fry-27
fry-27
View options
Tags:
Javascript seems to be turned off, or there was a communication error. Turn on Javascript for more display options.
Hoe ' t dat ek wêze mei , fan ' e ynheemske kultuer fan ' e eilannen is neat oars oerbleaun as in baan foar it spyljen fan in balspul op Midden Kaikos , dy ' t troch argeologen bleatlein is , en wat gebrûksfoarwerpen dy ' t út en troch ris fûn wurde . De reden foar dy folsleine teloargong is dat de Lucayanen de earste Yndianen wienen dy ' t yn kontakt kamen mei de Jeropeänen , mei ' t Kristoffel Kolumbus yn 1492 lâne op it eilân San Salvador yn ' e Bahama ' s .
" Mammy stayed dar er long time an ' Mr . Anderson wus good ter all uf us but he hed lil ' l ter pay us wid . Times got mighty hard wid [ us . ]
Under syn stúdzjes oan it Springfiel College , Massachusetts mette er James Naismith , de útfiner fan de sport basketbal . Troch Naismith en it basketbal krige er inspiraasje om yn 1895 in nij sport te ûntwikkeljen : Mintonette . Dy sport betocht er doe ' t er sportlieder wie by de Young Men Christian Association ( YMCA ) yn Holyoke , Massachusetts . Hy joech les oan in groep âldere sakeminsken . Basketbal fûn er wat te rûch foar dy groep en doe betocht er in oar spul . Letter feroare Alfred Halstead de namme fan Mintonette yn Follybal sjoen dat it doel fan it spul is de bal hin en wer oer it net te follyjen .
Pyt : Wêrom Maxim ( Verhagen ) ? Net dat it myn freon is mar oft hy yn it rychje heart fan Mugabe en Ghadaffy giet my ek wat te fier .
Sil ik it fierder taljochtsje ? Nee , lit mar . Wat my fernuveret is dat sawat elkenien it mei my iens is . Under fjouwer eagen . Lykas juster .
Doe ' t yn maaie 1945 de Twadde Wrâldkriich foar Nederlân einige , soe dat yn Aazje noch trochduorje oant augustus dat jier . Neidat de Feriene Steaten atoombommen op Hiroshima en Nagasaky goaid heinen joech Japan har pas oer en dêrmei einige ek de Japanske besetting fan Nederlânsk - Ynje . Inkele dagen foar de Japanske kapitulaasje , roppen nasjonalisten ûnder lieding fan Soekarno en Hatta op 17 augustus 1945 de Yndonesyske ûnôfhinklikens út .
He MH ! Ek noch gefeliciteerd mei dyn jirdei ! Ik bin der moarn ek net by . We fiere sneon sinterklaas en ik moat noch safolle dwaan , dus dat red ik net . In ieder gefal alfêst in gesellige dei !
Açılım dediler aptalca kandık , Ateş düştü yurda birlikte yandık . Şimdi kurtuluşa fırsattır sandık ; Hayır diyelim de hayırlar olsun !
Timo Schraa is Ynformatika studint oan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert . Op dit stuit sit hy yn it tredde jier fan de oplieding en is hy dwaande mei in staazje by it Kennissintrum Computer Vision . Syn ynteresses lizze yn it wurkjen mei nije technologyen yn kombinaasje mei útdaagjende projekten . Om ' t de Frisian Solar Challenge in útdaging is , fassinearre it him fanôf it momint dat hy hearde dat der in nij team opset wie . Hy is nei de ynformaasjemiddei gien om mear te witten te kommen oer de plannen fan it team foar de Frisian Solar Challenge 2012 . Nei dizze ynformaasjemiddei wie it frij dúdlik dat hy by it team woe om harren te helpen mei bygelyks it ûntwikkeljen fan in stik software foar in bettere analyze foar data . Mar neist it ûntwikkeljen fan software fynt hy it ek moai om him mei PR saken dwaande te hâlden sa as it kontakt mei sponsers ûnderhâlde en it team promoate . It hiele proses fan it starten fan in team oant de lêste race is in hiele erfaring en jout ek in protte wille .
2014 wurdt de earste kear dat Liet Ynternasjonaal organisearre wurdt yn in kulturele haadstêd . Stichting Liet International is bliid mei dy ûntwikkeling . Troch it groeiende netwurk is Liet Ynternasjonaal nijsgjirrich wurden foar dy stêden dêr ' t njonken de offisjele taal ek in minderheidstaal praat wurdt . Njonken Umeå 2014 binne der ek al kontakten mei kandidaathaadstêd Donostia / San Sebastian . Udine , de Italiaanske stêd dy ' t dit jier Liet Ynternasjonaal ûntfangt , is kandidaat kulturele haadstêd foar 2019 . Liet Ynternasjonaal kin neffens de lieding fan Umeå 2014 it begjin wurde fan mear gearwurking tusken Umeå 2014 en Fryslân 2018 , , As Noard - Sweedske stêd stypje wy graach de iennichste noardlike kandidaat - kulturele haadstêd fan Nederlân , seker no ' t we yn Liet Ynternasjonaal in moai mienskiplik projekt hawwe ' ' , seit foarsitter Tomas Wennström fan de kultuerkommisje , dy ' t unanym foar ús . As we jimme mei advizen of oars helpe kinne , dan dogge wy dat graach . ' '
' Aaah , ' stinde Sjoerd doe ' t er in lêste foarkfol hea oer de râne fan de golle kipere . Bloedich wie it wurk , dat as in dwarse ko de hakken yn ' e grûn sette .
Werkzaamheden haventje Kollumerzwaag KOLLUMERZWAAG - Deze week is Hoveniersbedrijf Sake van der Wal uit Broeksterwoude begonnen met de aanleg van het haventje aan de Kollumerzwaagster Vaart . . . . Teake Triemstra koning in Ternaard . Partuur Ee Nederlands kampioen . Hollum : Muzikaal Bootwaren . Rijbewijs kwijt . Duikteam . . . www . nijsnet . nl / profile / redactienijsnet / article132779 . ece - 41k - 20 - 6 - 2011 Nieuws Kollumerzwaag aanleg Leeuwarden Categorieën wordt bedrijf Kollumerland Geplaatst uur Sake van der Wal Broeksterwoude Vaart gespecialiseerd Belang PB Veenklooster gemeentebestuur mee
Mefrou Brouwers repatriearre yn 1947 mei de bern nei Nederlân . Yn 1948 kaam heit Brouwers ek nei Nederlân .
J . C . Terluin Wapen , flagge en tsjerkesegel fan Nijlân
Yn de Súdwesthoeke binne dosinten , dy ' t yn it ferline it foech foar it Frysk helle ha , op ' e nij teste op harren kennis fan it Frysk . Njoggen fan de santjin binne net slagge . Dat makket Omrop [ … ]
Sietske H . fan Nij Beets is tiisdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta tolve jier sel foar it ombringen fan har fjouwer lytse poppen . Dat is konform de eask fan de offisier fan justysje op 19 april . Sietske H . brocht tusken 2003 en 2009 trije famkes en in jonkje fuortdalik nei de berte troch ferstikking om it libben . Se bewarre de lichemkes fan de lytse poppen yn fjouwer koffers op de solder . Sietske H . waard augustus feline jier oppakt . Less
De gûverneur stie noed foar it algemien belang fan it Keninkryk en seach der op ta dat troch wetjouwings - en bestjoersorganen yn de Nederlânske Antillen gjin beslissings nomd waarden dy ' t de ienheid fan it Keninkryk skea dwaan koenen of dy ' t stridich binne mei de bepalingen fan it Keninkryksstatút of mei in ynternasjonale regeling . De útfierende macht lei by de gûverneur yn gearwurking mei de Ried fan Ministers .
Lars Sijtsema fan Nijlemmer hat in de tún syn eigen hutte boud . Mei oan de gevel in selsmakke fûgelhûske ! Dêr sitte sûnt koart nije bewenners yn : in nêst blaumieskes . Lars is der tige wiis mei . . . . .
Mar de murd spat net mear . Durk fielt him ; de murd sit fêst . Durk grypt op goed gelok en skuort him der út . De murd hinget him yn ' e mouwe en docht alle war om him
De Franken hienen der in protte foar oer om de oerwûnen oan har side te krijen . De Friezen hoegden allinnich in ûnthjit fan trou oan de Frankyske kening ôf te lizzen en oan har waard in belêsting oplein , de huslotha . Dat wie in soart fan midsieuske ûnroerendesaakbelêsting dy ' t alle jierren oan de kening ôfdragen wurde moast [ 5 ] .
SPEECH BY YB DATO ' SRI LIOW TIONG LAI MINISTER OF HEALTH MALAYSIA LIONS CLUB OF SELANGOR SERDANG ' S " WALK WITH THE LIONS " DINNER RESTAURANT HEE LAI TON , SERI KEMBANGAN 6 JANUARY 2011 AT 7 . 00 PM
Van Lennep wie fan 1853 oant 1856 lid fan de Twadde Keamer .
Foar de Sportklup Hearrenfean en de nije trainer Ron Jans sit de fakânsje derop . Woansdeitemiddei stie de earste training foar it nije seizoen op it programma . Op in waarm sportpark Skoatterwâld seagen in protte minsken nei it switten fan de seleksje . Der is noch gjin dúdlikens oer it . . .
De haadstêd wie altyd Ljouwert . Yn de Frânske tiid waard it departemint yndield yn de folgjende arrondisseminten en kantons :
Huizen is in plak en gemeente yn de provinsje Noard - Hollân , yn it Goai . De totale gemeente telt 41 . 940 ynwenners ( 2010 ) en hat in oerflakte fan 23 , 33 km ² ( ynklusyf 7 , 5 km ² wetter ) . It plak hat in relatyf jonge befolking .
' Ja , ho ris , der is in sike , ' seit syn frou .
1 Jantje Jansz Kapitein . Sy is doopt op snein 18 oktober 1705 yn . Jantje is ferstoarn .
Do seist : " In de praktijk is er wel degelijk een verschil tussen een taal en een dialect en dat veel Friezen hun taal als een dialect gebruiken , vind ik ook jammer " .
* Protest tsjin sluting konsultaasjeburo ' s * Speeddate foar rêdingsboat fan Lauwerseach
Wilsters briede tûzenen kilometers noard fan Nederlân . By de trek , yn de hjerst en iere maityd , binne se te finen yn ' e greiden fan it noarden en westen fan ús lân .
Dan bûgde it paad nei rjochts op ' e Tuije oan en nei de pleats fan no Jan Kloosterman ( foarhinne Oege en Wytse Antonides en yn myn heit syn jongestiid Wolter ? van der Woude . It paad rûn dan rjocht op no Inialoane 80 oan ( foarhinne Anne Smedes - Ybele Smedes - Klaas Veenstra - dokter Sirag ) neist hûs lâns nei de Broek ta . Besiden dit paad moat yndertiid noch in lyts spultsje stien ha , der wenne doe Auke Hemrika en wie molkrider . Oebele Y . Smedes fertelde my dat doe ' t hy noch in lyts jonkje wie harren wenhûs mei de ramen nei it noarden stie en in losse berch dêr efter , letter is er in nij hûs boud op it súden tsjin de berch oan .
Video Tags : BIS 2010 Peter Pan Alle tiid fan ' e wrâld Wommels Easterwierum Weidum Jacob Fokkens nynke laverman kees van der meer marit bamboe marius del grosso ding dong
De Italjaanske definsje hat in lânmacht , loftmacht , marine en militêre polysje ( Arma dei Carabinieri ) .
Wethâlder Asscher fan Amsterdam en de koepelorganisaasje IPO fan provinsjes fine dat der mear jild komme moat foar gesinsfâden . Dat seit direkteur Sprokkereef fan Buro Jeugdsoarch Fryslân . Tûzen minsken wiene moandei op in manifestaasje yn Amersfoort om dúdlik te meitsjen dat it ryk 8 . . .
Mar dat regelje dy jongens dy ' t dêrfoar oansteld binne mar , de kommissarissen ( wa bin dat ) , de stiftingsbestjoerders ( wa bin dat ) , al hoopje ik dat se rekken hâlde mei dat ûnfryske . Oars belje se Riemer noch marris om te freegjen hoe ' t dat moat . It fuotbal , ja dat is wat oars . Elkenien hat it der tsjintwurdich oer Keeper , spits , liedende middenfjilder , elk hat sa syn miening . Net faak , Nieuw Noord die ' t net iens , wurdt der praate oer de trainer , wylst yn it fuotbal dochs gebrûk is , je kin net 18 spilers fuort dwaan , en as it dan net klikt tusken spilers en trainer , ja netstjinsteande leuke fetsoenlike vent , goed dien , mar der moat dochs in fraachtteken setten wurde by Jans . Folgjende fraach , gjin jild , wa dan . Yn Súd Afrika stiet Ajax Cape Town , in ploechje dat tolfde trettjinde wurde moat , yntusken op it earste plak . Under lieding fan Foppe de Haan , altyd noch Hearrenfeaner .
Hieronder vind je de links naar weblogs die verwijzen naar Ferkiezingsprogram klear en Schatzenburg oplost ? :
' Ja , master . . . dy behannele dy net earlik . De âldman fûn my te modern en wie benaud dat syn behyplik bytsje gesach oantaast
In 38 - jierrige Burgumer is moandeitejûn op de Gaestmabuorren mei syn auto yn de sleat telâne kaam . De man waard ûnder it riden net goed en ferlear de macht oer it stjoer . De man rekke beknipe yn syn auto en moast der troch de brânwacht úthelle wurde . De man is mei pine oan it boarst nei it sikehûs yn Ljouwert brocht .
Jo kinne it maksimum oantal fan adressen hokker Opera ûnthâlde moat oantsjutte . Besochte adressen binne alle Web boarnen wêr jo west binne - - jo globale histoarje .
Professioneel model en schooljuf Sanne Roffel laat zien dat ze met haar lichaamswapens zichzelf goed kan verdedigen . We behandelen in deze clip de V - slag en de ellebogen . Kijk voor meer info op www . mmawomen . ml
Yn 1932 makke Roosevelt gading foar it presidintskip en wûn mei in grutte mearderheid fan de stimmen . Syn oerwinning hie grif te krijen mei de ekonomyske krisis fan dy tiid . Yn 1936 besocht er it nochris en wûn wer . Hy besocht freedsum te bliuwen foar oare lannen oer , lykas it Tredde Ryk en Latynsk - Amerika . Yn 1940 is er foar de tredde kear keazen . Yn syn tredde amtstermyn wurde de Feriene Steaten behelle yn de Twadde Wrâldkriich en ferklearje kriich oan it Tredde Ryk en Japan . Yn de Twadde Wrâldkriich liet er de militêren har wurk dwaan en sels ûnderhannele er mei de alliearde lieders . Yn 1944 wûn er foar de fjirde kear de presidintsferkiezings . Roosevelt is de iennichste presidint fan de Feriene Steaten dy ' t fjouwer kear keazen wurden is . Dat is letter behindere troch in wetsferoaring . Syn lêste grutte politike rol by de Konferinsje fan Jalta yn de febrewarismoanne fan 1945 . Franklin Roosevelt stoar op 12 april 1945 .
