fry-29
fry-29
View options
Tags:
Javascript seems to be turned off, or there was a communication error. Turn on Javascript for more display options.
och och olwer oan de drank ! haha prachtig ! leuk dot imke dr is foar dy famke !
De Kliuw is in buorskip yn de himrik fan Hidaard de gemeente Littenseradiel . De Kliuw leit op it krúspunt fan de Tsjêbingadyk en de Middelseedyk besuden Hidaard .
It skodzjen yn ' e midden sieddet dêr de brutsen muorre , brânend tek en toer en Agamemnon dea . Sa yn beslach nommen , sa brút bemastere troch it bloed dat boppe siet hat sy syn kennis mei syn macht fernommen foar ' t de ûnferskillige bek har falle liet ?
Montego is a 2004 colt by Heinse 354 Sport out of Marijke Nynke ( Jasmine ) , and Montego resides in California at last record check . Jasmine , Stam 50 , is a very forward moving Friesian that I hope to breed to Mintse 384 Sport , Stam 25 , in the near future ; this will be her 5th foal . Mintse is a . . .
. . . ren is by it skûtsjemuseum yn Earnewâld wurke oan de replika . It skûtsje is augustus ferline jier te wetter litten . De Aebelina hat foar de feartsjinsten noch in nije farvelaach krigen . . . .
As der opslein wurdt by it dûbeljen , dan moat de maat fan de opslagger him bûten it spylfjild opstelle mei ien foet links en ien foet rjochts fan de opslachmarkearing . Hy mei it fjild pas ynkomme as de opsleine bal , fan de muorre weromkommend , him foarby is .
WURK De wurkgroep giet rêstich syn / har gong . Dat moat ek , want it is fansels wol in spul fan lange azem . Yn ' e foarige LP ha we jim sjen litten , wêr ' t yn dit doarp plakken binne om bedriuwichheid op te setten ( ynventarisaasje ) . Want it nije streekplan seit , dat je earst yn it doarp sjen moatte en as it dêr absolút net kin , dan kin der tocht wurde oan " rânebebouwing " Mar dan " ien - foar - ien " Op foarrie mei net ! Dus gjin bedriuweterrein . We prakkesearje oer twa saken : 1 . In DOM ( doarpsontwikkelinngsmaatskippij ) mei in " doarpsmakeler " , Immen , dy ' t minsken en saken by elkoar bringe kin . 2 . It opsetten fan in pilot " plattelânsekonomy " yn ' e mande mei de gemeente , de provinsje , plattelânsprojekten , Doarpswurk , e . o . Se binne allegearre tante ( frege ) en se wolle yn prinsipe wol . No , wa wit .
De oaren , Ria freondinne fan Eelke ( Tietsia Wentink ) , Wytske de frou fan Arjen ( Dorothé Gorter ) , Jenny dochter fan Eelke ( Gerda Baarda ) en se frijt mei Jelmer , soan fan Arjen en Wytske ( Jelmer Salverda ) . Foar Jelmer wie it de earste kear dat hy op ' e planken stie , hartstikke goed !
Op 24 augustus 2006 waard op it 26ste kongres fan de IAU yn Praach beslist dat in planeet in objekt is dat troch syn eigen swiertekrêft rûn is , yn in baan om de sinne draaie moat en de omjouwing fan yn baan skjinfage hawwe moat fan oare objekten . Pluto foldocht wol oan de earste twa betingsten , mar net oan de lêste . Dêrtroch ferlear Pluto syn status fan planeet , in status dy ' t hy 76 jier lang fiere mochten hie .
Want wat wie bard : Sven Kramer hie de 5 km wûn , syn fjirde nasjonaal kampioenskip . Syn tiid fan 6 . 20 . 71 wie de bêste seisoentiid . Werom gie it sjoernalistieke wrâldsje dan sa út ' e skoreven . Sven lei mar in dikke twa sekonden foar op Bob de Jong ( dy ' t neffens my noch nea sa ' n goede 5km riden hat yn dizze fase fan it seisoen ) . De hiele wrâld dondere yn elkoar , Sven foel ynienen fan it fuortstik . It liket wol at it it moaiste is at ien de ferwachtings op Olympysk goud net wier meitsje kin .
literatuer Arjen Versloot en Reitze Jonkman , Tusken talen ( Ljouwert 2008 ) . Provinsje Fryslân , De Fryske taalatlas 2007 . Fryske taal yn byld Oebele Vries , ' Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal ' . De verdringing van het Fries als schrijftaal door het Nederlands ( tot 1580 ) ( Ljouwert 1993 ) . P . Sipma , ' Hoe de Friezen spreken ' , yn : J . H . Brouwer , Encyclopedie van Friesland ( Amsterdam - Brussel 1958 ) 40 - 50 .
Doe ' t skoanmem it hjir yn Canada hearde hie dy al fizioenen dat se har man en soan achter slot en grendel hiene , en miskien wol noait wer sjen soe . En wat moat er dan fan dy fjouwer bloedsjes fan bern fan Walter groeije ?
Foar de westlike en in part fan de súdlike grins is de Ryn beskiedend . It Swarte Wâld is it berchlân wat beëasten de Ryn leit . Baden - Wúrtemberch dielt de Bodensee en de Alpen mei Switserlân . De Donau rivier begjint yn Baden - Wúrtemberch deunby Donaueschingen .
Aanst om njoggern oerem is der in proses tsjin fjouwer minsken út Fryslân . It b in earnstige misdiedigers , se ha swiere misidieden op har konto stean . Se kin wol in starf fan sa ' n seis jier krije . En tbs is net hielendal útsluten .
Toon video in popup - venster Download Inpassen Pas deze video in binnen uw website Ferhaal Hilbrand en syn ien jier jonger suske Fardou wenje wat ôfhandich op in pleats bûtenút . Heit wol dat se mei sport grutbrocht wurde , mem set se op it spoar fan de keunst . Heit en mem ha net sa ' n goede relaasje , en de bern lûke nei elkoar ta om feilichheid by elkoar te finen . It ferhaal wurdt ferteld troch Hilbrand . Yn syn middelbereskoalletiid wurdt er ferlyfd op Fardou . Hy pakt der mei om en kin fansels neat skine litte . Allinne syn pake , dy ' t net mear prate kin , fertelt er it oan . ' Ik dooch net , pake . Wier net . Om ' t ik ferlyfd bin op it himmelste en leafste fanke fan de hiele weareld . Dêrom dooch ik net . Pake begrypt net wêr ' t ik my sa drok oer meitsje ? Mar ik bin ferlyfd op ús Fardou . Myn suster . ' No moat ik ophâlde , oerein gean en de doar achter my tichtdwaan . Mar de hikke is fan ' e daam , ik kin de wurden net keare , readgluorjende koallen op ' e tonge . As Fardou troch in tafal te witten komt wat hy foar har fielt bekent sy dat se foar him itselde fielt en krije se in ferhâlding . Tagelyk besykje se heit en mem by elkoar te bringen . Foar in skoftke slagget dat . mar har fjouweren hawwe se in moaie en heftige fakânsjewike op it Amelân . Heit en mem fermoede neat fan wat der tusken har bern spilet . As it libben syn deistige patroanen wer fynt , fernimme de bern dat se hyltyd mear trúkjes betinke moatte om gjin erchtinken te jaan . Fardou is dêr de meast resolute yn , Hilbrand is banger oanlein en folget har . As heit en mem op ' en nij spul krije en Hilbrand der mei ompakt , lûkt Fardou de konsekwinsjes : ' . . . Wy ha ús bêst dien . Se sille it sels útsykje moatte . ' Fûleindich kriich se my by ' t hier . ' It docht sear , mear as ik dy sizze kin . Mar ik fernim ek dat it hyltyd minder belangryk wurdt . Mear en mear draait it allinne om ús . Harkest ? Om ús . ' Pine en passy kleuren har gesicht . Myn gesicht . Dy ûnierdske skientme fan wat tsjuster en tagelyk ferheven wie . As fan ingels . Swarte ingels .
Willem kundicht oan , dat er op bêd giet . Hy wol moarnier mei heit by de fûken lâns .
Slideshow van Friesland met het Fries Volkslied gezongen in 4 coupletten door Anneke Douma . Lyrics : Frysk bloed tsjoch op ! Wol no ris brûze en siede , en bûnzje troch ús ieren om ! Flean op ! Wy sjonge it bêste lân fan d ' ierde , it Fryske lân fol eare en rom . Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn â . . .
Nieuwe Friese titels It Gysbert Japicxhûs , Boalsert . Gearst . Swaantsje IJsselstein . Poëzij op ' e planken : 105 gedichten om foar te dragen . Afûk , Ljouwert . Gearst . en ynl . . . . [ út it Ingelsk ] : Hedzer Sake Oostra ; Oarspr . titel : Leaves of grass . top . toneel . Albee , Edward , Hertstear : ballade fan leafde en . . . www2 . tresoar . nl / listnijwurk / list . php ? j = 2007 & t = nl - 25k - 17 - 6 - 2011 Ljouwert Fryske oers Friese yn troch Yll Tomke Marista Willem Auck foar Easterwierrum nieuwe Vries Luuk boek Leeuwarden oer myn
It Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum leit op in lângoed yn Naarden , yn de bosken tichtby de Goaimar . It wurdt besocht troch minsken út alle lannen fan de wrâld .
Krekt doe ' t der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren , stûke de kultuergroei yn Sina . Jeropa waard konkurrint fan Aazje op it mêd fan wittenskip en technology . Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa .
In soad sporters hawwe it smoar yn mei waar . Dit jild net foar de manlju en lju dy ' t snein meidien hawwe oan it rlânsk Kampioenskip bikkel survival run . s troch sleatten rinne en krûpend troch lubber geane de dielnimmers oer ferskate ernissen . Yn de heechste kategory de . More
157 . Mentiri . - Tink derom ! - Hy sint op wat om : aansen sil er in leagen klear ha . Dat is in trep fan kultuer dêr ' t hiele folken op stien ha . Tink ris ta wat de Romeinen mei ' mentiri ' útdrukten !
Fan oarsprong falt Achtkarspelen ûnder de Gouw ( it goa ) fan Humsterlân .
Freedtemiddei 13 novimber skreau er in briefke foar syn frou ( dy ' t middeis in skoft op bêd gie ) dat er nei de kapper gean soe . Hy rûn in skoft yn ' e stêd om en hat ek noch yn Goutum west . Earne oan ' e Potmarge fûn er in roeiboatsje en dêrmei is er it wetter opgien .
am ferrassend as njoggende . De ploech helle dêrmei krekt net de finale , mar it wie wol de bêste prestaasje as team sûnt it WK fan 2001 . Céline van Gerner fan Turnsintrum Hearrenfean einige as 19e en pleatste har dêrmei foar de mearkampfinale . Mei Suzanne Harmes en Joy Goedkoop wie Hearrenfean hofleveransier foar it team . Troch as njoggende te einigjen hat Nederlân him pleatst foar it WK folgjend jier yn Tokio . Dêr kin de ploech him dan wer pleatse foar de Olympyske Spelen . Céline van Gerner is ek nochris earste reserve foar de finale op flier . Se einige krekt as njoggende wylst de earste acht meidogge oan de finale . Joy Goedkoop einige yn de mearkamp as 33ste . Suzanne Harmes , dy ' t lid is fan Turnsintrum Hearrenfean , mar dêr eins nea turnt , einige as 39e .
195 . De Joaden - in folk " berne foar de slavernij " , lykas Tacitus en hiele antike wrâld seit , " it útferkarde folk ûnder de folken " , sa ' t se sels sizze en leauwe - de Joaden ha dat keunststikje fan ' e omkearing fan ' e noarmen en wearden ta stân brocht dat makke dat it libben op ierde in pear milennia lang in nije en nuodlike ferliedingskrêft krige : - har profeten ha " ryk " , " godleas " , " kwea " , " gewelddiedich " , " sinlik " gearraand en foar de earste kear it wurd " wrâld " as skelwurd omwurdearre . Yn dy omkearing fan wearden ( dêr ' t ek by heart dat it wurd " earm " as synonym foar " hillich " en " freon " brûkt wurdt ) leit de betsjutting fan it Joadske folk : mei har begjint de slaveopstân yn ' e moraal .
- Leave , ik wol gjin nije jas . De lêste hat my min foldien . Dat ding siet gjin waermte oan . Ik leau net , dat der optheden in goede jekker to keap is . It is allegear ketoen en nijlon en as ik sa ' n ding oan ha moat , kin ' k krekt like goed sûnder . Né , ik ha dat oars yn ' e holle . Yn ' e oarloch hat Visser yn Lippenhuzen my in jekker makke fan kninefellen , dêr ha ' k jierren wille fan hawn .
GET THIS SONG ( OR ALBUM ) ON ITUNES NOW CLICK LINK BELOW ! ! itunes . apple . com GET THIS SONG ( OR ALBUM ) ON CDBABY CLICK LINK BELOW ! ! HERE ! ! www . . .
Nijsgjirrich : ast mei dyn holle nei bûten ta troch in iepen rút stiest te smoken , is dat dan binnendoar of bûtendoar ? It antwurd stiet yn dit boekje !
De adresbalke befettet knoppen foar de meast belangrike blêder funksjes en ek foar it Webadres ( URL ) fjild .
Yn novimber fan dat jier giet Van Gogh nei Antwerpen en yn jannewaris 1886 lit hy him ynskriuwe oan de Akademy . Hy is dan al 33 jier . Hy sil it dêr noch gjin 3 moanne úthâlde .
Yn de boargeroarloch , fan 1981 oant 1986 , hat der in wiere slachting west foar de wylde bisten . No binne der neffens de regearing wer genôch bisten .
Hy wie learling fan it Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer . ' Ik hie belangstelling foar technyk en ik wist eins al gau dat ik dêr yn fierder woe . Sa bin ik letter nei de HTS gien , de hegere technyske skoalle en dêrnei haw ik in baan krigen by KPN Telecom . ' Mar Pyt bleau net yn telefoanferkear . Fan syn hobby makke hy syn wurk . Hy is no al wer 22 jier de fêste waarman fan Omrop Fryslân . ' De earste kear dat ik foar de radio wie , mei myn waarberjocht wie yn 1985 tidens de Alvestedetocht . Ja , hiel Fryslân wie oerémis , want sûnt 1963 hie der noait wer in tocht west . En no soe it heve ! ' Pyt foldie sa goed by Omrop Fryslân dat er dêrnei de fêste waarman waard .
Yn 1990 kaam ortodontist Daniël van der Meulen yn Ljouwert de ortodontisten - maatskip fersterkjen . De foto hjirnjonken , rjochts , is fan 1990 . Op dat stuit wie de wachtlist foar in earste consult oprûn ta sirka 6 jier , neffens de noarm fan no net mear foar te stellen .
Yn Easterein wurdt in multyfunksoneel terrein oanlein Hjoed ( 9 7 2011 ) waard in grutte popelier fan san 22 meter fuorthelle troch in oantal . . .
