussen Jochum Rypma uit Bears en de Voedselen Warenautoriteit .
Oan ' e ein fan de tachtiger jierren fan de 20e ieu hearde Sina by de hurdst groeiende ekonomyen op de wrâld . Sûnt de iepening fan de Sineeske merk is de hannel mei it bûtenlân yn rap tempo omheechgien . De bêste bougrûn fan Sina is yn it easten fan it lân te finen , benammen by de grutte rivieren . Sina eksportearret katoen , sojabeanen , riis , tee , pinda ' s , gierst en weet . Yn it westen fan Sina wurkje mear greidboeren as bouboeren . Teakhout is in belangryk eksportprodukt fan de Sineeske houtyndustry . Sina hat in soad koal . Dêrneist hat it lân izererts , ierdoalje , bauksyt , mangaan en grutte foarrieden wolfraam en molybdeen . De wichtichste yndustryen binne de izer en staalyndustry , masinebou , keunstdong produksje , tekstyl en ierdoaljeyndustry . Yn Hongkong en Sjanhai binne de grutste ynternasjonale havens . Ynternasjonale fleanfjilden binne der yn Shanghai , Canton , Hongkong en Peking . It BYP per persoan is $ 5 . 400 ( 2007 ) . Gearstalling fan BYP per sektor is 11 , 3 % lânbou , 48 , 6 % yndustry en 40 , 1 % tsjinsten .
In frou by it oanrjogt , sa hjert it !
FNP - dichter Willem Tjerkstra hat him ynspirearje litten troch de wurden fan Joop Wijn dat de kredyt - krisis in ' moreel filosofysk probleem ' is . Hy draacht syn gedicht " Pirateliet " foar .
Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters . It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn ' e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden . De lêste papieren almenak datearret fan 1994 . Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst . Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn ' e loft .
By SjONG binne der net allinne prizen foar de bêste útfiering , mar ek foar de bêste Fryske teksten dy ' t learlingen skriuwe op besteande popnûmers . De tekstsjuery , besteande út de skriuwers Jelle Bangma , Elske Kampen en Douwe Kootstra , beleanne dit jier foaral in stikje orizjinaliteit .
De berch Chalon Sombrero hie altyd in moaie wite gletsjer . Dy is lykwols de lêste jierren fuortteid trochdat it waarmer wurdt op ierde . Sûnder gletsjer wurdt it yn ' e omkriten fan ' e berch noch waarmer , mei ' t it wite gletsjeriis de sinnestrielen wjerkeatste . Dat effekt kin men mei wite ferve ek behelje , seit Gold . It is sels mooglik dat de gletsjer wer oangroeit oer de wite ferve hinne .
De trochsneed djipte is 45 meter en it djipste punt leit op 80 meter , wêrmei de Golf fan Tailân relatyf sjoen net djip is . Dêrtroch ferrint it fermingen fan swiet - mei sâltwetter ek stadich . De sterke wettertafier fan grutte rivieren , lykas de Menam , makket ek dat it wetter yn de golf net sa sâlt is en in protte sedimint befettet .
Kathleen Ferrier en Ad Koppejan , de twa CDA - fraksjeleden dy ' t oant no ta fûl op in regear mei de PVV tsjin wienen , sille ek foar it regearakkoart stimme , sa hawwe se juster buorkundich makke .
It PBL hammeret op it belang fan in langetermynfyzje en sjocht mooglikheden en kombinearje it behâld fan natuer en biologysk ferskaat mei oare maatskiplike doelen . Foar de hân leit in kombinaasje mei rekreaasje ; benammen by grutte stêden is ferlet fan rekreaasjegrien . It lanlik gebiet soe oantrekliker ynrjochte wurde kinne , allinnich in opkreaze kultuerlânskip docht net genôch fertuten foar it biologysk ferskaat : algemien foarkommende planten en bisten sille derfan topje , mar bedrige soarten folle minder . Der binne lykwols ek oare kombinaasje mooglik . Natuer en lânskip kinne brûkt wurde foar wat hjoed - de - dei ekosysteemtsjinsten neamd wurde : bygelyks produksje fan skjin drinkwetter , suvering fan oerflaktewetter , it fêstlizzen fan koalstof , bestowing fan gewaaksen en de natuerlike bestriding fan sykten en pleagen . Mar Bleker liket dêr net oan te wollen en siket foarhâns de oplossing yn it bystellen fan de Europeeske natuerdoelstellings . Neffens himsels hat er Eastenryk en Ongerslân al ree fûn him dêryn te stypjen . Fansels is soks allinnich mar in oplossing foar syn probleem dat Nederlân him net mear hâlde wol oan de ynternasjonale ôfspraken op dit mêd , net foar it probleem dat ús natuer ferrinnewearret .
Op it mêd fan iterij woll ' se graach wat nijs betinke . Elk jier komt der wol wat by om te iten of te drinken . Mar dit is dochs wol wat gek : hâlde s ' ús no foar it lapke ? Mei wat nijs : insectensnack , yn it Frysk in hipperhapke .
It Frysk wurdt yn ' e provinsje Fryslân as memmetaal praat troch 347 . 000 minsken , oftewol troch 55 % fan ' e ynwenners . Yn neistlizzend Grinslân wurdt it praat troch likernôch 3 . 000 minsken . Bûten it eigen taalgebiet wurdt it praat troch likernôch 150 . 000 Friezen om utens yn ' e rest fan Nederlân , benammen yn ' e Rânestêd , yn ' e stêd Grins en yn ' e Noardeastpolder . En dan is der noch de ferrassend grutte Fryske diaspoara yn it bûtenlân , dy ' t rûst wurdt op 80 . 000 oant 100 . 000 Frysktaligen . Dat komt dan út op in lytse 600 . 000 Frysktaligen . Dêrnjonken wurdt it Frysk ek noch as twadde taal praat troch sa ' n 110 . 000 fan hûs út net - Frysktalige ynwenners fan de provinsje Fryslân .
Wa ' t fan in puzelwurd in pear letters wit , kin op in apart finster sjen hokker wurden by dizze letters passe . It programma is ek geskikt om Fryske rymwurden te sykjen . Ek it anagrammen fan yntikke wurden ferskine daliks op it skerm .
Tags : snie snow sneeuw neige snieskowe sâlt struie wille plezier zout sneeuwschuiven beldlsydjeie arreslee belslide sleigh
Yn myn jonges tiid ha we d ' r wol faak gebrûk fan makke at wy de lannen yn stutsen . Tusken frou R . Veenje ( earder U . van der Wier - P . Wolters ) en ( foarhinne Sj . Hoogstins - P . Boonstra - W . Kooistra - A . Kooistra - no ôfbrutsen ) wie in paad rjocht op de barten oan oer de Sustersweifeart en ried men dan mei de tilbury of de glêzen wein nei Aldegea . At de arbeidersbern fan de Heide se oankommen seagen fleagen se harren yn ' e mjitte om de hekken iepen en ticht te dwaan ; meastal krigen se dan in sint of in botsen .
In week 19 van je zwangerschap gaat de baby je stem herkennen .
VI - ap Berend Berends Otten is berne yn 1826 yn , soan fan Berent Berents Otten ( sjoch V - z ) en Geesjen Koops Heerschop . Berend is ferstoarn op freed 1 febrewaris 1878 yn , 51 of 52 jier âld . Fan it ferstjerre is oanjefte dean op freed 1 febrewaris 1878 . Berend :
Ut de wurkwinkels kaam fral nei foaren dat it och sa belangryk is dat der yn in lyts taalgebiet dúdlike doelen steld wurde foar de middellange termyn . Sa wurdt der yn Ierlân stribbe nei in 100 % twatalige befolking . At dat doel ien kear dúdlik is , dan kin der in plenning opsteld wurde om soks te berikken . Der kinne dan ek banen skepen wurde dy ' t derop rjochte binne om dy doelen te berikken . At sokke doelen net dúdlik fêststeld wurde , dan bliuwt it kultuerbelied as los sân en bliuwt it arbeidsfoarútsjoch foar de minsken yn kulturele ynstellings faak frijwat wif .
Yn 1641 gienen de boeren fan Noarder Drachten en Suder Drachten in oerienkomst oan mei begoedige lju út Den Haach , de ' Drachtster Kompanjons ' . Ien fan dizze jildsjitters wie sakeman Passchier Hendriks Bolleman út Den Haach . Yn de oerienkomst waard fêstlein dat de turf út Smellingerlân allinne bestimd wie foar de Hollânske yndustry . Foar it ferfier per skip waard de Drachtster Kompanjonsfeart , de Dwersfeart en guon wiken oanlein . 800 arbeiders hawwe in jier lang oan ' t dollen en kroadzjen west om dat klear te krijen . Op it plak dêr ' t de nije feart en de âlde wei fan noard - nei Súd - Drachten elkoar krústen ûntstie Drachten . Der ûntstienen yn it gebiet ek skipshellingen , herbergen , winkels , touslaggerijen , ensafuorthinne . It ekonomyske súkses fan de turfdollerij duorre lykwols net sa lang ( it hat sels laat ta Passchier Bolleman ' s fallisemint ) . Doe ' t it ferfeanjen dien wie , bleaune earme arbeiders efter ; guon waarden gernier , mar de measten wienen net sa gelokkich . It hat oant begjin 19e ieu duorre ear ' t de beide Drachtens offisjeel ien bestjoerlike ienheid foarmen . [ 1 ] Om 1830 waard der in gemeentehûs set en ferhúzen in soad notabelen fan Aldegea nei Drachten .
Ek al wiist ' Compostela ' werom nei ' grêffjild ' , yn de tradysje hat it de bestjutting fan : " Fjild fan de Stjer " krige . Yn tal fan teksten wurdt sprutsen oer de Stjer die ' t de pylgers it paad wiist . Dizze stjer wurdt vakentiids ferbûn mei Maria : " Stella Maris " Stjer fan de See . De leginde fertelt dat Maria persoanlik Jacobus oantrúne it paad nei it Finisterra te ferfolgjen . De " Stjer " fan Compostela hat in wikseljend tal punten . Bij it Fryske Jabikspaad komt de seispuntige stjer it meast foar . Dizze stjer wurdt de Liedstjer of Noardstjer neamd . Yn Jorwert stiet it romrofte " Het wapen van Baarderadeel " . De Grietenij hie eartiids twa rjochtsgebieten : Baerd en Jorwert , dus twa Liedstjerren .
May 14 ; Joseph Band , Margrieta Gordon ; Willem ; George Gordon , Geertje Bras , syn huis v .
Ljouwert krijt der in politike partij by . Studinten fan ' e NHL hawwe har ûnder de namme ' Student058 ' ynskreaun foar de ferkiezings fan 3 maart 2010 . Se wolle har ynsette foar de belangen fan de studinten yn Ljouwert . Ek wolle se dat de mooglikheden fan studinten mei in hege oplieding hawwe , bette . . .
De measte soarten fan de Mokeftigen kinne net op lân rinne en in protte soarten komme ek allinich by nacht op harren eilannen om te brieden . De Mokeftigen lizze mar ien aai en útsein de Albatrossen meitsje hja gjin nêst mar brûke se in kûle yn de grûn .
Israel hat as steat al sûnt it begjin yn 1948 konflikten mei oanswettende lannen , dêrom seit it himsels dat in aardich grut diel fan it BYP ornearre is foar definsje . Troch grinskonflikten , reboelje yn besette gebieten , grutte oarloggen mei oare lannen is it ien fan de meast gefjocht - trainde definsje op de wrâld . [ 2 ]
Yn Ljouwerteradiel wenje in soad Frysktaligen en der wurdt dan fansels ek omraak Frysk praten , al sil dat nei alle gedachten minder wêze as sa ' n tsien , tweintich jier ferlyn . Benammen planologyske en ekonomyske ûntjouwings ha de demografyske struktuer hjir dochs wat feroare en dat hat ek syn ynfloed op it taalgebrûk . Yn it gemeentlik belied wurdt neist it Nederlânsk ek plak ynromme foar it Frysk en dat is net sa frjemd as men foar eagen hâldt dat it Frysk offisjeel de twadde rykstaal is . As ynwenner fan dizze gemeente kinne jo sawol mûnling as skriftlik mei riedsleden , kolleezjeleden en amtners kommunisearje yn ien fan beide talen dy ' t jo foarkar hat .
Sa ' t de Alde Swarte sekuer wist hoe ' t er thúskomme moast , sa wisten myn bjusterbaarlike fingers de wei yn de ' Schoolatlas der Gehele Aarde ' fan Bos en Niermeyer , útjûn troch Wolters yn Grins en Batavia , want de earme minsken koene dêr dan moai sjen wêr ' t Nederlân lei en wêr ' t it sindingsjild hielendal weikaam . No sieten dêr de Jappen en dus . . .
In friet - tinte en in pishokje spylje in yn de TV útstjoerings dy ' t Wergea meitsje foar Doch it foar dyn Doarp . Wergea is it tjinde en lêste doarp dat yn aksje komt dizze spesjale TV rige . De easters meitsje der wurk fan . It wurde ens de makkers bysûndere TV útstjoerings , n ' t in protte humor ferwurke wurde sil . Less
De moarntiid is hast om . De striehakselder boppe yn ús stâl is skjinmakke , in nije baal strie is derop set . De stâl sjocht der kreas út . Wy kinne oan ús middeisskoft begjinne .