In de maanden maart en april zal de strijd om de roerbakbokaal worden gestreden . Vele groente en fruitspecialisten uit heel Nederland zullen hun specialisme op het gebied van kant en klare roerbakmixen en stoofschotels dagelijks in de praktijk brengen . . . .
Twa ynwenners fan Strobos fan 18 en 21 jier binne sneontenacht oanhâlden foar geweld . Se hiene yn it kafee west en wiene fuortgien om wat te iten . Doe ' t se weromkamen , wie it kafee ticht . De manlju sloegen op ' e doar en op ' e ruten . De eigner die iepen en sei dat it kafee ticht wie . Dêrnei begûnen de manlju him te slaan en te skoppen . De plysje waard warskôge en dy koe de fertochten efkes letter oppakke . Se sitte fêst op it buro .
De Boalserter Trekfeart is in âlde trekfeart dy ' t rint fan Boalsert rjochting Ljouwert . De Trekfeart begjint by de stêdsgreft fan Boalsert en rint in noardeastlike rjochting en komt úteinlik tusken Dronryp en Blessum op it Van Harinxmakanaal út .
WitWat is in programma foar de groepen 3 en 4 fan ' e basisskoalle . Marieke Swart fan Sint Anne siket alle kearen antwurd op in fraach fan in skoalklasse . Dizze ôflevering giet it oer hoe spannend in stopkontakt is .
O , ja . Der is ek wer in farske Farsk .
Tags : Buro Klei praatmarfrysk fryslan friesland praatpeal frysk fries praatpaal Fugelwacht Rookfestijn Vogelwacht Rienster Rikker Rien
DFD spilet yn in oranje / swart shirt mei in swarte broek / rok . Kuorkepraat is it klubblêd .
1 Janke Van Hasinga , berne op tiisdei 3 oktober 1882 yn . Folgje VIII - q .
It doel fan permakultuer is de gearwurking tusken minsk en natuer . Alles hat yn ' e natuer in funksje , alles hat mei elkoar te meitsjen . Mei permakultuer kinne je in lekkere ytbere tún ûntwerpe , dy ' t net allinnich moai , mar ek nuttich is . As foarbyld fan in kringloop neamt se : yn in beam sitte fûgels , dy ite de siedsjes , troch harren útwerpsels komme dy siedsjes wer op de grûn en hjir komme wer nije beammen fan . Foar permakultuer hoege je gjin grutte tún te hawwen , it kin ek yn in lytse tún . Sels wennet Sissy yn in hierwente yn Jirnsum mei in lytse tún . Je moatte de planten wol op in goed plak sette , sadat der optimaal gebrûk makke wurde kin fan sinne , wetter , skaad ensfh . Sissy makket in hiel soad gebrûk fan houtsnippers , se struit in dikke laach oer de grûn , sadat dy folle minder útdroeget en se simmers eins hielendal net hoecht te sproeien . Hjirtroch hat se ek folle minder lêst fan ûnkrûd . Mei permakultuer kinne je in tún ûntwerpe mei in soad ytbere produkten en kinne je hjirtroch enerzjy en jild besparje . Ek kinne je in helofitenfilter oanlizze , dat it wetter suveret , sadat je dat wer brûke kinne foar bygelyks de waskmasjine of it toilet . It leanet net om it wetter sa goed te suverjen dat je it drinke kinne , omt dit hiel djoer is en drinkwetter út de kraan hiel goedkeap is .
Op in lêzing fan ' e wike yn Arnhim sei professor Arnold Heertje dat de kredytkrisis in kearpunt yn de ekonomy markearret : in paradigmaferoaring . " We libje yn in tiid fan ' kreative destruksje ' , dêr ' t in protte yn ôfbrutsen [ . . . ]
In tinker dy ' t syn oanpak en ideeën sterk beynfloede hawwe is Ivan Illich . Illich is ek ien fan de him ynspirearjkende tinkers dêr ' t er in haadstik oan wijde yn syn Filosofen van de Derde Wereld ( 1975 ) . Dêryn wijde er boppedat in haadstik oan Mao Tse - toeng ( Mao Zedong ) , wêrfan hy him letter , yn 2008 by it ferskinen fan syn livige monografy Met alle geweld mei klam distansiearret : destiids stelde hy dat de opfettings fan Mao in " oar frijheidsgebryp " ynholden . ûnder in lichtfeardich foarbygean oan de bloedige ûnderdrukking en grutskalige skeiningen fan minskerjochten dy ' t yn Sjina ûnder Mao barden .
Goh jùh , wat leuk . Fay Weldon ha ' k langlyn ris wat fan lêzen , mar lang net alles dus . Leuk . Mar der is mear leuks . Fan Pyt koe ik ek al in boek krije ( mar jo eameltsjes bounce allegearre wer werom , Pyt , sit jo mailbox miskien te fol ? ) Ik kom ynkoarten om in bakje hear Wieke , ik eamelje dy noch efkes foar de kofje , ok ?
In liet fan de cd Wjerlûd fan Grytsje Kingma ( sjoch ek www . grytsjekingma . nl ) , songen en spile by it konsert fan Oct - Opus ( Truus en Maaike ) en Rob du Jardin en Grytsje KIngma op 14 novimber 2010 yn Tytsjerk . Een lied over een man die na zeker veertig jaar weer terugkomt in zijn geboortedorp en daa . . .
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne . Klik hjir om yn te loggen .
Hearrenfean draait in striemin seizoen , en dat bliuwt net sûnder konsekwinsjes . Der binne al twa trainers fersliten en no giet de biezem ek troch de top . Fiif fan de seis leden stappe út de fan de Ried fan Kommissarissen en der komt in nije organisaasjestruktuer . Miskien logysk , mar it momint dat . . .
Der moat dizze jûn wol opbokst wurde tsjin de hyperaktive Bart FM Droog , de presintator dy ' t fragen stelt , mar net lústert nei de antwurden . Talma docht ûnfersteurber syn ding , lêst noch in hilarysk ferhaal foar , en gastdichter Elmar Kuiper bliuwt ek oerein , mar guon oaren litte har der troch ûntregelje .
Sportklup Cambuur hat freedtejûn goede saken dien troch MVV yn Maastricht mei 3 - 1 te ferslaan . Yn de earste helte krige de thúsploech de bêste kânsen , mar it bleau 0 - 0 . Mark de Vries bruts nei in moaie oanfal yn de 63e minút de skoare iepen . Fiif minuten letter wie it al 2 - 0 foar de Ljouwerters troch Bob Schepers . In omstriden pennel fan Tom Daemen brocht de spanning werom , mar Oguzhan Türk makke mei in prachtskot dien wurk . Cambuur is no wis fan de neikompetysje . Cambuur stiet mei noch ien wedstriid te gean op it fiifde plak mei 50 punten . Dat fiifde plak is belangryk foar de neikompetysje , want dan ha je de earste spylronde frij . Konkurrinten foar dat fiifde plak binne Volendam ( 3 - 0 winst by Eindhoven ) , mei 50 punten op it sechsde plak en Go Ahead Eagles ( 1 - 1 by Telstar ) , de nûmer sân mei 47 punten . RKC Waalwyk is de nije koprinner nei de 7 - 0 winst op RBC Roosendaal . FC Zwolle , takom wike freed yn Ljouwert de lêste tsjinstanner fan Cambuur , bleau tsjin FC Den Bosch stykjen op 0 - 0 . RKC hat 70 punten , Zwolle 68 .
De sûnde fan Haitze Holwerda : roman Houten , Ulbe van / 11e print / TDE / 2010
De plysje hat in twadde fertochte pakt foar de oerfal op de Primera yn Ljouwert . It giet om in man ( 20 ) út Ljouwert . Hy is de eigner fan de auto dy ' t . . .
Om alle oankommende studinten út Fryslân alfêst wat wolkom te hjitten yn Grins , stie de Praatpeal ek op de Keiwike . Dy Grunnegers binne sa raar noch net . . . It binne suver heale Friezen . Sjoch mar !
In oare wichtige bydrage wie dat hy oantoande dat it ljocht fan de Kraabnevel polarisearre wie troch fan syngrotronstrieling , eat dat troch Iosif Samuilovich Shklovskii foarsein wie .
Yn in komposysje dy ' t oanslút by de wikseling fan de tiden fan it jier , fertelt Vesaas it ferhaal fan Mattis en Hege , broer en suster , libjend yn de Noarske bosken oan de igge fan in mar . Mattis liket swak bejeftige , mar de auteur lit dúdlik útkomme dat er dat yn gefoelsmjittich opsicht en yn syn begryp fan de natoer allesbehalven is . Mattis libbet net allinnich yn de natoer , mar benammen mei de natoer . Mei de beammen dy ' t him ymponearje , mei it swierwaar dat him deadsbang makket en mei de fûgels dêr ' t er kontakt mei hat . Om ' t Mattis net geskikt is om te wurkjen ( hy ferliest dan de kontrôle oer syn gedachten en syn hannen , en docht alles ferkeard ) , wurdt er úteinlik fearman op in mar dêr ' t nimmen oan wennet . Mar ien passazjier bringt er nei de oare kant : in houtkapper dy ' t er grutsk meinimt om Hege sjen te litten dat er no in echte fearman is . As de houtkapper by harren yn komt te wenjen en fereale wurdt op Hege , fielt Mattis him mear en mear bûtensletten . Uteinlik beslút er de natoer beslisse te litten oer syn takomst . KFFB - nûmer : 443 , ISBN - nûmer : 978 - 90 - 74918 - 60 - 2 , Lede - priis : 7 . 00 , Winkelpriis : 14 . 00 Lis mar yn myn winkelweintsje
De betsjinning fan in elektryske rolstoel bart meastentiids mei in joystick en in betsjinningspaniel . Mei dy joystick kin net allinne it riden en de snelhyd fan de rolstoel regele wurde mar ek de betsjinning fan de heech / leech fersteling fan de rolstoel , de kantelferstelling fan de rechleuning , de fuottensteunen en de ferljochting fan de rolstoel . Ek kin der mei de betsjinning oare saken betsjinne wurde bygelyks it lûd fan in radio as it iepen en ticht dwaan fan in doar . As de persoan yn de rolstoel net yn steat is om in joystick te betsjinjen dan is der in mooglikheid om in rolstoel te betsjinjen mei de holle yn kombinaasje mei de fuotten . Dit is faak in oplossing foar minsken dy ' t slim spastysk binne . [ 5 ]
De iishockey - striid tusken de Flyers en de Tilburch Trappers is al decenia lang in kreaker . Dat wie ôfrûne sneontejûn op Thialf net oars . Foar de kompetysje in wichtich duel , want de winner komt op it twadde plak , de ferliezer yn ' e wachtkeamer . De Flyers tsjin Tilburch is de lêste thúswedstriid fan dit jier .
Sûnt de plysje it systeem twa jier lyn ynfierd hat , wurdt der acht à tsien persint minder ynformaasje oan it Iepenbier Ministearje oanlevere . Neffens Heijsman is dat fan dy gefolgen dat alle jierren sa ' n tweintichtûzen kriminelen net bestraft wurde .
Oant yn de 19e ieu waard it Afrikaansk ek sjoen as in foarm fan it Nederlânsk , mar sûnt de 20e ieu wurdt dit as in aparte taal sjoen .
Och , domeny Grootjan hie it wol nei ' t sin yn it gea Trimbeets . Hy sei ekris in kear tsjin Bouwe Caesar Hommema : de wrâld is fol sûnde en ferdjer , mar hjir moetet men de satan net .
HELGOLÂN - De ynwenners fan Helgolân fine harren eilân grutternôch . In mearderheid fan 55 % wie tsjin in ferbining mei it oanbuorjende Düne . De ynwenners fan it Fryske rotseilân stimden hjoed oer de fraach oft Helgolân ( ek wol : [ . . . ]
samar oannimme tsjinoer âldere wurken , dan sille wy dochs besykje moatte om ús wat oan te passen . En fierder , mar dat is persoanlik , ik hear Kiestra folle leaver preekjen as Brolsma . Brolsma is my gauris te ompankoekbakkerich en te krintewagerich , wylst Kiestra oardielet mei in wissichheid as wie er ús Leaven Hear sels .
Tsja Beuk ik ken hjir eltse dei wol wat opskriuwe mar dat is ek sa sneu . . . Juster inderdaad gesellich mei gratis bier en gratis bonkeham , ik wie alwer betiid yn Grou en der ha de kakkers my noch ut de koes halden , de pilledraaiery wer ' t us heale roeiteam oansit holp ek net . Joun it der mar efkes utskuorre .
Prehistoarje of foarskiednis is in tiidrek yn de minsklike skiednis . De namme foar dat tiidrek komt fan Paul Tournal . Hy betocht de term Pré - historique om syn fynsten te beskriuwen dy ' t er fûn hie yn de grotten fan Súd - Frankryk . Oarspronklik wie it begryp inkeld om it tiidrek fan foar de útfining fan it skrift oan te tsjutte . Prehistoarje wurdt hjoed de dei ek wol brûkt as namme foar de skiednis fan de Ierde fan foar it minskdom .
Woansdeitemoarn is der troch snie kâns op glêdens . Yn de rin fan de moarn giet de snie oer yn rein , middeis is der ek kâns op droege perioaden . De temperatuer rint op nei sa ' n 6 graden by in matige wyn út it suden oant súdeasten . Jûns en nachts ek kâns op rein . De temperatuer bliuwt dan boppe it . . .
De hege temperatuer soarget foar problemen foar iisstadion Thialf op it Hearrenfean . Dêr leit op dit stuit wer simmeriis , mar fanwege de waarmte kinne de iismasines it amper mear oan . Om de masines te beskermjen wurde se freedtemiddei om tolve oere útset . It iisstadion is fan dat momint ôf slette . . .
Dizze Mossynoikoi kinne , wat seks oangiet , gjin skamte . Hja dogge it iepen en bleat , ek mei oarmans wiif , " lykas ( sa ' t de dichter skriuwt ) weidzjende bargen " . De oare kant út is har polityk der ien fan ekstreme efterkeammerkes : de kening wurdt der opsletten yn syn toer , en at er net nei beleavjen funksjonearret , wurdt er úthongere .
Tegearre mei de tsien griendoarpen foarmet Emmeloard sûnt 1962 de gemeente Noardeastpolder . Sûnt 1 jannewaris 1986 is de Noardeastpolder ûnderdiel fan de provinsje Flevolân , derfoar ta Oerisel .
Wikipedia is in eksperiminteel mienskipsprojekt en is oars as alle oare ensyklopedyen op it web . We binne dêrtroch noch net wis fan it resultaat . It projekt waakst alle dagen , en eltsenien skaaft wat by . Us Wikipedy stiet noch yn de berneskuon , dus der is noch gjin beoardieling mooglik . De Ingelsktalige wikipedy is útgroeid ta ien fan de meast riedplachte digitale neislachwurken .