In fraachpetear mei Grytsje Kingma yn Mei ik jo wat Freegje ( de Koerier juni 2010 )
Annie prachtige foto ' s en wat in ferhalen ! De belefenis fan dyn libben tink ik . Noch in soartwille en sukses dêr . fam . Kuijt Terherne
Yn de omkriten lizzen stkjes lân mei houtwâlen ( kûlisen lânskip ) , fierders binne der ferskate bosken en boskjes om te kuierjen . In heidelânskip en in fallei om De Boarn of " Alddjip " soargje foar noch mear fariaasje .
Rokoko yn Snits Spoaren fan de rokokostyl binne folop oanwêzich yn Snits . It riedhûs bygelyks waard tusken 1760 en 1763 útwreide en fernijd en krige doe allerhanne symboalyske fersierings yn stúkwurk fan Jean Baptiste Singer en yn houtfykwurk fan Johann Georg Hempel .
12 / 10 / 2009 in HOE FIER IS IT MEI IT WURK OP ' E PLEATS ? | Permanente link | Reacties ( 0 )
Ik haw krekt by de JU in rychje flaggen feroare ta flaggeberjochten . Mar is it net sa dat nei dy flagge ( hast ) altiten de namme komt ? Dan koe it better tegearre yn ien berjocht . Mysha
Neist stasjon Amersfoort telt de stêd noch twa stasjons : Amersfoort Vathorst en Amersfoort Schothorst . Stasjon Vathorst waard op 27 maaie 2006 iepene foar de nije wyk Vathorst . Beide stasjons wurde troch stoptreinen betsjinne ; op stasjon Schothorst einiget boppedat in healoerlikse intercity út Rotterdam .
Apr 16 , 2009 - kijk dat is nou mijn school : D : D
ris earder foroardiele . Nou hat hja wer oan it stellen west . Mei
Net alle minsken belibje seksualiteit op deselde wize . Der binne in protte wizen om seksualiteit te bedriuwen en te ûnderfinen , dêr ' t guon wizen yn de hjoeddeiske maatskippij akseptearre wurde , op oare in taboe rêst , of noch oare sels strafber binne .
De eangstreaksjes fan mûzen binne net oanleard en hawwe allinnich mei it oanbelangjende stofke , in aaiwyt , te krijen . De ûndersikers hawwe mûzen dy ' t noch nea in natuerlike fijân sjoen hienen , yn in hok set dêr ' t in pear watsjes yn leinen dy ' t drinzge wienen yn bygelyks rottemiich , katteflibe of ôfskieding fan in slang . De mûzen wienen der deabenaud foar , wylst se hielendal net reagearren op gewoane watsjes .
Yn 1970 waard Hindrik de Jong meiwurker fan it CPS ( Kristlik Pedagogysk Stúdzjesintrum ) en hie dêr oant 1989 ta in soad omhannen mei it ûntwerp en bestek , de advysearring , it organisearjen en it lieden fan ûnderwiisprojekten en de middenskoalestêf fan it CPS . Yn dy ferskate funksjes , ek as foarsitter fan de CLEP ( Koördinaasjegroep Lânlik Ekspearimentear - Plan Middenskoalle ) en as lid fan de ICM ( Ynnovaasje Kommisje Middenskoalle ) hie er geregeldwei kontakt mei foaroprinnende skoallen foar fuortset ûnderwiis yn binnen - en bûtenlân . Ek yn Fryslân , benammen mei dy fan Frjentsjer ( Anna Maria van Schurman ) , Sint Anne ( Ulbe van Houten ) , De Gordyk ( Boargemaster Harmsma ) en Drachten ( Frijmakke Grifformearde skoalle ) .
Yn distiid libje der noch tûzenen folken yn it wâld . Yn Brazylje allinnich al wenje 200 . 000 yndianen . In hûndert jier lyn wienen dat der noch wol mear as in miljoen : 87 stammen hawwe sûnttiid útstoarn . Yn Laos wurdt in grut part fan de befolking ta de boskfolken rekkene . Bekende lânseigen folken dy ' t yn it reinwâld libje binne ;
Tajûn , dy ' stôk fan de tiid ' is faaks net sa ' n geweldich byld , mar de lêste trije rigels komme sa út in film wei , se moasten allinnich noch delskreaun wurde . De tsjinstellingen binne hjir net ferdwûn ( hjir bygelyks dy tusken bist en minske - wat oan it wurk fan Elmar Kuiper tinken docht , mar dêr dalik mear oer ) , mar de opposysjes frette inoar net langer op , se roegje inoar net út , se wurkje meiïnoar op nei krêftige fersen .
Mar no hat it skoaltsje belle : diploma is net jildich . Dat komt sa : de bobo ' s dêre hiene betocht dat sok monteursfolk gjin eksamen Ingelsk hoecht te dwaan . Dy motors prate dochs net en alhielendal gjin Ingelsk . Dat dêr ha se dus ek gjin les yn hân . De minister lykwols hat dy gong fan saken tsjin it ljocht holden en seit dat soks sa hielendal net kin . No sille de bobo ' s wol úthâlde dat de minister net doocht mar ik hâld it der earder op dat dy bobo ' s net doge . Hoe dan ek , der moat noch eksamen yn Ingelsk dien wurde . En wol op frij koarte termyn .
Boargemaster Gerard van Klaveren en haadredakteur Jan van Friesland fan Omrop Fryslân hawwe sneon de Doch it foar dyn doarp - truck mei oplizzer offisjeel yn gebrûk naam . Dat diene se om 13 . 30 oere yn Aldeholtpea . Dat is it earste doarp dat fiif dagen lang in heal oere live televyzje meitsje sil .
Rienk Bockema sykhelle djip , as woed er mei de lucht dy ' t út it noardeasten wei oer de Sudersee striek , de longen suverje fan de ûnreinens dy ' t er yn de boarch ynazeme hie .
Dr . A . L . Heerma van Voss , Grafschriften en andere genealogische en heraldieke merkwaar - digheden in en om de kerken tussen Flie en Lauwers , diel I , Achtkarspelen , 1950 , s . 40 - 42 .
Al mear as 4700 filmkes op YouTube ! De Omrop stiet ek op YouTube . Mei alle dagen de koarte Hjoed fan 17 . 00 oere , Hea , sport , it waarberjocht fan Pyt Paulusma en noch folle mear . Mei - inoar binne al mear as 4 . 700 filmkes te besjen op ús YouTube - kanaal .
Hoe kristlik oft begrutsjen , folhâlden en hope ek binne , as ik The Lord of the Rings lês en werlês hâld ik myn fragen by Tolkien syn útspraak . Dy fragen lizze op it mêd fan it minskebyld en fan it aard fan ' e ferlossing fan ' e minske .
Ron Jans wurdt de nije trainer fan SC Hearrenfean . De 51 - jierrige Jans krijt takom seizoen de lieding oer de earste seleksje fan de fuotbalklup . Hy sil in kontrakt tekenje foar twa jier . Oer de ynfolling fan oare trainers yn de technyske stêf sil ynkoarten praat wurde . Hy begjint 1 july . Jans makket dit seizoen ôf by FC Grins . Hy is dêr al acht jier haadtrainer . Jan Everse makket dit seizoen SC Hearrenfean ôf . Raymond Libregts , op dit stuit de rjochterhân fan Jans by Grins , giet mei nei SC Hearrenfean . Der moat noch wol oer de ynfolling fan syn kontrakt praat wurde
• Aktiviteitenkommisje Roekst Do • De Aktiviteitekommisje Doarpshûs Weidum • Begraffenisferiening ' De laatste eer ' • Biljert en kaartclub • Gymnastykferiening K . V . V . • Harmonie Weidum • Iisclub Weidum • Knutselclub • Krystbalkommisje • It pleatselijk Nut • Keatsferiening Nije Kriich • Pjutteboartersplak It Pjuttekampke • De Roekelukers • Roek Rock • Sinterklaze feriening • Sjongerij Weidum • Stichting Volksvermaak Weidum • Toanielferiening ' Oefening & Vermaak ' • Tsjerkeried • Volleybal feriening Weidum e . o . • Frijsinnich Herfoarme Froulju ' s feriening • Wurkgroep Grien
In nije side meitsje | It beneamen fan in side | Koart oersjoch | Kladblok | Synonimen | Ferwizings | Keppelings om utens | Berjochten | Ofbylden | Helpmiddels | Publike boarnen | Taalhelp
Wêrom stiet yn it âlde Grou de flagge op ' e toer ? Wol minsken , witt ' jimm ' dat dan net : Sint Piter kaam wer oer . Hy komt alhiel út Spanje wei . Ja , dat is tige fier ! Hy nimt foar alle bern wat mei , krekt as ferline jier .
Hy is in soan fan Bernard van Haersma Buma en pakesizzer fan Sybrand Marinus van Haersma Buma .
Wat it Frysk oanbelanget , bygelyks , is der it rapport oer de steat fan ' e Fryske taal yn it ûnderwiis . En de ( mar in bytsje ) réaksjes dêrop , dy ' t my fanút it heitelân berikje . In ûnderwerp fansels dat freget om in skerpe analyse . Om bygelyks wat oan te akseljen tsjin ien as Alex Riemersma fan ' e Fryske Akademy , dy ' t de ûngemaklike konklúsjes út it rapport wol hiel maklik oan ' e kant skoot . It ûntbrekken fan ' taalgrutskens ' by ( alteast in part fan ) de Friezen foar it Frysk oer , soe dat soms wat al te rûch de boaiem ûnder it ûndersyk fan Riemersma en dy fuortskoffelje ?
' Soa al , ' seit Tsjalke . Dit stiet er net : de lêslampe op , in boek dat iepen leit . En as gyngen der niist stappen oer ' e souder .
De Albaneeske taal is in aparte taalgroep yn de Yndo - Jeropeeske taalfamylje . Albaneesk wurdt ek praat yn Kosovo . Minderheidstalen yn Albaanje binne it Massedoanysk en Gryksk .
De ferljochting spile him foar it meastepart ôf yn de hegere maatskiplike rûnten . In soad ûntwikkele aristokraten wienen deryn ynteressearre . It wichtichste prinsipe fan dizze beweging wie de opfetting dat de wierheid oer guon saken fûn wurde koe mei help fan de ratio ( de rede , it ferstân ) , yn stee fan wat bygelyks de tsjerklike gesachshawwers sûnder mear foar wier oannommen . In foarbyld hjirfan wie Isaac Newton dy ' t sei dat yn it hielal wetten jilde dy ' t troch de minske ûntdekt wurde koene . It tsjinoerstelde fan dizze fyzje wurdt wol obskurantisme neamd . In protte oanhingers fan de ferljochting waarden troch harren ideeën finzen setten of moasten flechte .
Op Sito syn log in moaie opmerking oer dit fers fan hjirûnder . Hy lei in tink - link nei myn log - foto ( en nei de KUT - mei - puntsjes - keunst fan Alfred Stucki ) . Efkes wat oer dy foto hjirboppe . Simmer 2004 wie ' k mei fakânsje yn it Noarske Røldal . Boppe de camping stie " myn letter " úthout yn dy berch . Mei de Ygrèc of Ypsilon ha ' k yn myn libben al hiel wat hân . ( Bygelyks altyd mar wer minsken dy ' t de puntsjes op dy ie - klank sette wolle , ynklusyf in amtner fan de boargerlike stân yn Snits . Haha , domme Hollanners faaks , mar leararen Dútsk en Skandinaviërs makken der ek graach wat oar moais fan . ) Jout neat . Twa simmers lyn wie it yn Noarwegen trije wiken lang om ' e 30 graden hinne en moai helder waar . Deawurch , fan in lange auto - & boatreis en it jûns yn ' e hite sinne tinte opsetten , seach ik pas de oare deis goed om my hinne . It wie noch ierenbetiid ( nature calling en it washok op ôfstân ) mar ljocht , want midsimmers wurd it dêr net tsjuster . Doe seach ik myn letter , rjocht boppe ús tinte . Wêrom wit ik no net mear ( mar dat hoecht ek net ) mar spontaan spile in prachtich ferhaal yn my op . Sa ' n soarte fan lytse persoanlike loks - erfaring wie dat momint , sa ' n ien dy ' t jo nea yn wurden fange kinne . Sil ik mar net besykje . ( Dat ferhaal noch mar ris opskriuwe , de oantekenings ha ik wol earne . Haadpersoan is in man yn . . . Nee , dat sis ik noch net . ) Letter dy dei ha ik dizze foto makke . Dy ha ik útsnien foar hjirboppe it log , mar weblog . nl is wat dwers yn de wize fan fertoanen . Ik ha ' t mar sa litten . No is it mear wat elkenien deryn sjen wol ( en ik sels ek ) . As jo der mar gjin puntsjes op of ûnder / tusken sette , want it wurk fan in Grutte Keunstenares hoecht gjin punten , allinne respekt . Bliksem , dit liket samar op in Krystgedachte .
Jakob , it wie as kaam de namme as in slach op Rienk del . It wie de weromslach fan syn eigen stêf , dêr ' t er it krûkje fan de joadske pylger mei yn barrels slein hie , wylst se by de rivier de Piave , noard fan Fenetië , sieten te iten . Dat wie krekt nei ' t de sabeare kristen Friedrich him bekend makke hie as Jakob , de Joad . Sei de namme net genôch ? It wie in bedrager , dy ' t de kristenen jierrenlang útrûpele en foar de gek holden hie .
Sûkersykte kin de hannen en fuotten raar skeine .
Snein in bewolkte dei . It bliuwt droech en it wurdt 10 à 11 graden . Der bliuwt in soad wyn .
Nammejouwer is Anthonius Abt , ek wol Anthonius de Klûzener neamd , en yn de folksmûle better bekend as Anthonius - mei - de - baarch . De nammedei fan hillige Sint Anthonius is 17 jannewaris . Om 250 hinne moat er yn Egypte berne wêze út kristlike begoedige âlden . Anthonius besleat ôfstân te dwaan fan syn rykdom en as klûzener fierder te gean .
Yn it heger berop tsjin de man dy ' t mei in mes in skoalle op It Hearrenfean yngean woe , is de rjochter fan it Hôf ferwegere . Hy waard tongersdei yn in saneamde ' wraking ' ûngeskikt ferklearre troch de advokaat fan ' e fertochte út Sweagerbosk . De advokaat fynt dat de plysjeman dy ' t de . . .
Lysbet komt by him en sjocht him oan . Ien amerij is ' t , as sil er lyts wurde , mar hy ferbyt it en seit :
De mjitte weryn in gemeente stal jout oan keunstsinnige foarmen en kulturele uterings bepaalt de geastlike rykdom fan dyselde gemeente . It stimulearjen fan inisjativen fan de ferskate ferienings en partikulieren op dit mêd kin dy rykdom fuortsterkje . Benammen úterings , dy har grûn fine yn Fryske taal en kultuer kinne op ús stipe rekkenje .
Yn sikehûs MCL yn Ljouwert is it earste MS - sintrum fan Fryslân iepene . Ien sintraal oansprekpunt moat de pasjinten trochferwize nei de goeie saakkundige . Yn it ferline wie it net altyd dúdlik wêr ' t de pasjint wêze moast .