Simmer yn Fryslân : Delmer Los wint IFKS Sleat Nei in spannende wedstriid mei in skifterige wyn , waard Delmer Los woansdei de deiwinner fan it IFKS - skûtsjesilen by Sleat . Tony Brundel pakte it twadd . . . . Rating : 0 . 0 / 5 ( 0 votes cast )
By de singel stiene al mear minsken om meetinggongers ôf te heljen . Ut de petearen koe se opmeitsje , dat it by de gearkomste fan de Sociaal Democratische Bond earder op ' e dei finaal út de hân rûn wie en dat der ekstra plysjes oproppen wiene om de kloften oerstjoer folk útinoar te reagjen . Freeslik , wat in tebekset ! Hja wist noch sa skoan , hoe ' t Piter doe yn Renkum ferteld hie fan de yndrukwekkende dissipline dy ' t de sosjalisten toand hiene . Dat wie dochs noch mar twa jier lyn . Wie de Beweging yn koarte tiid dan sa ferwurden ? Hoe koene de minsken sa ? Sokke opperteurs makken rebûlje en de gewoane arbeiders soene it belije moatte . Der hoegde mar wat te barren of it soe ferbean wurde om langer noch gearkomsten te hâlden yn de folksgebouwen of op ' e herberchsealen yn ' e doarpen en mei de massale meetings yn ' e iepenloft soe it dan wol
Augustus is de achtste moanne yn it jier , foar de Gregoriaanske kalinder , en hat 31 dagen . De moanne is neamd nei de Romeinske keizer Augustus Oktavianus .
5 . 000 Jehovah ' s nei it Fean Meer over : 5 . 000 Jehovah ' s nei it Fean | 2009 - 07 - 18 13 : 36 : 38 De organisaasje fan it Jehovah ' s - kongres dat yn augustus op it Hearrenfean hâlden wurdt ferwachtet sa ' n 5 . 000 besikers . It kongres is bedoeld foar Jehovah ' s út it noarden fan it lân . Lanlik wurde der sân kongressen hâlden mei as tema ' Blijf waakzaam ' . Dêrmei wurdt doeld op de feroarings dy ' t de bibel neffens de Jehovah ' s foar de takomst oanjout . It kongres op it Hearrenfean begjint op 14 augustus en wurdt hâlden yn iisstadion Thialf . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_60741 . aspx ? R = A032482 " Gjin sâltwinning op it Bilt " Meer over : " Gjin sâltwinning op it Bilt " | 2008 - 02 - 01 05 : 19 : 01 Der mei gjin sâlt wûn wurde op it Bilt . Dat skriuwe b en w fan dy gemeente oan it ministearje fan Ekonomyske Saken . It sâltfabryk Esco - Frisia Zout bv hat by it ministearje in fergunning oanfrege foar it winnen fan sâlt yn Noardwest - Fryslân . It Bilt hat dêr net folle oer te sizzen , mar de gemeente wol wol syn soarch uterje . B en w binne benaud foar boaiemdelgong en fersteuring fan de wetterhûshâlding . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_45938 . aspx ? R = A032482 5 . 000 Liverpool - fans lopen mars voor Benítez Meer over : 5 . 000 Liverpool - fans lopen mars voor Benítez | 2007 - 11 - 29 05 : 24 : 43 5 . 000 Liverpool - fans hebben deze namiddag een mars op Anfield gelopen . De supporters pikken de felle kritiek van de eigenaars op trainer Rafael Benítez niet langer . " Liverpool is geen geldfabriek . Liverpool moet trofeeën winnen , en . . . http : / / www . hln . be / hlns / cache / det / art_671823 . html ? wt . bron = RSS Grutte brân op It Hearrenfean Meer over : Grutte brân op It Hearrenfean | 2007 - 11 - 05 10 : 09 : 56 Op It Hearrenfean is sneintejûn it transport - en feembedriuw fan Portena yn ' e brân rekke . De earste melding fan dizze grutte brân kaam om kertier foar tsienen . Om healwei ienen wie de brân ûnder kontrôle . De brânwachtkorpsen fan Hearrenfean , Nijehoarne , De Jouwer en Drachten ha foarkaam dat it fjoer oersloech fan de garaazje nei in grutte opslachloads . Der leine 40 . 000 pallets mei iten . De oarsaak fan de brân is noch net bekend . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_43611 . aspx ? R = A032482 Alves wer op It Hearrenfean Meer over : Alves wer op It Hearrenfean | 2007 - 09 - 20 19 : 04 : 43 Fuotballer Afonso Alves is wer op It Hearrenfean . De Braziliaanske spits fan sportclub Hearrenfean kaam tongersdei oan op Schiphol út Brazilië wei . Freed stiet in petear mei Alves en de clublieding op it program . Fierdere meidielings wurde op dit stuit net dien . It is net bekend oft Alves tongersdeitejûn yn it stadion sitte sil by de UEFAcup - wedstriid tsjin it Sweedske Helsingborgs . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_42393 . aspx ? R = A032482 Jonkje ferdronken op It Fean Meer over : Jonkje ferdronken op It Fean | 2007 - 07 - 19 22 : 24 : 25 In jonkje fan sân is tongersdei ferstoarn , neidat er yn it wetter rekke is op It Hearrenfean . Hoe ' t dat koe , is net bekend . Nei alle gedachten is it bern by it boartsjen yn it wetter rekke . In Dútse toerist fûn it jonkje yn de Heeresloot . Helptsjinsten hawwe it slachtoffer út it wetter helle en besocht te reanimearjen , mar dat is net slagge . Oer de identiteit fan it bern is noch neat bekend makke . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_40915 . aspx ? R = A032482 Airbags stellen op It Fean Meer over : Airbags stellen op It Fean | 2007 - 05 - 25 12 : 35 : 58 Yn de nacht fan woansdei op tongersdei binne op It Hearrenfean de airbags stellen út acht auto ' s . Om binnen te kommen waard in rút fernield . De auto ' s stiene parkeard yn de Turfsteker , Ratelaar , Schouw , Kattebos en Trekker . Alle eigners hawwe oanjefte dien . De plysje hat yntusken in buertûndersyk holden . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_39485 . aspx ? R = A032482 Red Bull Racing zet fans op RB3 voor goed doel Meer over : Red Bull Racing zet fans op RB3 voor goed doel | 2007 - 05 - 25 10 : 30 : 49 De RB3 van Red Bull Racing zal er bij de Grand Prix van Engeland op het circuit van Silverstone iets anders uit zien . In plaats van de bekende donkerblauwe kleuren zal de auto nu opgemaakt worden uit foto ' s van fans . Op de website van het team kan een ieder zijn of haar foto uploaden en bepalen waar de foto moet komen . Kosten bedragen 10 pond . De opbrengsten van de actie gaan naar het goede doel ' Wings for Life ' . In totaal zullen er meer dan 50 . 000 foto ' s op de bolides van Mark Webber en David Coulthard komen . Vandaag is de actie begonnen en het team hoopt ongeveer 1 miljoen pond op te halen voor ' Wings for Life ' . Dat goede doel houdt zich bezig met de zorg voor verlamde mensen . David Coulthard : " Ik ben altijd onder de indruk geweest van het werk van ' Wings for Life ' . Het is geweldig dat we op deze manier iets terug kunnen doen . Ik kijk altijd al uit naar de race op Silverstone , aangezien het winnen van de Engelse Grand Prix één van mijn mooiste herinneringen is . Daar krijg ik altijd zoveel steun van mijn fans , dus het is extra leuk dat ze nu de kans krijgen om op mijn auto te staan . " Mark Webber : " Ze zeggen altijd dat je teamgenoot je grootste rivaal is en nu hebben David en ik een extra gevecht gaande . We willen natuurlijk allebei zo snel mogelijk onze auto ' s vol krijgen en dan kijken wie de meeste foto ' s krijgt . Ik kan in ieder geval beloven dat diegene die op mijn auto staat een mooie race in Silverstone kan verwachten . " http : / / www . f1today . nl / f1 - nieuws . php ? nieuwsid = 8696 Jongeren by Dales op it matsje Meer over : Jongeren by Dales op it matsje | 2007 - 05 - 15 22 : 53 : 03 Fiif jongeren dy ' t foar in soad oerlêst soarge ha yn de Ljouwerter wyk Húzum - West binne justerjûn op it matsje roppen by boargemaster Dales fan Ljouwert . Ek plysjesjef Marc Jacobs wie dêr by . At de jongeren harren net gedrage , sil de plysje se hinderlik folgjen gean , wêrby se direkt in boete krije foar eltse oertreding . De jongens sille har gedrach oanpasse , sa ha se tasein . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_39255 . aspx ? R = A032482 Auto yn de brân op It Fean Meer over : Auto yn de brân op It Fean | 2007 - 04 - 22 21 : 37 : 44 Op de Trekschuit op It Hearrenfean is sneontemiddei in auto yn de brân rekke . De eigner , in 43 - jierrige ynwenner fan It Hearrenfean , hie meardere kearen besocht om de auto te starten . ( De auto ried standaard op gas ) . Dêrby ûntstie in grutte reekûntwikkeling ûnder de motorkap , folge troch brân . De brânwacht hat it fjoer útmakke . De auto is total loss . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_38649 . aspx ? R = A032482 Himpkwekerij op It Hearrenfean Meer over : Himpkwekerij op It Hearrenfean | 2007 - 03 - 25 17 : 14 : 04 De plysje hat sneontenacht in weedkwekerijke ûntdutsen oan de Vermeerstrjitte op It Hearrenfean . Bewenners fan de flat hiene melding dien fan wetteroerlêst . In bewenner ( 26 ) liet de plysje frijwillich binnen yn syn appartemint . Dêr trof de plysje 122 himpplanten oan en de nedige apparatuer . By it wetterjaan wie der wat misgong wêrtroch de wetteroerlêst ûntstien wie . De bewenner is oanholden . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_37963 . aspx ? R = A032482 ' Frysk parkeare ' op It Fean Meer over : ' Frysk parkeare ' op It Fean | 2007 - 03 - 14 00 : 13 : 02 De parkeargaraazje oan it Geerts Willigenplein op It Hearrenfean kin rekkenje op lanlike belangstelling . De betelautomaten jouwe ûnder oare ek oanwizings yn it Frysk . Foar safier bekend hat It Hearrenfean dêrmei de primeur . De offisjele iepening wie tiisdei en fan woansdei ôf kin der ek echt parkeard wurde . Der is plak foar 325 auto ' s of motors en der is twa jier wurke oan de bou fan de garaazje . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_37650 . aspx ? R = A032482 Kabouters op it Amelân Meer over : Kabouters op it Amelân | 2007 - 01 - 19 23 : 46 : 59 Jutter Piet Metz út Buren op it Amelân hat de ôfrûne wiken tsientallen byldzjes fan kabouters fan it strân helle . De kabouters komme nei alle gedachten út in kontainer dy ' t ferline jier boppe Skylge fan in boat sloech . De byldzjes binne sa ' n 15 sentimeter heech en hawwe wol wat slytplakken opron yn see . Metz jout in part fan de kabouter - byldzjes oan it lânbou - en juttersmuseum op it Amelân . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_36262 . aspx Falko Zandstra wer op it iis Meer over : Falko Zandstra wer op it iis | 2006 - 12 - 19 16 : 32 : 04 Falko Zandstra is kommend wykein by itNK Allround yn Thialf wer op it iis tefinen . De âld - reedrider sil dêraktearje as coach fan Helen van Goozen , rydster fan ' e Asics / Right to Playploech . Zandstra wie nei de ein fan synkarriêre as rider noch nea werom tefinen op ' e iisbaan . Van Goozen is de iennichste rydster fande Right to Play - ploech , deorganisaasje fan âld - reedrider JohanOlav Koss . http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 49092 Spegelkarpers útset op it Bilt Meer over : Spegelkarpers útset op it Bilt | 2006 - 11 - 14 06 : 24 : 05 Op it Bilt wurde 250 spegelkarpersútset . Ut ûndersyk fan SportvisserijNederland hat bliken dien dat dizzefisksoart amper noch foarkomt op itBilt . Ien fan de oarsaken is itûntbrekken fan goeie paaiplakken . Angelsportferiening De Deinende Dobberwol it tal spegelkarpers no tanimmelitte troch jonge bisten út te setten . Ferline jier is dat al mei in lyts taldien , omdat dy goed groeie folchje nomear eksimplaren . http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 48119 Greidefûgel moat werom op it lân Meer over : Greidefûgel moat werom op it lân | 2006 - 10 - 31 03 : 48 : 25 De greidefûgel moat werom op it lân . Ut undersyk yn 4 fûgelgreidegebieten docht bliken dat der net genôch greidefûgels útbrieden wurde en opgroeie om it oantal yn stân te hâlden . Net ien wit wêr ' t it oan leit . Goed hûndert minsken fan ferskillende organisaasjes wienen moandei by elkoar om kennis en ûnderfiningen út te wikseljen . As it te lang duorret , kin it sels wol ris te let wêze foar de skriezen en ljippen . greidefûgel soe wolris ferdwine kinne http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 47734 Oanranding op It Hearrenfean Meer over : Oanranding op It Hearrenfean | 2006 - 09 - 13 14 : 23 : 44 Op It Hearrenfean is moandei in frou ( 19 ) oanrand . In foarbygonger hat defrou út de hannen fan har oanfallerrêden . De frou rûn jûns oer it pleinfoar in supermerk doe ' t se fan efterenfêstpakt waard . It gie om in Frysk - pratende man fan 1 . 85 meter lang . De plysje siket tsjûgen en wol graachyn kontakt komme mei de man dy ' t defrou holpen hat . Dat wie in kleure manmei swart ynflochten hier en in wyttreningspak . Hy ried op in sportfyts . http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 46409 Soad boetes op it wetter Meer over : Soad boetes op it wetter | 2006 - 07 - 15 00 : 51 : 56 De plysje hat de ôfrûne wiken al mear as hûndert minsken op it wetter bekeurd . De boetes waarden ûnder oare útdield foar te hurd farre , tefolle drank op en it springen fan brêgen ôf . De plysje is de kommende wiken wer faak op it Fryske wetter te sjen . Dit yn it ramt fan it projekt Zomerwater - toezicht 2006 dat op 1 july begûn is . Der binne dit jier al mear bekeurings útdield as ferline jier oer deselfde periode . Wa ' t te hurd fart , krijt in boete ! http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 44859 Dúnbrân by Ballum op It Amelân Meer over : Dúnbrân by Ballum op It Amelân | 2006 - 07 - 08 21 : 20 : 47 Yn ' e dunen by Ballum op It Amelân hat sneon in koarte brân west . It fjoer ûntstie by Camping Roosduinen doe ' t in pear jonges oan it smoken wiene . Se hawwe sels besocht it út te meitsjen , mar dat slagge net . Troch de droechte grypt it fjoer hurdom him hinne . De pleatslike brânwacht hat de brân útmakke . De plysje is ynskeakele om it ferhaal fan de trije jonges te hearren . Begjin fan de dúnbrân op It Amelân fan in fleantúchje út fotografearre ( Durk Venema ) Foto links : De brân is út . Te sjen is it plak dêr ' t it fjoer wie . Fan boppen liket it in grut skroeiplak ( Durk Venema ) http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 44673 7 . 000 dance - fans op it Saailân Meer over : 7 . 000 dance - fans op it Saailân | 2006 - 07 - 03 07 : 07 : 17 in Saailân fol dance - fans It dance - event op it Saailân yn Ljouwert ferrûn sneintemiddei sûnder grutte problemen . It wie fansels tige waarm , mar mei help fan ekstra wetter , brânslangen en de ynset fan it reade krús waard it publyk foarsjoen fan ferkuolling . De Ljouwerter diskjockeys Joop en Mark Norman draaiden middeis oardel oere foar in publyk fan sa ' n 7 . 000 dance leafhawwers . Sneintejûn mei Ferry Korsten wurdt noch mear folk ferwachte . DJ Joop hie it tige nei syn sin op it Saailân http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 44482
Renado hat fjouwer sealfuotbalteams : 3 heareteams en in damesteam . Yn it seizoen 2008 / 2009 binne it earste en it twadde team fan de seal kampioen wurden . It earste die dit yn de 3e klasse en it twadde yn de 4e klasse .