Jabick heeft op Palmpasen 2010 voor het eerst een ooi geholpen om haar lammeren ter wereld te brengen . Twee gezonde ooilammetjes heeft de ooi gekregen . We zijn trots dat Jabick zoveel liefde heeft voor het boerenwerk . En we hopen dat hij dit nog heel lang wil doen .
Al dy ideeën kostje fansels jild en dat is in swierrichheid . Op dit stuit is Hoekstra yn ûnderhanneling mei partisipanten , dy ' t ek jild yn de side stekke wolle . Mocht dat net slagje , dan sille se oandielen útjaan om oan it nedige jild te kommen .
Ik haw , fral fan ' e wike , murken dat jo bêst ferslingere reitsje kinne oan Wikipedy , dat ik bin bang dat ik aansten ris even op ' e rem traapje moat .
Sûnt de ûnôfhinklikens hat de befolking fan de Sintraal - Afrikaanske Republyk him fjouwerfâldige . Yn 1960 bestie de befolking noch út 1 . 232 . 000 minsken . Yn 2009 wie dat oanwaakse oant 4 . 422 . 000 . De befolking hat lykwols slim te lijen troch de gefolgen fan AIDS .
De oanfaller spile foar it earst yn it Nederlânsk alvetal op 7 septimber 1966 , tsjin Hongarije , de wedstriid eindige yn 2 - 2 mei in doelpunt fan Cruijff . Cruijff krych in syn twadde wedstriid foar Oranje in reade kaart . It wie de earste reade kaart die it Nederlânsk alvetal yn de skiednis krige .
Enerzjybedriuw Eneco wol in grut biogasferwurkingsbedriuw bouwe op it nije bedriuweterein by Sint Nyk . It bedriuw krijt ûnder oaren in fergister fan goed 12 meter heech . Dêryn soene dan gers en itensresten ferwurke wurde kinne ta grien gas . It is foar Eneco it twadde biogasbedriuw fan ús lân , mar it earste yn Fryslân . It gas soe net allinich levere wurde oan it gasnetwurk , mar der komt ek in pomp foar auto ' s op gas . Tongersdei waard it doarp bypraat oer de plannen .
Yn de nacht fan freed op sneon wurdt de 16 - jierrige Elske Korenstra yn it each rekke troch fjoerwurk dat ûnbekenden op strjitte smiten ha . Yn it sikehûs wurdt al fluch dúdlik dat it each net mear rêden is . Elske is no wer thús yn Aldegea en docht hjoed har ferhaal .
Jul 13 , 2009 - Whoehoeoe wat skitterend . Jim stimmen by mekoar WOW ! ! ! En Eline prachtig piano spylle . In soad succes mei alles froulje . Gr Elizabeth .
Yn 1724 krige de steat har namme út eare foar de Ingelske kening fan doe George . Op 1 febrewaris 1733 arrivearren de earste kolonisten dy ' t de stêd Savannah stiftsje soene .
Op freed 13 novimber 2009 hat wethâlder Sietske Kanselaar fan de Gemeente Wymbritseradiel it sertifikaat " Twatalich Pjutteboartersplak " oerlange oan peuterclub " it Protternêst " . Der wiene fan Sietske Kanselaar en SFBO ( Stichting Frysktalige Berne Opfang ) in protte wurdearjende wurden foar de peuterclub en de wize werop de liedsters omgean mei de bern . Dy wurdearing wurdt noch grutter as betocht wurdt dat de liedsters allegear op frijwillige basis wurkje .
It wie net in súksesfol kuorbalwykein foar de Fryske haadklassers . Mid - Fryslân ferlear snein mei 24 - 22 thús fan VADA . Dêrmei liket in topposysje foar de kuorballers út Grou en Reduzum fier fuort . SCO fan Aldeholtpea ferlear mei 19 - 17 by AKC en Drachten moast belies jaan tsjin Eibernest : . . . Mais
22 febrewaris 2008 DVD ' De IJzeren Heinen ' te keap by it HSL Fanôf 22 febrewarsi is de dvd De IJzeren Heinen te keap foar € 7 , 95 yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert . Op dizze dvd kinne jo trije oeren genietsje fan twa seizoenen IJzeren Heinen . Boppedat steane der op dizze dvd inkelde bloopers en wurdt by in tal ôfleverings persoanlik kommintaar jûn troch Auke en Jan Visser sels . In twa seizoenen Man Bijt Hond fan de NCRV binne dizze echte Ljouwerters útgroeid ta wiere tillevyzjehelden . Foarich jier kaam it lan yn ' e kunde mei de bruorren Jan en Auke Visser , tsjintwurdich better bekend as de IJzeren Heinen . Mear . . .
De sechstjin doarpen fan Frjentsjerteradiel steane sintraal yn dit boek . Ynwenners hellen oantinkens op en fertelden ferhalen oer harren doarp . De ferhalen binne optekene troch Jetske Bilker , Neeltsje Bonnema en Mindert Wynstra . De auto - , fyts - en kuierrûte yn dit boek rint troch alle doarpen , en laat nei tritich plakken mei in ferhaal . Ferhalen oer leafde , lytse en grutte drama ' s , fiten fan jongelju , branstichting en stellerij . Derby de foto ' s fan û . o . in sûkereifabryk , states , de seedyk en spoekhuzen . De foto ' s binne fan Ruud C . Hoff . Fam alle doarpen is in plattegrûn opnommen . Yn it ûnderdiel " Slach troch de buorren " komen histoaryske feiten en anekdoates oan bod .
' No , dit plak is dus sa âld noch net iens , ús pake wie fan 1880 , kinst neigean . . . '
It moat noch in wike strang frieze foar ' t de Alvestêdetocht hâlden wurde kin . It moat nachts ûnder de min tsien graden frieze en oerdeis moat it kwik net boppe de min fiif útkomme . Op guon plakken leit noch mar 4 sentimeter iis . Foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening makke dat woansdei dúdlik oan sjoernalisten . Dy binne troch de feriening útnoege foar in byienkomst dêr ' t útlein wurdt wat nedich is foar in Alvestêdetocht . De gearkomste wie al pland .
Toledo Presidint Op de snein fan dy ferkiezingen bin ik yn Lima . It is de middeis fjouwer oere , Toledo hat wûn . De earste Yndyaanske presidint makket syn entree yn it grutte paleis oan de Plaza de Armas yn Lima . En ik ? Ik stean nei in tv - ploech te sjen . De bekende ynterviews : wat de minsken fiele , wat se tinke . Ik fiel wat oan myn pols . Ik sjoch . Myn horloazje stellen .
Doarpsbelang Minnertsgea is bliid mei it beslút fan de gemeente It Bilt om earst gjin útwreiding fan in pensjon yn it doarp ta te stean . Yn it sintrum fan it doarp sit yn trije huzen opfang foar minsken dy ' t gjin ûnderdak ha . De eigner soe plannen ha om dat út te wreidzjen . Ynwenners binne . . .
Henk Schievink hat sneontejûn yn Burgum arste fierljepperij fan it nije seizoen De âld - Burgumer , no Ljouwerter , sprong 9 meter . Ysbrand Galama waard twadde mei 5 , Bart Helmholt tredde mei 18 . 13 . De inning by de froulju wie foar Anna - Jet naar fan Snits mei 14 . 29 . By de es wie debutant Hans Ulco de Boer fan De yp de grutte man . Fjouwer kear ferbettere yn pr . Syn fierste ôfstân : 15 . 28 . Jacob rjon wûn it by de junioaren mei 17 . 42 . Less
• Der wie ûnfoldwaande finansjeel bewustwêzen by management en meiwurkers ;
Romtefear Atlantis is moarn de hikkesluter . Om ' t er net mear in reserve - shuttle ree stiet , gean der mei de lêste flecht mar fjouwer astronauten nei it ISS , dy ' t yn gefal fan need ien foar ien mei Russyske tastellen weromkeare kinne .
Ik wit noch fan de earste klas legere skoalle . Ik wie altyd oan it foarút lêzen yn de boekjes of ik siet ta ' t rút út te sjen . Ek by ' t rekkenjen . Dan moast ik hurd oanklauwe om wer by te kommen en skeat ik yn ' e stress . Gûle ! Mar dan waard de juf lilk op my . In jonge yn myn klasse krige dan meilijen en skode sûntsjes neist my yn de bank , holp my mei de sommen , mei de earm om myn skouders . Dat fûn ik eins wol in bytsje te klef , mar ik moast der fansels wol wat foar oer ha . Sa kaam it goed mei it rekkenjen op myn rapport . ( Mei dy jonge is it net sa goed kommen letter . Hy rekkene úteinlik te folle nei himsels ta en bedarre meardere kearen yn ' e bajes . )
Neffens Wolf is it lang gjin minnichheid om dagenlang yn in tonne te bivakkearjen , foaral net foar immen dy ' t sa op syn privacy steld is . Hoekstra siket dúdlik nei aventoer en útdagingen yn it libben . It libben is neffens him nammentlik tige saai : ' Men libbet yn in fêst patroan en de iennichste libbensdoelen binne wurkje en jild fertsjinje . ' It aventoer is ek itjinge dat Hoekstra it meast oansprekt yn ' e wittenskip . Op ' e fraach oft er himsels it meast as keunstner , wittenskipper of politikus sjocht , antwurdet er dan ek : ' Ik sjoch mysels it measte as in wittenskipper . Men wurket dan om it ûnbekende begryplik te meitsjen en dat beskôgje ik alle kearen wer as in grut aventoer . ' Nêst wittenskipper is Hoekstra keunstner . Hy hat ferskate publikaasjes op syn namme stean , sa as gedichtebondels , romans en koarte ferhalen .
Anil wist ek fan de aksjes fan de kommunistyske party tsjin it boek . ' Se hat de kommunisten misledige en soks mei net yn Kerala , fûn en fynt de partij . En dan har beskriuwingen fan it ' seksuele ' . ' Bourgeois , har oanwaaid troch post - moderne westerske skriuwers . In gefaar foar de jongerein ' ' , skreau de marxistyske lieder E . M . S . Namboordiripad . ' Arundhati is de wiere spegel fan de kulturele dekadinsje ' . ' It is foar sa ' n kommunist ek slim . De leafde tusken Ammu , in skieden frou , mem fan de twilling Esther en Rahel , en Velutha , in paria , in man dy ' t je net iens oanreitsje doare . Soks kin net yn Yndia . Dat fynt it E . M . S . Namboordiripad ek . Of hat it er mei fan dwaan dat hy ek neamd wurdt yn it boek ? Dy twa , Ammu en Velutha , krije wat mei elkoar by de rivier efter it hûs dêr ' t Ammu wennet . Arundhati beskriuwt de leafdedied dúdlik en moai . Noch dyselde jûns hat de famylje al weet fan Ammu ' s leafdedied mei in paria . De famylje stapt nei de polysje en beskuldiget Velutha derfan dat hy ferantwurdlik is foar de ferdrinkingsdea fan de lytse Sophie Mol . De polysje doart neat te dwaan sûnder oerlis mei de pleatselike kommunistyske partijsjef . Uteinlik is Velutha ek noch lid fan dy prachtige reade partij . Nei ' posityf advys ' fan de kommunistyske partijsjef jaget de polysje Velutha op , set him in de finzenis , martelet him sadat hy de oare moarns moai dea is . Sa is de famylje fan dizze paria ôf .
karabüyü sura ötüken de 77 lwl 3 p 1 g
De hege temperatuer soarget foar lemen foar iisstadion Thialf op it renfean . Dêr leit op dit stuit wer eriis , mar fanwege de waarmte kinne de asines it amper mear oan . Om de masines eskermjen wurde se freedtemiddei om tolve útset . It iisstadion is fan dat momint letten . Nei alle gedachten kin der sneon riden wurde , mar dan moat de temperatuer wat sakke wêze . Less
De namme Barein besjut yn it Arabysk letterlik twa seeën . Dat ferwiist nei de laach swiet wetter dy ' t earder ûnder de sâlte laach seewetter om de eilannen hinne oantroffen waard . Tsjintwurdich is dy laach swiet wetter net mear oanwêzich . Troch it hjoeddeiske waarme klimaat yn de Golf is Barein foar it meastepart woastyn .
Tusken it Olympyske Spullen projekt troch probearje ik de siden oer de Paralympyske Spullen fan wat eftergrûn ynformaasje te foarsjen . Sadwaande bin ik no hast fjouwerentweintich oeren dwaande west mei in side oer rolstuollen Ik toch dat ik der yn in oerke mei klear wêze soe . . . Soe immen de stavering op dizze side efkes neisjen wolle ? Der sitte neffens my noch aardig wat stavering flaters yn Wikiice 6 feb 2011 , 19 . 41 ( CET )
Boerum De riedskandidaten en stipefraksje fan de FNP is sneontemoarn op in konstruktive , mar hiel dúdlike wize it mannewaar opsein yn it doarpshûs fan Boerum . Mei de oanpaste slutingstiden fan de hoareka is ek it hanthavenjen fan de tiden fan doarpshûzen oanpakt troch de gemeente . De hiele gemeenteried hat dit goedkard , ek de FNP , as ûnderdiel fan in kompromis doe ' t it FNP - útstel om mei ûntheffingen te wurkjen troch net ien partij ûndersteund waard . Dan hienen regels allinnich brûkt wurde kinnen op plakken wêr ' t se nedich wienen fanwege oerlêst .
In wat âldere besiker wurdt per brankaar de harksankjeseal útdroegen . Hy is by it ferlitten fan de seal oer ien fan de houten gymsealbankjes stroffele . Sa rûch giet it der yn de Lûdskuorre net om ta . It slagget de Drachtsters fan Strange Onions net om mei har brave rock in bulte folk nei it poadium te lûken . Oan de oare kant lit Ramsk mei gâns swierdere klanken de plankeflier fan de Teneftertinte flink skodzje . Jitiizer sil dêr nochris folfet oerhinne beuke , al hielendal at de Fryske flagge - punkers it poadium diele mei Gurbe Douwstra en Friezen , lit jim gean bringe .
Yn 1890 waard Zeeman beneamd ta assistint fan professer Hendrik Lorentz . Nei syn promoasje arbeide Zeeman in heal jier yn Straatsburch en in jier oan de Leidse Hegeskoalle foardat er yn 1896 lektor yn natuerkunde waard . Yn dat jier boaske er ek mei Johanna Elisabeth Lebret ( 1873 - 1962 ) ; sy krigen trije dochters en in soan .
Oer it ûntstean is neat bekend . Yn de buorren fan Holwert stienen in tal huzen dy ' t as stins oantsjutten waarden Yn de tiid fan de fêststelling fan in stimkohier ( 1640 ) wienen it huzen fan oansjen : der wie doe stimrjocht oan ferbûn . Yn 1640 wie de gritenijsekretaris dr . Cornelius Vermees eigener en bewenner . Hy hie dit stens huys ende langhuys , boomen ende plantagie , stecken mitsgaders leedighe plaetse inde gebuierte van Holwert , strekkende van de strate tot achter aende schipvaert yn 1631 kocht fan de erfgenamten fan jonker Worp fan Tjessens en dy syn frou Ursel fan Scheltema .