Nei ' t sy en Andrews út elkoar wiene , is hja sjoen mei DJ / rapper Sunnery James op it Veronica Sunset Grooves Festival yn Hoek van Holland . [ 4 ] Op 7 novimber 2010 binne sy troud yn Amsterdam . [ 5 ] .
Op tiisdei 18 augustus wiene de trije auteurs fan de berneboekesearje De Traveliers te gast by Hette van der Wal foar Middelsee Actief op radio Middelsee yn Stiens .
Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch lutsen hûnderten Friezen nei Noard - Amearika . Haye Witteveen fan Mullum wie 19 jier doe ' t er yn 1947 mei de earste boat mei emigranten nei Kanada reizge . Hy rekke oant wurk by kunde fan syn heit . Letter krige er in baan yn in abattoir . Fryslân DOK socht de Godfather fan it Fryske hynder yn Kanada op by Toronto . Mar Witteveen hie yn Kanada gau troch dat er mei in eigen slachterij mear fertsjinje koe . Yntusken is Witteveen Meats in begryp oant yn de wide omjouwing fan Toronto . Yn 1984 hellet Witteveen as ien fan de earsten Fryske hynders nei Noard Amearika . Troch in beroerte kin er sels gjin shows mear ride . Mar hy wûn hûnderten prizen en kin sjoen wurde as ien fan de wichtichste fokkers fan Kanada dêr ' t se him ek wol de Godfather fan it Fryske hynder neame . Sels sjocht de hynders foaral as hobby en in manier om kontakt te hâlden mei oare Fryske emigranten . Lykas mei Willem Hellema dy ' t yn 1985 mei syn frou nei Kanada emigreerde . Hy komt fan Hallum dêr ' t syn famylje " it koekjefabryk " hat . Sels fertsjinnet er de kost mei in sûkeladefabryk flak by Toronto . Hellema hat ek Fryske hynders en lit se ynsemineare troch de stâl fan Witteveen .
Sa yn novimber , desimber krij ik wolris de fraach wat E . sa ' n hiel winterskoft docht ' no ' t alles fan it lân ôf is . . . . . . . . . ' . Miskien ha ik dat eartiids , doe ' t ik allinnich de bouboer fan hearen sizzen koe , ek wol ris tocht , mar dat is al lang lyn . Ik sil jim yn ' e rin fan de wike in kykjesearje sjen litte hoe ' t E . him it hiele winterskoft fernuvert yn de loads . Foaral bedoeld foar de minsken dy ' t oan it ein fan it jier my freegje , hoe ' t E . syn dagen omkrijt en foar de minsken dy ' t fan natuere ynteresse ha yn it boerelibben .
O ja en allegear like moai hear , mar … . . krij wy ek rêst , as publyk . No ja en at dat net kin , kin Jannewietske en Isabel miskien ek efkes rêst krije , en de tiid om de problemen fan hjoeddedei op te lossen . Sjoch , en as ik dat sis sjoch se beide op en glimkje leaf . Dêr bin se it wol oer iens . Moai begjinpuntsje . Sa soe miskien ek dat kulturele haadstêdtinken wer ferdwine kinne . Want dan kin der in hiel soad moaie oare dingen wol trochgean .
De Sint - Laurentiustsjerke stiet op in terp . It âldste diel fan de tsjerke is fan likernôch 1050 . It romaanske dowestiennen skip is noch fan de 11e ieu . It koer waard der yn de twadde helte fan de 13e ieu by boud . Boppe de yngong fan de noardkant sit in yn reade sânstien útfierde timpaan ( 12e ieu of 13e ieu ) , makke fan in sarkofaachdeksel en fersierd mei in manljuskop mei útrinnersmotyf . De tsjerke hat letter ferskate feroarings ûndergien , lykas de beklamping fan de súdgevel . De dowestiennen toer ferriisde yn de 12e ieu en waard yn 1516 yn bakstien ferhege . Yn de toer hinget in troch Geert van Wou jitten klok ( 1515 ) . It interieur wurdt dekt troch in houten tonferwulft . Ynterieur en ynventaris binne yn 1695 yn opdracht fan Tjaerd van Aylva yn let - maniëristyske styl fernijd . Hjirby hearre de betimmerings , de koarôfskieding , de preekstoel mei sniene bibelske tafrielen tusken tordearre kolommen , it doopstek , de tsjerkebanken mei snienen wangstikken en in ferdekte hearebank mei de wapens fan de famyljes Tijara en Heemstra . Fierders hat de tsjerke in troch Jacob Lous byldhoude sark ( 1614 ) op it grêf fan de famylje Heemstra en in troch W . Hardorff boud oargel ( 1858 ) . Tn 2010 binne it tonferwulft , de flierdielen , it meubilêr , de muorren en de kezynen restaureare .
In nije sykmasine taheakje is it bêst te dwaan as neikommend :
Eenzelfde probleem is er met de bedrijven in de 3 dorpen ( en daar wordt de school ook bij gerekend ! ) . De papierinzameling geldt alleen voor huishoudingen . Bedrijven moeten zich zelf redden met hun bedrijfsafval . Helaas valt het papier daar ook onder . Ook hier zou je kunnen proberen dit papier onder te brengen in containers rond het bedrijf , maar dat zal in de praktijk toch te omslachtig blijken te zijn .
It boek wurdt sneon om 15 . 30 oere presinteare yn Ljouwert . Wat bart der op dy gearkomste ?
211 . Ik sil hieltyd wer sizze dat it no ris út wêze moat en lit filosofyske arbeiders en wittenskippers überhaupt foar filosofen trochgean , - krekt dêr moat men strang " alleman sines " en dy net te folle en dy net te min jaan . It mei foar de foarming fan in echte filosoof nedich wêze dat hy sels ea ek op ' e legere trimen stien hat dêr ' t syn tsjinstfeinten , it wittenskiplik wurkfolk fan ' e filosofy , stean bliuwe , - stean bliuwe moatte ; hy moat sels miskien kritikus en skeptikus en dogmatikus en histoarikus en boppedat dichter en samler en reizger en riedselrieder en moralist en sjogger en " frije geast " en benei alles west ha om de krite fan ' e minsklike wearden en weardefiellingen troch te rinnen en mei allerhanne eagen en konsjinsjes , út ' e hichte wei yn alle fierten , út ' e djipte wei yn alle hichten , út in hoekje wei yn alle bridten , sjen te kinnen . Dat alles is lykwols net mear as in tarieding op syn opjefte : dy opjefte sels wol wat oars fan him , - dy wol , dat er wearden skept . Filosofyske arbeiders neffens it nommele model fan Kant en Hegel moatte in grut feitebestân fan weardeoardielen - dat wol sizze fan wearden dy ' t ea fêststeld , kreëarre binne en begûnen te oerhearskjen en in skoft lang " wierheden " neamd binne - oanlizze en yn kategoryen beskriuwe , likefolle oft se út ' e wrâld fan ' e logika of de polityk ( it morele ) of de keunst komme . Dy ûndersikers ha as taak en meitsje al dat oan wearden makke en bard is oersichtlik , oertinkber , befetlik , hantearber en koartsje al dat lange , ja " de tiid " sels ôf , en oerweldigje it hiele ferline : in kolossale en wûndermoaie opjefte , dêr ' t alle subtile grutskens , alle taaie wil grif befrediging yn fine kin . De eigentlike filosofen binne lykwols wet - en liedingjouwers : hja sizze " sa moat it " , hja bepale pas it wêrhinne en it wêrfoar fan ' e minske en ha dêrby it foarwurk fan alle filosofyske arbeiders , fan alle oerweldigers fan it ferline ta har foldwaan , - hja gripe mei skeppershân nei de takomst en alles wat is en wie wurdt har dêrby in middel , in stik ark , in hammer . Har " kennen " is skeppen , har skeppen is wetjaan , har wil ta wierheid is - wil ta macht . - Binne der tsjintwurdich sokke filosofen ? Ha der al ris sokke filosofen west ? Moatte der net ris sokke filosofen komme ? . . .
De stelling : Ik ha gjin beswier tsjin efkes in dûbeltalige útlis . It soe de oarstaligen krekt oantrune moatte om om yn it ramt fan harren ynboargering it Frysk ûnder de knibbel te krijen . It besteansrjocht fan de Omrop is it Frysk as medium . Fan Omroep Friesland is gjin ferlet , want der binne genôch Hollânsktalige stjoerders foar berjochtjouwing oer kalamiteiten en it ymplisyt befoarderjen fan de brûkte taal . Eltse stjoerder nammentlik is taalbefoarderjend sa as bygelyks de BBC foar it Ingelsk . Wy moatte net benaud foar eigen skaad ( it Frysk ) wurde .
Jan 15 , 2011 - @ SuperNova2131 No moast do even hiel gau dyn freet ticht halde !
Foar Equal Souls wie it , tv meneuvels of net , in prachtige jûn . Sy sille kommende hjerst Fryslân fertsjintwurdigje op Liet Ynternasjonaal , dat fan t jier op sneon 27 novimber yn it Bretonske Lorient plakfine sil .
De teory dat de Franken ûntstean binne út it byinoar gean of gearwurkjen fan ferskate Germaanske folken bestie al langer . It gong dan benammen om stammen út it gebiet dêr ' t de Ryn de Dútsk - Nederlânske grins oer giet . Twadde helte 20e ieu is dêr bykaam dat it de folken fan de Noardseekust wêze koenen , tegearre mei de oare folken . De hjir brûkte namme foar de teory komt fan de gearwurking fan dy stammen tsjin de Romeinen .
Wêr is de tiid bleaun ! Mear as fyftich jier lyn ha ik Jan Drost foar ' t lêst sjoen op ' t Fean , mar ik hie him net hielendal fergetten . It wie by harren efter op ' t lân dat ik omtrint ferdronken bin as jonge yn ' e Baukewyk ûnder de iis - skossen . Jan wie , tink ik , wol ien mei fan de grutste dogeneaten by ús yn ' e klasse op de Kristlike Skoalle op ' t Fean . Wy wienen allegearre net sokke bêste , froede jonges bytiden , mar Jan koe der wol wêze . As myn mem it oer jonges hie dy ' t net groeie woenen om ' t se sa ûndogens wienen , gienen myn gedachten wolris nei Jan want dy bleau earst mar lyts en behindich . Wat ha wy oars wol in protte wille hân as jonges , ek mei en troch Jan . It wie in kear smoarhjit en it swit rûn ús út it hier wei doe ' t wy yn it lokaal fan de heechste klassen kamen . Mar wy moasten nei binnen foar it skoalwurk . Wa hie dêr no sin oan ! It lokaal siet fol mei bern , en miskien wol op oanrieden fan oaren , pakte Jan de termometer fan de muorre en hâlde him in skoftke yn ' e gleane sinne by ' t rút . De graden fleagen om heech oant oer de njoggentich , en doe hong er him fluch wer te plak . Meester Tjoelker kaam fuort dernei binnen en seach ús wol sitten mei it pylkerich , switterich hier . Hy koe de hjitte ek wol rûke , tink ik . Lokalen fol bern ha bepaalde luchtsjes , ferskillend nei de tiid fan ' t jier . Hy sei ris tsjin myn âlden : ' De minste tiid yn skoalle fyn ik de rapetiid . Dan is der hast net yn ' t lokaal te wêzen ! ' Wy seinen tsjin him : ' Master , it is fiersten te hiet . It is wol njoggentich graden . ' Hy rûn nei de termometer , seach eefkes , en sei : ' Wy sille noch eefkes wachtsje hoe it giet . ' Hy hie it , tink ik , wol troch dat der wat mei dien wie . Wy bleauwen wol yn ' t lokaal dy middei . ( Wy brûkten Fahrenheit yn ' e simmer , tinkt my , en Celsius yn ' e winter , want it frear mei nul graden . ) Ik koe myn eagen mar amper leauwe doe ' t wy mei de Krystdagen in moaie kaart krigen út Assen fan in fam . Drost . Wa wie dat ? Ik tocht dat kin oars net ien wêze as dy selde Jan Drost dy ' t froeger by my yn ' e klasse siet , ek al om ' t ik him neamd hie yn in stikje in ' Op Zoek Naar Roots ' yn de FEANSTER . En ja , hear , it wie him wol ! ' k Ha him in brief werom stjoerd en no krige ik koartlyn in lange brief fan Jan . It is wol goed kaam mei dy dogeneat fan doedestiids , lyk as mei de measte dogeneaten al ! It nimt de iene wat langer as de oare . Jan fertelde yn ' t koart dat er nei de legere skoalle slagge wie foar de ambachtsskoalle as smid - bankwurker , wie doe nei de HTS gien om skipswurktúchkundige te wurden en doe . . . de oseanen op ! Letter hat er noch mear stúdzje folge en helle de twadde rang . Doe is hy troud en is oan wâl bleaun en hat yn Schiedam op in werf foar skippen wurke , en reizge jierren nei in protte oare lannen foar syn wurk . En no wenje sy yn Assen en genietsje fan ' de âlde dei ' . Jan soarge altyd foar ferrassingen , doedestiids , en no noch . Hy fertelde dat syn frou Joke hiet , einliks Johanna Faber , en dat sy in dochter is fan Broer Faber ( 1913 - 1989 ) en Wytske Veenstra ( 1909 - 1989 ) , dy ' t yn Gruttegast wennen . Krekt lyn hie ik dy nammen noch heard , mar net yn dit ferbân . Dochs hie ik Broer en Wytske yn de kompjûter , mar fierder wie dy hoas net ôfbreide . Doe ' t ik Jan syn brief krige , tocht ik , ik sil de kompjûter ris rie pleegje . En . . . hoe is ' t mooglik , dêr siet dy hiele Wytske Veenstra famylje al yn ' e kompjûter , sels gâns wat stagen tebek ! Wêrom ? Skean tsjin oer ús wenje trije famkes : Megan , Alyssa , Kayla dy ' t ' Grandpa ' tsjin my sizze moatte om ' t sy bern binne fan ús soan Bill ( 1960 - ) en dy syn frou Rita Oosterheerd ( 1961 - ) , dy ' t in dochter is fan Jan Oosterheerd ( 1932 - 1996 ) , soan fan smid Cornelis Oosterheerd ( 1902 - 1991 ) dy ' t froeger yn Lytsegast wenne , en Joke Veenstra ( 1932 - 2000 ) . Dizze Joke is twa wiken lyn samar ferstoarn . Sy wie 68 jier âld . No blykt dat Jan Drost ( 1932 - ) syn Joke ( 1938 - ) in folle nicht is fan Jan Oosterheerd syn frou Joke . Beide binne it Johanna ' s en beide binne neamd nei deselde Beppe Johanna Jans Hoekstra ( 1872 - 1953 ) , frou fan Johannes Andries Veenstra ( 1870 - 1950 ) fan Surhuzum . Beppe Johanna wie in dochter fan Jan Sjoerds Hoekstra ( 1844 - 1903 ) en Aaltje Sjoerds Veenstra ( 1843 - 1901 ) . Johannes wie in soan fan Andries Johannes Veenstra ( 1838 - 1917 ) en Antje Roels van der Ley ( 1839 - 1913 ) . Ik bin bliid dat Jan my skreaun hat want oars hie ik dy Veenstra - bân nea witten . Jan Drost en ik binne ek fiere famylje fan mekoar , mar dan moatte wy werom oant Bareld Barelds en Tietje Jans ta . Miskien doch ik dat letter wolris . Jelle yn Kanada
As it wurket moatte stêden , doarpen , gemeenten , bedriuwen him allegear yn ' e hûs helje : de ' Magneetstroomconverter ' . OK , it ding sit noch yn de ' pilot - fase ' mar as it ienkear goed útûntwikkele is dan kin it in oplossing wêze foar in soad enerzjy - problemen en binne kearnenerzjy en koale - sintrales hooplik net mear nedich . Mear enerzjy der út helje as der yn tropje , wa dreamt dêr no net fan ? Wy sille der dan nei stribje moatte dat de enerzjy - foarsjenning wer yn hannen komt fan ' e minsken sels , dus dat bygelyks in doarpsbelang of in gemeente it foar alle ynwenners en organisaasjes keapet en de kosten earlik yn rekken bringt . Want no wurde wy hieltyd ôfhinkliker fan hieltyd gruttere konserns . Bin benijd hoe ' t dit fierder gean sil . Trainaazje troch Shell , BP etc troch patenten , kontrakten en politike beynfloeding ? Hjirre mear ynformaasje !