Nu exista nici un clip pentru acest cuvant cheie ierdbeving
Foppe de Haan fynt dat Hearrenfean Riemer van der Velde in belangriker rol jaan moatten hie . Dat seit De Haan as reaksje op de perikelen by Hearrenfean . De âld - Hearrenfeantrainer fynt dat de direksje te min oan Van der Velde tocht hat neidat dy ophâlden wie as foarsitter . " Riemer is ien fan de bêste skouts fan Europa " , sa seit De Haan . Boppedat , sa fynt De Haan , waarden Van der Velde en hy te min om advys frege troch it hjoeddeiske bestjoer . Foppe sit no oardel jier yn Súd - Afrika en hat it goed nei ' t sin yn Kaapstad . Sels sa goed , dat er noch wel efkes bliuwe wol . Nei in wat swierdere begjinfaze , rint it no goed mei syn ploech Ajax Cape Town .
De yn Bolivia berne Denise Rivera presintearret sneon 12 april har tredde cd ' Un Nuevo Ser ' . Dêrop stiet in ferskaat oan muzyk , fan uptempo oant gefoelige ballads . Rivera hoopt dat de cd lanlik oansl
youngrunners Marrum ( part 2 ) Youngrunners Marrum deel 2
In totaal fan 46 lannen wienen fertsjinwurdige op de Spullen yn Amsterdam . Nijkommers wienen Malta , Panama en Rodeezje , it hjoeddeiske Simbabwe . Dútslân wie foar it earst wer útnoege nei dat it lân net talitten waard ta de Olympyske Spullen fan 1920 en 1924 as gefolch fan de Earste Wrâldkriich
Pfff . Ik bin deawurch fan alle manlju by my oer de flier . It waard wer sa skrinende dúdlik dat ik de boel hjir net sa goed foarenar ha . Sa troch de tiid hinne hat dit hûs fan dy efterstallige dinkjes en ûngemaklikheden oprûn , mar der wenne jo oan . Dat de doar nei it platdak al moannen net mear iepen kin , troch in stikken slot yn ' t slot , is net slim yn it deistich brûken . Ik hingje de wosk gewoan net op ' e line , doch it by sinneskyn no ek yn ' e droeger . It is allinne lestich as jo - lykas begjin augustus in kear - midden yn ' e nacht , yn in tropyske easbui yn jo nachtguod troch in rútsje nei bûten moatte , omdat it by de muorren del lekt . Mar ach . . . dat binne jo in dei letter hast alwer ferjitten . Dat de wc - bril hjir net rjochtop stean bliuwe wol , is al sa sûnt in oannimmer 15 jier lyn de klus dien hie en ik by oplevering fierstente bleu wie om te sizzen dat dat my eins net noaske . Ik tocht " as ik in jonkje krij lear ik him gewoan om sittend te pisjen " en hold my mar stil . Jim witte no fansels wol dat ik geweldich assertyf bin , mar . . . ( hjir komt myn bycht ! ) net tsjin boufakkers . Mar goed dus , dat ik net mei ien troud bin . Al hie ' k dan grif in handiger hûs .
Givenchy Pour Homme Eau de Toilette Spray 100ml
, , Ferver wurde wie lykwols neat foar ús heit . Doe ' t er letter de kâns seach om oan oar wurk te kommen liet er dy net slûpe . Hy koe oan ' e slach op it distribúsjekantoar yn Burgum . Hy fertelde gauris fan de aventoerlike reizen dy ' t se nei de doarpen makken foar it útdielen fan bonnen . Fytstassen fol en dan nei Jistrum , Eastermar of nei Wyns , dat wie de fierste reis , altiten troch waar en wyn . Yn it lêst fan de oarloch krigen se wolris bewaking mei . Bonkaarten wie fansels rôversguod . Dochs rekken der altiten ' tafallich ' bonkaarten kwyt . Dy waarden stikem trochjûn oan guon dy ' t se brûke koene foar de ûnderdûkers . De baas fan it Distribúsjekantoar , in NSB - er , begriep dêr neat fan . ' '
Boudyk De boudyk giet der út . Hy is no al ôfsluten . Der wurdt noch efkes gebrûk makke fan it stik troch it lân om de grûn foar de kades oan te fieren . , mar it " troch - riden " is al oer . Nije wike ferdwynt alles .
It liket us hiel leuk om mei te dwaan , mar wat foar petour ? ? Gjin idee , klinkt misskien wol stom , mar soe echt net witte hoe at ik dat sjen moat . En super Jacoba dast it poerbest nei dyn sin haste by de nije baan ! Houwe zo . . . Neffens mij moatte wy ek hast wer ris wat ofprate . Oars bliuwt it derby . Elske , wannear geane jim nei de oare kant fan de wrald ? Ik bin it alwer ferjitten . Fjierder net safolle nijs eins .
Mar sa befrijd wiene Tsjummearum en al dy oare doarpen en stêden yn ' e maityd fan 1945 net . In dei letter al song elk wer syn eigen liet , en in wike letter blaasde elk korps wer yn syn eigen toansetting .
It Fryske Gea is sûnt 1953 eigener fan de Diakonievene . De namme komt út de tiid dat de diakonij fan Nijerbekeap foar de earmen soarge en hjir turf foar har wûn . De tsjerklike earmensoarch fû dat de pleatslike befolking winterdeis gjin kjeld lije mocht . De hjoeddeiske plassen binne oerbliuwsels fan dy feanterij yn in grutte pingo - ruïne .
Advokaat Barbara Klunder hat har bot steurd oan guon uterings oer har kliïnte Sietske H . út Nij Beets . De rjochtsaak tsjin de frou begjint tiisdei . Yn augustus 2010 waard se oppakt op fertinking fan it ombringen fan har fjouwer poppen . De lykjes bewarre se yn koffers op souder . Alle media joegen . . .
' Wylst Catharina de doar tichtsloech , kaam de feninige kjeld har temjitte . Se rûn op in drafke mei de beide manlju troch de stege nei de strjitte dêr ' t de belslide stie . Op ' e middei wie it hurder begûn te waaien en se seach dat de wyn op guon plakken hege sniedunen makke hie . ' Heal beferzen komt se yn Wyns oan , dêr ' t se in frommeske helpt by in befalling . En dat is noch mar it begjin : frou Schrader ( 1655 - 1745 ) sil yn har libben as goedfrou sawol fan it bittere as it swiete priuwe . Yn dizze debútroman fan T . de Jager - van der Zee komme wy hiel wat te witten oer it libben en de gewoanten út de 18de ieu . KFFB - nûmer : 447 , ISBN - nûmer : 978 - 90 - 74918 - 65 - 7 , Lede - priis : 7 . 00 , Winkelpriis : 14 . 00
' Ouwe - syl ' It Bilt is ûntstien troch de ynpoldering fan de âlde Middelseeslinke . It proses fan it lânoanwinnen en de bediking is der noch dúdlik sichtber . Yn 1505 binne Hollânske dyk en slykwurkers en Friezen fan it omlizzende terpegebied mei de bediking en it ûntginnen fan it fruchtbere kwelderlân begûn . By de diken lâns en yn de nije doarpen fan de eardere Middelseeslinke kaam yn de rin fan de tiid in mienskip mei in hiel eigen karakter ta stân . Oant hjoed de dei ta prate de Bilkerts harren eigen fan it Frysk ôfwikende streektaal . Yn it argeologysk stipepunt ' De Witte Klok ' yn it sintrum fan Aldebiltsyl fynt men ynformaasje oer de histoarje fan It Bilt . De eksposysje is ûnderoaren ynrjochte mei âlde lânskipskaarten . In byldepresintaasje beljochtet de lânskiplike ûntwikkeling en jout boppedat suggestjes foar it fierder ûntdekken fan de regio .
Itaalje is in stiftsjend lid fan de Noard - Atlantyske Ferdrachsorganisaasje ( 1949 ) en de Rie fan Jeropa ( 1949 ) . Sûnt 1955 is it lân lid fan de Feriene Naasjes . Itaalje is ek in stiftsjend lid fan de Jeropeeske Uny ( 1957 ) .
Yn 1994 waard it lykwols opnij útbrocht troch de Koperative Utjouwerij , mei in neiskrift fan Josse de Haan .
Elimde birkaç tane tarif vardı , mayalı ve mayasız olarak . Netten de biraz araştırdıktan sonra portakal ağacı sitesindeki bu tarifte kara kıldım . Hakikaten de hem kolaylığı , hem de lezzeti bakımından iyi ki bunu denemişim dedim . Bence siz de deneyin , harika oluyor . ( Hatice ' ye teşekkürler . . ) Afiyet olsun . . .
Ideeën binne gauwernôch ryp , mar de libbenshâlding dy ' t mei de ideeën strykt , dy hat langer wurk . Myn earste gedichten haw ik , sa ' t ik al sei , ek yn it Hollânsk skreaun . It byld fan ' e fjildblom , waachsend sa ' t syn natoer it him opjout , dat sa faak brûkt wurdt foar de Fryske literatuer , past net . Op my net , en ik leau op gjinien fan uzes .
Westeriems , Wester Iems ( Frânske namme : Ems - Occidental , yn it Dútsk West - Ems ) , wie de namme fan in Frânsk departemint yn de Nederlannen yn de tiid fan it Earste Frânske Keizerryk . It wie neamd nei de westlike mûning fan de rivier de Iems , de Westeriems . It waard nei de anneksaasje fan it Keninkryk Hollân op 9 july 1810 foarme op 1 jannewaris 1811 troch it gearfoegjen fan de âlde " Hollânske " departeminten Grins en Drinte , wêrby ek it Dútske part fan it Reiderlân foege waard .
De Irtysj ( Russysk : Иртыш ; Kazachsk : Ертiс , Ertis ; Tataarsk : Иртеш ; Latyn : İrteş ; Sineesk : 额尔齐斯河 , É ' ěrqísī hé ) is in rivier yn Aazje , dy ' t fan it Altaiberchtme nei de Ob streamt en tegearre mei dizze rivier ien fan de grutste riviersystemen fan de wrâld foarmet en it op ien nei langste fan Euraazje ( 5410 km ) . De rivier rint troch Sina , Kazachstan en Ruslân , hast hieltyd yn noarwestlike rjochting . De mûning fan de Ob is by Chanty - Mansiejsk : de Irtysj hat oankaam op dat plak al in folle langere wei ôflein ( 4248 km ) as de Ob sels ( 3176 km ) . De Ob komt fan it easten en fiert it wetter fan de Irtysj ôf nei de Noardlike Iissee , dêr ' t sy 1162 km mear noardlik yn út komt .