Oan de westkant lizze trije eilantsjes , de Roospôlen . Yn it súdwesten leit in lang eilân , de Sweagen , troch Houkesleat en Krúswetter los fan de ouwer en troch de Kolmar los fan it Grutskar . Noardlik fan de Sweagen leit de Roekepôle .
Doe waerd der earne in sulveren tabaksdoaze forriden . De faem joech him op ' e tiid oan en doe ' t syn heit - en - dy der hinne set wiene , plakte se him in snor en in burdtsje oan en loek him oan ' e earen ta yn in greate iisklots . Yn har heite hurdridersklean stiek er nei ' t hurdriden en hja rêdde thús mei de hiele boel .
Tags : saak - ooms haadfertochte Pieter + Baan - sintrum
3 . ) Al bin ik net bot polemysk ynsteld , haw ik wis in miening te jaan , dêr ' t men yn Fryslân ( al wit men it noch net ) grif wat oan hawwe kin . Skylk folget it der mear yn dy snuorje . Oppenearjen is ommers it libbensbloed fan it blôchjen . En seker ast dy op it Frysk en Fryslân stortest , fynst in soad dat fan dyn miening ferlet hat .
Nei de oarloch skriuwt dbl in brief nei de gemeente om nije wennings yn ús doarp . Der komt in brief werom dêr ' t yn meidield wurdt : " dat het momenteel niet mogelijk is om in Eernewoude van gemeentewege woningen te bouwen omdat het percentage dat aan deze gemeente voor dit jaar is toegewezen zeer gering is . Bovendien heeft de gemeente te Eernewoude geen bouwterreinen ter beschikking . . . . . " It oanlizzen fan de Fiskershaven fuort nei de oarloch wie it inisjatyf fan Doarpsbelang In eigen haven foar Earnewâldsters en simmerhúske bewenners , mar ek foar wurkskippen en skouwen . Fan ôf 1928 wurdt hjir oer praat en plannen makke . It kostet in knoarre jild en de simmerhúske bewenners wurde ek frege om in bydrage . Der waarden rinteleaze oandielen útjûn en wurdt mei in list troch it doarp rûn . Sels arbeidzje de Earnewâldsters ek oan de haven om de kosten te beheinen . Betiden om ' e nocht mar ek binne der guon dy ' t der in deihier mei fertsjinje kinne , arbeidzje foar ƒ 0 . 70 deis . Halbertsma yn Grou levert it hout tsjin in skaplike priis . Jan v / d Berg wie de earste havenmaster . De fiskershaven is ûnderbrocht by Doarpsbelang . Yn de fyftiger jierren is hiel Earnewâld oerémis as de plannen fan it kanaal nei Drachten ta op tafel komme . Der wurdt in hantekening aksje hâlden en der wurdt mei gemeentebestjoer en deputearren fergadere . In brief " op poaten " giet nei de Heren Gedeputeerde Staten van Friesland Ik sitearje út de brief fan augustus 1953 : " De besturen van Ver . Voor Dorpsbelangen te Eernewoude en de vereniging voor vreemdelingen Verkeer te Eernewoude geven met verschuldigde eerbied te kennen dat zij voor Eernewoude ten gevolge van de ontworpen kanaalplannen niet onbelangrijke schade vrezen door schending van het natuurschoon , verstoring van de rust in het natuurgebied en vermindeing van de aanlegmogelijkheid voor zeilboten en motorvartuigen langs de oevers van de Fokkesloot . . Zij doen een beroep op U te bewerkstelligen dat de gevreesde gevolgen zullen uitblijven . " Men komt hast safier dat der by de kroan yn berop gean wurde moat . Dit is it jier 1953 . Hoe is it ôf rûn : It kanaal is gewoan trochgien en as pleister op ' e wûne is der mei de útbaggere grûn in hiel nij parkearterrein en in grut rekreaasje terrein oanlein mei in haventsje der by dêr ' t no de camping it Wiid is . Yn 1955 is Earnewâld oansluten op it wetterlieding net . In hiele foarútgong . De reinwettersbakken wiene by it simmerdei ek wolris leech . . . dan kaam der in tankwein om de bakken te foljen . Yn 1957 is it museum it Kokelhûs oprjocht . It âlde hûs fan Jan en Sjut waard ynrjochte as âldheidkeamer . Yn it jier 1966 is Earnewâld Oer de kop helle foar de oanlis fan it djiprioel . Nei in jier komme der grutte kaaidiken om Earnewâld hinne . Der wurdt in nije dyk rjochting Bolderen oanlein en achter it Wiid in hiel nij gemaal boud , dat letter yn funksje komme moat as it Alde gemaal ferfalle kin . Yn 1969 kin it 100ste lid ynskreaun wurde by it doarpsbelang . Yn 1970 koe der ierdgas brûkt wurde . Achter de buorren wurdt de arkehaven oanlein en yn 74 ek noch in grutte haven foar boatsjelju . Yn de doarpskom fan it Wiid komt ek in haven . Foar in part foar de boatsjes fan minsken út Earnewâld en foar passanten . As dit klear is wurdt de slûs der útskuord nei 53 jier trouwe tsjinst . Ek de beton brêge wurdt wer ôfbrutsen nei 38 jier yn 1972 . 7 jier fergaderje om de brêge dêr te krijen en yn 7 dagen wie de brêge ôfbrutsen . De brêge wie net mear nedich want der wie in nije ferbining mei Aldegea om it achterste wiid hinne . Yn 1976 seit Boargemaster Huyssen van Kattendijke : Dat Earnewâld it moaiste plakje fan Fryslân is . Dat it gemeentebestjoer fan Tytsjerksteradiel der wol hiel súnich op wêze moat en dat der miskien earst twa oant trije kear neitocht wurde moat foar dat der tenei wat barre of feroarje moat . . . . . It âlde gemaal hat ôfdien en wurdt omboud as toiletgebou . De weisleat waard samar kreas opknapt troch de gemeente . Nei dat dbl der tiden op om hammere hat , wie it ynienen samar klear omdat Beatrix en Claus in besite brochten oan it doarp . Yn 1978 is it stânbyld de Ielfisker troch de gemeente oan ús doarp oanbean . It mantsje is al wat skraal om de kaken , mar dat kin ek fan de kjeld komme . De sniestoarm fan 1979 De snie waard meters heech opjage troch de wyn . En ferkear wie net mear mooglik . In stringe winter . Earder yn jannewaris wie der in Princenhoftocht organisearre . 10 - 12 tûzen minsken hawwe mei dien . En brocht in protte jild yn it laadsje foar it Earnewâldster skûtsje . Desimber 1979 wenje der in protte Vietnameeske flechtelingen tydlik yn de simmerhúskes op de camping . De minsken dogge harren bêst om de taal te learen . Letter ferhúzje de Vietnamezen nei in oar wenplak om dêr harren nije bestean op te bouwen . De Luzefeijer is yn it libben roppen yn 1981 it doarpskrantsje mei de passende namme dat elke twa moannen ferskine sil . Earnewâld hat ek syn eigen flagge . Yn 1956 wie der al praat oer . It koe neat wurde omdat de gemeente sels noch net in flagge hie . Yn 1981 kaam der in kulturele kommisje del , mei foar alle doarpen in eigen ûntwerp . Fansels koene wy ús hjir net yn fine en kamen Earnewâldsters mei harren eigen ûntwerp . Mei de Earn der yn . Der is in nije dyk kaam fan ôf it parkearterrein nei it Smidspaed ta .
ûntskuldigjend oan ta : " Wy sykje der net om , wy sjogge it . " der wurdt praat oer tempo , ritme en stil spyljen . Neffens Ruiter wiene wat koarte stiltes yn it begjin it ritme ten goede kommen . " Soms krij je net de kâns om mei in persoanaasje mei te fielen . " Regisseur Smedes seit dat der de krityk fan de karmaster begrypt , mar dat it publyk wol de kâns krije moat om der yn te kommen en dat er dêrom it begjin fan de foarstelling net tefolle ophâlde woe . Neffens Ruiter - de flewielen moffen noch altyd strak om ' e fingers - falt alles te ferdigenjen . Syn krityske opmerkigen oer it trochbrekken fan de fjirde want - " ik bin in karmaster fan de âlde stimpel " - en in pakje sigretten dat ynienen opdûkte , ferpakt er yn ûntskuldigingen foar syn eigen " muggenzifterij " . Nei kofje en sigaret is Anneke de Vries oan bar . Se is sûnt koart yn it besit fan in karmasterssertifikaat . It is har earste offisjele optreden en ek sy is senuweftich seit se , al lit se dat sa dúdlik net fernimme as Wigle Ruiter . De fluwielen moffen ûntbrekke , mar dy hoege ek net oan , want Anneke de Vries is ien fan fragen seit se . Se is tige te sprekken oer wat de fiif spilers fan harren rollen makke hawwe , mar hat - lyas oankondige - noch wol wat fragen . Hoe komme se yn in rol , fan bûten nei binnen of binnen nei bûten ? Hie Victor , de grutte frouljusfersierder , net wat mear in glêdjanus wêze moatten ? Wat folget is in petear oer hoe dronken in drinker en hoe glêd in glêdjanus wêze moat . Nei it petear mei de spilers - dat goed oardel oere duorre hat - prate de beide karmasters noch eefkes nei . Wigle Ruiter is al withoelang belutsen by it toaniel yn Fryslân . Hy folge in lytse tritich jier de regy - oplieding fan de foargonger fan FRATS en letter de karmastersoplieding . " Dat wie de tiid dat it boekje der noch by moast . De spilers moasten sa ticht mooglik by de tekst bliuwe , oars diene se de skriuwer gjin rjocht . Ik sette my dêrtsjin ôf , ik wie in fernijer . " Anneke de Vries follet oan : " It wie de tiid dat de pleatslike skoalmaster de feriening faak noch regissearre en dy seach der foaral op ta dat de spilers fan A nei B rûnen , dêr har tekst seine en de folgjende klaus foar njonken de bank bewarren . De regisseurs fan no binne folle better oplaat , dy kinne in stik nei har hân sette . "
Joop Alberda is troud , hat twa bern en wennet yn Glimmen .
In hiel inkelde kear yn ' t earstoan , frâl doe ' t de âldelju
Wetterskye mei in trekker ? Mark Aarts en syn freonen hawwe in bisûndere wize fan wetterskyen ! Net achter in speedboat , mar mei gebrûk fan in . . .
Antisemitisme ( joadehaat ) is de diskriminaasje fan Joaden basearre op harren etnisiteit of religy . It antisemitisme kenmerkt him troch in fijannige hâlding en foaroardielen foar de joaden oer . In faak hearde oarsaak soe wêze dat yn de bibel de joaden Jezus Kristus ombrocht hawwe .
HOLLAND S GOT TALENT WAYLON - IT SA MAN S WORLD ( NOLIMT ) ALMEER DAN 600 . 00 KEER BEKEKEN MENSEN BEDANKT VOOR ALLE LEUKE REACTIE , S , i . .
* Krisis SP - Fryslân set troch * Unrêst yn Drachten troch autobrannen * Nij monumint Joadske mienskip Snits
skippen op sé en alle 6 dagen komt der noch in skip by , ensfh . Ek
Ien fan Falerianus earste dieden as keizer fan it easten wie it weroverjen fan Antiochje op de Perzen yn 257 . Al gau krige hy yn Anatoalje te meitsjen mei in ynfal fan de Goaten . Hy stjoerde it leger derop ôf en bleau sels yn Antiochje , omdat er noch hieltyd de hannen fol hie oan de Perzen . Yn 259 waard it leger troffen troch in pokken - epidemy en moast er nei Edessa . Hy besiket frede te sluten mei de Perzen mar dat slagget him net . Syn missy rint út op in fiasko dêr ' t sels by finzen nommen wurdt troch de Perzyske kening Shapur I . As finzene oan it Perzyske hof komt Falerianus yn 260 te stjerren .
Yn de tweintiger jierren komt de reformaasje nei East - Fryslân ta . Edzard wie gjin tsjinstanner fan de Reformaasje , mar hold him der ek net aktyf mei dwaande . Dizze hâlding fan him tsjinoer de Reformaasje soe letter bliken , wie tige bepalend foar de lettere ûntjouwing fan de reformaasje yn East - Fryslân .
Klik hjir om de website fan de gemeente Ljouwert te besjen .
Fan de foarrondes en de finale sille ek wer opnames makke wurde troch Omrop Fryslân dy ' t op 24 april ( de foarrondes ) en 29 maaie ( de finale ) útstjoerd wurde op Nederlân 2 om 10 . 00 oere .
Op basis fan ' e Fryske kanon makket Omrop Fryslân skoaltelevyzje in searje televyzjeprogramma ' s oer de iere skiednis fan ús provinsje . De programma ' s binne bedoeld foar . . .
Woansdei 6 oktober wie der it minysympoasium \ ' Suksesfol ûndernimme yn Nij - Seelân \ ' , organisearre troch Fryslân Ferbynt yn Ljouwert .
Hjir wurdt ek neigien hoefolle Frysk trochkrongen of bewarre bleaun is yn ' e tongslaggen fan ' e omkriten . Dêrta binne ûndersocht it Biltsk ( Hollânske kolonisaasje binnen Frysk taalgebiet ) , it Grinslânsk en it Westfrysk ( wierskynlik ûntfryske ûnder resp . Nederdútske en Hollânske ynfloed ) en it Stellingwerfsk ( oarspronklik net - Frysk grinsgebiet ) .
Hüsem ( Dútsk : Husum ) is de haadstêd fan Noard - Fryslân yn Sleeswyk - Holstein . Yn Hüsem wenje 22 . 338 minsken ( 2007 ) .
Op basisskoallen yn Fryslân driigje massa - ûntslaggen . Mei - inoar giet it om in ferlies fan sa ' n 1100 arbeidsplakken . Dat komt troch besunigingsplannen fan it ryk en de krimp . Ek kin de reguliere lump - sum finansiering fan it ûnderwiis foar in soad skoallen net út . De needgjalp komt fan . . .
Alle hûnen in Frysk buordsje om ' e nekke , geiten bespuitsje mei ' Praat mar Frysk ' ? Mar de trijetalige skoalle sil grif mear opsmite . ' No smoking ' skynt yn Ingelân net it effekt te hawwen dat derfan ferwachte waard . [ . . . ]
Behalve moai binne der ek gebouwen dy ' t in priis wûn hawwe yn in bepaalde kategory .
Dútslân is sûnt 1949 in demokratysk - parlemintêre bûnssteat . De grûnwet waard kundich makke op 23 maaie 1949 . De grûnwet kin troch in twatredde mearderheid yn ' e bûnsdei en bûnsrie feroare wurde . De lêste feroaring wie yn 2006 . Guon artikelen , dêr ' t de grûnslach fan de grûnwet yn omskreaun is , kinne net feroare wurde . Dútslân hat 16 dielsteaten ( Bundesländer ) ( sûnt 1990 , dêrfoar wie it East - en West - Dútslân ) . De bûnssteat is it machtichst ( " Bundesrecht bricht Landesrecht " ) , mar de dielsteaten hawwe ek aardich wat foech . De federaasje nimt bûtenlânske saken en definsje foar har noed .