En doe komt se dêr op ien skoech en ien sandael op it hofbal , hwant de trije mannen hiene dat oare skuontsje wer meinommen en oan ' e prins jown . Hy sjocht har sa gau net ynkommen of hy rint op har ta en lit har yn ' e skoech stappe . En klear wie ' t , dy paste fansels . Dy mannen hiene him wol forteld dat se ien troffen hiene dy ' t dy skoech paste , mar , seine se , dy waerd fan Jiskepûster neamd en dy koe ' t noait wêze . Mar se soe joun al op ' t bal komme , hie de amme harren noch forteld , doe ' t se fan ' t hiem ôf wiene . En ek dat se de dochter fan ' e graef wie . Nou , it blykte dan doch deselde to wêzen , dy Jiskepûster en dizze moaije faem . De prins frege har fuortdalik op it bal oft se mei him trouwe woe , en dat naem se oan . ' Mar ' , sei se , ' ik kin joun net werom , hwant se wolle my net wer binnendoarren ha ' . De prins sei : ' Dat is neat allegear , wy hawwe hjir keamers genôch ' .
Nyckle Haisma debutearre yn 1927 yn " Yn ús eigen tael " mei twa proazasketsen . Fierwei it measte en it wichtichste fan syn literêre wurk hat Haisma yn Ynje en ûnder de yndruk fan syn ferbliuw yn de frjemdte skreaun : fersen , sketsen , in novelle , noch in ( Hollânsktalich ) berneboek en it wichtichste , syn dûbelroman oer Peke Donia , de koloniaal . Nei it ferskinen fan de novelle Simmer yn De Tsjerne is postúm oan him de Gysbert Japicxpriis takend , in earbetoan foar syn hiele oeuvre .
Ja goeiendâch . Kkom krekt út Nij Altoenae , dat ik denk ik groet jou mar even op syn Bildts . Kbin krekt by in machtich man út ' e âlde trekkerwrâld west . Wy hawwe it der even oer hân . Hy hat in stik as fyftjen stokâlde trekkers achterhûs stean . Stiif tsjinelkoar oan yn in iepen hok . De measten hawwe de bannen leech stean . Kwaard oanfallen troch in gygantyske lading trekkertermen en merken . Monsterachtige merken as Massey Ferguson , Hanomag , Güldner en mear soks . Yn ' 68 hat er trije wike lânbouferlof hân doe ' t er yn tsjinst siet . De biten moasten fan it lân . Ek dy fan buorman , mar buorman hierde in leanbedriuw dy ' t fiersten te swiere trekkers it lân yn stjoerden . De spoaren wienen op ' t lêst sa djip dat der gjin trekker mear it lân op koe . Sy hawwe de biten doe mar stean litten . Mar goed , ik yt hjoed woartels en kuikenbouten .
Yn syn boek Conspiracy Against the Liberties of the United States ferklearre er dat it Pausdom en katolisisme net te ferienigjen binne mei in frije demokratyske steat , ja , dêr sels tsjin gearspanne ûnder it mom fan religy . Pausdom is religy EN polityk : in this respect it differs totally from all other sects , from all other forms of religion in the country .
Ferjo : omdat de minsken dy ' t yn UFO ' s leauwe de oerheid dochs net fertrouwe . En dan sizze dat de dossiers net kompleet binne . Och ja . As de FBI dossiers oer God frijjout dêr ' t út blykt dat de kâns dat God bestiet nul is dan geane de tsjerken ek net ticht . Men moat dochs wat om hannen ha , netwier .
Yn de hiele argipel wurde om - ende - by 300 ferskate befolkingskloften ûnderskieden en 742 ôfsûnderlike talen en dialekten sprutsen . De grutste etnyske groepearring binne de Javanen dy ' t 42 % fan de befolking útmeitsje en de polityk en kultureel dominante faktor yn it lân . De Soendanezen , de etnyske Maleisjers en de Madoerezen binne de grutste net - Javaanske groepearringen . Oare wichtige groepearringen yn Yndoneezje binne de Sjinezen , Ynjers , Jeropeanen en Arabieren , dy ' t meastentiids konsintrearre libje yn de stedlike gebieten . Oer it generaal is de Yndonezyske mienskip harmonieusk alhoewol ' t sociale , religieuze en etnyske konflikten eartiids en hjoeddeisk betiden laat hawwe ta ûnderlinge gewelddiedichheden . In grut part fan de partikuliere sektor wurdt kontrolearre troch de Sinezen dy ' t mar 5 % fan de befolking útmeitsje en wat bydrage hat oan anty - Sineeske sentiminten en betiden anty - Sineesk geweld .
Das Video Simmer yn Fryslân : Zijsling winner IFKS Starum hat folgende Views : 358
Ik kom sa út en troch yn Noard - en East - Fryslân ( Dútske steat ) en kom dêr geregeld minsken tsjin dy ' t hat gjin Dútser fiele . Foar harren en miskien ek noch wol fanwegen de trauma ' s fan de beide oarloggen sil ûndersteand nijs goed nijs wêze ( boarne : http : / / itnijs . nl / 2010 / 08 / noard - en - east - friezen - gjin - tsjinstplicht - mear / ) .
' Do bist in flinke keardel ! Do bist myn keardel ! '
Richard de Kogel hat by it sealfollybal ûnder oare spile foar de klup Florie / Vrevok út Nieuwegein , yn 2005 waard er operearre oan it . . .
In boade hie it betrouwen fan syn klanten nedich . Hy helle en brocht net allinnich bestellingen út ' e stêd , hy wie ek de tusken - persoan dy ' t de kredytweardigens fan syn doarpsgenoaten beoardielje moast by de winkellju . Dy betrouden op syn ynsichten . Men mei oannimme dat Hessel Brolsma de transaksjes tusken debiteur en krediteur sels ferrekenne , dêr siet gjin bank tusken . As boade behearde er ek de brievepost , hy wie besteiler en hâlde de administraasje by . Men mei ek oannimme dat de Stienzers faak syn help nedich hienen by it lêzen en beäntwurdzjen fan ' e brieven . Sekuer en sunich as er wie , koe er it boadewurk mear as 45 jier úthâlde 17 .
De ynwenners fan Saba libje foaral fan it toerisme . De measte toeristen , hjoed de dei binne dat der sa ' n 25 . 000 yn it jier , binne dei - toeristen dy ' t moarns fan Sint - Marten út oankomme op it eilân , de fulkaan , mei harren 1064 treden , beklimme en middeis wer fuort geane . Op Saba binne ek in pear dûkskoallen festige .
Neffens dy plysje rjochtsje de oplichters har de lêste tiid benammen op ' e betelautomaten by pompstasjons sûnder personiel . Men kin dêr by de pomp pinne en dan tanke .
Yn de haadklasse A spilen 3 groepen : ien fan fjouwer spilers en twa fan trije . Winners waarden Pieter Hoogterp en Willem Schaap beide mei in hûndert persint skoare . Haadklasse B wie in Blauhúster oangelegenheid . Yn it groepke fan fjouwer wie allinne Stadige Striker Bauke Bos in frjemdling . Hy koe it net rêde tsjin it geweld fan de beide Altena ' s
De iere midsieuwen rinne fan 400 - 700 ( 800 ) nei Kristus . Historisi neame dizze perioade de ' migraasje perioade ' of ' Völkerwanderung ' ; in perioade fan grutte feroaringen yn populaasje en kultuer . Neidat it Romeinske ryk útienfalt ûntstiet in beweging fan stammen ( groepen ) dy ' t har yn âld Romeinsk gebiet fêstigje : omdat se lân tawezen krigen ha fan ' e Romeinen as allianties fan Rome , mar ek omdat se har lân taeigenje - al dan net mei geweld - . Ut archeology blike komplekse kulturele ynfloeden en is gjin sprake fan ' Dark Ages ' . It is net dúdlik oft troch migraasje oarspronklike stammen ferdwûnen út har gebiet . Allinne yn Engelân , de Rijndelta en de Balkans ferdwinen de oarspronklike talen . Mar der feroaringen moatte oeral merkber west ha ; it wiene feroaringen yn rjocht , yn kultuer , yn religy , yn eigendom . Yn ' e 5e ieu is der amper noch sprake fan romaneske regearingen . De macht is oernaam troch lokale potentaten , dy ' t dramatyske feroaringen y ekonomyske , sosjale struktuer en infrastruktuer mei him meibrocht . Troch de ûndergong fan it Romeinske ryk waard it gefaarlik om te reizgjen of guod mei te nimmen oer lange ôfstannen wat resultearre yn in delgong fan hannel en ambachten foar eksport . Troch de islamityske ynfasy yn de Mediterranee yn ' e 7e en 8e ieu waard de hannel yn lúkse guod oer see minimalisearre . De iennige sintrale Romeinske struktuer dy ' t oerlibbe wie dy fan ' e kristlike biskoppen : har macht naam ta , tagelyk mei de ôfname fan ' e macht fan ' e romeinen . . . . As yn der stedse mienskippen frij wurde fan adelike of religieuze kontrôle begjinne de ' hege midsieuwen ' . Yn dy tiid fynt systematyske ûntbosking . . . pleats . Justinianus - epidimy : builenpest Komt elke generaasje werom oant 1500 .
Fryske Peallen is it foarlêste doarp dat meidocht oan de TV - kompetysje Doch it foar dyn Doarp . Op de grins fan Fryslân en Grinslân wurdt dizze wike fiif dagen lang TV makke troch de ynwenners fan it doarp . Mei in protte live muzyk , want Fryske Peallen wurdt wolris it ' Volendam fan Fryslân ' neamd . . . .
It Stellingwerfsk wurdt tsjintwurdich sprutsen troch sa ' n 51 . 000 minsken . Dêrfan wenje likernôch 14 . 000 yn Weststellingwerf , 7 . 000 yn Eaststellingwerf , 20 . 000 yn it Stienwikerlân en 10 . 000 yn súdwestlik Drinte . It Stellingwerfsk is ien fan ' e Nedersaksyske dialekten yn Nederlân en boppedat is it it meast emansipearre Nedersaksyske dialekt . Dat komt om ' t it yn it skaad fan in sterkere minderheidstaal ( it Frysk ) bestiet en him dêr sawol tsjin ôfset as oan oplutsen hat . Lykwols nimt it sprekkerstal ôf , mei ' t in bûtenproporsjoneel grut part fan ' e sprekkers út âlderen bestiet .
Romanii au voie sa isi faca bombe in beciuri , a declarat . . .
Syn opname - karriêre , dy ' t mear as 50 jier beslein hat , begûn yn 1948 doe ' t er in jukebox - hit hie mei syn single " Boogie Chillen " , mei in sjongparty yn in heal - sprutsen styl , dy ' t syn hannelsmerk wurde soe . Ritmysk sjoen wie syn muzyk tige frij , in eigenskip dy ' t mien wie yn de betide Delta blues . Syn fokale frasearring wie ek minder bûn oan de spesifike maat - yndieling as by oare bluesspilers . Alhoewol beynfloedde troch elektroanysk fersterke Chicago blues , hold Hooker as solo - artyst syn eigen betide styl yn eare .
34 jier en 14 ferhúzingen letter wol ik besykje in plaatsje op it Internet te setten . Ik kies dat fotootsje út ' 52 . Dat moat ik dus no earst even " scanne " ( soe it fryske wurd ' skenne ' wêze ? ) . Dêrmei wurdt it omset yn in " . jpg file " en dy kin ik no mei de " image inserter " oan dit ferhaaltsje tafoege . En dan sis ik it noch ienfâldiger dan it is . Want earst moat ik dit ferhaaltsje noch even troch de staveringshifker fan de Fryske Akademy helje om de flaters derút te heljen ; dernei helje ik dat Word dokumint oer nei " Blogdesk " en dy stjoert it dan mei it fotootsje op nei myn blog op WordPress . com . Krekt sa as juster bin ik wer benijd hoe ' t it gean sil .
Dat de Kelten harren oer in grut gebied ferspraat hawwe is noch yn in soad wurden te hearren . Lykas de eigennamme te werkennen is oan it wurd " Gal " foar Kelt .
Volgende keer als je een artikel zoals Wjêrstân van naam wilt wijzigen , gebruik dan liever de link " Move this side " ( moet nog vertaald worden ) links ( of onder ) op de pagina . Niet alleen gaat dat sneller , het heeft ook het voordeel dat de ' Sideskiednis ' meeverplaatst wordt , en men achteraf dus kan blijven zien wie wat geschreven heeft . Andre Engels 03 . 38 , 21 feb 2004 ( UTC )
Noch 4 wiken dan begjinne de Olympyske Spelen yn Vancouver . Reedrider Sven Kramer soarget fansels foar Frysk goud , alteast dêr geane we fanút . Mar der binne ek in hiel soad wintersporten dêr ' t Friezen net iens oan meidogge . Underweis nei de Spelen sykje wy út welke Friezen by dy sporten yn de takomst medailles helje kinne . Hjoed earst snowboarde , mei ús ferslachjouwer Jan Vincent van Zuiden .
Yn Himmelum hat Fred van Breest lenburg hûnderten geiten . Hy sit te tsjen op ' e bistedokter , dy ' t de jonge en ynintsje moat . Tusken de bedriuwen h jout Van Breest syn droege entaar . . . . De skoalbern fan basisskoalle ôlefinne fan Easterwierrum mochten ine wike fan de juf de natuer yn . Se en oan de kant fan de sleat les fan in erekspert , dy ' t fan alles fertelle koe wat de bern fongen yn harren skepnetten . guon wie it ek mei de learzens oan noch ch om droege fuotten te hâlden . . . Less
Foto ' s : 1 . Jelle Zwart mei û . o . syn ûndogenske fers oer Elsa Fiederelsa ; 2 . Tsjêbbe Hettinga mei It Wikeler Hop ; 3 . Muzyk fan Breed Freed ( duorre fierstente koart ! )
De nijste sensaasje op ynternet komt út Drachten . It giet om sjonger Rinus Dijkstra ( 39 ) . Koartlyn makke hy it nûmmer ' Hey Marlous ' . It is in oade oan sjongeres Marlous út Assen . De fideoklip waard op ynternet set en is ûnferwachts oppikt troch lanlike media . De lêste dagen is it ferske al mear a . . .