- Jûn om 20 . 30 oere sil de musikal Strobke opfierd wurde troch de bern fan groep 7 en 8 , û . l . f . master Arnold . It dekor ( makke mei help fan in protte âlden ) stiet klear , it gelûd is testen ( mei help fan Jouke ) , alle omballingen binne der ( ek mei help fan âlden ) . Dus kom allegearre en mis dit spektakel net !
fanôf 1947 ticht makke en greide wurden . Yn 1963 hat de soan fan Bonne Jelkes , Jelke Algra , t stik lân ferkoft oan Wiebren Johannes de Vries die , t stik greide noch altyd de puolle neamt . De poelsleane wurd troch de âlderen op de Heide noch altiid de tjaskerreed neamt . En at men dizze leane del kuiert en men goed om jo hinne sjocht , kin jo ek noch , t plak fine wer de tsjasker stien hat yn breed roun plak goed healwei de Tjaskerreed .
Gucci Eau de Parfum 2 femme / woman , Eau de Parfum , Vaporisateur / Spray , 30 ml
De neogoatyske tsjerke waard boud nei ûntwerp fan Pierre Cuypers . De tsjerke wie de twadde fan de yn totaal sân neogoatyske tsjerken dy ' t hy yn Fryslân boude . Yn 1871 waard begûn mei de bou fan de trijeboekige basilikale krústsjerke en yn 1872 , hoewol noch net foltôge , waard de tsjerke ynwijd . De tsjerke waard oriïntearre . It prysterkoar kaam oan in plein te lizzen en dêrom waard de klokketoer yn de hoeke njonken it koar en de súdlike transeptearm boud . Dizze toer stoartte yn 1874 yn , mar waard wer opboud . Oan de westside stiet noch in lytsere toer . Yn 1878 wie de tsjerke foltôge . Restauraasjes wienen der yn de jierren 70 en jierren 80 fan de 20e ieu . De tsjerke is in ryksmonumint .
Earst wat oer De Krant ( earder De Hollandse Krant ) . It is in Kanadeesk moanneblêd ( sûnt 1969 ) foar Kanadezen en Amerikanen fan Nederlânske komôf . Yn 2004 is De Krant begûn mei it organisearjen fan saneamde kofjeklubs ( net te ferwikseljen mei de Nederlânske ' koffieshops ' ) yn restaurants fan grutte supermerken . Lokaasje en tiid stienen yn it blêd . Dat inisjatyf sloech oan en op in grut tal plakken kinne de lêzers inoar no moetsje . De krante wurdt op ' e tafel lein en sa fine se mekoar . It tal plakken wreidet him noch altiten stadich út . De haadredacteur fan De Krant , Tom Bijvoet , wiisde my derop dat de kontaktgegevens fan it blêd op ús webside ( www . fryskbutenfryslan . nl ) oanpast wurde moasten . Yn in lettere e - mail skreau Bijvoet dat se ek tal fan abonnees hawwe mei Fryske roots en hy frege dêrby oft ik ien wist dy ' t alle moannen in stikje yn it Frysk skriuwe woe . Ik haw my doe sels oanbean en sa skriuw ik sûnt it maaienûmer in stikje yn De Krant .
Der stiet útdruklik yn ' e Bibel dat der mar ien is , dy ' t wit wannear ' t dit barre sil . En dat is GOD sels . Jezus seit sels ek al dat allinne syn Heit de oere en tiid wit .
Gjin feest sûnder Swarte Piten Grutte konsternaasje by de yntocht fan Sinteklaas . In kloft minsken stie by de haven klear om mei harren bern Sinteklaas en syn Piten op te wachtsjen . Doet yn de tichte mist de boat sichtber waard , die bliken dat de Sint allinnich op de boat stie . Wêr wiene syn Piten ? Wylst de foarsitter fan Doarpsbelang , Piter Renia , Sinteklaas ferwolkomme , kaam der in plysjeauto mei grutte faasje oanriden . De plysje kaam de twa Swarte Piten bringen . Wiene de Piten soms in bytsje ûndogens west ? De Piten hiene it de ôfrûne dagen sa drok hân , dat se har justerjûn by de boer yn t hea mar efkes deljûn hiene . Doet se wer wekker waarden , seagen se dat se gau op paad moasten . Se wiene al let , mar no ek it paad kwyt . Nei in skoftke omrûn te hawwen , waarden se opmurken troch in oplettende plysjeman . Dy fûn it wol wat frjemd dat der twa Swarte Piten yn de omjouwing fan Grou omstapten . Yn Grou komt Sint Piter ommers yn febrewaris pas mei syn knechten . Doet er de Piten oanspruts , hearde hy dat se yn Reduzum wêze moasten en dat se it paad bjuster wiene . Sinteklaas en de bern stiene no grif op harren te wachtsjen . Lokkich wie de plysje ree om de twa yn rap tempo nei Reduzum te riden sadat se dôchs op tiid wêze koene foar de yntocht en it feest op e boppeseal .
Ina Boersma fan Frjentsjer is mei de mikrofoan yn de hân berne , seit se sels . Se hat platen makke as ' moeder Ina van Franeker ' en stiet ek wol bekend as de Fryske Tante Leen . Frou Boersma kin it sjon
Guon Noardamerikaanske Yndianefolken kenne itselde begryp : de Algonkwynske folken neame it manitu , de noardeastlike Irokeeske folken neame it orenda , de noardwestlike Irokeeske Huron neame it oki en de Siouaanske folken neame it wakanda . Dizze krêft wurket net út himsels , mar troch persoanen en dingen , en kin sawol goed as kwea bringe . It ropt by de leauwenden foarsichtigens op en jout oanlieding ta de ynstelling en ynachtnimming fan taboes en it útfieren fan komplekse boete - en fermoedsoeningsseremoanjes .
Ofrûne sneon stie de Praatpeal by de paddock fan it moterraceteam fan Bertus Folkersma en Rintsje Ritsma by de Supermoto races op De Jouwer . Beide . . .
[ 查看全部内容 ] Dirk - Jan Reijenga fan De Jouwer hat moandei by Wâldsein de wedstriid SKS skûtsjesilen wûn . Earder wûn Reijenga ek op De Feanhoop . Klasse
Gabe . Nee , mem ; Toon ken my wol . Ferline Boalserter merke haw ik en Janke , Hoatse en Wobbel , jitte by him op in sûpke west . De moandeis yn ' e iere moarntiid , doe hawwe wy him noch ien fan syn Dútske margen út de skoarstien kaapt , mar dy brieken ús lilts op . Doe wy se in healoere yn ' t liif hân hiene wie it patsjen dien : de fammen mochten ús net sykjen heare , sa stonken we fan ' e knyflok . En dat er in poep is kin me ' wol oan syn skeane tongslach heare . Dat moat er him ek net skamje ; mar as er better weve kin as in Fries , dan moat er it him ta in eare rekkenje . En as koe er dat net , dan moast er it jitte : want dy net fan it lân hâldt , dêr er widze is , dy binne de beanne út it wetter te goe ' .
Fansels sil ' we ' t wer ha oer de fisk - de iel dy ' t fan ' t simmer ryklik boppe wetter helle is - en oer ' t stedsfolk dat dit dochs mar misse moast . Us itentsjes bin ' ommers wichtich en ûnmisber , hast yn ' e selde oarder fan ûnmisberens as iten dat sels is .
Oan it begjin fan de 20e ieu wennen der 12 miljoen minsken yn it gebiet lyk oan it hjoeddeiske Turkije ; dat binne no fiif kear safolle . Yn Turkije wenje 71 . 892 . 807 ( 2008 ) minsken . Dêrfan binne 73 % Turken , 21 % Koerden , 2 % Tsjerkessen , 2 % Arabieren , 0 , 5 % Lazen , 0 , 1 % Syrjers , 0 , 06 % Armeenjers en 0 , 01 % Abkazen . De trochsneed fan de Turkske is frij jong mei 25 . 5 % yn de leeftyd fan 0 oant 15 jier .
Yn de eagen fan syn Joadske meikristenen wie hjir de ein fan wei . Wat in swakke en sêfte boel : ' Hoe soenen dy heidenen no samar meidwaan kinne ? Dy minsken witte ommers fan God noch gebod , hja brabbelje der mar nuver yn om en ite âlder ferskriklikst iten . Sy stjonke en binne ûnrein fan top ta tean . Sy moatte earst mar ris goed leare hoe ' t it heard , har oanpasse , en in goede Joad wurde . Paulus wie yn har eagen fierstente sêftmoedich en myld . Fierstente maklik en liberaal , fierstente iepen foar al dy frjemdlingen dy ' t by Kristus hearre woenen .
' No , Feike , ' lit Houkje der uterst behindich tusken falle . Mar dochs net behindich genôch . Feike flammet op :
De ynfloed fan de Aymara ' s en oare yndiaanske tradysjes binne djip woartele yn sawol religy , muzyk as klean .
Jan Durks van der Mei , ierappelkeapman út Pietersbierrum , hie fan 1936 oantemei 1949 in rige yn ' e Ljouwerter Krante : " It keatsen yn Fryslân - Keningen fan no en eartiids " . Ut dy samling fan mear as 120 keatsersportretten binnen yn dit boek 50 fan ' e beste stikken byinoar brocht . Van der Mei wie ek in echte mienskipsman , dy ' t de ferienings , bestjoeren en frijwilligers op ' e achtegrûn net fergeat . Syn ramantyske fizy op it foarname plak fan it keatsen yn Fryslân koe er mei syn entûsjasme as gjin twadden oerbringe op in grut publyk . Keningen fan no en eartiids jout in ûnferjitlik byld fan it keatsen as libbene folkssport yn ' e earste helte fan ' e tweintichste ieu . Jan Durk van der Mei ( 1887 - 1957 ) hat Steatelid west foar de SDAP en wethâlder fan de gemeente Barradiel . Fan keatsferiening De Twa Doarpen yn Seisbierrum - Pietersbierrum wie er in fearnsieu foarsitter . Yn 1917 skreau er yn ' e mande mei Joh . Werkhoven de jubileumrevue by it 40 - jierrich bestean fan de NKB . Fan 1939 oantemei 1955 fersoarge er de fersen op de PC - listen en mei Yme Schuitemaker en Tetman de Vries tekene er letter noch foar de keatsrevue Yn ' t flecht oer alles hinne ( 1953 ) .
Freddie Mercury , berne as Farrokh Bulsara yn Stone Town op Sansibar op 5 septimber 1946 wie in Britsk popmusikus . Hy waard ferneamd as sjonger fan de groep Queen en waard ien fan de meast populêre popartysten ea .
Yn it Mesolitikum , 10 , 000 jier lyn , hâlden dêr jager - samlers ta op it moor . De kontrei wie doe noch boskich en hie in myld klimaat . Argeologen hawwe spoaren fûn fan de fabrikaazje fan fjoerstiennen ark . [ 7 ]
De Ljouwerter architect Hans Achterbosch is ien fan de Friezen dy ' t op dit moment yn Japan sit . Hy wie tidens de ierdbbeving yn Tokyo nei in beklimming fan de berch Fuji , de heechste berch yn Japan . Achterbbosch wie krekt wer werom yn Tokyo doe ' t de ierdbeving him foardie . Op it moment fan de ier . . . More
Histoarje , en eins is der net folle feroare It Epen fan hjoed - de - dei is ûntstien om de " Paulusbron " hinne en de lettere Paulustsjerke . Om krekt te wêzen : yn it jier 1040 waard yn Epen de earste fersterking boud . Bewiismateriaal , de restanten fan in ferdigenber hûs ( chateau à motte ) út neamde perioade , is hjoed noch hieltyd sichtber op it hiem fan de grutste fakwurkpleats fan Nederlân , de Dorphof yn Terziet - Epen .
Pommeranten posityf oer in Fryske Identifikaasje . Fryske identifikaasje op politike aginda ! !
Fasilitearje kin amtlike stipe , adfys betsjutte , mar it is ek wichtich dat der in potsje mei sinten bliuwt om fluch ynspylje te kinnen op relatyf lytse winsken fan doarpen .
Sa , no binne wy al in tal skriuwers tsjinkommen yn it Westeinde - labyrint . Hof , Kalma , Hepkema , Kloosterman , Schurer . Op Hepkema nei , de kranteman dy ' t yn beide ieuwen libbe en wurke hat , fan 1845 oant 1919 , wiene se allegear warber yn de 20ste ieu . De logika fan de nammejouwing yn de wyk ûntgiet my . Logysk is wol dat Gerben Colmjon en Johan Winkler yn deselde hoeke lizze , se hearre by de 19de ieu , mar yn pleats fan de Simke Kloostermanwei hie yn dy hoek eins de Harmen Sytstrawei rinne moatten .
Der wienen ek noch snelheidsmjittingen dien yn ús haadstrjitte . Der wie sels ien dy ' t hûndert jage hie . Wy hoegden der net lang oer nei te tinken wa ' t dat no wie . Wie was dat ook weer ? Uiteraard onze ' snelle ' vriend Pasveer . . . Bang dat hy oanhâlden waard en dat hy prullebakken leegje moast . En foaral ek bang dat hy alle folle prullebakken oer him hinne krige . . .
It ferkiezingsdebat foar jongerein op de NHL luts tongersdeitemiddei net mear as 60 studinten . Sy harken nei kandidaat - steateleden fan 11 fan de 13 partijen , dy ' t yn maart oan de ferkiezings meidogge . De PVV en de Partij voor het Noorden wiene der net . Stúdzjefinansiering wie in wichtich tema op it debat fan Studiegenootschap Trias Politica . It kabinet wol langstudearders beboetsje . Partijen as PvdA , SP , FNP , 50Plus en Feriene Lofts binne dêr op tsjin .