De Bommel - ferhalen binne tekenteltsje s fan Marten Toonder oer kastielhear Olivier ( Olly ) B . Bommel , dy ' t mei syn swakke sûnens altyd . . .
De windmillcup yn Ljouwert mei fan oare jier ôf net langer gebrûk meitsje fan gastâlders om de jonge tennissers op te fangen . It toernoai foar bern ûnder de 14 wurdt dit jier foar de tweintichste kear hâlden . Omdat it toernoai in goed wike duorret en de bern rûnom fan de wrâld komme , moatte se ek earne oernachtsje . By de windmillcup waard dat altyd dien troch allegear gastâlders . It ynternasjonaal tennisbûn fynt soks te gefaarlik en wol dat de bern yn hotels sliepe . Foar de toernoaiorganisaasje betsjut dat in ekstra kostepost fan 20 . 000 euro yn it jier . En dat wylst it tal sponsors weromrint . Neffens de toernoaiorganisaasje kinne se noch twa jier troch op reserves , mar moatte der dernei perfoarst sponsors by .
Yn 2003 bestie de befolking fan Itaalje út 57 . 998 . 353 ynwenners .
Europese kulturele haadstêd yn de meast lannelike provinsje fan Nederlân . De sin wol je hast de mûle net út . Foar it gemak tinke dy politisi dan ek dat it gâns goedkeaper wêze sil yn Fryslân . Dêr wêr ' t oare adspirant kulturele haadstêden yn gedachten sa ' n 80 miljoen útlûke wolle foar dat spultsje , tinkt Fryslân it te kinnen mei 10 , 8 miljoen , net iens begripende dat dy euro dan al seis kear minder wurdich is fansels . Wis , yn in stêd duorret it lantger om fan it iene plak nei it oare te kommen , dan ha we kilometerheffing en moat we al dy kulturele wichtige lju dan fan Spangea nei Peasens ferfiere en dat kostet hannenfol jild .
Hest gelyk Beuker , sa sju je mar dat ik toch net sa goed oer myn ferlies ken , mar do stiest der ek florisant op hjer ; ) Joun sil ik jim der ris fan langs jaan , moarn de stem wer kwyt ! ! !
It " Krystkoar 2010 " sjongt û . o . mei HYMNE it " A day of Glory " fan Ray Shepherd en " Mary ' s Boy Child " yn in bewurking fan de dirigint . Ek it nije krystliet " Kom , ' t is Kryst " mei tekst en muzyk fan Jan Brens , sil it koar sjonge . Fansels sille de âlde , bekende lieten rom omtinken krije , benammen by it mienskiplik sjongen .
Der falt wat wiete snie as Hinke it hiem del glystert . De reed is besnijd . Hinke sjocht mem noch even yn in krânse fan ljocht tusken de gerdinen stean , de hân wiuwend omheech . As mem der net west hie , tinkt se . Se wit dat dy har helpe sil . Heit net , dy is sa rjocht as in lineaal . Mem moat him altyd oer de streek lûke . Se sil noch dagen tsjin him oanprate moatte om him oan it ferstân te krijen dat it libben wolris oars rint as hy tinkt . At se it paad by de transformator ynslacht , sjocht se farske fuotleasten yn ' e kwalsterige snie . It ljocht fan de strjitlampe glinstert kâld op ' e richels . Amper is se oan it Leech ta , dan springt der immen by har foar de fyts en kriget har stjoer beet .
De Ieren ûnderhâlde ek in bân mei Ingelske keatsers dy ' t yn Londen warber binne mei in 1 - wall programma . Fierder sille in tal Finske Fistballers yn jannewaris 2007 in besite oan Ierlân bringe .
Martin Gardner stie bekend om syn skrutenens en spriek komselden foar groepen minsken . Hy is 95 jier wurden .
MP3 Player Camere Web TV - Tunere Boxe Casti Microfoane Placi de sunet Tablete grafice Carti de vizita digitale
As de plannen foar keatsen yn teams trochsetten wurde dan sil ik dêr seker net mear oan meidwaan . Ik bin der poer op tsjin en it past ek net by it keatsen . ( Foto ' s : Henk Bootsma ) . " Winne yn Dronryp is myn moaiste oerwinning oant no ta . " De keatsers binne der ek radikaal op tsjin , mar der wurdt gewoan net nei de keatsers lústere . Yn petearen mei de keatsers wurde der ek gjin notulen makke en dochs bliuwt it ferhaal fan keatsen yn teams mar rondzingen . Sjoch , ik mei ferrekte graach keatse mar wol op e manier sa t wy dat no dogge . Do tinkst dochs net dat ik in wedstriid allinne mar op e bank sitte wol . Dat is mar ien aspekt ! Stel je winne de priis , dan moat de fjirde man dochs ek syn priis ha . Dat giet wol fan it bedrach ôf dat wy oars mei syn trijen krije soenen . Komt ek noch by dat it jild net mear foar it opskeppen leit . Gau mei ophâlde , der binne wol wichtiger saken . Je moet er dus helemaal niets van hebben . Maar hoe doen jullie het dan met de training ? Daar train je toch met nog een partuur ? Ja , mar dat leit hiel oars . Us partoer , Hijlke Bruinsma en Marten Feenstra , traint trije kear yn e wike mei it partoer fan Pieter Vogels , Hyltsje Bosma en Sjoerd de Jong . Peter de Boer en Menno van Zwieten dogge ek wolris mei . Dat is in goeie saak . Do kinst wol mei syn trijen traine mar dêr wurde je faak net better fan . Wy kinne no ek yn partoerfoarm keatse en traine en dan kinne je ek bepaalde saken wat mear útprobearje . Nee , meielkoar traine dat foeget wat ta , mar dan hast it ek wol hân . Martijn Olijnsma , bouwkundig - tekenaar bij Houkesloot Prefab . BV in Leeuwarden , begint over een kleine drie weken aan zijn vijfde seizoen in de rijen van de hoofdklasse . De fors uit de kluiten gewassen opslager behoort tot een lichting die feitelijk nog maar pas komt kijken . Met zijn 22 jaar staat Olijnsma nog maar aan het begin van zijn kaatscarrière ondanks het feit dat hij al hele leuke incidentele successen wist te boeken . Der hast gelyk oan . Feitlik begjin ik noch mar pas . It jier 2007 kinne je net rekkenje Yn 2008 gong it al hiel aardich mei oerwinningen yn Jorwert , Harns , Bitgum en Penjum . Jorwert wie myn earste oerwinning yn de haadklasse en it winnen yn Bitgum op de Van Aismadei wie fansels hiel bysûnder . Ik keatste doe mei Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk , dy t dat jier de PC noch wûn hienen . Yn de finale moasten wy tsjin it favorite partoer fan Johan van der Meulen , Herman Sprik en Taeke Triemstra . We kamen achter mei fjouwer om e twa en dêrnei foar mei fiif om e fjouwer . We wûnen noch mei 5 - 5 en 6 - 6 mei fjouwer sitballen fan my yn it lêste earst . Ik hie der doe wol op rekkene dat ik kening fan de partij wurde soe . Dat ik it net waard hie te krijen mei it feit dat ik yn de omloop dêrfoar de opslach noch in kear oerjûn hie oan Auke van der Graaf . Dat sil wol meispile ha , mar as ik der no oan werom tink , fyn ik dat it my ek wol stien hie . Mar sa wurket dat no ien kear . Je ha der bytiden mar in ferrekt lyts bytsje sicht op . Uteinlik pakte ik yn Penjum dan wol myn earste keningskip . Dat is altyd leuk foar letter . It jier derop keatste ik mei Hijlke Bruinsma en Alle - Jan Anema . Yn Dronryp , wêr t ik hiel graach keatse mei , foelen alle stikjes fan de puzzel samar op syn plak . Ik beskôgje dy winst yn Dronryp as myn moaiste oerwinning oant no ta . Yn de finale moasten wy tsjin Gert - Anne van der Bos , Folkert van der Wei en Daniël Iseger . Se wienen favoryt , mar wy keatsten geweldich ! Kening op ' e Ryp Alles foel te plak . Ik hie sân sitballen , mar Hijlke hie der mar leafst njoggen . Sa goed hat hy dêrnei ek net wer opslein . Alle - Jan liet ek neat sitte ! Wy wûnen ! Ik ha him doe noch wol efkes knypt wa kening wurde soe . Ik tocht , dy gek hat noch mear sitballen pleatst as ik sels . It sil dochs net sa wêze . No , dat wie ek net sa en ik waard kening fan de partij . Ik bin der noch tige grutsk op en it is ien fan de foto s dy t hjir yn e húskeamer te pronk stiet . Dronrijp was slechts één van de weinige hoogtepunten , want een blessure zorgde er voor dat het maar een korte vreugde was . Is wier . Flot nei Dronryp rekke ik blessearre en bin ik in hiele tiid net oan e bak west . It hat my hast it hiele seizoen koste . Feitlik in ferlern jier . Yn 2010 gong it troch omstandichheden ek wer mis . It begûn al yn Doanjum . Min waar ! Doanjum is faak de pineut . Us partoer moast tsjin in earsteklas partoer . Mochten wy noait ferlieze , mar it barde wol en ek noch op 5 - 5 en 6 - 6 . Kaam noch by dat ik fûn dat Alle - Jan de bal net oan e bealch hie , mar skeids Fokke van der Veen sei fan wol . Ik wie poerrazend . . . . . Doe knapte der wat by my . Ik wie poerrazend en wie de kontrôle oer mysels hielendal kwyt . Ik joech Fokke in triuw en dat hie net moatten . Ik krige fiif wedstriden skorsing ! Terjochte ! Je moatte de skeids fan de hûd ôfbliuwe . Dat foarfal hat my wol oan it tinken set . Ik tink dat it miskien efternei ek noch wol goed west hat dat ik in skorsing fan fiif wedstriden foar de kiezzen krigen ha . It hat my wol feroare . Ik ha no mear rêst yn myn spul . It ongecontroleerde leit achter my . Ik komt myn spul ek ten goede . It kommende jier wol ik der stean . Voor 2011 heb jij gesteld met vaste maat Hijlke Bruinsma en Marten Feenstra , misschien wel de meest getalenteerde kaatser . Ja , ik bin hiel bliid mei dit partoer . Hijlke kin ik al langer en dat foldocht my prima . Hijlke kin de saak wol aardich opstoke . Hast wol sa n man nedich . Mei Marten ha wy ien fan de bêste allrounders oan ús bine kinnen . Ik ha der grutte ferwachtings fan . Mar it moat altyd noch wol blike . Ik tink dat wy mei it partoer fan Gert - Anne van der Bos en dy fan Jan - Dirk de Groot en Marten van der Leest de tsjinst útmeitsje sille . Fan de rest moatte wy yn prinsipe altyd winne kinne . Het peloton van hoofdklassers heeft weer de nodige aderlating ondergaan . Johan van der Meulen , Jacob Wassenaar , Gert - Jan Meekma waren niet de eerste de besten . Winne yn Kimswert ! En dat nei in nochal let feestje de jûns dêrfoar ! Is wier . Der falle de lêste jierren nochal wat keatsers fuort . Sjoch ik wit net oft Chris dit jier ek wer meidwaan sil , mar yn prinsipe bin ik der op tsjin . Hoewol ik ferline jier noch mei Chris prizen wûn ha , bliuw ik derby dat dit feitlik net kin . Chris hat ôfskie nommen en dan moat dat net wer feroare wurde . Sa krije de jonge knapen noait de kâns om harren te bewizen . Utkomme op ôfdielingswedstriden is oant dêr oan ta , mar dan moat it ek oer wêze . It wurdt wol allegearre tin . Alle - Jan hat ek noch in skoft te gean foar hy wer hielendal 100 prosint is . Moat noch sjen oft it dit jier noch wat wurdt . Ofwachtsje mar . Hoe ziet jouw toekomst er uit . Je bent pas 22 jaar een heel kaatsleven staat je nog te wachten , of niet soms ? Dêr ha ik noch net sa folle oer neitocht . It falt en stiet fansels ek mei hoe t je it dogge op it fjild . As der neat wûn wurdt dan giet de aardichheid der wol ôf fansels . Ik gean der net fan út mar it is wol in gegeven . Komt by dat it keatsen in gigantisyk soad tiid kostet . Trije kear yn e wike traine en sneon en snein keatse . Bist fan maart oant septimber ûnder de pannen . Ik ha ek noch in drokke baan sadat de tiid dy t der dan noch oerbliuwt foar oare saken marzjinaal is . It sponsorferhaal wurdt der ek net makliker op . Wy hienen Boubedriuw Dijkstra - Draisma benadere om sponsor fan ús partoer te wurden . Se wienen in oantal jierren stiper west fan ûndermear it partoer fan Johan van der Meulen c . s . Om in lang ferhaal koart te meitsjen . Se seagen dêr dit jier fanôf . Spitich mar niks oan te dwaan . Gelokkich hienen wy noch de stipe fan Bles dy t yn 2010 ek al ús sponsor wie . Mar no komt it : Efkes letter sjoch ik op ynternet dat se haadsponsor fan ús grutte konkurint Gert - Anne van der Bos wurden binne . Dat is dan wol efkes slikke ! Mar hawar sokke saken barre no ien kear . Ik ha der in soad sin oan en ik bin der fan oertsjûge dat it partoer fan Gert - Anne van der Bos te pakken is . Yn 2010 wienen wy der faak hiel ticht by , yn 2011 moat it lêste stapke mar set wurde . Wy binne der yn elts gefal klear foar .
De grutste stêd en allyksa haadstêd is Havana ( La Habana ) . It leit oan de noardkust fan Kuba . Oare grutte stêden binne Camagüey yn ' t midden fan it eilân en Santiago de Kuba , oan de súdkust .
De Fryske bydrage Equal Souls is sneon tredde wurden op Liet Ynternasjonaal yn Bretanje . Oan it sjongfestival diene 11 bands mei dy ' t allegear in nûmer yn har eigen minderheidstaal songen . De band Orka fan de Faeröer eilannen wûn mei muzyk dy ' t makke waard op ynstruminten dy ' t sy sels boud hawwe . Bygelyks in basgitaar makke fan de peal fan in stek en in oargel mei pipen fan âlde frisdrankflessen . Troch alle ynternetstimmers gie ek de publykspriis net nei Equal Souls , mar de band krige fan it publyk yn de seal wol de measte stimmen foar har optreden . De publykspriis gie nei de Friûlyske band R . esistence in Dub út Italië . De K - rûte bringt woansdei in lange reportaazje oer Liet Ynternasjonaal 2010 .