Opburgen yn ALGEMIEN , WEBMASTER | No Comments »
It bestjoer is drok , hiel drok dwaande mei it feest op 30 april . It is dan ek net in gewoane Keninginnedei , mar in hiele spesjale : keninginne Beatrix en har famylje sille earst Makkum oandwaan en dêrnei trochride nei Frjentsjer . De feriening bestiet sûnt 1898 , 110 jier dus . Alle reden foar in grut feest ! En feest is de feriening wol tabetroud ; meastentiids duorret Keninginnedei yn Makkum twa , soms trije dagen ! Dit jier is it net allinnich it feest fan Makkum , mar de oare doarpen yn de gemeente Wûnseradiel wurde der ek yn behelle . Allegear hawwe sy de opdracht krigen om in part fan de rûte te fersoargjen . En fansels sil boargemaster Piersma ek net ûntbrekke om de keninklike heechheid mei alle egards te ûntfangen , yn it Makkum fan de Keninginneferiening . Dit jier binne hûnderten frijwilligers aktyf om it feest ta te rieden .
Omer Kaya : Bêste wethouwer fan Fryslaan foar Liwwarden ! Nòch gyn jaar leden kreech ik dit T - shirt fan Omer Kaya : I Love Ekhart . . Eks - Sneker raadslid en nou PvdA statenlid Omer Kaya in syn reaksy op ut fertrek fan Ekhart naar Liwwarden " Ik vind het verschrikkelijk mooi voor Andries en de gemeente Leeuwarden . Deze stad heeft een goeie keuze gemaakt door de beste wethouder van Frieslân binnen te halen . Maar voor Súdwest - Fryslân is het natuurlijk super jammer . Je verliest hiermee een hoop ervarin . En Andries is als wethouder altijd ontzettend zichtbaar en dicht bij de mensen . Ik gun het Andries in ieder geval van harte en hoop dat zijn opvolger het minsten zo goed zal doen . "
Is it allegear wat te kombinearjen ( 3 kear yn ' e wike traine en volleybal op sneon )
By it op ' e nij oprjochtsjen fan ' e Mienskip waard Brolsma net belutsen en hy woe der ek net wer oan meidwaan . Oan Bonne Dykstra , dy ' t him dêrta útnoege , skreau er dat er om syn sûnens ' alle aksje mije ' moast ' sawol as datjinge dêr ' t aksje út fuortkomme kin ' . En , sa skreau Brolsma der by , ' myn frou is de gefolgen fen de
Wind skreau poëzij en romans yn it Frysk en it Nederlânsk . Hy wie jierrenlang poëzij - besprekker foar de Ljouwerter Krante en foar it tydskrift de Moanne . Yn 2003 krige Harmen Wind foar syn Nederlânsktalige roman ' Het Verzet ' de Debutantepriis .
" De Alde Friezen " is in liet skreaun troch Eeltsje Halbertsma ( 1797 - 1858 ) en foar it earst publiseare yn de twadde printinge fan " De Lapekoer fen Gabe Skroor " , yn 1829 . By de meldije , dy ' t efteryn it boek opnaam is , stiet gjin komponist , mar it is de meldije fan " Vom hoh ' n Olymp " fan Heinrich Christian Schnoor , dat Halbertsma faaks leard hat yn de tiid dat er studint wie yn Heidelberg . De tekst wie ek opnaam yn de earste printinge fan Rimen en Teltsjes , yn 1871 . Doe ' t yn 1875 yn Grou in monumint foar Eeltsje Halbertsma oprjochte waard , waard it liet songen ta syn neitins en dat wie doe as wie dat in folksliet . Op foarspraak fan Pieter Jelles Troelstra is it yndie dat jier noch troch it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse oannaam as Frysk Folksliet . It liet is yn 1876 opnaam yn de earste printinge fan " It Lieteboek " , letter " Frysk Lieteboek " . Jacobus fan Loon wie ien fan de redakteuren fan " It Lietboek " , en hy brocht it tal fan fersen werom fan sân nei fjouwer . It earste en it lêste fers binne oernaam hast sa ' t Halbertsma se skreaun hie , mar dêr tuskenyn binne mar twa oare fersen opnaam ; oanpaste ferzjes fan it sechde en fyfte fers . It is dizze fersje dy ' t al gau populêr wurden is , en no as it Frysk Folksliet beskôge wurdt .
No en at it oer soks giet , dan kin we it sels wol . Wy ha hjir yn Fryslân wer ús gouden dei fansels . Oeral bin hjerringparty ' s . Sâlte nije hjerring . Hearlik . Wat ha ' k dêr sin oan . It skynt dat mei dat hiele moaie waar safolle plankton yn ' e see sit en dat dy hjerrings der goed fet fan wurde . Mar se moat fansels ek wer net te fet wêze . Oo hearlik . Mar , efkes op ' e remme , lit jim foar it oare net besodemieterje . Flagjesdagen . Flaue kul . Reklame gedoch . De oanfier fan it earste fetsje hjerring , moai foar de foto ' s , wurdt ferkocht foar goed doel , reuschtich moai , mar tink jim no dat se der dernei yn slagje ynienen yn hiel Nederlân oeral sâlte nije hjerring te hawwen ? Wolné . Dy bin der allang . Se bin net iens fong troch Nederlânske fiskers , mar troch de Denen . Dêr is de hjerring jusjes foarliker , en se ha se al lang yn fetsjes stoppe . En dy fetsjes lizze al moai te triljen yn de kuolkasten fan de fiskwinkels . En de grutwinkelbedriuwen , en yn de restaurants . En at de hjerringparty ' s , dy ' t tsjinwurdich net iens mear bedoeld bine om hjerring te iten , mar tagelyk ek gâns te drinken en dernei ek noch te jaan oan in goed doel ( yn Lauswolt moat je jûn 50 euro deltelle foar in stikje hjerring ) dan klaue se wat yn dy Deenske fetsjes om . Lit jim net yn de betizing bringe mei beaujelaisprimeuren , mei spesiale wiken foar asperzjes , foar moksels , nije rispinge ierpels of wat dan ek . At it der is moat je it ha kinne , al dy ôfspraken om der ek noch in kwak fergese reklame en gedoch by te meitsjen , eins soe de NMA der wat oan dwaan moate . Mar lit mar . Want sil ' k jim stiekem wat fertelle , ik ha al sa ' n hjerrinkje hân . Hoe ? Fertel ik net . Mar lekker .
Frysktalich toanielselskip Tryater wurdt mooglik út de basisynfrastruktuer fan teaterselskippen yn ús lân helle . Dat stiet yn in advys fan de Raad voor Cultuur oan steatssiktaris Halbe Zijlstra . Ien en oar hat finansjele gefolgen , mar docht foaral ôfbreuk oan de posysje fan de Fryske taal en . . .
De Professor Wassenberghskoalle is de basisskoalle fan it doarp . Everwinus Wassenbergh ( 1742 - 1826 ) is yn Lekkum berne en wie professor yn Frjentsjer . Hy hat him tige ynsetten foar it Frysk en leit yn Lekkum begroeven .
Is it not wonderful , that the understanding English not know their ofspring , or Mother Tongue , and the Land whereout they came ?
Nei in gryslike fakânsje by syn gemiene omke en muoike giet Harry nei de twadde klasse fan Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus - Pokus . Mar allinich al om dêr te kommen blykt in drege heksetoer te wêzen , wêrby ' t in fleanende auto Harry en syn freon Ron útkomst biedet . Nei alle aventoeren fan it foarrige skoaljier tinkt Harry dat er him rêstich wije kin oan syn ûnderrjocht fan leksums toverdranken , betsjoenings en ferdigening tsjin ' e tsjustere krêften en syn favorite tsjoenderssport swurkbal . Mar dan heart er in mysterieuse stimme , fine der nuvere oanslagen plak en ûntdekket er in tige , tige bysûnder deiboek . . . .
As dêr wat misgiet , in stêd mei sawat 20 miljoen minsken , mei minne sanitêre omstannichheden , dan giet it ek goed mis . In ideale lokaasje foar in ' útbraak ' . Yn De Telegraaf stie in hiel nijsgjirrich stik , lês hjirûnder fierder . En sjoch ek dit filmke fan kongresman Ron Paul fan Amearika : gewoane gryp is deadliker . Neffens de WHO ( 28 april ) binne der ynstee fan mear as 150 ek noch mar 7 deaden fallen . Harkje ek nei dizze útstjoering , tige nijsgjirrich .
As Auke út Nij Beets heart dat tweintich kilometer fierderop yn It Hearrenfean in â € œaviateurâ € delkomme sil om syn fleankeunsten sjen te litten , kin er noch mar oan ien ding tinke : . . .
Boartersguod - ymporteur Van der Meulen út Snits ropt tûzenen lytse rinfytskes fan it eigen merk Game on Sport werom . De gebrûksoanwizing is net kompleet . Dêrtroch ûnstiet it risiko dat de stjoerstange ferkeard montearre wurdt . Dy kin dan lossjitte . It giet om de fytskes Golden Girl en Golden Boy .
Diever ( Drintsk : Diever ) is in plak yn ' e gemeente Westerfjild . It plak hat ûngefear 3000 ynwenners . Yn ' e simmer komme der in protte toeristen nei Diever fanwege de Shakespeare toanielstikken .
Prinses Máxima hat tongersdei yn Ljouwert de nije NHL Hegeskoalle offisjeel iepene . De NHL is de ôfrûne jierren yngripend ferboud . De offisjele iepening is it begjin fan in wike fol aktiviteiten foar de skoalle . Foar de meiwurkers en studinten fan de NHL wie de komst fan de populêre prinses Máxima bysûnder . Der wie dan ek in soad belangstelling . =
tags : Fred Teeven Staatssecretaris vrouwen handel mensen frouljushannel Weaze Leeuwarden Bulgarije Roemenië
Hjoeddeisk is mar 60 % fan de ynwenners fan De Barein noch oarspronklik . De oare 40 % binne Pakistanen , Ynjers en Westerlingen . Goed 80 % fan de befolking wennet yn de stêden . De Barein is in tichtbefolke lân , dêr ' t sawat de hiele befolking op de noardlike helte fan it eilân wennet . It suden is foar it grutste part net bewenne .
Friesland ligt helemaal links bovenaan in Nederland . Als je de eilanden , Ameland , Terschelling Vlieland , en Schiermonnikoog meetelt plus de afstand tussen de eilanden en het vaste land is het uiteindelijk de grootste provincie van Nederland . De hoofdstad van Friesland is Leeuwarden . Friesland staat bekent om de 11 stedentocht , die vroeger vaker werd gehouden dan nu . De provincie staat niet alleen daarom bekent , maar ook om hun aparte taal die meer op Deens lijkt dan op Nederlands .
We wolle alfêst melde dat Anneke Wolsink dit jier út de kommisje giet . In nije namme ha we noch net . . Fansels binne we altyd yn foar ideeën fan jim , dus jow it troch oan ien fan ús en wij nimme it mei !
Ien en tweintich maart , de earste dei fan ' e maitiid . In doke ropt roekoe , de krookjes stekke harren kopke boppe de grûn . It is hearlik waar . De sinne is goed foar minsk , bist en blom . De greiden binne yn 2 dagen grien , Hylke hat al it earste ljipaai fûn .
Video duration : 1318 seconds Global video hits : 572
It wie fan ' e moarn in kâlde dûs doe ' t je bûtendoar kamen . It skeelde minstens in trui . Mar ja wy wiene ek sa bedoarn wat it waar oangiet . Wy sieten noch oan ' t moarnsmiel doe ' t túnbedriuw " Jitse " al delkaam om him mei syn maat op ús wrakke pergola te stoarten . It wie noch in krekt kerwei want se moasten om de klimroazen hinne manoeuvrearje dy ' t dêr al jierren sitte . It is lykwols tige goed slagge want it sjocht der allegear hast noch moaier út as foarhinne . In part dêrfan is op de foto te sjen . Sytske en ik ha ús fierder u . o . dwaande hâlden mei de telefoanyske ferhuzerij fan skoansus Tine . Wat sit dêr wat oan fêst ! Net allinne technysk mar ek op papier . Fan ' e middei nei ienen koe de telefoan yn it nije hûs brûkt wurde mar ho mar ! Om 3 oere die er it noch net en in telefoantsje nei de stoaringstsjinst makke my neat wizer en no moat ik nei in advys fan buorman Ate moarn noch marris yn ' t spier . Mar ja , ik wist net iens wat in splitter wie ! In bytsje wizer wurden ( by my sit ek in splitter ) wit ik teminsten wêr ' t se it oer ha . O ja , ik ferjit noch te melden dat ik fan ' e moarn wat bloed ynleverje moast om letter yn de wike hearre te kinnen hoe ' t it mei de sûnens giet . - . S . - P . S . : Telefoan en bloed en pergola , - je kinne sa ' n dei fan alles ha . - Afijn , it ferstân moat der mar by , - sadat je net te folle swirrichheden krij .
Geplaatst door Martsje Stelwagen om 13 : 14 | Permanente link
De stêd is sûnt de simmer fan 2000 mei Malmö yn Sweden ferbûn troch de 18 kilometer lange Sontbrêge ( Øresundsbroen ) , in kombinearre brêge en tunnel . Hjirtroch is het mooglik om streekrjocht mei trein as auto nei Malmö te reizgjen . Dêrtroch kin men in sa ' n 45 minuten it sintrum fan Malmö berikke . Mar ek in protte Sweden meie graach in jûntsje op stap gean yn Kopenhagen .
Nei tûzenen jierren driicht de taal yn distiid te ferdwinen troch de flecht fan de Arameesktaligen út harren wengebieten yn it Midden - Easten nei almeast westerske diasporalannen , dêr ' t it Arameesk ûnder druk stiet fan de dominante kulturen , en alyksa troch de Arabyske taal en kultuer yn har wengebieten .