Trije spullen einigen yn kamp . Dat is in soad foar Frysk spul . Twa man wiene wakker wiis mei harren kampke . Kees Willem Koopmans en Harry Postma . Harrren remizen fielden as in oerwinning . Beide spilen se tsjin in hegere klasser en gienen dêrom foar de bonus . In remize soe harren dochs noch in hele punt opleverje . Kees moast tsjin maat en promovendus Ynte Dykstra . Sa ' n promodites strielt wat sterks út , dat moat men net ferjitte . Net sa bot as " wat soesto no jonkje " mar dochs . Men hat mei sa ' n titel wat oerwicht !
Yn 1983 ward er bestjoerslid fan de Feriening de Friesche Elf Steden en yn 1985 waard hy foarsitter as opfolger fan Jan Kuperus . De feriening hie troch de sêfte winters al sûnt lange tiid gjin tocht mear útskreaun . Mar op 18 febrewaris 1985 spruts hy de wyls legendaryske wurden It sil heve . Dat betsjutte dat der foar it earst sûnt 22 jier wer in Alvestêdetocht ferrriden wurde soe en wol op 21 febrewaris . Winner waaerd Evert van Benthem .
Boargemaster Brok ferlit Snits en giet nei Dordrecht as boargemaster . De gemeenteried dêr hat him foardroegen . Brok woe fuort , omdat syn gemeente op 1 jannewaris 2011 ferdwynt . Hy wol gjin boargemaster fan de nije fúzjegemeente wurde . Arno Brok is hikke en tein yn de omkriten fan Dordrecht . Hy . . .
Der binne ek sertifikaten dy har sels tekenje , dat is , tekene troch de persoan of organisaasje dy de webside rinne , en net in ynstânsje . In self tekene sertifikaat fertrouwe fan , as foarbyld , jo wurkjouwer kin as feilich beskôge wurde .
Skrins is in buorskip yn de gemeente Littenseradiel Skrins leit besuden Easterlittens . Der stean fjouwer pleatsen , twa wurde noch bebuorke . .
De Biskop ferboelguodde alles wat der yn it kleaster noch te finen wie . ( Gab . 516 )
Njoggen skriuwers fan Fryske berneboeken komme mei in nij program . Klik op de nammen foar mear ynformaasje .
19 Ik bin ûnder Jo beskutting wekker wurden , o myn God , en it past him dy ' t dy beskutting siket te ferkearen yn it Hillichdom fan Jo beskerming en yn de Fêsting fan Jo ferdigening . Ferljochtsje myn ynderlik wêzen , o myn Hear , mei de pracht fan de Dage fan Jo iepenbiering , lykas Jo myn uterlik wêzen ferljochte hawwe mei it moarntiidsljocht fan Jo geunst .
This translation corresponds with the 1874 translation nr . : 89
Wat een puberaal seksisties gedoe zeg . Tiepies Fries zeker ?
Oan ' e hast eksklusyf Nederlânske ôfkomst fan nije wurden kinst merke dat it Frysk yn ' e ôfrûne ieu fierder oan ' autonomy ' ( om it sa út te drukken ) foar it Nederlânsk oer ferlern hat .
Twa froulju , in Geartsje fan it âldste , en in Geartsje fan it jongste ein , kamen mei mekoar in petear bij Marsum op in parkear terein . Der moast no mar is wat barre yn de famylje , in gesellige joen of in gesellige dei , my alle neven en nichten en ek de moikes moasten der by . Der waard gong in zetten , it sil heve , it giet oan , pipen ut de sek , hja wine fol fjoer , skilje , e - maile en oan inspiratie gjin gebrek . Ik seach dat oan en tocht dit komt net goed , ik moat der ek mar wat oan dwaan . mar hja seine dat it net nedich wie om ' t ik fan de kâlde kante kaam .
In hiele rig ' le fammen dy kamen op my ta en tomm ' len my dêr op it liif , en seinen : " Man dêr is dyn wiif , dêr is dyn wiif , dêr is dyn wiif , want Wobbel woesto ha " .
It EK bobslydzjen yn it Dútse Winterberg is foar Sybren Jansma teloarstellend begûn . Sneon einige Jansma mei syn maat Edwin van Calker yn de twamansbob úteinlik as 17de . Jansma en Van Calker giene yn it Sauerlân twa kear nei ûnderen en hellen dêrmei twa kear in 17de plak . Beide mannen mikten op in plakje by de earste tolve . Snein komt Jansma noch út yn de fjouwermansbob .
Ekwatoriaal Guinee beskikt oer in tropysk reinwâld klimaat .
It projekt omfiemet de opbou fan in databank fan dialektmateriaal út Fryslân . It rint ynearsten oant april 1999 . Yn ' e praktyk bestiet it út de ynfier fan dialektenkêtes fan de Fryske Akademy út de jierren 1978 - 1995 en in part fan it materiaal fan Jan Jelles Hof . De útkomst sil bestean út in bestân dat digitaal op te freegjen en te kartearjen is en in rige kaarten .
Yn totaal wurde op it stuit fiif fan dizze eilannen foar fêst bewenne : Nees , Olân , Nordstrandischmoor , Hege en Groue . Om dochs wat beskerme te wêzen tsjin de see hawwe de minsken hichten opsmiten , fergelykber mei de terpen en wierden oan de súdlike Waadkust . Yn Noard - Dútslân wurde dizze Warf , Warft , Wurt , Wurth , Warb , Werf of Werft neamd , ôfhinklik fan it pleatslike dialekt .
Dizze bondel mei in kar fan Wadman út syn kritiken en skôgingen út de . . . 19 , 50
De troch de see ôfsette grûn is tige gaadlik foar lânbou . Hjoed de dei soarget toerisme foar in grutte boarne fan ynkomsten . Benammen oan de westlike kante fan it eilân , oan de Waadsee yn de omkriten fan Sankt Peter - Ording , komme in protte besykers . De Westerhever fjoertoer is in wichtige toeristelûker fan it skiereilân en it meast promininte fan Dútslân . Oare bouwurken dêr ' t in protte minsken op ôfkomme binne de Eidersperrwerkdaam en it Katinger Watt .
Hwat oer in Snitser smid yn it midden fan de 16e ieu , yn : It Heitelân , 32e jiergong , nr . 9 , sep . 1954 , 153 - 154 .
Oan it begjin fan ' e 21ste ieu stiet de wrâld foar grutte swierrichheden . De skepping is prachtich en geweldich , mar de mooglikheden binne beheind . De ûnevenredige ferdieling fan rykdom en grûnstoffen is en bliuwt folslein ûnakseptabel . Talryk binne de konflikten tusken etnyske groepen , stammen , folken en naasjes . It is foar it bestean fan de ierde en har minsken fan it aldergrutste belang dat der socht wurdt om gerjochtichheid , frede en de yntegriteit fan de skepping . Yn Nijkleaster wurdt libbe út it fisioen fan Gods Keninkryk . Dat hâldt yn dat der oefene wurdt yn it mienskiplik libben , yn de keunst fan it dielen , yn ienfâld en evenredichheid . Gandhi hat ea de folgjende ferneamde wurden sprutsen : In this world there is not enough for everybody ' s greed , but there is enough for everybody ' s need . ' Dat kin de slachsin wurde foar it mienskiplik libben fan it Nijkleaster . Der sil dêrom aktyf socht wurde nei wegen dy ' t liede ta ekologysk lykwicht , ta gerjochtichheid en frede .
Nei myn entûsjaste ferhalen fan it skoallereiske , binne wy ek mei famylje in dei nei it Ferkearspark yn Assen west . Jong en âld ha harren tige fermakke ! Foar mear foto ' s sjoch yn ús fotoalbum . Allinne beskikber foar guon dy ' t oer de koade beskikke . . .
Foar de leafhawwers ( en famylje ) ûnder de koade in aardich filmke fan de sniehynders Hidowijn en Menta . De oplettende lêzer hat fansels al opmurken dat de foto hjirûnder net alhiel kloppet , mar dizze foto is in oantal jierren lyn naam . It filmke is aktueel ! En wat is dizze foto ek wer karakteristyk foar dizze hynders !
Tagelyk freegje ik Fryslân Marketing om de útdaging oan te gean om ris in aksje te begjinnen om de minst toeristysk gongbere plakken yn Fryslân te promoten . Bygelyks Oertrep . Of Hilaard . Soksoarte plakjes . Desneeds mei in kampanje weryn ek dokumentêres sitte .
Tt materieel wrâlderfguod bestiet sûnt de 34e sessy fan de Kommisje ( 2010 ) út 911 wrâlderfguod , dêr ' t 180 fan natuererfguod ( N ) is , 704 . . .
Admiraba a Horacio y a Ovidio y fue defensor de la memmentael ( lengua materna ) que conseguiría elevar el frisón a lengua literaria . Su obra poética fue regogida en Fryske rijmlerye ( 1688 ) y Friessche tjerne ( 1640 ) .
Giorgio Armani Aqua Di Gio Eau de Toilette Pour Homme 50ml Spray
Elts jier op 5 july , Tynwalddei , wurde fanâlds de wetten fan it eilân troch de wetsprekker foarlêzen op ' e Tynwaldheuvel . Dêr wapperet dan de eigen flagge fan it Tynwald , dy ' t blau is , mei yn goud in Wytsingskip derop . De wetsprekker wurdt yn it Mansk Yn Lhaihder neamd , dat " de lêzer " betsjut . It foarlêzen fan ' e wetten bart yn it Mansk .
Fierders is der in Natuersintrum oer de natuer fan It Amelân . Hjirwei wurde ek ekskurzjes organisearre
Hawar , om in koart ferhaal lang te meitsjen : stopje mei smoken op 1 jannewaris dat kin , mar ik soe it fan in oere as seis ôf dwaan .
Dêr is hy dan . De live - klip fan ús optreden yn Noardewyn . De goeie harker fernimt al in lyts flaterke , mar wa ' t de goeie útfiering heare wol , dy kin fansels ús CD keapje . Tsien euro . Gjin jild . . .
In Fries moat yn Fryslân it rjocht hawwe om it Frysk te kinne brûken . As de deputearre der ek noch in Hollânske oersetting oanbiedt is dit allinnich mar in teken fan goed fatsoen , want sy is der hielendal net ta ferplicht .
Doe ' t de ra yn in twirre beweegde en tsjin it hout fan de mêst kreake , fleach de sjouwerman op en saaide leech oer de grize weagen .
Ek slút de oktroaiwet suver geastlike aktiviteiten , wurkwizen foar it sakedwaan kompjûterprogramma ' s út fan oktroai . Neffens de oktroaiwet binne dy útslutingen lykwols beheind ta de neamde saken as sadanich . In útfining dy ' t mear is as in kompjûterprogramma as sadanich mei wol oktroaid wurde . Hoe ' t dat krekt útlein wurde moat , wie de ôfrûne jierren ûnderwerp fan fûleinich petear oer sêftguodpatinten .
Alders dy ' t wegerje mei te wurkjen oan ekstra les foar harren bern , wurde wat de VVD oanbelanget , koarte op de bernetaslach . Foar de regeling lûkt de partij 200 miljoen euro út , en noch ris 200 miljoen om yn ' e tiid fan ' e basisskoalle tasicht te hâlden .
Maybe in order to understand mankind , we have to look at the word itself : " Mankind " . Basically , it ' s made up of two separate words - " mank " and " ind " . What do these words mean ? It ' s a mystery , and that ' s why so is mankind .
Sântjin organisaasjes . Guon hie ' k noch nea wat fan fernaam . En guon , lykas it Berie foar it Frysk sille ynkoarten sels opheven wurde . En wat soe de Stichting Ons Bildt der no yn moatte , it Bildts komt noch lang net yn besprek yn Europa , dat hat it drok mei it Friûlysk , Sorbysk , Sámi , Oksitaansk en Gaelic .
Het vervoeren van doodstille in Fiji | De fabricage van liftstertje | bijbestellingen in Seychellen | Het garanderen van heengevloden | De beschadiging van boerenkoffie | De fabricage van schrobzagen | Het vervoeren van bijverdiende | doodsdrift | De fabricage van toesprak | De verkoop van softwarefabrikant | Het afkeuren van rondhang in Paraguay | ledenaantal | tolerantiedrempel in Palau - eilanden | Het keuren van vlootvernieuwing | Het ontwerpen van schoenmakerswinkel in Benin | De aankoop van doodgepraat in Jordanië | Het opsporen van spelbedervers in Tsjechische Republiek | Het afkeuren van badseizoen | Het testen van stadsnieuws in Brazilië | prikkels | godonterende in Verenigde Staten
NIJETRIJNE - Tijdens de presentatie van het door Karst Berkenbosch geschreven boek ' Wat West is ' in Nijetrijne bepleitte burgemeester Gerard van Klaveren gisteravond voor het behoud en de bescherming van een aantal natuurgebieden buiten de Ecologische Hoofd Structuur ( EHS ) .
Samira , Laticia & Band mei ' De marwei rock ' ( ' Jailhouse Rock ' Elvis Presley ) . Optreden by de foarrondes fan SjONG 2010 by Omrop Fryslân yn Ljouwert . SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis fan 12 oant en mei 18 jier . Dit filmke is makke troch studinten fan R . . .
No ' t ik oan it googeljen ( is dat Frysk ? ) wie mei as sykopdracht ' Friestalig etiket ' kaam ik hiel tafallich by de bestjoersôfspraak Fryske taal . Klingt wol ferrekte serieus . Op side 28 kêst 7 . 2 stiet : ' Het gebruik van de Friese taal op etiketten en productaanduidingen is niet verboden . Indien nodig wordt bevorderd dat wetgeving wordt aangepast . Inspanning : Rijk . '
Ek is der dizze kear it ' Praat mar Frysk ' - promoasjeteam oanwêzich .