Op de trije Baai Eilannen Utila , Roatán en Guanaja wenje neikommelingen fan de Ingelsken , dy ' t har dêr festige hawwe doe de eilannen noch Ingelsk besit wienen . Ekonomysk sjoen giet it dizze befolkingskloft better ôf as de oar Hondureenske befolking . Dat ferskil is te ferklearren út it feit dat sy Ingelsk sprekke en dêrtroch in foarsprong hawwe mei it fine fan wurk op ynternasjonale frachtskippen en yn it bûtenlân .
Achte freon , kunde of klant , Dit is de alderearste nijsbrief fan Audiofrysk . Doel is om de nijsbrief ien kear yn de moanne ferskine te litten .
Sûnt de 18e ieu is de fagot in fêst lid fan it symfony - orkest . Under de houten blaasynstruminten hat it sawat deselde fol as de sello by de strykynstruminten . Yn it klassike orkest dogge meast twa fagotten mei . Yn moderne grutte symfoanyske stikken binne gauris trije fagotten en in kontrafagot foarskreaun ( der wurdt dan praat fan fjouwerdûbel hout ) . De kontrafagot klinkt noch in oktaaf leger as de faot . Yn dat ynstrumint is de buis noch in twadde kear teard . Sûnt in tal jierren is de fagot in algemiene ferskining wurden yn it harmony - orkest of symfoanysk blaasorkest . Op syn minst twa fagotten en bytiden ek in kontrafagot foegje harren spesifike klank oan it blaasorkest ta .
It eilân krige har namme troch de grutte ferdigeningstoer ' das Neue Werk ' . Mei de bou fan dizze toer is begûn om 1299 hinne , yn 1310 wie de toer klear foar gebrûk . Dizze toer baarnde yn 1367 ôf en waard yn 1369 wer opnij boud . It is it âldste gebou op it Hamburchsk grûngebiet . De toer wurdt fan 1814 ôf brûkt as fjoertoer . Foar dat de toer op it eilân boud wie waard it eilân ' Nige Ö ' neamd .
Op 9 maaie wurde wer de foarrondes foar de Kunstbende halden ! It tema foar dit jier is ' Macht ' en dat komt moai ut want wy fine ussels tige ' Machtich ' . Dat wy binne der ek by ! Elkenien dy ' t sjen litte wol wat hy of sy yn ' e hus hat en dy ' t tusken de 13 - 19 jier is dy is der ek . . Wurdt grif hiel gesellich en in grutte binde . . dat ek fansels . . .
Stilicho waard berne yn wat tsjintwurdich Dútslân is . Syn heit wie in Fandaal dy ' t yn it Romeinske leger tsjinne en syn mem Romeinsk . Nettsjinsteande syn Germaanske komôf fielde hy him mear Romein as Fandaal , alhoewol ' t hy lykas in protte Germanen , it arianisme oanhinge ynstee fan it katolisisme
Dizze bondel mei kritysk en essayistysk wurk fan Wadman slút oan by Kritysk konfoai ( 1951 ) en It kritysk kerwei ( 1990 ) , beide ek ferskynd yn de Nije biblioteek . Wadman makke foar dizze bondel in kar út wat er sûnt 1970 byinoar skript hie oan skôgjend , kritysk en sjoernalistyk wurk . Dat wie dan benammen út de tiid nei 1981 , omdat dêrfoar syn wurk as haaddosint Nederlânsk oan de learareoplieding Ubbo Emmius syn skriuwerswurk sa goed as stillein hie . De seleksje yn dizze karlêzing is oars fan aard as de twa eardere . Der steane gjin poëzijkritiken mear yn , en Wadman syn kritiken oer de nije Fryske proazaliteratuer yn Frysk en Frij binne net opnommen . En , sat de skriuwer stelde : Foar de feroaring haw ik in mannich opstellen opnommen oer myn twadde hobby , de muzyk . Fierder befettet it boek in bibliografy oer de jierren 1972 - 1994 . Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste út 1994 .
At yndied , lykas Van der Meer meldt , prosesstikken ûntbrekke soene , bliuwt der neat oer as spekulaasje . In moai spul oars : in sechtjinde - ieuske detective .
Bearing Sportswear is in bedriuw dat hast alle klean foar bûtenaktiviteiten leverje kin mei harren Ocean en Mountain Wear kolleksje . ' It is ús missy om ús klanten en wurkjouwers te foarsjen fan tiid en materiaal om it genot fan bûtenaktiviteiten te maksimalisearjen ' . De fabrisearre produkten hawwe in ' Blue Sign ' sertifikaat wat ûnder oaren ynhâldt dat der miljeufreonlike materialen brûkt wurde om sa in bydrage te leverjen oan in better klimaat . Mear ynformaasje
Doe ' t er ta rêst kommen wie , glieden syn eagen nei de kleure finsters oant se útkamen by it middelste . Dêr siet God de Heit op ' e troan mei it blau fan de ivichheid om him hinne , wylst Er it boek fan de libbenen yn de hân hie . It boek fan de libbenen . . . En ynienen wie him Born Luckens yn it sin kommen , de deasike pylger dy ' t him de rôle perkamint tarikt hie en doe stoarn wie . No spiet it Rienk dat er it keunstwurk fan de man út Norden net meinommen hie op syn eigen pylgerreis . It soe him beskermje kinne tsjin de ferliedings dêr ' t er sels op dit hillich ûndernimmen foar bleat stie .
Doe ' t ik ôfrûne wykein foar it earst mei in jûnsfoljende film oan ' e gong soe , hie de PC nei in pear shots al skin syn nocht en joech in geheugensteuring . In oar programma as proeffersy delhelje , mar ek dizze software hie mei ien filmke al problemen en kaam mei in nuvere melding . Geheugen net fol te krijen ? !
Wat bisto sneu ! Allinnich mar geëamel oer grutske Friezen . Krekt oft alles út ' e Rânestêd wei ferkeard is . Blykber wolsto allinnich mar werom nei de 18e ieu . Sjoch ris nei de goeie dingen dy ' t barre . Earst raar op Wilders ôfsizze , mar ûndertusken krekt sa lulle . Sûnde fan ' e romte op dizze webside .
Gabe . Snúshoannen habbe wy nin ien by west , dêr ' k fan wit , oars net as by de boal ; dy seit ' t ris hurd en heech ; dy skynt it wol te witten , as er ' t út de krante lies ; mar ' t ein learde , dat er om ús heite jild sa opswetst hie . Oars binne wy jitte by twa steddokters west , fikse ljuwe , mar dy wat folle geswaai en bestel hiene .
Mei de bus kin men yn Urk komme mei line 141 .
tonge wipt en mei syn dronken gat it tsjin de assistinten yn ' e kant
Ik kom spitigernôch net sa faak mear by it keatsen . Liket it sa of is de sfear in bytsje fuort ? Wie it no echt safolle geselliger op de âlde iisbaan by de haven ? Dyselde âld haven dêr ' t Albertsje sûnder ien tel nei te tinken yn sprong by de stuolledûns ? Dyselde iisbaan dêr ' t by ' t simmer de skieppedrollen net te tellen wiene ? Dêr ' t Uilke Tolsma by de doarpspartij keatste foar syn libben ? Dêr ' t âlde Jabik Jorna yn syn lange swarte ûnderbroek by de opslach hast oan it perk ta rûn ?
101 . Haye van Rinia , ferstoarn yn 1640 yn Kollum , abbekaat , assessor , luitenant yn Fryske tsjinst en fan 1627 ôf grytman fan Kollumerland . Hy troude op 21 oktober 1623 yn Ljouwerteradiel mei Beatrix Mathysdr . van Liauckema , berne yn 1594 , ôfkomstich fan Makkum . Hja wie omtrint 1650 eigneresse fan Feytsma state te Huzum .
Troch syn militêre sjeny slagge it him it grûngebiet fan de Republyk fierder út te wreidzjen nei it suden ; By de Fjildtocht de Maas Bylâns , yn 1632 , foel Opper - Gelre yn syn hannen troch it ynnimmen fan de stêden Fenlo en Roermond ( by de lêste sneuvele Ernst Kasimir ) . Hy ferfolge syn paad nei Maastricht , dêr ' t in bestoarming fan de stêd mislearre . Troch in belis koe Freark Hindrik de stêd lykwols dochs ynnimme .
Yn Harns binne moandei 24 Fryske jongeren oan board stapt fan de trijemêster de Thalassa om mei te dwaan oan de Tall Ships Races . De dielnimmers binne útkeazen omdat se har ynset ha foar de mienskip . Ien en oar makket ek diel út fan de tardiedings op de Tall Ships Races yn 2014 dy ' t fan Harns út begjinne . In soad jonges en famkes kinne noch net sile , mar dat wurdt se ûnderweis wol leard . De reis giet nei it Noarske Stavanger en nei Halmstad yn Sweden .
Op 23 july sil yn Snits it teaterstik Sirkus Mauww yn premjêre gean . It is in bysûnder projekt , want neist bekende profesjonele akteurs lykas Klaasje Postma en Alyt Damstra , spylje der ek in soad minsken mei in fysike of ferstanlike beheining mei yn it stik . Sintraal yn de foarstelling stiet dat . . .
send sms sms jokes sms messages online sms internet sms sms for free sms sms service funny sms sms india send free sms group sms sms collection best sms free sms mobile sms love sms
De man hold it rapport omheech . ' Hjir stiet dat der fan ' e moarn fjouwer bêden teld binne yn dat lytse hûs fan jo . Is dat net ryklik ? '
Hy seit dat er doe dronken wie en net wit hwat er dien hat . Wurdt
Dundee hat 37 basisskoallen en 9 middelbere skoallen en twa universiteiten : de Universiteit fan Dundee en de Universiteit fan Abertay Dundee . Dêr wenje sa ' n 17 . 000 studinten .
acoustisch blues duo Frans en Jelle met het nummer libje yn de fryske tiid ( part two ) .
Der binne in protte leuke slabben te krijen mei de moaiste teksten . Mar poppen yn Fryslân dy grieme dochs it leafst op syn Frysk . Fia Heit en Mem kinne jo slabben bestelle mei teksten as ' Leaf ' , ' Lytse Protter ' , ' Pake syn pop ' of ' Beppe har boefke ' . Alle slabkes besjen ? . . . >
Tsienûzen minsken wiene sneon by de iepen dei fan SC Hearrenfean . Nettsjinsteande it minne waar oan it begjin fan ' e dei wie it smoardrok yn en rûnom it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean .
Dizze ôflevering yn TsjekTV : * in protte skoallen organisearje in Himmeldei . * de wyn , wat is wyn en wêr komt it wei ? * Raynaud plantet beammen yn it Ljouwerter Bosk
Yn ' e eigen famyljerûnte foelen sawol fleurige as tryste saken foar . Nei ' t Liuwe en syn frou op 20 maart 1942 wer in jonkje krigen hienen ( Nanne ) , ferstoar harren âldste jonkje Reinder op 30 maart 1942 . Hy hie in hertkwaal en wie net sterk , dochs kaam syn ferstjerren ûnferwachts . Noeden wienen der foar Brolsma en syn
Oarspronklik hâlde er him foaral dwaande my de rjochtspraak . Oars as foarhinne de skout en asega hie er beide funksjes yn him , mei dit ferskil dat er net troch in Hear keazen waard mar troch it Folk . Lykwols hie allinnich de eigeners of brûkers fan pleatsen fan in beskate omfang stimrjocht . De grytman hie dan ek in soad stimhawwende pleatsen . Yn de rin fan de tiid waard de grytman ornaris keazen út de groep fan Haadlingen , mar fan de Saksentiid ôf waarden de grytmannen om bar keazen of oanwiisd , troch gearwurking fan de steedhâlders en Deputearre Steaten .
It oantal slachtoffers fan dizze pandemy wurdt rûsd op likernôch 25 oant wol 40 miljoen . In grut oantal streken rekke folslein ûntfolke . In soad oerlibbenen flechte fuort en fersprate dêrmei de sykte noch fierder . Oere oerlibbenen wiene poerlilk op de Joaden , dy ' t yn folle mindere mate troch de sykte troffen waarden . Dit feroarsake de myte dat Joaden de pest opsetlik oer Jeropa brocht hienen , troch putten en boarnen te fergiftigjen . Organisearre pogroms wienen it gefolch .
Op Hawaiï waarden timpels boud fan lavastien , en fierwei de measte wienen wijd oan de rein - en fruchtberensgod Lono of oan ' e oarlochsgod Kukailimoku . Yn sa ' n timpel , in heiau , stienen û . m . houten goadebylden , de kii . Mear nei it suden ta , op Tahity , waarden de goaden oanbean yn iepenlofttimpels . Sa ' n timpel , in marae , bestie út in rjochthoekich pleinn mei in piramidefoarmich platfoarm . Der waarden û . m . feesten , spirituële seremoanjes , dûnsen , muzykútfierings en offerrituëlen holden . Alle marae fan Tahity en de measte heiau fan Hawaiï waarden ferneatige troch warbere Westerske misjonarissen , dy ' t fan ' e midden fan ' e 19e ieu ôf de eilannen fan ' e Stille Súdsee berikten .
bierbabe , dweilsoap , graaibonus , herriemeter , insectensnack , kijkfile , klimaatridder , oorbehoedsmiddel , ontschulden , pimpen , randstadpartij , roeptoeter , verhufteren , verpaarding , verstrippen , verwendicapte , voxpoppen , zoenzone , zomerdip , zwaairaam
Echt ta libben wol it gedicht net komme . It beskriuwende elemint oerhearsket tefolle .
Yn 1862 krige er in berop nei De Helder . Hy hat it oannommen en yn Foudgum is noch ferloofd . Op 6 augustus 1863 is er yn Utert boaske mei Jacoba Osti .
By in ûngelok op de Hendrik Algrawei by Ljouwert is freedtemoarn ien persoan om it libben kaam . De auto dêr ' t dy persoan yn siet , is ûnder in frachtauto telâne kaam . De sjauffeur fan ' e frachtauto rekke dêrby ferwûne . De N31 tusken de Deinum en Goutum hat in skoft ôfsletten west . It ferkear moast dêrtroch omride . Nei njoggenen waard de dyk wer frijjûn . Menos
it lân fan frjemde lûden is tichtby ik hoech noch mar in dyk te oerbrêgjen ferside efter wolken wylde miggen leit dêr it thús fan krûdkoeke en stabij
Das Video HT 2011 hat folgende Views : 268
' t Is in minske eigen . Tsjintwurdig kinne we echt sawat alles op de foto , film , disc of wat dan ek mar sette , en dat gebeurt dan ek . Memory cards mei in geheugen foar in pear tuzend images . Stel je foar dat je dan even in album yninoar sette wolle .
Krekt doe ' t der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren , stûke de kultuergroei yn Sina . It Ming - ryk wie oer har hichtepunt hinne . De lêste Mingkeizers wienen meastentiids swak en net tsjinsteande de Sineeske Muorre hie it lijen fan Mongoalske strooptochten en fanút see makken Japanske en Sineeske piraten de lange kuststripe ûnfeilich . Jeropa waard stadichoan konkurrint fan Aazje op it mêd fan wittenskip en technology . Yn 1631 brocht in grutte folksopstân in ein oan de Ming en de heal nomadyske Mantsjoes soenen mei har stamlieder Nurhachy de lêste dynasty fan Sina stiften .