Yn desimber wie by de Ried fan Steat ( hjirnei RS ) in sitting oer it ketebelied fan de gemeente Wymbritseradiel ( no Súdwest Fryslân ) . By de sitting wie de FNPjongerein ek fertsjintwurdige . De útspraak fan de RS wie dizze wike . De útspraak fan de RS is noch net definityf . De SWF gemeente sil earst ûndersyk dwaan moatte nei de drankferstrekking yn de keten . De útkomsten fan dat ûndersyk sille brûkt wurde by de definitive útspraak . It folsleine tuskenbeslút fan de RS kinne jim hjir fine : http : / / www . raadvanstate . nl / agenda / nieuws / nieuwsbericht / ? news_id = 127 Wy binne bliid dat de keten foarearst noch net ferbean wurde yn SWF . Yn Nijefurd binne keten yn 2010 abrupt sluten . It Buro Earlike Meidingen en Keninklike Hoareka Nederlân waarden troch de gemeente Nijefurd yn it lyk steld , dat de keten ûnearlike konkurrinsje wêze soene foar de hoareka en dat der te min tafersjoch wie op de keten . It tuskenbeslút fan de RS jout oan dat der formeel gjin bewiis is . Ek yn ús rapport fan 2009 kaam nei foarren dat de keten gjin konkurinsje binne fan de hoareka . Gauris sammelet de jongerein yn de keet , om dêrnei as groep fierder te gean nei : de ferskillende hoareka . Yn in artikel yn Trouw fan 28 jannewaris 2010 komt alwer nei foarren dat de keten in wichtige sosjale funksje hawwe . Het samenzijn met vrienden is de belangrijkste reden om een keet op te richten ' neffens ûndersiker en kultureel geograaf Koen Salemink . Wy fine it tige wichtich dat de jongerein in eigen plak hat yn it eigen doarp dêr ' t se byinoar komme kinne . Gemeenten moatte dêrom net de maklike wei kieze om keten ticht te smiten , mar kieze foar it petear mei de jongerein . Meitsje ôfspraken , regels dêr ' t in keet oan foldwaan moat . Jongerein dy ' t belutsen bliuwe by harren eigen mienskip soargje foar leefberens en libben yn in doarp , en dêr hat eltsenien profyt fan .
19 febrewaris 2010 It libben fan Hendrika Brok - Troelstra , it suske fan Piter Jelles Sicko Heldoorn ( boargemaster fan Assen ) en Egbert van der Veen ( âld topman fan Omrop Drinte ) fertelle op snein 7 maart om 14 . 00 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert oer it libben fan Hendrika Brok - Troelstra ( Ljouwert 1867 - Assen 1944 ) . Hja wie polityk aktyf en sette har yn foar de rjochten fan froulju , dochs waard hja yn 1936 as lid skrast út ' e SDAP , de partij dy ' t yn 1894 mei troch har broer Piter Jelles oprjochte waard . Oanlieding om har te skrassen wie in reis nei de Sovjet - Uny . It waard har net yn dank ôfnaam dat hja har troch kommunisten brûke liet foar it ûndermynjen fan de sosjaal - demokrasy . Op it stuit wurdt der krewearre foar rehabilitaasje fan dizze striidbere frou . Mear . . .
De Ried en EBLT sille sels ek reagearje op de ynternetkonsultaasje . Hjirûnder stiet de reaksje fan EBLT . EBLT hat der gjin beswier tsjin as der parten oernommen wurde troch tredden .
Yn 1918 wie de Jongfryske Mienskip iepensteld foar elkenien dy ' t lid wurde woe . Troch it loslitten fan it ûnderskie tusken ' arbeidzjende , stypjende en lêzende ' leden , waard de Mienskip rillegau in grutte beweging . Dêrom doarsten de lju it oan , om yn 1919 te kommen mei in wykblêd . 307 It Heitelân hie in grut tal meidoggers , meast Jongfriezen , en woe ' yn Frysk - nationale geast alles bihânnelje , hwet de saek fen Fryslân oanbilanget ' . Utjouwer wie de N . V . Noard - en Súd - Nederlânske Utjowers - Maetskippij fan D . Y . Alta te Amsterdam , printer wie Brandenburgh fan Snits . Einredakteur Piter Sipma sette mei faasje út ein . Ek Brolsma die mei . Syn earste bydrage stie yn it nûmer fan 8 maart 1919 . It wie ' Lâns de Wei ' , it earste fan wat in lange rige swalkersferhalen wurde soe . Yn dizze ferhalen fûn Brolsma in eigen toan en beljochte er oare figueren as de Fryske lêzers wend wienen . It Heitelân hie dat earste jier wol mear opfallende bydragen . Sa begûn Dr . J . Botke mei syn rige ' Fen Fryslân ' s Groun ' en Dr . G . A . Wumkes mei de ' Bodders yn de Fryske Striid ' . Ek Frisia bleau bestean , mar strikt as literêr tydskrift ; alle meidielingen oer aktiviteiten fan ' e Mienskip stienen yn It Heitelân .
Aukje hie better fertsjinne . Sels ferwurdet se it sa : ' No ' t Marije en ik op ' e plakken fan myn jonge jierren west hawwe en fleagen út dy tiid oan my foarbylûke wit ik wer wat úteinlik it wichtichste foar my wie as bern . Net de ideeën , it leauwen of de polityk , mar de waarmte yn ' e lytse keamer fan it arbeidershúske , de leafde fan heit en mem , de nachten mei de earm fan Renske om my hinne , de switterige hân fan Metske yn dy fan my ' .
Yn 2008 wienen der 2 . 573 . 913 Portugeeske mannen fan tusken de 16 - 49 jier . Dêrfan wienen 2 . 099 . 647 fit foar militêre tsjinst . Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy ' t sechtjin jier wurde , yn 2008 wienen dat der 64 . 910 .
Tomke dvd - It is feest Klik hjir om te besjen yn de Afûk webwinkel
Saterdei 14 juny wie it safier : foar de twadde kear dielnimme oan ' e Slachtemaraton . Om 6 . 40 oere moasten wy opstappe yn Ljouwert . Mei in fertraging fan in lyts healoerke setten wy ôf nei de seedyk by Easterbierrum . Op ' e seedyk stiene Slachtiatoaren dy ' t oan alle kuierders de segen meijoegen om de tocht ta in goed ein te bringen . In groep fan likernôch 15 Eastermarders koe om fiif oer achten starte en mei de wyn in ' e rêch en in noflike temperatuer ôfsette foar in tocht fan 42 km oer de Slachtedyk . Op ' e maat fan it lûd dat út de nije skuon fan Jannes kaam , binne wy úteinset . Underweis kamen wy alderhanne foarstellings tsjin fan bygelyks BUOG ( Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen ) , saneamde skouplakken . Yn oerlis mei de bewenners fan Peins , Arum , Kûbaard en Hidaard ha sy teaters lâns de Slachte makke . Fierder wiene der lâns de rûte korpsen , Shantykoaren , strjitte - artysten en dûns - en slachwurkgroepen opsteld om de kuierders te fermeitsjen .
Federatie Littenseradiel , verzorging prijzen , contactpersoon jeugdcommissie
Op de sân ekspedysjes soe Zheng He ' s fleat ek Austraalje fûn hawwe en om Kaap de Goede Hoop fard wêze oant de Kaapverdyske eilannen en har dan splitst hawwe . Zheng He hâlde sekuer in lochboek by en makke ek kaarten fan syn folge seerûtes . Doe ' t syn heit ferstoar , en Hongxi de keizerstroan oernaam , liet hy al dizze kostbere oantekenings ferneatigje .
' Der sit gewoan in sterke motor yn , 220 fok ! '
Safolle glês lei der op it fytspaad tusken Blauhús en Wolsum . Stikkene drankflessen , in Johnny Walker label mien ik dat ik seach . . It wie as leinen der iisklûntsjes op myn paad . Dy hawwe juster flink ta de flesse sitten , sa tocht ik . Wat wolle je ek as je yn sa ' n plak as Blauhús wenje , dan moatte je sa no en dan wolris eefkes wat gek dwaan . Ik haw der noch oan tocht om it glês yn it gers te wâdzjen , mar dan hie ' k no noch net thús west tink ik . Nei Wolsum kaam ik in jong stel tsjin dat frege oft sy it paad del koenen by dy boer nei de Wolsummer Ketting . Dat wist ik net krekt , ik haw se mar nei Blauhús ta stjoerd .
Essinsjeel is ek de feroaring op tsjerk - oarderlik gebiet .
Listed below are links to weblogs that reference Bjirken en it rigeltsje rûgeljen :
Yn âlde tiden waard Belgje befolke troch ferskate Keltyske folken , wêr ' t de Menapii de wichtichste fan wiene . Letter yn de Romeinske tiid waarden alle Keltyske stammen yn it gebiet tusken Noardsee , Ryn , Seine en Marne ( Súd - Nederlân , Belgje , Noard - Frankryk en parten fan West - Dútslân ) meiïnoar oantsjutten as Belgae en hearde by it Romeinske ryk .
It Biologysk Wurkferbân , sa docht bliken , is in goed moetingsplak foar ' profesjonelen ' fan ryks - en provinsjale ferienings en fan leden fan wurkgroepen . En dan is der ek de ploech leararen biology en oan de biology besibbe feedokters en lânboukundigen , dy ' t út belangstelling lid wurden binne fan it wurkferbân . Mei - inoar binne der no sa ' n 130 leden . It stribjen is om alle jierren ien kear mei in grutte feriening of organisaasje in wat grutter sympoasium te hawwen , lykas yn 1996 mei de Universiteit fan Grins en Steats Bosk - behear oer dúndellingen en ekology fan waadfegetaasjes , yn 1997 mei Provinsjale Wettersteat oer it Nannewiid , yn 1998 mei It Fryske Gea oer it ROM - projekt Súdeast - Fryslân en yn 1999 mei it Platfoarm Fryske Natoer oer monitoaring fan natoerwearden en miljeukwaliteit , tagelyk ta gelegenheid fan de 80ste jierdei fan D . T . E . van der Ploeg ( Oanbieding fan Natuur in Friesland - 123 gebieden van Staatsbosbeheer ) . Ek hat it wurkferbân de grutte organisaasjes foar natoer , gea , kultuer en monuminten yn Fryslân byinoar roppen om mei - inoar noed te stean foar behâld fan it natuerlik en kultuerlik erfskip .
It bêste terras Hokker terras is neffens jo it bêste terras fan Fryslân ?
D . J . Keu en Sito hawwe noch in stikje tekst mei har beiden dien foar de ôfwikseling . At ik it goed begriep krige Sito raketles fan D . J . en wie D . J . yn in earder berop in twadde bestjoerder fan in ambulânsewein west , mar wie er ôfkard of fuortreorganisearre ofsa , en Sito mocht him in fraachpetear ôfnimme wilens der in testrit makke wurde . Ik kin in bytsje mis sitte , mar dat kaam ek troch dat geknoffel mei de mobilofoanen en de papieren dy ' t hieltyd omwiksele wurde moasten . Hilarysk stikje wie it .
Yn it stik fan feiligens binne it goed funksjonearjen fan polysje , brânwacht en rampebestriding fansels wichtich , mar de mienskip hat ek sels har ferantwurdlikens . Elkenien hat de taak fan it sosjaal tafersjoch . Dy feiligens heart ús mienskip ek romhertich te bieden oan minsken dy t troch oarloch , honger en oare rampen út har eigen mienskip fer ¬ dreaun binne .
Binnen de rânen yn in kartûs in alliânsjewapen mei helm . It ferrinnewearre manljuswapen : in [ ynkoarte en fersmelle andreaskrús ] , en op it plak , dêr ' t by Buygers dat krús oan wjerskanten beselskippe wurdt fan in lyts [ andreaskrúske ] , is it wapen ek ferrinnewearre .
Mozilla hat oanjûn dat moarn de nijste ferzje fan Firefox útkomt . Earst soe dizze ferzje al begjin dit jier útkomme mei it nûmer 3 . 1 . Troch ferskate problemen mei de nije Tracemonkey en it ûndertusken tafoegjen fan mear mooglikheden is it no ferzje 3 . 5 wurden . Stipe foar html5 foar it ôfspyljen fan fideo en lûd sûnder ynstekkers en privee sneupe wêrtroch gjin skiednis bewarre wurdt binne belangrike fernijings . Fierders is Firefox flugger wurden . Tafoegje oan Delicious
De ûnderwerpen yn Hjoed fan woansdei 15 desimber : * Lichem fermist bemanningslid op Skylge fûn * Tsjinstpistoal plysjeman stellen * Hûnderten bargen omkaam by brân
Troch Balthasars ferset bleau Harlingerlân in frije provinsje mei eigen rjochtsfoech oant it yn 1744 oan Freark de Grutte fan Prusen kaam troch fererving .
' Lânsdielfoarming ' betsjut yn dit gefal konkreet it ynstellen fan in Noard - Nederlânsk gearwurkingsferbân , dat in eigen parlemint krije moat . En as dat noardlike lânsdiel yn it grutte Europa oerlibje wol , dan moat it ûnder Brusselske wjokken oansluting sykje by de buorman , de regio Ost - Friesland yn Dútsklân . Foar in Frysk nasjonalist as Huisman soe dat oars in histoaryske boppeslach wêze : sa kriget er it Grut - Fryslân fan de Upstalbeam der fergees by .
Yn 1381 stelt Ocko I tom Brok Albrecht fan Beieren , Greve fan Hollân as lienhear oan . Dit waard troch de East - Friezen sjoen as in beperking fan de Fryske frijheid en Ocko I tom Brok waard foar syn boarcht troch in slûpmoardner fermoarde .
Om fiif oere middeis is de earste edysje fan Hjoed . Yn fiif minuten binne je op de hichte fan it nijs fan dy dei . It nijs komt yn heech tempo foarby , yn koarte skerp montearde items . De presintator sit op de redaksje en is altiten op ' e hichte fan it lêste nijs . De Hjoed - edysje fan 17 . 00 oere wurdt gelyk nei de útstjoering ek on - line oanbean op www . omropfryslan . nl en ûndertitele yn it Nederlânsk .
Harkemase Boys spilet takom seizoen wer yn de haadklasse fan it sneonsfuotbal . De Harekiten wûnen yn Hoogeveen mei 4 - 2 fan HZVV . Jelmer Slager en Martijn Barto makken elk 2 doelpunten . Jelmer Slager soarge yn de 32ste minút foar de iepeningtreffer en Martijn Barto sette yn de earste minút fan de twadde helte de 0 - 2 op it boerd . Harkemase Boys is mei 48 punten út 16 wedstriden de earste noardlike amateurkampioen .
De band Van Wieren wie gelyk al entûsjast oer de Praat mar Frysk - kampanje en se woene graach wat foar ús dwaan . Dêrom hawwe se ' Dûnsje ' skreaun . Us kampanjeliet ' Dûnsje ' waard presintearre op it Centraal Stasjon fan Ljouwert . Dêr joegen de mannen in miny - konsert mei in gastoptreden fan de kultuerwethâlder fan Ljouwert : Yvonne Bleize . Sy song tegearre mei Robbie van Wieren it nûmer Ien . In Fryske oersetting fan ' One ' fan U2 . En dat befoel sa goed dat Yvonne Bleize noch wolris faker meisongen hat by konserten fan Van Wieren . Beide nûmers , Dûnsje en Ien kinst fan ús site downloade . En der binne fansels ek wer filmkes fan makke . Dy kinst hjir ek besjen !
CapitalHeight Indore about 4 hours ago Forward as SMS
Pieters . Hy hat ynbrutsen en stellen by Geert Teunis , boer to Kûk -
It wurdt wûn út sûkerbiten , sûkerreid of sûkerpalm . Dat giet mei in raffinaazje - proses . By dat proses wurdt de sûker út de plant oplost yn hjit wetter , en troch werkristallisaasje en filtraasje suvere .