Neffens skoandochter , A . Thijsse - van Niftrik wie Thijsse in wat soarchleaze en tige freonlike persoan . Hy joech noait in ûnfoldwaande by in eksamen . Mar krityk wie der ek : Thijsse wie aardich foar eltsenien .
Ja , ik haw it wol goed dien , tink / hoopje ik . No haw ' k dus in protte tiid ynienen , bin ik wol wiis mei . Ik gean no in soad útsliepe ( oerdeis , fansels ) en wurkje , date ( dete ? ) ensfh .
Pan de Elote - Pan - fried Mexican cornbread - General Chowhounding . . .
ANNE LAMMERTS , 17 jier , to Kollumersweach , hat op snein 7 -
Fryslân foel nei 1525 ûnder keizer Karel V . Hy liet in grut blokhûs bouwe om de Friezen yn betwang te hâlden . Dat blokhûs hat der stien oant 1580 doe ' t it earst foar in part ôfbrutsen waard . De stiennen waarden brûkt foar de stedswâlen . Yn 1996 binne noch stikken fan dy muorre , mar ek kanonskûgels , fûn by opgravings .
It mei - inoar yn ferbân bringen fan Wilders en de psychopaat is like ferkeard as it yn ferbân bringen fan sosjalisten en moslim - ekstremisten . As jim it net iens binne mei Wilders syn populistyske gjalpen , dan doch it sels ek net .
Op 4 juny 2011 wie it Fryske sjongfestival Liet foar it earst bûtendoar , en wol op de kenniskampus , it plein tusken de hegeskoallen NHL en Stenden . It soe in opmerklike edysje fan Liet wurde mei optredens fan ûnder oare twa bysûnder grutte bands , de Bigband Friesland en popkoar FromUs . De lêste g . . .
Jûns skeat ús it moarnsliet wer yn ' t sin . Hurd op ynternet sykje en al gau hiene wy it antwurd . Lokkich , no witte wy it en it hert is wer gerêst . Wy sieten der fan ' e moarn net fier fan ôf . Mar by myn witten wennet dizze mot net yn Hantum . Bliuwt de fraach : witte jimme it ek ?
It Nauwe Noard wie útstoarn . Allinnich Bocke Libbes , kastlein fan ' De folle baarch ' , hong oer de ûnderdoar , mar skokte werom doe ' t er de kiste gewaar waard .
It is tiisdei in meast bewolkte dei . Sa stadichoan yn ' e moarntiid en de middei wat lichte rein of storein . It is maksimaal 5 oant 6 graden . De east - oant noardeastewyn is matich oant krêftich . Dêrtroch fielt it kâld oan . Fannacht is de loft berûn en kin der rein falle . It wurdt 1 oant 2 graden . . . .
Utrikking troch deputearre Jannewietske de Vries fan de Provinsjale Publykspriis oan Simon Oosting , de Fedde Schurer - priis oan Jaap Krol en de Obe Postma - priis oan Tryntsje van der Zee ; Nominearren foar de Fedde Schurer - priis Simon Oosting en Elske Schotanus lêze foar ; foarlêzen sjueryrapport Obe Postma - priis troch Babs Gezelle - Meerburg ; foarlêzen sjueryrapport Fedde Schurer - priis troch Oene Spoelstra ; tankwurd Obe Postma - priiswinner Tryntsje van der Zee Zee , Tryntsje van der / Tresoar / 2008
Belgje hâlde him oan de ôfspraak om neutraal te bliuwen en de Dútsers net troch te litten .
En no stean ik yn in prachtige skaal mei tûken aaien en nestjes . Eltse kear stean der minsken nei my te sjen . Myn kopke stekt fier omheech en ik wurd hieltyd mar moaier . . . .
Prins Willem - Alexander ferskynt likernôch fyftich kear jiers by offisjele gelegenheden . Hy hâldt him dwaande op it mêd fan de rjochterlike macht , fan it binnenlânsk bestjoer en fan it bedriuwslibben . Fierders hat er him , op útstel fan syn heit , spesjalisearre op it mêd fan wetterbehear .
De grûnstof wie giel - of readbakkende seeklaai , dy ' t yn it westen fan Fryslân genôch oanwêzich is . Tichelaar keapet no Dútske klaai by , mar graaft ek yn eigen behear de klaai ôf . De klaai wurdt mei mergel mingd yn de ierdwaskerij en dêrnei yn in kelder froastfrij opslein . Koart foar de ferwurking wurdt de klaai noch wat knypt en mingd . Dêrnei wurdt op goeie grutte snien . Nei it droegjen wurdt it bakt ta rau guod , dat dêrnei oan de foarkant mei wyt bedekt wurdt . Oan de efterkant krije de skûtels in laach kwaart . Skilders skilderen harren dekoraasjes op de kwaart , wêrnei ' t se in twadde kear bakt wurde .
Wet giet my earlik sein net fier genôch , stiet net genôch yn en neffens my ek tsjinstridichheden . Ik bin wol fan doel der op te reagearjen , mar noch net oan ta kommen …
" Alfa - 4 - koades " , dat wol sizze koades dy ' t skreaun wurde mei 4 letters út it Latynske alfabet wei , sille brûkt wurde by ISO 639 - 6 . Dizze koade - rige omfiemet net allinnich talen mar ek dialekten brûkt . Yn prinsipe kinne hjirmei 26 × 26 × 26 × 26 = 456 . 976 talen en dialekten werjaan wurde .
Sa wurke de balstjurrige keunstner fanôf 1942 oan de Victory Boogie Woogie , wêrmei ' t de ûntwikkeling útwurke dy ' t er mei de ferneamde Broadway Boogie Woogie ynset hie . It sinde him net dat it yn syn eardere wurk it wyt as in soarte sjoen waard . Mondriaan woe in ' dynamic movement in equilibrium ' berikke , in perfekte , prikkeljende balâns . Mei help fan rollen kleurde tape , ferve en stikken karton koe er maklik skowe en eksperimenteare mei de komposysje , in proses wat hjoed de dei noch goed sichtber is . It mystearje fan it wurk ûntstie al doe ' t Mondriaan der noch oan wurke . Tsjinoer freonen ferklearre er meardere kearen dat it wurk ôf wie , om dan dêrnei wer fan betinken te feroarjen . Twa jier wurke er driftich oan it skilderij , oant er yn 1944 ferstoar oan in longûntstekking . De sibben fûnen de Victory Boogie Woogie , sa ' t oaren it wurk letter neamden , op de ezel yn de keamer . Op de fraach of ' t it wurk beskôge wurde moast as ôf of ûnôf , kaam pas yn 2007 nei ûndersyk in antwurd : ûnôf .
Ik bin lyk ik bin Sa bin ik makke , sa Ha ik oanstriid te laitsjen Jawis , dan skatterje ik Ik leavje wa ' t my leavet Is dat in brek fan my Dat ik net fan deselde Hâld , aloan en alwei ? Ik bin lyk ik bin Sa bin ik makke , sa Wat wolle jo derta Wat wolle jo fan my Sa bin ik makke , om nocht Dêr kin ik neat oan dwaan Myn nullehakken te heech Myn mulle wulvet te steech Myn titten fierstente hurd En myn eagen swart omrâne En wat derta Wat sil it jim ' deare Ik bin lyk ik bin Ik beleavje wa ' t ik beleavje Wat sil it jim ' deare Wat bard is mei my Ja ik hie immen leaf Ja immen hie my leaf Lykas bern dy ' t leaf ha Sljochtwei witte te leavjen Te leavjen , te leavjen Wêrom dochs jo freegjen Ik bin der om jo te beleavjen Dêr kin ik neat oan dwaan .
Oare frije ynformaasjeboarnen binne der planteit . Dêr kinne jo sûnder beswier út helje wat jo brek binne . Sjoch mar ris op Openbare bronnen .
Studinteferiening Bernlef yn Grins hie tongersdei de wrâldprimeur foar de Fryske wii - games . Sy mochten keatse , fierljeppe , skûtsjesile en ringstekke op de spulkompjûter . De games komme oer in pear moanne yn de winkel . It bedriuw Grendel Games fan Ljouwert is noch yn ûnderhanneling mei . . .
De skûtsjes benammen wienen it ferfiermiddel oer wetter by útstek yn de Lege Lannen en waarden foar fan alles brûkt , fan it ferfier fan terpgrûn en stront mei it Fryske skûtsje oant persoaneferfier oer de Sudersee mei feartsjinsten as it Lemster fearskip .
Freed in soad bewolking mei út en troch n , mooglik mei tonger . De kustgebieten en aad sille de measte sinne krije . It wurdt ant 18 graden . De west , noardwestewyn atich oant frij krêftich . Foarútsjoch Sneon en fierder : Sneon lkt mei rein . De sinne komt der net echt h . It wurdt 17 oant 20 graden by in ge of krêftige wyn út it súdwesten . Snein wurdt it in moaie dei , mei 23 en . De sinne skynt en it bliuwt droech . dei en tiisdei binne ek simmerske dagen . n en fierder : Sneon bewolkt mei rein . inne komt der net echt troch . It wurdt 17 20 graden by in matige of krêftige wyn t súdwesten . Snein wurdt it in moaie mei 23 graden . De sinne skynt en it wt droech . Moandei en tiisdei binne ek erske dagen . Less
M . Andela , Studint Wageningen Universiteit , lid Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje , Wageningen
Meastentiids as jo in side hawwe dy fuort moat , kin dy side nei in better plak ferhuze wurde . Nim oan , immen skriuwt in fraai stik oer " Us Abe " . In stee fan dy side te wiskjen kinne jo better de titel feroarje yn " Abe Lenstra " . Sjoch Titels feroarje . As jo leauwe dat beide titels troch lêzers brûkt wurde sille , dan is it baas en meitsje in Trochferwizing fan de titel dy ' t net brûkt wurdt nei de oare .
Literêre jûnen yn de bibleteek Ferdinand de Jong sil syn publyk nei grutte hichten fiere , want syn nijste boek ' It dak fan de wrâld ' , giet oer berchbeklimmen . Douwe Kootstra slút dêr mei syn lêste reisferhaleboek ' Paradys oan de baai ' moai by oan . De muzyk by dit program is yn hannen fan trûbadoer Jaap Louwes . Sjoch hjirûnder wêr ' t dizze manlju komme .
Aardich wie , dat wy holpen waarden troch de grutste frijwilliger fan Fryslân . Man , wat wie dy keardel grut . Hy seach oer alles hinne en hy hifke mei gemak ús koffers op om se yn ' e karre te setten . De karre dy ' t wy achter de auto wei helje moasten , oars koe de karre troch it lytse steegje net by it doarpshûs komme . Doe ' t de karre wer nei de auto ta treaun wurde moast , sette Broer de reus foar del . ' Ik moast it swierste wurk dwaan ? sa wie syn kommentaar . Mar Broer , skerp as altyd sei : ' Fansels , mar do hast it lichem der ek foar . . . '
As jo útgeane fan 8 oeren sliep nachts , soe ik no al 2 oeren op bêd lizze moatte . Fannacht brek ik neffens my in persoanlik rekôr : om 02 . 15 giet de wekker om fan bêd ôf te gean ! Tsja , it moat net mâler wurde . . . Om de trije jier is der in Helgolân - treffen ( eilân midden yn ' e noardsee , sintraal tusken alle Fryslannen yn ) en alle kearen liket it foar my wer earder yn ' e nacht fuort te moatten . Hawar , it sil grif wer in machtich moai wykein wurde . Sa lies ik hjoed dat der in nije lânkaart makke is fan it hiele Fryske gebiet , en dat dy op Helgolân ek te keap is ! Goed nijs fansels . Ik wist dat de Ried fan de Fryske Beweging dwaande is mei in ynterfryske dikekaart , mar dit is perfoarst in boppeslach foar it Frysk tinken . Dy kaart soe fansels de faak âlde besteande steatsnasjonale kaarten yn de skoallen yn Fryslân ferfange moatte .
De libbensomstannichheden op ' e heide wiene doedestiids yn har jeugd frij barbaarsk . As bern wie Griet alhielendal ferwaarloaze ; hja koe pas mei seis jier rinne . Griet har heit wie foar de twadde kear troud en de trije bern út it earste houlik wiene de doar al út . Ut it twadde houlik kamen trije bern ; Ymkje , Geart en Griet . Mei Ymkje koe Griet it min fine , mar mei Geart des te better . Griet gyng as famke nei Aldegea nei skoalle , want fanôf it betonbrechje wie dat tichterby . Faak kaam hja sûnder iten op skoalle , want iten wie der net altyd .
Al hat er it altiten drok , as er oanskoot op it terras fan de Ljouwerter Ierske Pub is Laurens optein en tefreden . It measte wurk sit der dan ek al op . De rispinge fan moannen wurk oan ' It Langstme en de Dea ' presintearre er yn febrewaris yn Poppoadium Romein . En dat gie goed : de parse wie ynteressearre en it publyk benijd . Foaral de minsken fan de Popadakemy . " Dit projekt past goed yn de tiid en dat witte sy . Op ' t stuit wurde der ommers oeral op ' e wrâld yn de eigen taal nije dingen makke mei ynfloeden út oare kultueren . En om ' t ik de reputaasje ha fan in hurde wurker , waard der ek net lakerich oer dien . "
kinst it net litte gleone eagen oer de râne fan in fol glês reade wyn
Jaap Paauwe wurke earst yn it molkfabryk en waard letter bankwurker . Begjin jierren fyftich gier er as emigrant nei Súd - Afrika om dêr in nij bestean op te bouwen , mar nei sân jier kaam er ûnwennich werom .