Rienk stjitte de wurden út as woed er Juw sels reitsje . Wat miende er wol net ! Hie hy , ridder fan Snits , net de opdracht fan muonts Gottlieb krigen om de heidenen foar it jier 1400 te be -
Hest de gatten yn de reed wol tichtmakke dan beuker oars docht it sa sear oan de knibbeltsjes ; ) Disse dame sil oare wike efkes yn it butelan te rekrutearjen foar in stjoerman yn kilt , yn dy omkriten ha se san ' t fest wol . Moat er der yn de sloep wol wat onder dwaan oars is it utsicht foar Jet en Jel net sa best , tink net dat we der hurder fan gean . No earst noch mar efkes oan it gas , oant moarn !
Tags : Mitwesna Diss Reeshof click Ali Mark Johnnie Hendrik Saïd Deveney Thomas DJ Secret Oud Noord Mitchel van den Hout
De earste Punyske kriich wie benammen in kriich tusken de seefloaten fan Rome en Kartago en fûn plak tusken 264 en 241 f . Kr . . Oan de ein hienen de Romeinen derby de macht krigen oer de westlike Middellânske See rûtes . It Kartaachske oerwicht oer de seehannel einige hjirmei . Fan need leiden de Kartagers harren ta op it fergrutsjen fan lânbesit , benammen yn Spanje . Nei ferrin fan tiid kamen hja op ' e nij mei Rome yn konflikt , diskear troch in skeel oer it sizzenskip oer it gebiet yn Spanje .
In dei wurdt opdield yn 24 oeren , teld as twa kear tolve . De dei bejint net op elts plak op ierde tagelyk ; yn eltse tiidsône begjint in nije dei as it yn dy tiidsône tolve oere nachts wêst hat . By de simmertiidsoergongen is de dei ien oere langer of koarter .
In Frysk bedriuw dat televyzje - programma ' s makket foar op it ynternethat fan de provinsje in dikke tonsubsydzje krigen . Dat jild moat brûktwurde om ek Fryske programma ' s op itynternet te draaien . It bedriuw Mediaheads wurket no meistudinten fan de NHL yn Ljouwert oan inprogramma oer kompjûterspultsjes . Ektwa oare projekten op it mêd fanynternet hawwe sinten krigen om Fryslânoan te prizen op it web . Boarne : Omrop Fryslân , 13 / 12 / 2006 Reaksje GfA : Wa A seit moat ek B sizze , in . FRL ekstinsje foar Fryslân !
Alle wurkdagen sjocht Omrop Fryslân werom yn De Dei Foarby . Yn it programma in seleksje fan reportaazjes en petearen fan de hiele dei .
Ein september wurde alle reaksjes ferwurke yn de definitieve tekst . Yn de tuskentiid is dan ek hurd wurke oan de foarmjouwing : we wolle der in moai boekje fan meitsje . It doel is om it nije masterplan yn november te presentearen . Dan wurdt fansels ek de namme fan it nije masterplan bekend en kriget de betinker fan dy namme syn pri is .
Boarne : Tusken Rein en Sinne , nû . 26 Bylage : - muzyknoaten mei de tekst - setting foar oargel of piano
Yn febrewaris 1952 kaam in ' regeringsphalanx ' yn Fryslân op besite . Dy phalanx bestie út de ministers fan Underwiis , Keunst en Wittenskippen , Justysje en Binnenlânske Saken . Yn dat ferbân fyn ik it in grut foarrjocht dat de steatssekretaris fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes hjir no is : syn oanwêzigens sjoch ik as in teken dat it ryk de Fryske taalpolityk serieus nimt .
Ek de brassband jowt ein November concert dat d ' r wurdt wat blaasd blinder .
Tags : myndomyn Omrop Frysl % C3 % A2n Henny Brouwer akolyt katolyk catholic Omrop + Frysl % C3 % A2n Friesland Frysk Fries Omroep + Friesland
De rezjy wie yn hannen fan Doede Schilstra .
In elektryske rolstoel is in rolstoel dy ' t troch de persoan dy ' t yn de rolstoel sit sels op gong brocht wurde kin . In elektryske rolstoel wurdt op gong brocht mei behelp fan in elektromotor . De rolstoel kin bestjoerd wurde mei behelp fan in joystick , mar ek mei toetsen as sels mei de holle . Op in joystick binne ek meardere fariaasjes mooglik . Der binne ferskeidene types elektryske rolstuollen .
Nei oanlieding fan in fraach fan Ried fan de Fryske Beweging oer hoe ' t men in basisskoalle meartalich meitsje kin , it neikommende .
Feitelik stiet elkenien yn ferbining mei it fraachstik fan M = mc3 .
Neist Rio de Janeiro ( Brazilië ) en Chicago ( Feriene Steaten ) dogge ek Madrid ( Spanje ) en Tokio ( Japan ) in goai om de Olympyske Spullen te organisearjen .
De offisjele taal fan Mongoalje is it Mongoalysk , en wurdt sprekke troch 90 % fan de befolking . Der is in grut ferskaat oan dialekten . Yn it westen fan it lân wurde Kazaks en Tuvan , beide Turkse talen , sprutsen .
Omdat der simmerdeis faak ferkearsopstoppingen op de rûtes nei it strân ta binne , lizze guon stêden as Amersfoart en Amsterdam sûnt in pear jier tydlike stêdsstrannen oan .
It meastepart fan de moderne wurdskat fan it Noarsk komt út it Aldnoarsk . De grutste boarne fan lienwurden is it Middelleechdútsk , wat in grutte ynfloed op de Noarske wurdskat hie sûnt de lette Midsieuwen , oan sels de grammatika struktueren ta . Hjoed de dei komme de measte lienwurden , kreklyk as by de measte oare talen , fan it Ingelsk . Alhoewol ' t it Noarsk sjoen wurdt as in taal dy ' t minder ynfloeden hat fan it Ingelsk as bygelyks it Sweedsk en Deensk
' Ate yn Holwert ? ' It falt der samar út en Janke skammet har der om . Lokkich giet de boer der net op yn .
De Timorstream is in oseanyske stream dy ' t fan de grutte Oseaan nei de Yndyske Oseaan yn súdwestlike rjochting tusken de Yndonezyske arsjipel en Austraalje rint is . Boppe dit gebiet ûnsteane faak sykloanen .
bleate ijskodrippen en in bist wurdt minsk wurdt bist Lit dy net ferrifelje troch de dt ' s yn de lêste rigel , dy stean der foar datst it net as in ymperatyf lêst . It moat op in snein west ha en de dichter dy toudûnset troch de stêd en makket der in prachtich gedicht oer dat him foardrage lit as in berneferske . It is fan in helderheid , hoe tige de assosjaasjes ek ferrasse . Ik tink lykwols al dat it fergif yn de sturt sit . Ris tantsje by Edwin .
De befolking fan Kirgyzje bestiet foar 75 % út Moslims , 20 % Russysk Ortodoksen en 5 % oars .
No , Bonifatius hie yn triomf syn foet set op it omleine Donarsbyld , en sei :
De Armeenjers ( Armeensk : Հայեր , Hayer ) binne in folk of etnyske kloft dy ' t har oarsprong hat yn de Kaukasus en it Armeenske Heechlân . In grut part hat dêr altyd wenje bleaun , benammen yn Armeenje , mar in protte binne ferspraat nei oare parten fan de wrâld ( sjoch : Armeenske diaspora ) . De Armeenjers hienen earder wichtige minderheden yn lannen as Georgje , Iran , Ruslân en Oekraïne . Nei de Armeenske Genoside binne in grut tal oerlibjenden fuort flechten nei Frankryk , de Feriene Steaten , Argentynje , de Levant en oare lannen dêr ' t sy wolkom wienen . Nei skatting wenje oer de hiele wrâld 8 oant 10 miljoen Armeenjers .
( 1 ) troude , 21 jier âld , op tongersdei 10 oktober 1895 yn mei , 18 of 19 jier âld . Reinder is berne yn 1876 , soan fan Geert Egberts Scholten en Jeltje de Jong . Reinder is ferstoarn op woansdei 27 maaie 1914 yn , 37 of 38 jier âld .
' Dan is it my goed . ' Age giet sitten .
44 . Moat ik nei dat alles noch sizze dat hja ek frije , tige frije geasten wêze sille , dy filosofen fan ' e takomst , - en dat it like wis is dat se net allinne frije geasten wêze sille , mar mear as dat , heger , grutter en essinsjeel - oars , eat dat gjin ûnwittendheid of betizing oer himsels wol . Mar wylst ik dat sis , fiel ik dat ik hast likegoed oan harren sels as oan ús , har herauten en foarrinners , wy frije geasten ! - ferskuldige bin , en romje in âld dom foaroardiel en misferstân út ' e wei , dat al te lang as in dize it begryp " frije geast " ûntrochsichtich makke hat . Yn alle lannen fan Europa en ek yn Amearika is der no eat dat dy namme misbrûkt , in tige twange , benypte , yn keatlingen sleine soarte fan geasten , dy ' t likernôch it tsjinoerstelde wolle fan wat yn ús bedoelingen en ynstinkten leit , - om it mar net te hawwen oer dat se foar dy opkommende nije filosofen krekt goed tamakke finsters en teskoattele doarren wêze moatte . Hja hearre , koart en min , by de nivellearders , dy ferkeard beneamde " frije geasten " - as mûlripe en skriuwgrage slaven fan ' e demokratyske smaak en syn " moderne ideeën " : allegear minsken sûnder iensumens , sûnder eigen iensumens , plompe brave minsken dy ' t men moed noch achtbere sede ûntsizze kin , mar dy ' t no ienris ûnfrij en om te laitsjen sa oerflakkich binne , fral mei har basale oanstriid en sjoch yn ' e struktuer fan ' e âlde maatskippij sa likernôch de oarsaak fan al it minsklik lijen en mislearjen : en dêrby komt de wierheid moai op ' e kop te stean ! Wat se út alle macht bestribje woene , is it miene griene greidelok fan ' e keppel , mei wissens , feiligens , wolbehagen , ferlichting fan it libben foar alleman ; de twa plaatsjes dy ' t se it griist draaid ha hjitte " gelikense rjochten " en " meifielle mei alles dat lijt " , - en it lijen sels hâlde se foar wat dat ôfskaft wurde moat . Wy tsjinoerstelden , dy ' t each en gewisse iepene ha foar de fraach wêr en hoe as de plant " minske " oant no ta it bêst yn ' e hichte opwaakst is , miene dat soks alle kearen ûnder tsjinoerstelde betingsten plakfûn hat , dat dêrfoar de ûnfeiligens fan syn sitewaasje earst yn it ûnhuere waakse , syn fernimstigens en simulearringskrêft ( syn " geast " - ) ûnder lange druk en twang har yn it fyn - ynleine en drystmoedige ûntjaan , syn libbenswil ta betingstleaze machtswil opfierd wurde moast : - wy miene dat hurdens , geweld , slavernij , ûnfeiligens op strjitte en yn it hert , ferburgenens , stoïsisme , ferliederskeunst en allerhanne dealske streken , dat al it kweade , freeslike , tirannike , rôfdier - en slanggelikense oan ' e minske likegoed de ferheging fan ' e soarte " minske " tsjinnet as it tsjinoerstelde : - wy sizze sels net iens genôch as wy dat allinne mar sizze , en befine ús yn alle gefallen , mei ús praten en swijen op dit plak , oan ' e OARE ein fan alle moderne ideology en keppelwinskberens : as har antypoaden miskien ? Is it dan in wûnder dat wy " frije geasten " net daalks de fertelsumste geasten binne ? Dat wy net yn alle opsichten de winsk ha en fertel wêr ' t in geast him frij fan meitsje kin en wêr ' t er dan faaks hinne dreaun wurdt ? En wat der mei de faaie formule " oarekant goed en kwea " anneks is , dêr ' t wy ús teminsten foar ferwikseling mei behoedzje : wy binne wat oars as " libre - penseurs " , " liberi pensatori " , " frijtinkers " en hoe ' t al dy brave foarsprekkers fan ' e " moderne ideeën " har fierder ek mar neamme wolle . Yn in protte lannen fan ' e geast thús , op syn minst te gast west : oan dompe smûke herntsjes hieltyd wer ûntsnapt , dêr ' t foarleafde en foarhaat , jonkheid , ôfkomst , it tafal fan minsken en boeken , of sels de wurgens fan it swalkersbestean ús oan bannen skynden te lizzen ; ien en al grime tsjin ' e lokmiddels fan ' e ôfhinklikheid , dy ' t yn eare , of jild , of ambten , of sinlike geastdriften ferburgen lizze ; sels need en sike rite tankber , om ' t dy ús altyd fan ien oft oare regel en syn " foaroardiel " losmakke , God , duvel , skiep en wjirm yn ús tankber , nijsgjirrich by it ûnfatsoenlike om ' t ôf , ûndersiker by it wrede om ' t ôf , mei ûnbeswierre fingers foar it ûngrypbere , mei tosken en magen foar it ûnfertarberste , ree ta alle hânwurk dat skerpsinnigens en skerpe sintugen ferget , ta alle weachstikken ree , tanksy in oerfloed oan " frije wil " , mei foar - en eftersielen dêr ' t nimmen maklik de lêste bedoelingen fan sjocht , mei foar - en eftergrûnen dy ' t gjin foet te ' n ein rinne kin , ferburgenen ûnder mantels fan ljocht , feroverers ek al lykje wy op erfgenamten en trochbringers , oarderers en samlers fan moarns ier oant jûns let , neperts mei ús rykdom en ús folstoppe winkelladen , sparsum yn it learen en ferjitten , kreatyf mei skema ' s , bytiden grutsk op tabellen mei kategoryen , bytiden pedanten , bytiden nachtûlen fan it wurk ek op klearljochte dei ; ja , byneed sels fûgelskrikken , - en hjoed de dei is it nedich : nammentlik yn sa fier as wy de oergeunstige sibbe freonen fan ' e iensumens binne , ús eigen djipste middernachtlike , middeiske iensumens : - soksoartige minsken binne wy , wy frije geasten ! En miskien binne jim dat ek in bytsje , jim dy ' t op kommendeweis binne ? Jimme , nije filosofen ? -
Nu exista nici un clip pentru acest cuvant cheie katolike tsjerke
It giet noch hieltyd min mei de wenningmerk yn Fryslân . Tsjin de ferwachting fan de NVM yn is der sprake fan in delgong fan 4 , 5 % fan de huzeprizen . It tal hûzen dat te keap stiet , nimt noch hieltyd ta . Foarsitter Kok fan de NVM - makelders yn Fryslân sprekt fan in soarchwekkende tastân . Benammen mei de ferkeap fan apparteminten wol it hielendal net . Neffens Kok binne wenningkeapers en ferkeapers ûnseker wurden troch de fal fan it kabinet . Minsken wachtsje ôf wat der mei de hypoteekrinte en de oerdrachtsbelesting bart foardat se beslute om in hûs te keapjen . Foar it kommende fearnsjier ferwachtsje de Fryske NVM - makelders dat de huzeprizen op ' e nij sa ' n 5 persint sakje sille . It is neffens de makelders dat ek in goede tiid om in hûs te keapjen , ek omdat de hypoteekrinte op dit stuit leech is .