Trots op Nederlands Rita Verdonk nei har besyk oan Ljouwert op 18 maaie 2008 : ' De Nederlandse Proncies zullen moeten worden opgeheven als TON aan de macht komt . Voor Friesland mag een klein kantoortje blijven bestaan , om de symbool functie hoog te houden en om de elfstedentocht te organiseren '
RynkRank is in kabaretploech út it doarp Tsjalbert . Wat yn 1987 begûn as kabaret by it jubileum fan de skoalle , groeide út ta in hast jierlikse tradysje : " It Tsjalberter nijjierskabaret " . Sûnt die tiid stiet RynkRank alle jierren op de planken fan it doarpshûs , mar giet de ploech ek mei in protte nocht troch de provinsje . RynksRanks ' nije program giet oer in besteand kroechje . It kroechje fan Oege . Oege sjocht it net sa bot mear sitten en hat mei syn frou besletten om de brui der oan te jaan . Mar dochs . . . wat komt er eins nuveraardich spul oer de flier . In griemmank oan minsken : frjemde persoanen en soks sawat hinne . En de fêste klant fansels . Eins wol gesellich . Sûnde om er mei op te hâlden . . . RynkRanks ' Kroegepraat wurdt mei faasje spiele troch seis spilers . Sij wurde begeliede troch harren eigen combo . Twa man efter de knoppen foar it ljocht en lûd en hawar : RynkRank ! It program wurdt spile yn twa helten . Sa ' n trije kertier foar it skoft en trije kertier nei it skoft . In noflik jûntsje mei RynkRank is dermei garandearre ! De namme RynkRank besjut : gammel , mei mankeminten , in soadsje ûngeregeld .
Sake Store , Dokkum , Dameskleding - De Telefoongids Bedrijvengids Sake Store , Dokkum , Dameskleding vindt u in De Telefoongids . Vind Sake Store in de meest complete Bedrijvengids . Met . . . Link ( plak dit in een e - mail of IM ) HTML ( plak dit om het in de webpagina de zetten ) Close . Over ons . Contact . Vacatures . Colofon . Nieuws . Mobiel . Downloads . . . www . detelefoongids . nl / bg - l / 14062289 - Sake + Store / vermelding - 28k - 12 - 5 - 2011 Sake Store Dokkum Dameskleding Telefoongids Bedrijvengids Toevoegen Rubriek Regio routeplanner Trefwoord Naam Telefoonnummer Straat Plaats Postcode rubrieken klaar BV KvK Bekijk
Lúkswâld is in streekdoarp dat him pas let foarme . Lúkswâlde wie lange tiid it lytste doarp fan de gritenij Opsterlân . It doarp hie mar tsien stimhawwende sates . Yn 1749 wennen der noch mar trije húshâldings . Op de gritenijkaart fan Schotanus út it begjin fan de 18e ieu is it in streekje mei losse bebouwing lâns de diken en paden nei it noarden : de haadwei is troch de feanen rjochting Gersleat en It Hearrenfean . Fierder de wat eastliker rinnende Heawei nei de ' Luxter Tinie ' , dy ' t folle letter útgroeie soe ta De Tynje .
Tichtby de tsjerke is in strjitte nei Van Kinsbergen neamd . Fanút de tsjerke sjoen is it it earste hûs oan de rjochterkant yn dizze strjitte . Oarspronklik wie it in gildehûs , dat yn 1585 in weeshûs waard . Oan de ein fan de 18e ieu waard der in Latynske skoalle fêstige , it hjirfoar neamde Ynstitút van Kinsbergen . Van Kinsbergen skonk syn nautyske ynstrumintaria en syn bibeteek oan dizze skoalle en steunde de skoalle ek finansjeel . No is it in tsjerklik sintrum fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke . Boppe de doar stiet yn in cartouche in gedichtsje fan Vondel , de oerseting is :
Anne en Lisette mei ' Ik soe bliuwe ' ( ' I Would Stay ' Krezip ) . Optreden by de foarrondes fan SjONG 2010 by Omrop Fryslân yn Ljouwert . SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis fan 12 oant en mei 18 jier . Dit filmke is makke troch studinten fan ROC Friese Poort D . . .
It hert fan De Fochtel wurdt foarme troch it multyfunksjonele doarpshûs Et Legien . Hjiryn binne ek de skoalle en de klaaikeamers foar de pleatslike fuotbalclub yn ûnderbrocht . De Aktiviteitenkommisje hjit De Korhoenders . Iens yn de 5 jier is der in doarpsfeest . It kommende doarpsfeest is yn 2011 . It doarpsblêd FODOVONI ferskynt tsien kear yn it jier en wurdt ek wol It Blauwe Boekje neamd .
It parlemint bestiet út twa keamers en kiest de presidint . De Nasjonale Gearkomste wurdt alle fiif jier direkt troch it folk keazen . De Nasjonale Ried fan Provinsjes wurdt alle fiif jier keazen troch de provinsjale bestjoeren . De Nasjonale Gearkomste en provinsjale bestjoeren wurde beide keazen by de algemiene ferkiezings . Leden fan de gemeenterieden en boargemasters wurde direkt troch it folk keazen by de lokale ferkiezings .
" Faak steane wy machtleas en sûnder in wurd
VII - b Ritske Hendriks Noppert is berne op woansdei 19 maart 1834 yn , soan fan Hendrik Jans Noppert ( sjoch VI - a ) en Jeltje Ritskes van der Woude . Fan de berte is oanjefte dean op freed 21 maart 1834 . Ritske is ferstoarn op tiisdei 9 oktober 1906 yn , 72 jier âld . Fan it ferstjerre is oanjefte dean op woansdei 10 oktober 1906 . Ritske troude , 24 jier âld , op snein 8 augustus 1858 yn mei , 23 jier âld . Jantje is berne op tongersdei 12 maart 1835 yn . Fan de berte is oanjefte dean op tongersdei 12 maart 1835 . Jantje is ferstoarn .
De Fryske feankaden binne op twa plakken ferswakke troch de droechte . It giet om kaden op it eilân de Burd by Grou en kaden by . . .
It byldmerk fan it alvestêdekrúske , it logo , de flagge en de namme Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden binne beskerme en meie sûnder tastimming fan de feriening net troch tredden brûkt of eksploitearre wurde .
DE LEMMER - Yn 2009 folge Johannes Meeter Ale Zwerver op as skipper fan it Lemster skûtsje . De 37 - jierrige binnenfeartskipper wennet op ' e Lemmer en sylde de ôfrûne twa seizoenen yn de SKS as adviseur oan board fan it Boalserter skûtsje . Hy stamt út in âld skûtsjeskippersfaach , want hy is de soan fan Hidzer Meeter , âld - skipper fan Earnewâld . En hy is de pakesizzer fan de âlde Loadewyk Meeter ( sjoch ek by it Doarp Huzum ) . Johannes Meeter waard berne yn Snits , op 5 juny 1971 . Meeter brocht syn jeugd troch oan board fan it binnenfeartskip fan syn âlders en op ' e Lemmer , dêr ' t hy wenne yn it skippersynternaat . Ek de bemanning fan it skûtsje komt foar it grutste part fan ' e Lemmer . Yn it foarjier fan 2004 waard it Lemster skûtsje trochseage en ferlingd . Neffens berekkenings koe dêrmei in winst yn faasje fan inkele prosinten helle wurde . Boujier : 1930 Tonnaazje : 45 Lingte : 19 . 48 m . Bridte : 3 . 62 m . Holte : 1 . 17 m . Djipgong : 0 . 38 m .
By Raethuys Ljouwert oerlizze jo op in unike lokaasje . Goed twahûndert jier lyn , doe ' t it gebou yn gebrûk wie as riedhûs , waarden hjir al gearkomsten hâlden .
- en Waadsee . Fiskers wurkje graach mei , no ' t der foar soarge wurdt dat it ôffal fan de steigers nei konteners brocht wurdt . Fan de . . . youtube . com
Wij ha pakes en beppes mei moed , Want se ha harren bernsbern gauris op ' e noed Wij ha in pake dy ' t ús riedt nei in kultuur oere En pakes dy ' t ús nei it swimbad toere
langer at se libbe hat driuwt tusken dyk en sleat yn in see fan krekt skeard gers oan de ferkearde kant de wei
Berber van der Geest ( Ljouwert , 19 febrewaris 1938 ) is in dichteres , toanielskriuwster en skriuwster fan ûnder oaren berneboeken .
Samen met zijn trainer zet turner Epke Zonderland de laatste puntjes op de i . Een podiumplaats op de Olympische Spelen in Peking sluit hij zeker niet uit
* 30 septimber - Ljouwert , Tresoar , boekpresintaasje " Friezen yn ' e frjemdte " , tegearre mei Rob du Jardin ( mear ynfo )
Op 1 jannewaris 2011 is yn Estlân de euro as wettich betelmiddel yn gebrûk nommen .
Mar 28 ; Johannes de Voor , Belitje Bogert ; Aaltje ; Johannes Persell , Sara Persell , j . d .
Om ' t dy earst noch in oar helpe moast , gie Aafke salang nei de ko -
Het is niet ' het blik ' maar de herinneringen die eraan hangen . Het voelt als een soort van afscheid , maar Mem , er is één troost : de herinneringen blijven ! ! En die zijn om te koesteren .
Nei wat kursussen Frysk by de Afûk folge se de hbû - oplieding Frysk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden ( NHL ) . Yn 2001 krige se in dieltiidbaan by de Fryske Akademy as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske taal ( WFT ) . Foar harsels begûn se mei in fertaalburo . Yn de tuskentiid ferskynden fersen fan har yn wykblêd Frysk & Frij en op de Fryske Skriuwerskalinder .
De gemeenterieden fan Skarsterlân , Lemsterlân en Gaasterlân - Sleat hawwe woansdeitejûn mei in mearderheid ynstimd mei in fúzje fan de trije gemeenten . 35 riedsleden wiene foar de fúzje fan de nije gemeente De Friese Meren , 15 wiene tsjin . Grutste wjêrstân wie it feit dat de doarpen . . .
Har niget oan it televyzjefak kaam in paer jier letter . Yn 1999 briek se troch as presintatrise by Fox Kids .
Nur noch 9 Stück auf Lager - jetzt bestellen .
Wat is it ferskil tusken minsken en bisten ? Ik moat mar efkes om in nye slinger apenùten …
De steat Georgia is 154 . 077 km ² grut , wêrfan 150 . 132 km ² lân . De steat leit yn de Eastern - tiidzone .
De slûs mei brêge foarmet de ferbining tusken it Johan Frisokanaal en de Iselmar . Yn de simmermoannen ferwurket de slûs in soad fartugen en dêrtroch rint de wachttiid bytiden op ta twa oeren . Yn 1973 kamen 19 . 328 plesierfartugen troch de slûs . By deikeminsken is de slûs mei de soad skippen in attraksje . De oare slûs yn Starum is de eardere seeslûs . Besuden de slûs leit it J . L . Hooglandgemaal , dat yn itselde jier klear kaam .
Op de Achterwei yn Broeksterwà ¢ ld hat moandeitejà » n in wiere slachting plakfà » n . Sa ' n 70 markols binne troch in auto deariden . De automobilist seach de bisten te let en koe se net mear à » ntwike . It is
De Amstel Gold Race is de ienichste fytsklassiker fan Nederlân dy ' t opnommen is yn de protour fan it hurdfytsen .
De band bestiet út Jan Johannes Veldkamp ( sang ) , Jan Hoekstra ( gitaar ) , Kees Epema ( bas & sang ) en Otto van der Heide ( drum & sang ) . Mei harren nûmer ' It Spyt My ' , skreaun troch sanger Jan Johannes , spilen se tidens de heale finale yn it Bolwurk yn Snits . Spitigernôch wisten se de sjuery net genôch te oertsjûgjen , mar it publyk stie seker wol efter Honke de Par . Dat die wol bliken út de útslach fan de poll , wêrmei ' t de Drachtster band de wildcard wist te pakken .
De rige rint sûnt novimber 2004 mei ûndertiteling ek by RTV Oost en op de Nederlânske tillevyzje stjoert de KRO de searje út sûnt 2005 . De searje is ek op kompaktskiif útkaam . Der wurdt no wurke oan in teaterferzje , de Baas Boppe Baas Revue , dy ' t 19 oktober 2007 oangean moat .
As Friezen wolle dat de Fryske taal en kultuer yn de takomst bestean bliuwt , moatte se dêr sels ek in bydrage oan leverje . Dy oprop die Alex Riemersma fan it meartalichheidssintrum Mercator sneon by de 63ste betinking fan de Slach by Warns . Neffens Riemersma moatte de Friezen har taal rêde troch dy aktyf te brûken . Dat jildt foar " gewoane " Friezen , mar ek foar pommeranten lykas de kommissaris en boargemasters . Dy soene it goeie foarbyld jaan moatte . Boarne : Omrop Fryslân 27 sep 08
It boppesteande docht bliken út it proefskrift fan ûndersykster Marije Koopman fan de universiteit Utert . Hja hat fan 2000 oant 2010 de longen fan santjinhûndert lytse poppen fan trije wiken âld hifke . Yn 2008 , fjouwer jier nei ' t it smoken yn iepenbiere romten ferbean wurden wie , wie de longfunksje al 10 % better as oan it begjin fan it ûndersyk . Yn 2010 , doe ' t it smoken yn kafees en restaurants ferbean waard , ferbettere de longfunksje fan de bern wer mei 10 % . De memmen fan de bern seine ek dat se minder yn ' e reek sieten as foarhinne . It bertegewicht fan de bern leit sûnt de ynfiering fan de antysmookwetten ek heger as dêrfoar .
De Toraja hawwe ornaris twa begraffenisseremoanjes : in lytsen fuort nei it ferstjerren fan in famyljelid , en in grutten dy ' t ferskate dagen duorret , neidat alle tariedings derfoar makke binne . Dy hâlde ûnder mear yn dat der genôch jild byinoarkrigen en it nedige fee kocht is en dat famyljeleden en freonen út alle wynrjochtings oankommen binne . Om ' t de lju dêr de tiid foar nimme moatte , wurde tomate meastal holden yn it droege seizoen , fan july oant septimber , dat de Toraja " de feesttiid " neame . It lyk fan ' e deade bliuwt al dy tiid yn it hûs dêr ' t hy of sy ferstoarn is . Eartiids waard it bewarre mei tradysjonele balsemkrûden , mar hjoed de dei makket men faker gebrûk fan in ynjeksje fan in stof mei in balsemjende wurking .
De provinsje lûkt it brief yn oer de oankeap fan grûn foar de Sintrale As . Ein desimber is in brief ferstjoerd oan eigners fan grûn yn it gebiet mei dêryn in foarstel oer de priis fan it lân . Yn it brief wurde minsken foar it blok set . As se it bod net oannimme , wurdt in proseduere tsjin harren o . . .
8 . Binne der neist Jo nòch mear BF ' ers ( Bekinde Friezen ) dy ' t it Bildts prate ?
De plysje hat tiisdei trije manlju en in frou oanhà ¢ lden yn ferbà ¢ n mei de oerfal op in juwelier oan de Nijstêd yn Ljouwert . Twa manlju pleegden tsjin healwei alven in wapene oerfal , dêrnei naaiden
De bruorren Anker joegen hjirby faak kommentaar , de boargemaster rikt nei ôfrin de prizen út . Ta gelegenheid fan it 40 - jierrich bestean ferskynde yn 2008 in Mêstklim Jubileum Magazine .