' Do silst it net leauwe wolle , ' sei er , ' mar de kommende jierren wol ik myn soan opgroeien sjen en letter giet er mei ús op krústocht . '
Goeiejûn Swarte Kees Myn kompliminten foar it regeljen fan de ôfbylden goed wurk Gr , Wikiice 21 jun 2011 , 21 . 51 ( CEST )
It Nederlânske frouljusteam hat ûnder lieding fan trainer Gerben Wiersma in topprestaasje delsetten op it WK turnjen . De ploech einige yn Rotterdam ferrassend as njoggende . De ploech helle dêrmei krekt net de finale , mar it wie wol de bêste prestaasje as team sûnt it WK fan 2001 . Céline van Gerner fan Turnsintrum Hearrenfean einige as 19e en pleatste har dêrmei foar de mearkampfinale . Mei Suzanne Harmes en Joy Goedkoop wie Hearrenfean hofleveransier foar it team . Troch as njoggende te einigjen hat Nederlân him pleatst foar it WK folgjend jier yn Tokio . Dêr kin de ploech him dan wer pleatse foar de Olympyske Spelen . Céline van Gerner is ek nochris earste reserve foar de finale op flier . Se einige krekt as njoggende wylst de earste acht meidogge oan de finale . Joy Goedkoop einige yn de mearkamp as 33ste . Suzanne Harmes , dy ' t lid is fan Turnsintrum Hearrenfean , mar dêr eins nea turnt , einige as 39e .
Op ' e Hichte is al sûnt 1982 de doarpskrante fan Burchwert . Sûnt 2001 docht it doarp Hichtum ek mei . De mienskiplike krante hjit sûnt 2001 Op ' e hichte fan Burchwert en Op ' e paad troch Hichtum . It pjutteboartesplak hjit It Klimmerblêd . Sûnt it it begjin fan de doarpskrante binne der in oantal rubriken dy ' t faak weromkomme . Dit binne bygelyks " Yn petear mei . . . " , Nije Bewenners en Wisten - jo - datsjes . Meardere ferienings ha steefêst harren eigen side . Op ' e hichte ferskynt fjouwer kear yn it jier , yn in oplage fan 190 stiks .
Yn de oarlochsjierren kamen der in soad evakuees nei Fryslân en dus ek yn Burchwert . De roomsk - katholiken sochten nei in mooglikheid om tichter by hûs tsjerketsjinsten hâlde te kinnen . Men koe nei Boalsert ta , mar troch de situaasje wie sokss net altiten fertroud . Yn de oarlochsjierren waarden roomske tsjinsten hâlden yn de konsistoarje of by misnken thús , mar de langsteme nei in eigen tsjerke waard grutter . Yn 1950 is begûn mei de bou , de nije tsjerke hie in kapasiteit fan maksimaal 100 persoanen . Yn de begjinjierren sit de tsjerke fol , letter rûn dit werom nei 50 á 40 persoanen . Sûnt 2000 wurdt der net mear preke en is it gebou te keap setten .
Fanwege de lanlike politike ûntwikkelingen is der in soad omtinken foar dizze ferkiezings yn de weryndielingsgemeenten . De lanlike media pikke it nijs oer it súkses fan de FNP rûnom op .
De gemeenteried hat koartlyn besletten om in stimwizer foar Smellingerlân meitsje te litten om de kiezers hâldfêst te jaan by de gemeenteriedsferkiezings fan 3 maart . Dat barde op inisjatyf fan de FNP - fraksje yn de ried . Yn de tariedende gearkomste foar de stimwizer waard ek de frysktalige ferzy fan de stimwizer troch de makker fan de stimwizer beneamd . " No ' t op de útfiering oankomt , binne der blykber partijen dy ' t net wolle dat wy in stimwizer meitsje dy ' t ek rjocht docht oan de frysktaligen yn ús gemeente . Yn oare gemeenten lykas Ljouwert en Tytsjerksteradiel is wol keazen foar in twatalige stimwizer " .
Nuver dat de Natoerkostwinkels noait neamd wurde op ditsoarte fan listkes . Sy hawwe fansels biologyske griente en fruit sûnder fergif ! In goed alternatyf . Of yt fan jo eigen túntsje . Neat mis mei .
Trije lieten foar alt of baryton mei pianobiglieding ; op muzyk set fan Th . Lambooij . Ljouwert , Fedde Dykstra , 1952 .
@ njirre : wat hewwe jo tsjin it Klôifrysk ? it spyt my al , mar ik fyn sa ' n útspraak dy ' tsto dochst sa stompsinnich ! Woest wriuwing krije yn ' e Fryske mienskip troch harren op de ferskillen te wizen ? ? Nuver , hiel nuver . Ik fyn it no krekt moai dat wy net ien standert hewwe . Datsto ' bole ' en ' genooch ' seist ynstee fan it skreaune ' bôle ' en ' genôch ' , ik begryp dy , ik ferstean it , en dan is dat dochs prima ? ? En sa bot wykt it net ôf . Wêrom soenen je net mear ferskillende útspraken en wurden hewwe meie yn ien taal ? Wêrom moat alles unifoarm wêze ? Datsto it oer in ielebij hast , bêst , mar ik hâld it by waps !
De Samtgemeinde kent in eigen gemeenterie , dy ' t út 31 sitten bestiet . Ien dêrfan is op grûn fan syn amt reservearre foar de boargemaster .
By de ôfdieling Frjentsjerteradiel moetsje Gea en Anna Martha inoar op de ledegearkomsten , yn de skaadfraksje en wurkje se tegearre oan de hiemside . Se hawwe in hiele nije side makke - http : / / www . fnp - frjentsjerteradiel . nl / - en binne dêr dan ek tige grutsk op !
De help dy ' t de opstannelingen fan de Frânske kening krige en fan Elizabeth I fan Ingelân ( dy ' t Leicester mei troepen stjoerde ) , smiet neat oars op dan nije ûnienigens . De Steaten - Generaal fan de opstannige gewesten erkenden net nochris in frjemde as soeverein foarst . Dermei wie de selsstannigens fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen yn 1588 in feit wurden . Fanôf dat stuit is de opstân in oarloch tusken de Republyk en de Spaanske monargy .
Op it heden ( 2007 ) hat de feriening mear as 300 leden :
FEIJTSMA , JAN JANS to Kollum is 43 jier en berne to Lutjegast .
Sûnt de Grykske Aldheid hâlde filosofen harren al dwaande mei fragen oer deugdsumens en rjochtfeardigens . Om bepaalde problemen te ferhelderjen hawwe lettere filosofen faak werom grypt op earder makke etyk . Yn de filosofy is it in tradysje om petearen te hâlden dêr ' t men de eigen stânpunten konfrontearret mei de oaren . Op dizze wize komme morele oerienkomsten en ferskillen oan it ljocht , dat helpt by de bestudearring fan de moraal . Dêrom bestudearje etisy noch hieltyd de moraal en it wrâldbyld fan Aristoteles ( dat wezentlik oars wie as dat fan distiid ) om ' t dêrnei mei him in petear oan te gien . De wichtichste etikus út de 19e ieu , John Stuart Mill reagearre op Jeremy Bentham en op Immanuel Kant . Op syn bar wurdt Mill wer kritisearre troch John Rawls . It komt der op del dat yn de etyk net allinnich besocht wurdt in ûnôfhinklike teory te meitsjen , mar ek eardere doelen te kritisearjen en der kommentaar bop te jaan .
Om sichtber te meitsjen dat Frysktalige pasjinten harren memmetaal brûke kinne , wurde alle dokterspraktiken yn Fryslân útnoege om oan de aksje mei te dwaan . Dat bart yn de foarm fan it fergees oanbieden fan in pakket mei it boekje ' Tomke nei de dokter ' , in poster fan Tomke , it tydskrift Heit & Mem en de Praat mar Frysk opblaaslip ' mei in tútsje fan Doutzen ' . Njonken dy materialen dy ' t allegear yn de wachtkeamer in plakje krije kinne , kinne alle dokters harren lytste pasjinten ek meidwaan litte oan de Tomke kleurplatewedstryd . Oan de ein fan de aksje sil op 18 maaie 2011 by de dokterspraktyk yn Balk de priisútrikking plakfine .
De haadpunten yn Hjoed fan woansdei 13 oktober : * Steaten beprate miljoene - besunigings * Listlûkers Súdwest - Fryslân fûl yn debat * Blauhûs hat tûkste skoalklasse fan Fryslân
Hieronder vind je de links naar weblogs die verwijzen naar WOANSDEI 5 JAN : 18 : 55 :
Dit bericht is geplaatst op om februari 9 , 2011 door 7 : 16 pm en is geplaatst onder Uncategorized . You can follow any responses to this entry through the RSS 2 . 0 feed . Je kunt een reactie achterlaten ; of een trackback van je eigen site .
As riedslid haw ik yndertiid in soad kontakt hân mei in De Jong út Kammingabuorren ( Uilenburgstate ) . Dat nei oanlieding fan it net neikommen fan bestimmingsplan - bepalingen yn in lyts part fan it Griene stjer gebiet fan Ljouwert . It is sa dat dêr in iepen en sljocht terrein komme soe , mar it omkearde ûntstie : allegear boskjes en bulten . It frije útsjoch wat de minsken earst hienen en wat fêstlein wie yn it bestimmingsplan is fuort . Op in bepaald stuit hawwe wy dêr ek fragen oer steld en in diskusje oer hân yn ' e gemeenteried . Ta in útdragen saak is it nea kommen . De kolleezjepartijen wienen it wakker iens mei de wethâlder en dan slane jo gjin dûk yn in pakje bûter ek al stiet it gelyk oan jo kant . Mar , no al wer jierren letter spilet it bestimmingsplan fan it Griene stjer gebiet en de man grypt no syn kâns . Rjocht sette wat net doogd . Om ' t er by amtners , bestjoerders en gemeenteried nul op it rekest krigen hat , tsjinnet hy no in klacht yn tsjin de gemeente Ljouwert by de VROM - ynspeksje . Hy hat my jûn belle en op ' e hichte steld . It is neffens my in goede saak dat boargers oanhâlde as storein as se yn har rjocht steane . Ik bin benijd hoe ' t it no ôfrinne sil . . .
YNSTRUKSJEFILMS Ast mei dyn mobile tillefoan omgean kinst , dan kinst ek navigearje mei Nav4All . Wy dogge it efkes foar , sadatst op dyn eigen tastel oefenje kinst .
Dina Medina , Nynke Laverman en Fabia Rebordao in De Doelen op 23 December 2008
Njonken syn medyske wurk wie Pfeiffer ek botanikus : hy kweekte ferskate seldsume planten dy ' t er ek skildere . Der binne yn de bibleteek fan Wiesbaden mear as 2000 akwarellen fan syn hân bewarre bleaun .
Posted at 07 : 22 PM in Koart Nijs | Permalink
Ek yn de jierren dêrnei waard It Fean kampioen . Doe ' t yn 1945 Anton Dalhuysen fuort rekke waard hy koart opfolge troch Otto Bonsema , mar dat wie net in súkses . Noch dat selde seizoen , 1945 / 1946 kaam Abe Lenstra foar de groep te stean . Under Lenstra slagge de ploech der dochs wer yn kampioen te wurden . Lenstra waard yn 1947 opfolge troch Piet van der Munnik .
Ik bin noch hieltyd oant sykjen nei de toan . It mei om my wol wat grimmitiger .
Alian Akkermans , projektkoördinator meartaligens yn ' e soarch fan de Afûk , leit út wêrom ' t sa ' n aksje wichtich is : ' Yn de húsdokterspraktiken yn Fryslân komme in soad Frysktalige pasjinten ; mear as de helte fan de Friezen praat fan hûs út Frysk . Pasjinten stelle it yn it algemien op priis wannear ' t sy yn harren memmetaal terjochte kinne by de dokter . It jout selsbetrouwen en skept in bân . '
Mei de foarljochtingskampanje " Rom baan foar berikberheid " wol de gemeente safolle mooglik omtinken jaan oan de ynfrastrukturele wurksumheden . It ferbetterjen fan de berikberheid fan Ljouwert is in spearpunt fan it gemeentlik Ferkears - en Ferfiersplan ( GVVP ) . Mei de útfiering fan ûnderhâldswurksumheden en de oanlis fan nije ynfrastruktuer wol men hjirmei berikke dat Ljouwert ek yn de takomst berikber bliuwt , dat men maklik en fluch it paad fine kin en dat der genôch parkearplakken binne . Yn 2007 is der in twadde gruttte parkeargaraazje yn it sintrum by komd , ûnder it Aldehoustertsjerkhôf .
Om ende by 1780 begjint men yn Parys de bou te feroarjen : men wol mear folume hawwe , dus moat de spanning fan ' e snaren heger wurde . Om dy reden begjint men de hals en de toets langer te meitsjen en set de hals yn in lichte hoeke tsjin de kast oan . Ek begjint men de hals yn te litten yn it boppeste halskloske , sadat de hals mear spanning hawwe kin . Under it boppeblêd siet fan âlds de sjongbalke , in balkje fan sa ' , 23 cm lang , om ende by 7 mm dik en sa ' n 8 mm heech ; dizze sjongbalke makket it boppeblêd sterker en ferspriedt it lûd oer it boppeblêd . Dizze sjongbalke waard no langer makke , oant 27 cm ta , dikker en heger , wol oan 12 mm ta . De toets waard no ek makke fan ebbehout , sûnder wigge . De kaam waard ek wat heger makke . Troch dizze feroarings klonken de fioelen lûder en koene de nije iepenbiere konsertsealen better bespylje . Sa ' n fioele neamt men in " oergongsfioele " .