Dj Keu , oftewol Marc Kooij song in pear fersen en de flarden ' over de prijs worden wij het wel eens ' en ' hou van mij ' sjonge my no noch troch de holle .
hiem stellen to hawwen . Ek alris in planke fan de rûchskerne , ensfh .
Ien fan de ynnovaasjes dy ' t Willem Wouda ûnder oaren opset hat , is it feit dat de skoalle trijetalich wurden is . Âlden , bern en learkrêften binne hiel tefreden mei dit ûnderwiiskonsept . Dat it wurket is te sjen yn skoares fan de CITO - toetsen .
Hjir in kompilaasje fan de Fryske Music Night 2009 , hâlden op freed 27 november 2009 yn it WTC Expo yn Ljouwert . De kwaliteit fan it beeld is net super , mar it lûd is wol aardich . Ik haw lang net alles filme en gewoan wat fragminten oan mekoar plakt . Wa dienen der ûnder oaren mei : Liesbeth . . .
Nu exista nici un clip pentru acest cuvant cheie ferlies
DVD Cambuur | De slapende reus ontwaakt Model : Prijs : € 12 , 50
Winkler Prins bleau oant op hege leeftyd tige krigel en fitaal . Hy wie 78 jier doe ' t hy mei ien fan syn fjouwer soannen op redens oer de Kagerplassen fan Lisse nei Leien ried en werom . Op syn tachtichste preke hy wer ris yn Veendam en op Skiermûntseach . Foar de Delftse Courant skreau hy noch 150 haadartikels . Meiïnoar soe hy yn syn libben 39 . 000 feltsjes A4 folskreaun hawwe .
William Jefferson " Bill " Clinton ( * 19 augustus 1946 yn Hope , Arkansas as William Jefferson Blythe III ) is in Amerikaanske politikus fan de Demokratyske Partij en wie yn it tiidrek 1993 - 2001 de 42e Presidint fan de Feriene Steaten .
It nije soloprogramma fan Lianne Zandstra en teatergroep Pact hjit ' Tichtby ' . It is in muzikale teaterfoarstelling oer de wrakseling fan in wanhopige tritiger dyt fertize rekket yn it digitale tiidrak . Se is it paad bjuster rekke yn ' e kompleksiteit - op it earste each - fan it gewoane libben . ' Tichtby ' is in oade oan ' e ienfâld . It stik wurdt sjongen en spile troch Lianne Zandstra .
Fan de siswize Op syn alve ' ntritichst ( stadich ) wurdt gauris oannaam dat dy ferwiist nei de alve stêden en tritich gritenijen dy ' t yn de steaten fan Fryslân mar stadich ta beslútfoarming komme koene . Mar dy siswize waard yn de 16e ieu al brûkt yn Hollân , allinnich mear mei de betskutting fan sekuer . It hat dêrom de wierskyn dat de ferizing nei Fryslân net de krekte útlis is .
Juw knikte , wylst er it gesicht nei it haad fan de tafel draaide , dêr ' t de gasthear siet te kielskraabjen . Doe ' t de boer mei in
De mounder Oene Portijk ferhuze mei fan Tsjalbert nei Terkaple . De grutte mole hie in kundich mounder nedich en dizze Portijk koe de mole as gjin oar fansels . Syn neiteam wenne letter yn it hûs fan G . Klosters oan de Oenemawei foar fam . Hotse Bakker oer . De mole waard lykwols net al te goed ûnderhâlden , sadat de polder dochs noch wolris blank kaam te stean . Dit ûndanks de grutte wetterkapasiteit fan de mole . Ek waard der in tal jierren letter in Amerikaanse wynmoter boud oan de râne fan de Terkapelster Poel , hiel wat nijs yn dy tiid , dat doe ferlear de grutte mole syn belangrike funksje . De wynmoter blykte ek goedkeaper yn gebrûk te wezen . Oan 1921 ta hat der in mounder wenne yn de mole , mar dêrnei wie it dien . De mole fertutearze en is úteinlik yn 1935 ôfbrutsen . De boargemaster fan Utingeradiel hat noch besocht de mole ûnder te bringen by de feriening " de Hollandsche Molen " om him sa te bewarjen , mar it holp net . Ek doe wie der al in soad jildkrapte foar dizze saken . Dizze mole bemealde it lân fan Sipkema ' s pleats ( no de ôfbaarnde pleats Pyt Kamstra , Fjildwei ) ; net allinne de Buma - pôle en it lân dêrachter , mar ek in stik lân oan de oare kant fan de sleat ( no Sinnemapolder ) . Der siet in dûker ûnder de sleat troch en in barte / set der oerhinne . Men moast nammentlik mei hynder en wein yn it lân komme kinne . Wie men klear yn it lân , dan moast it set wer oan ' e kant , want de sleat wie iepenbier wetter en de skipfeart moast trochgean kinne . Men moast by de oare huzen komme kinne , û . o . de buorkery wer ' t no Germ Hooisma wennet .
Yn de rin fan twa jier ferriisde op ' e terp Abwert in kleaster dat net ûnderdie foar dat fan de Johanniters . It meast opfallend wie de kapel mei de dakruter , dêr ' t de klok yn hong . Sudlik dêrfan lei it gebou dêr ' t de muontsen har ferbliuw hiene . Oan de oare kant fan de terp liken de fiif wurkpleatsen en stâlen weidûkt foar de âlde beamwâl . Dêr tuskenyn , op it noarden , stie de poarte mei de smelle doar , teken dat de brede wei fan de wrâld hjir ophold . Oan wjerskanten fan dy trochgong hiene se op mânshichte in muorre mei sjitgatten mitsele . Op dat plak wie de grêft , dy ' t om it hiele kleaster hinne rûn , op ' en breedst as waard hjir de oanfal fan Lúsjefer syn legermacht ferwachte . In barte , dy ' t by gefaar sa ynhelle wurde koe , wie de iennige tagong nei de poarte .
Spitich genôch sakket oeral , sels hjir yn Michigan , de kristlike moraal . Froulju op ' e preekstoel , soks roait dochs kant noch wâl . Sels de swarten wolle se op ien hichte stelle mei de blanken . Dat mei ek net . Yn Genesis 9 stiet ûnder ' Noach en syn soannen ' : Ferflokt is Kanaän / de minste sil er wêze / fan syn bruorre slaven . ' Dêrmei hat God de swarten teplak steld , dêr bin ' k wis fan . Sa stokâld as Noach wurden is , sil ik net wurde , ik lis ynkoarten de holle del . Mar as de Opstanning komt , sil der mear nasjonaal besef wêze as no . Allinne dan krije wy in bettere wrâld . '
De útfierende macht is de macht yn in rjochtsteat dy ' t har dwaande hâldt mei it bestjoer fan it lân en dat foaral bestiet út : Frede slute , kriich fiere , soargje foar de iepenbiere oarder en it lân ferdigenje . De oare machten binne de wetjouwende macht en de rjochterlike macht .
Wibe frege al ris wat , doe waard er linkendewei dryster ; hy stapte der omhinne oan alle kanten , fielde ris oan it jaar . ' Hoe melkt er ? ' frege er doe . ' Dêr moatte wy it krekt ris oer ha , ' sei Binnema , ' melke jo sels of moat jo folk der oer gear ? ' ' Dat doch ik sels . ' ' Tocht ik en jo kinne goed melke ? ' Dat kaam Wibe yn syn eare . ' Ik sil net melke kinne ? ' ' Ho ho , bliuw mar kalm , ik wol soks goed witte , foar in rier jout er in sleep molke , mar hy moat wat mei sin molken wurde , it iene oer kin er wolris in bytsje ophâlde , dêr moat wat om tocht wurde ;
VIII - o Jetske van der Hoop is berne op freed 3 oktober 1902 yn , dochter fan Douwe Regnerus van der Hoop ( sjoch VII - u ) en Grietje de Jong . Jetske is ferstoarn . Jetske troude , 19 jier âld , op tongersdei 27 oktober 1921 yn mei . Hy is in soan fan Cornelis van Sluis en Lubbrigje Feddes Reifsma . Harmen is ferstoarn .
Mei de Uny fan Kalmar waarden it keninkryk fan Denemark , Noarwegen en Sweden ferienige ûnder ien kroan . De uny bestie yn it tiidrek 1397 - 1523 .
In Histoaryske roman is in yn it ferline situearre ferhaal oer histoaryske of optochte persoanaazjes . It sjenre ûntstie yn de 19e ieu en is tige ferbûn mei it opkommen fan de Romantyk . Ien fan de skaaimerken fan dizze streaming is is de tanommen niget foar skiednis . It wie net langer sa dat de histoaryske belangstelling him beheinde ta de Aldheid , want der kaam no ek omtinken foar de Midsieuwen dy ' t eartiids as barbaarsk sjoen waarden . Dêrneist brocht it opkommen fan de Nasjonale Ienheidssteat ek in proses fan nasjonaal bewustwêzen op gong mei tagelyk in tanimmende belangstelling foar it eigen ferline . Sir Walter Scott wurdt as grûnlizzer fan it sjenre beskôge . Hy lei as earste it ferbân tusken dwaan en tinken fan personaazjes en de tiid wêryn ' t hja libben .
Mûbarak is al hearsker fan Egypte sûnt 1981 , doe ' t er Anwar Sadat opfolge dy ' t op 6 oktober deasketten waard troch fûnemintalistyske militêren om dy syn krewearjen foar frede mei Israel , dat laat hie ta it isolearjen fan Egypte yn de Arabyske wrâld . Mûbarak rêde it op en hâld de wiffe frede mei Israel yn stân , wylst er him ek fermoedsoene mei de oare Arabyske lannen dy ' t neat fan in akkoart mei Israel witte wolle . Hy regearre it lân praktysk as diktator mei as ekskús it ûnder de tomme hâlden fan de Islamityske fûnemintalisten .
Trochdat de folken yn Mesopotaamje hieltyd striden moasten foar it behâldt fan harren fruchtbere lân is der as in mienskiplik skaaimerk yn it karakter fan de keunst in soad militêre ynfloed werom te finen . Benammen yn de byldzjende keunst kaam dat ta utering yn de faak realistyske útbylding fan striid - en jachttafrielen . Minsk en dier waarden neffens harren natuerlike stal werjûn .
Om by de lêste trep te begjinnen : as wy it klimaat feroare hawwe , dan moatte wy dat yn prinsipe ek weromdraaie kinne . Al is it fansels sa dat der in fikse traachheid yn it systeem sit , want dy koalstof yn de atmosfear reitsje we fuort net wer kwyt ; wat in foarname reden is om net te lang te wachtsjen mei maatregels . In moai foarbyld fan wat de minske klearspylje kin , is de oanpak fan it gat yn de oazonlaach . De wrâld hat dêr ienriedigens oer berikt en de freonen ( de gloarfluorkoalstofferbinings bedoel ik en dy binne ús kameraden perfoarst net ) dy ' t de ôfbraak fan de oazon feroarsaakje , binne ferballe en it gat lûkt stadichoan ticht . It kín dus wol . Fansels binne mei de enerzjyfoarsjenning de útienrinnende belangen folle grutter en is it navenant dreger it mei elkoar iens te wurden .
foar bikend dat se altyd ûngemurken by in oar yn ' e hûs komme
By de koperblaasynstruminten wurdt de toan makke troch it ynstrumint mei oanspande lippen troch it mûlestik oan te blazen .
Sa koe ' k noch wol even trochgean , mar wat it ek wie , no hie ' k de kâns om te ûntkommen .
JOUKE JANS , to FeanwaIden is ûntslein . Hja biskuldigen him dat er planken út in pream stellen hie . ( 318 - 26 - 10 - 1791 ) Op 336 - 26 - 11 - 1794 is er arbeider en 24 jier . Yn ' e nacht fan 25 op 26 - 8 - 1796 hat er út it lân fan Ype Cats to Ljouwert 2 lammen en 4 Drintske skiep stellen . Strang gisele mei 4 roeden en 5 jier tichthús . ( 351 - 19 - 11 - 1796 ) Dan mei oaren 3 Fryske skiep stellen en wol út it lan fan Atse Roels to Bûtenpost . Ek fan oaren skiep stellen . Strang gisele , brânmerkt , 5 jier tichthús en dan noch 5 jier tichthús en dan noch 5 jier band . ( 411 - 22 - 1 - 1803 )
34 . As ik ien ding oan dy grutte symbolist begryp , dan is it dat er inkeld ynderlike realiteiten as realiteiten , as " wierheden " akseptearre , dat er al it oare , al it natuerlike , tydlike , romtlike , histoaryske inkeld as teken , as gelegenheid ta gelikenissen opfette . It begryp " de minskesoan " slacht net op in konkrete persoan dy ' t in plak yn ' e skiednis hat , wat yndividueels , unyks , mar op in " ivige " feitlikheid , as in fan it begryp tiid befrijd psychologysk symboal . Datselde jildt allyksa , en yn ' e heechste sin , foar de God fan dy karakteristike symboalikus , foar it " ryk fan God " , foar it " himelryk " , foar it " bernwêzen fan God " . Neat is sa ûnkristlik as de tsjerklike grofheden oangeande in God as persoan , oangeande in " ryk fan God " dat komme sil , oangeande in " himelryk " oarekant , oangeande in " soan fan God " as twadde persoan fan ' e trije - ienheid . Dat is allegearre - nim my dit net kwea ôf - in fûst op it each - och op hokfoar each ! - fan it evangely ; in wrâldhistoarysk synisme skûlet yn ' t ferhúnjen fan it symboal . . . Mar it leit ommers foar de hân wat mei it teken " heit " en " soan " oantsjut wurdt - net foar alle hannen , dat jou ik ta : mei it wurd " soan " wurdt de ynstap yn it algehiele fiellen fan ferhearliking fan alle ding ( de silligens ) útdrukt , mei it wurd " heit " dat fiellen sels , it ivichheids - , it foltôgingsfiellen . - Ik skamje my derfoar en bring yn it sin wat de tsjerke fan dat symbolisme makke hat : hat dy net in Amphytrionsferhaal by de drompel ta it " kristlike leauwe " pleatst ? En in dogma oer in " ûnbeflekke ûntfangst " derboppe op ? . . . Mar dêrmei hat de tsjerke de ûntfangst beflekke . - - It " himelryk " is in tastân fan it hert - net wat dat " boppe de ierde " of " nei de dea " komt . It hiele konsept fan ' e natuerlike dea mist yn it evangely : de dea is gjin brêge , gjin oergong , hy mist om ' t hy heart by in hiel oare inkeld skynbere , inkeld as teken nuttige wrâld . De " oere fan ' e dea " is gjin kristlik konsept - de " oere " , de tiid , it fysyske libben en syn krisissen binne hielendal net foarhannen foar de learaar fan it " blide boadskip " . . . It " ryk fan God " is net wat dat men ferwachtet ; it hat gjin juster en gjin oaremoarn , it komt net oer " tûzen jier " - it is in ûnderfining yn it hert ; it bestiet oeral , it bestiet nearne . . .
Download XML • Download text