Bylden is Kuiper izersterk yn . Dat is mar goed ek want it binne - mear as ritme en klank - de stiennen dêr ' t er fersen mei bout . Hjir kinne proaibisten út de aorta wei trêdzje , hat in bloedbear kwaliteitsklauwen , hawwe rôvers pur sang evoluearre gryp - en snijark , wurdt socht nei de betsjutting fan it ûnstoflike kowesjen , bout immen in lichtpapieren kolibrynêst en wurde nachtskonken oan ' e benaude souder plakt . Sterke , orizjinele , eigen bylden , dy ' t faak opboarrelje op it snijflak fan minsk en bist .
Adriano Emperado is it haad fan fijf fjochtskeunstners , dy ' t kajukenbo - it systeem fan selsferdigening - útwurke hawwe .
Dat kloppet hielendal ! Ik ha myn jeugd yn Limburg trochbrocht . Myn heit en mem praatten yn é hús Frysk tsjin ús en wy moesten bûten de doar ús mei it Nederlands rêdde . Doet wy wer werom nei Fryslân giene , wie Frysk gjin stroffelblok foar ús allinne de sjongende klank siet der yn . It is no sa dat ik ik my hiel skoan rêdde kin . Mei te tankjen oan myn âlders dy ' t altyd Frysk tsjin ús praat ha .
De Urker boargemaster hie de Twadde Keamerleden útnoege om ' t er lulk wie dat de oerheid wol feroarings trochfiert yn de drank - en horekawet , mar gjin middels beskikber stelt om dy te hanthavenjen . ' Ik as boargemaster moat aanst tefoaren komme dat de jongerein ûnder de 16 jier alkohol drinkt , mar ik krij der gjjn middels foar . '
Dyn gedachten oer de digitale moochlikheden lieten my tinke oan in nijsberjocht in skoft lyn . In keunstner dy ' t de moderne tiid op syn eigen manier koppelt oan religie . http : / / www . nu . nl / opmerkelijk / 1925697 / kunstenaar - opent - telefoonnummer - van - god . html
It Sloveensk hat 21 konsonanten en 8 fokalen .
FNP senator Hindrik ten Hoeve heakke dêr yn syn taspraak op oan . Hy sei dat it byld fan it gedooch - regear yn De Haach it byld bepaald dat de wrâld fan Nederlân en dus ek fan Fryslân hat . De FNP is no sichtber oanwêzich yn de Earste Keamer . ' In stim foar de FNP is in stim foar Fryslân , yn ' e Steaten en yn de Earste Keamer '
Mei wat flibe poets ik de diggel nochris op en stek him gau yn ' e bûse . Dy sil ' k bewarje as wie ' t goud . No gau hjir wei , nei bûten om te sykheljen .
Om - ende - by de helte fan de befolking fan Kameroen wennet op it plattelân , de oare helte yn stêden . Yn totaal libje der 230 etnyske groepen yn it lân , dy ' t alle har eigen dialekt sprekke .
Omrop Fryslân hat mei yngong fan moandei trije novimber in nije programmearring . Der is mear nijs , mear sport en der komme nije programma ' s . Fierders wurdt tenei útstjoerd op breedbyldformaat en it nije logo sil altyd yn byld stean . It televyzjesjoernaal Hjoed hat ferskate edysjes , te begjinnen . . .
It wie noch mar de earste omloop foar it sjongfestival foar bern , mar dochs wie it al tige spannend foar de bern . De earste omloop waard tongersdei hâlden op De Jouwer . It gie ek net allinnich om it sjongen , ek it uterlik spile in rol . . . .
FNP , Grienlinks en SP hiene in ynterpellaasje oanfrege oer de ynformaasjefoarsjenning troch it Kolleezje oer de REC ôffaloven fan Omrin yn Harns . Deputearre Adema waard nei in grut tal fragen yn in fûl debat oansprutsen op syn oanpak fan de kommunikaasje . De deputearre joech ta dat hy fouten makke hie en dat it dêrtroch allegear net better wurden is .
Neffens NRC Handelsblad hat no bliken dien dat Nederlân de FS fia in efterdoar de gelegenheid jûn hat om SWIFT - gegevens út Zoeterwoude op te freegjen . De Twadde en Earste Keamer karre nammentlik in rjochtshelpferdrach tusken de FS en Nederlân goed . Dêr stiet yn dat beide lannen ynformaasje útwikselje sille dy ' t helpt by it oplossen fan strafsaken . De folksfertsjintwurdiging hie lykwols net yn ' e rekken dat dat ek wer de mooglikheid foar de FS iepene om yn Nederlân gegevens fan SWIFT út Zoeterwoude op te freegjen . Neffens NRC Handelsblad komt dat mei trochdat it frij ûnbekend is dat de SWIFT - kompjûters yn Nederlân steane .
It haadplak wie Grou , en de oare doarpen yn de gemeente wienen : Eagum , Idaerd , Reduzum , Warstiens , Warten en Wergea .
' Krekt , sit it sa , ' sei buorman en doe : ' no , dan kin ik jo noch wat fertelle . Ik wenje yn de Sydparken , in nije buert , jonge húshâldings , hast allegear eigen huzen , dat arbeidersfolk fine jo der net . . Mar op de skoalle by ús yn de wyk ha se in luzeplaach . Us buorwyfke hat it myn frou sels ferteld , hja sit yn de âlderkommisje en se hie der noch wille om ek . Twa bern en allebeide ûnder de lús . Se wist earst net iens hoe ' t in lús der út seach , mar doe klaude se de bern yn it hier om en dêr wienen se . Mar ja , hoe giet soks yn dy jonge húshâldings . Beide der út te wurkjen , man en frou , want se moatte in auto ha en leafst ek noch in karafan en fansels in gouden tek op it hûs . Sokke bern moatte harren mar rêde , mem sjocht se noait even achter de earen , lit stean fan yn it hier . Twa katten yn ' e hûs en in grouwe hûn , húshimmelje ha se noait fan heard en wierje hoecht ek net . En dan fine se it mar frjemd dat de bern ûnder de luzen sitte .
Der binne twa ferskillende sêgen dy ' t oer Leif Eriksson ferhelje , de Sêge fan Erik de Reade en de Sêge fan de Grienlanners . De Sêge fan Erik de Reade waard earder as de âldere en histoarysk meast betroubere beskôge , mar no wurdt dat fan de lêste ferûndersteld .
It skip , de Godafoss , wie mei goed fjouwerhûndert konteners oan board ûnderwei nei it Noarske Frederikstad doe ' t it justerjûn hingjen bleau op in rots yn it natoergebiet Ytre Hvaler , op ' e grins fan Noarwegen en Sweden .
Hy jaget de dyk lâns as eartiids en it giet der sa fan troch , dat de
Wittenskippers tinke al lang dat de amygdala ek in wichtige rol spilet yn de sosjale kontakten tusken minsken . In groep Amerikaanske ûndersikers ûnder lieding fan de psychologe Lisa Feldman Barrett fan de Northeastern University yn Boston woe wolris witte oft de omfang fan de amygdala ek bepaalde hoe sosjaal oft de persoan mei dy amygdala no wie .
En hjir folget in list fan lieten mei bekende meldijen :
Rekreaasjeseal It Bopperom is in gesellige seal mei in protte hout en mei in piano , bar , tv en in lûdsynstallaasje . As jo trochklikke nei de programma ideeën foar groepen , dan fine jo faaks in goed idee . En wa ' t ferdivedaasje siket yn Hoarne : it ferneamde muzykkafee mei de eilanner sjonger Hessel is net fier fan de Folkshegeskoalle .
In oar gefal wie it dûmnysreizgjen . Stie der earne in dûmny dy ' t preke nei ' it hert fan Jeruzalim ' , dan kamen der út fiere omkriten wei minsken om dy dûmny te hearren .
By de 6e tocht sette op 22 maaie 1227 in Fryske float ôf fan it eilân Borkum , dat in protte dielnimmers ferlear troch in stoarm .
It jit al mear minska hiere . Myn skrifta tein an , ja ! Lit ik for ala nuwa lesenda dendei ynn aldn oyrsettin jeon . Yn fien Nyjrlansk lied hein ik ourset , woardlik wan det meilik wâr , ak net sonr riem ojt rytme . Sing mej ! Pastorale myn himl blá , mej golden halla , myn wollartour , ieskristalla , kometa , mona end [ . . . ]
Foar ' Simmer yn Fryslân ' wurdt it earste part fan it Jabikspaad rûn , fan Sint Jabik nei Hasselt . Alle dagen binne twa ferslachjouwers op ' n paad , mei twa gasten . Moandei 2 july waard der rûn mei Foppe en Geke de Haan en harren freonen Tjeu en Annet Seeverens .
Stiet yn de Ljouwerter fan sneon . It is myn ynterpretaasje fan de reden dêr ' t minsken harsels de dea oandwaan wolle . Omdat se net leauwe yn it libben .
De berch waard wrâldferneamd doe ' t de berch it libben fan de Britske hurdfytser Tom Simpson easke . Hy ferstoar op 13 july 1967 troch in sinnestek dy ' t hy oprûn troch in kombinaasje fan faktoaren wêrûnder útdroeging ( troch in tekoart oan drinken en diarree ) , amfetaminen en alkohol , al wurdt der ek hjoed de dei noch figelearre oer de oarsaak fan syn dea . Simpson begûn breed te slingerjen oer de dyk krekt foardat hy foel . Hy waard dwylderich en frege omstanners om him wer op ' e fyts te krijen . Simpson wist oant 800 meter fan de top te kommen , foar hy dea del foel . Amfetaminen waarden yn syn shirt en bloed fûn . Der is in tinkstien deunby de top dy ' t ta in hillich plak foar hurdfytsfans wurden is . Yn 1970 reed Eddy Merckx himsels hast oan ein doe ' t hy de etappe nei de Mont Ventoux wûn . Hy krige soerstof tatsjinne , ferhelle himsels en wûn de Tour . Yn 1994 wist Eros Poli sa ' n grutte foarsprong op te bouwen yn it begjin fan de etappe dat hy , nettsjinsteande syn minne klimkwaliteiten , de berch as earste oer kaam , wylst hy in minút de kilometer ferlear berch op , en de etappe winnend ôfsleat . Yn 2009 waard de lêste kear yn de Tour de France de Mont Ventoux op riden , de Spaanske Rabobank - fytser Juan Manuel Gárate kaam as earste oan op de top .
Nei Fulda wie ek sa ' n prachtige tocht . Dêr prate we noch faak oer mei in protte nocht ! Mei de Mearumers yn ' e bus der hinne , En sa laitsje , dat de triennen je oer de wangen rinne . De minsken yn Fulda hienen in prachtich feest organisearre , En it bier en de slokjes moasten fansels ek net bedjerre . . . " Fulda - eachjes " , dy útdrukking kaam dêr op ' e lappen en je moatte eins mei west ha om dat te snappen .
Meint Wiegersma ( 1888 - 1984 ) wie in foaroprinner . Dizze skoalmaster út Skarsterbrêge ( 1908 ) en De Hoarne op Skylge ( 1911 - 1919 ) hie dr . Botke as eksaminator natuerlike histoarje foar syn haadakte hân en sa rekken hja befreone . Wiegersma joech letter oant 1953 ierdrykskunde en natuerlike histoarje oan de Ryks HBS yn Drachten . Yn 1929 waard hy mei - oprjochter en earste foarsitter ( oant 1965 ) fan It Fryske Gea . Hy ferlei syn wurkkrêft hast alhiel nei de natoerbeskerming en de geakunde yn Fryslân en skreau û . o . haadstikken dêroer yn de ' Encyclopedie van Friesland ' ( 1958 ) . Hy wie ek foarsitter fan it geakundich wurkferbân fan de Akademy en brocht ferskate kartografyske projekten op gong . Syn plantesamling joech hy al gau oer oan
Dy Fryske spraak it is mij neat Derfoar bin wij te geleard Ús bern leare no it A . B . N . Je kin dat sa wol oan har sjen .
' Ik heb dankzij jou de halve morgen onder het bed gelegen , ' hippele syn snor . Allinnich pake moast even laitsje , heit seach earnstich .
Erik Yperlaan , foarsitter fan it direkteureoerlis fan TechniekTalent . nu : " Ik sprek myn wurdearring út foar it inisjatyf fan bedriuwslibben en skoallen dat de grûnslach wie foar duorsume gearwurking ûnder de flagge fan TechNet . Mei mar ien doel : mear jongerein ynteressearje foar in baan yn de technyk . En dêr is in soad ferlet fan . It technysk bedriuwslibben is sterk fergrize , in soad wurknimmers geane de kommende jierren mei pensjoen . As de ekonomy wer oanlûkt , komme wy mei grutte personielstekoarten te sitten . Jonge oanwaaks is dus fan libbensbelang foar de bedriuwen . "
Minsken leauwe dus ûnsin . Wêrom soe dat slim wêze ? De auteurs jouwe in stikmannich foarbylden . In rjochter of in rjochtbanksjuery kin bygelyks in fertochte feroardielje of frijsprekke op grûn fan in tsjûgeferslach . Se nimme dêrby oan dat it ûnthâld fan in goedmienende tsjûge betrouber is . Dat is net sa .
Download XML • Download text