Ik kin it net litte . Ik moat sjen wat se yn harren kuorren , tassen en doaskes en pûden hawwe . De sutelers dy ' t by ús delkomme , stean net foar de winige doar .
Beide partijen kamen ta de konklúzje dat de gearwurking net brocht hat wat se ferwachte hienen . Dat meldt ' It Hearrenfean ' yn in parseferklearring .
Aangeboden For Sale Brand New Apple iPhone 4G 32GB Black Fact
Posted at 09 : 41 AM in Koart Nijs | Permalink
Ik soe ' t net witte . My heucht in kabaretier dy ' t it justjes oars sei :
De mieningen oer syn kwaliteiten as sjonger wiene ferdield . Guon fûnen it neat , wer oaren seagen him as in kleurryk fenomeen , himsels fûn Jan tige goed . Guon minsken laken om him , mar dêr luts hy him neat fan oan , want hy hâlde fan syn sang .
Sawol manlju as froulju meie tegearre yn ien team dielnimme oan dizze sport . Fan 2010 ôf is it ferplichte dat der op syn minst ien frou as ien man fan it team diel útmakket .
Neffens it Spaanske kiesrjocht mei minsken mei it Spaanske steatsboargerskip fan 18 jier ôf stimme . Alle fjouwer jier kin der direkt stimd wurde foar Congreso de los Diputados . De lokale parleminten wurde ek direkt keazen troch it folk . De senaat of earste keamer wurdt yn 2 kear keazen . 208 folksfertsjinwurdigers yn de senaat wurde alle fjouwer jier direkt keazen troch it folk . De oare 41 leden fan de senaat wurde keazen troch de lokale parleminten . Dêrneist mei der alle fiif jier stimd wurde foar it Europeesk parlemint .
Yn Rotterdam gongen de wurkjouwers mei havenarbeiders yn petear . De boargemaster waard ek yn it petear behelle . De havenwurkers wienen fernuvere doe ' t de boargemaster de kant fan de revolúsje keas .
Mar is dat middel gaedlik ? en is it rjochtfeardich ? De histoarje ûntstriidt it . Sa wurde de opsjitters ôfslein , mar de plant sels wreidet op har woartels foart . Utslaende flammen wurde smoard , mar ûnder de groun fret in ûn -
It Knillesdjip ( Kolonelsdiep ) is in kanaal tusken de Burgumer Mar en de Grinslanner grins by Strobos . It is eins it ferlingde fan it Prinses Margrietkanaal .
Foppe wer by SC Hearrenfean Meer over : Foppe wer by SC Hearrenfean | 2009 - 06 - 25 20 : 31 : 16 Foppe de Haan giet opnij it fjild op by SC Hearrenfean . Hy giet by syn âlde klup oan de slach mei talinten en jeugdtrainers . De Haan hat gjin ôfspraken makke oer de lingte fan syn kontrakt . Hy wol elts jier opnij besjen as hy al of net fierder giet . De Haan jout syn plak yn de ried fan kommissarissen op . De kluplieding hat him wol beneamd ta technysk adviseur fan de ried en de klup . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_60140 . aspx ? R = A032482 Ferlies foar SC Hearrenfean Meer over : Ferlies foar SC Hearrenfean | 2009 - 03 - 21 00 : 16 : 34 SC Hearrenfean hat freedtejûn foar it earst sûnt sân wedstriden wer ris ferlern . De ploech fan trainer Trond Sollied gie by de nûmer lêst , De Graafschap , mei 2 - 0 ûnderút . De earste goeie kâns wie foar Roy Beerens , mar hy stuite op keeper Erik Heijblok . Oan de oare kant foel de goal wol fuortendaliks fia Ben Sahar . Yn de twadde helte gie Hearrenfean manmachtich op syk nei de lykmakker , mar út in kounter bepaalde Peter Jungschläger de einstân op 2 - 0 . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_57317 . aspx ? R = A032482 Wer winst SC Hearrenfean Meer over : Wer winst SC Hearrenfean | 2009 - 01 - 25 05 : 04 : 20 Min spylje , mar wol de trije punten thúshâlde . Dat wie it ferhaal fan SC Hearrenfean - Roda JC . Yn it eigen stadion wienen de Feansters mei 2 - 0 te sterk foar Roda JC . Roy Beerens iepene de skoare yn de 40ste minút . Yn de 54e minút benutte Danijel Pranjic de takende penalty . De thúsploech spile yn balbesit net goed . Roda koe lang kombineare , mar waard it earste oere nea gefaarlik . Doe hiene de Feansters de winst al binnen . De ploech bliuwt kreas fjirde . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_55641 . aspx ? R = A032482 Hans Vonk by SC Hearrenfean Meer over : Hans Vonk by SC Hearrenfean | 2009 - 01 - 03 08 : 55 : 02 Doelman Hans Vonk hat freed in kontrakt foar oardel seizoen tekene by SC Hearrenfean . De 38 - jierrige Vonk stie de ôfrûne moannen ûnder kontrakt by Ajax , mar mocht yn de winterstop wer fuort . SC Hearrenfean docht no in berop op de rûtinier , om ' t earste doelman Kenny Steppe lang útskeakele is yn ferbân mei in rêchblessuere . Hans Vonk stie tusken 1996 en 2004 ek al ûnder kontrakt by SC Hearrenfean . Yn dy acht jier stie hy 263 wedstriden ûnder de latte yn de kompetysje . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_55004 . aspx ? R = A032482 Ingelsten nei SC Hearrenfean Meer over : Ingelsten nei SC Hearrenfean | 2008 - 12 - 23 21 : 21 : 39 De Sweedske spits Patrik Ingelsten spilet fan jannewaris ôf foar SC Hearrenfean . De oanfaller ( 26 ) , dy ' t yn Sweden foar kampioen Kalmar FF spile , hat in kontrakt foar 3 , 5 jier tekene . Nei de medyske keuring waard Ingelsten tiisdeitemoarn presintearre yn it Abe Lenstra stadion . Petter Hansson hat him oanret om nei Hearrenfean te gean . By de Feansters komt Ingelsten ek syn fuotbalmaat Viktor Elm wer tsjin . Dy waard al earder by Kalmar weihelle . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_54769 . aspx ? R = A032482 Bradley wer nei SC Hearrenfean Meer over : Bradley wer nei SC Hearrenfean | 2008 - 08 - 20 23 : 16 : 29 De Amerikaan Michael Bradley meldt him freed wer by SC Hearrenfean . Hy spile ferline wike op de Olympyske Spelen . Yn de pûl waard Amearika útskeakele . Woansdei spilet er noch in oefenwedstriid yn Guatemala . Bradley is noch hieltyd op syk nei in nije klub . Hearrenfean lit him allinnich gean foar in goeie fergoeding . De Hearrenfean spilers Gerald Sibon , Calvin Jong - A - Pin en Roy Beerens binne fit weromkeard fan de Olympyske Spelen . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_51351 . aspx ? R = A032482 Iepen dei by SC Hearrenfean Meer over : Iepen dei by SC Hearrenfean | 2008 - 08 - 17 07 : 11 : 39 Mear as 10 . 000 jonges en famkes kamen sneon mei heit en mem nei de iepen dei fan SC Hearrenfean . By it Abe Lenstra - stadion wiene tal fan aktiviteiten dêr ' t de jeugdige fans fan de sportklub har fermeitsje koenen . Sa wie der in rûnlieding troch it stadion en wie de sporthal iepen . Ek yn de feanshop wie it in drokte fan belang . Om 12 . 00 oere wie it hichtepunt fan de dei en presintearren de spilers har oan de fans . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_51250 . aspx ? R = A032482 Fellinga nij by SC Hearrenfean Meer over : Fellinga nij by SC Hearrenfean | 2008 - 05 - 26 20 : 55 : 52 Sportclub Hearrenfean hat Lesley Fellinga ( 22 ) oanlutsen as nije spiler . De ferdigener kaam de ôfrûne twa seizoenen út foar Veendam , dêrfoar spile er by de jongerein fan FC Grins . Fellinga waard berne yn Haïty , mar waard adoptearre troch in Drints gesin . Omdat er noch twa paspoarten hat spilet Fellinga sûnt ferline jier as Haïtiaansk ynternasjonal . Foar dat lân docht er de kommende moanne mei yn de WK kwalifikaasjewedstriden . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_49139 . aspx ? R = A032482 Lotting SC Hearrenfean yn UEFA Meer over : Lotting SC Hearrenfean yn UEFA | 2007 - 08 - 31 10 : 55 : 29 De kâns is grut dat SC Hearrenfean freed by de lotting foar de earste ronde fan it UEFA Cup - toernoai in klub út Súd - Europa of Skandinavië treft . Der is in foar - lotting dien en foar Hearrenfean binne noch fiif mooglike tsjinstanners : Toulouse út Frankryk , Belenenses út Portugal , Aberdeen út Skotlân , Brann Bergen út Noarwegen en Helsingborgs út Sweden . De lotting is om 13 . 00 oere . De earste wedstryd is op 20 septimber . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_41850 . aspx ? R = A032482 Lykspul SC Hearrenfean Meer over : Lykspul SC Hearrenfean | 2007 - 08 - 18 03 : 59 : 06 It nije fuotbalseizoen yn de earedivyzje waard freedtjûn iepene troch SC Hearrenfean en Willem II . De wedstryd yn it Abe Lenstra Stadion einige yn in doelpuntleas lykspul . De ploech fan Gertjan Verbeek hie it bettere fan it spul en krige ek de bêste kânsen . Spitigergenôch waarden dy net omset yn doelpunten . Om ' t ek Willem II net wist te skoaren bleau it by 0 - 0 . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_41518 . aspx ? R = A032482 Iepen dei SC Hearrenfean Meer over : Iepen dei SC Hearrenfean | 2007 - 08 - 11 19 : 17 : 16 De fans wiene sneon op de iepen dei fan SC Hearrenfean bliid dat Alvonso Alves werom is op it Fean . De Braziliaan trainde freed foar it earst wer mei . Sneon liet er syn keunsten sjen op de iepen dei fan ' e club . SC Hearrenfean hâlde foar it earst wer in iepen dei . Der is twa jier lang boud oant it fernijde , gruttere stadion . Der wiene sneon goed tsientûzen Feanfans nei it Abe Lenstrastadion kommen . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_41390 . aspx ? R = A032482 Sc Hearrenfean ferliest Meer over : Sc Hearrenfean ferliest | 2007 - 08 - 11 07 : 32 : 21 SC Hearrenfean hat freedtejûn de oefenwedstriid tsjin it Spaanske Espanyol mei 3 - 1 ferlern . De Spanjaarden namen earst in 2 - 0 foarsprong . Dêrnei kaam de ploech fan Gertjan Verbeek wol wer werom yn de wedstriid . Fia Danijel Pranjic waard it 1 - 2 . Mar it lêste wurd wie oan Espanyol , want Corominas bepaalde de einstân op 1 - 3 . Afonso Alves wie ek yn it stadion . Hy siet op ' e tribune . http : / / www1 . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_41377 . aspx ? R = A032482 AZ troeft SC Hearrenfean ôf Meer over : AZ troeft SC Hearrenfean ôf | 2007 - 05 - 28 17 : 31 : 32 Lang like it derop dat Ari da Silva nei Hearrenfean gean soe , mar de 21 jierrige Braziliaan fan it Sweedske Kalmar FF hat in fjouwer - jierrich kontrakt tekene by AZ út Alkmaar . Da Silva waard ferline jier topskoarder yn Sweden mei 15 doelpunten . Dit jier is hy minder suksesfol , nei acht wedstriden stiet de teller noch op nul . SC Hearrenfean hie Ari da Silva op it each as eventuele opfolger fan Afonso Alves . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_39548 . aspx ? R = A032482 Trainer ferlit SC Hearrenfean Meer over : Trainer ferlit SC Hearrenfean | 2007 - 05 - 02 00 : 11 : 50 Keeperstrainer Jacques Storm ( 45 ) sil SC Hearrenfean oan de ein fan dit seizoen ferlitte . Storm wie 15 jier by de club yn tsjinst . Hy wie ferantwurdlik foar alle keepers fanôf de A - jeugd . Jacques Storm waard yn 1991 hierd fan FC Grins en hat ien seizoen earste doelman west fan SC Hearrenfean . Yn 1992 waard Storm opnommen yn de technyske stêf fan Hearrenfean . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_38885 . aspx ? R = A032482 Nije dugouts by SC Hearrenfean Meer over : Nije dugouts by SC Hearrenfean | 2007 - 04 - 18 16 : 12 : 25 Sportklub Hearrenfean krijt nije dugouts yn it Abe Lenstrastadion . De stuollen binne foarsjoen fan ferwaarming . Ek is it logo fan Hearrenfean te sjen op de sitplakken foar de thúsploech . Nei ôfrin fan dit seizoen wurde de nije dugouts pleatst . By it EK foar spilers ûnder de 21 jier wurde se yn gebrûk naam . Yn totaal komme der 34 sitplakken yn de nije dugouts foar de thús - en útspyljende clubs . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_38535 . aspx ? R = A032482 Wer puntferlies sc Hearrenfean Meer over : Wer puntferlies sc Hearrenfean | 2007 - 04 - 08 04 : 11 : 55 De Sportklup Hearrenfean liet sneontejûn op ' e nij djoere punten lizze . Tsjin de nûmer lêst ADO Den Haach waard it mar 1 - 1 . Afonso Alves makke yn de 24ste minút op oanjaan fan Michel Breuer de moaie 1 - 0 . Krekt foar it skoft waard it 1 - 1 troch Santi Kolk . De thúsploech krige yn it Abe Lenstra stadion yn de twadde helte genôch kânsen , mar doelpunten soene der net mear falle . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_38298 . aspx ? R = A032482 SC Hearrenfean helpt wurksiker Meer over : SC Hearrenfean helpt wurksiker | 2007 - 03 - 27 05 : 21 : 36 No freed is de offisjele start fan it projekt ' Niemand Buitenspel ' . By dit projekt helpe fuotbalclubs minsken dy ' t wurk sykje oan in baan . SC Hearrenfean is de earste fan trije betelle fuotbalclubs dy ' t mei docht . De fuotbalclubs stelle de fasiliteiten ter beskikking en lizze kontakten mei de sponsors en oare relaasjes fan de club om de wurksiker oan in baan te helpen . It projekt ' Niemand Buitenspel ' rint yn totaal trije jier . http : / / www . omropfryslan . nl / Mear_Nijs_37995 . aspx ? R = A032482 Protest by SC Hearrenfean Meer over : Protest by SC Hearrenfean | 2006 - 10 - 21 17 : 41 : 58 Sa ' n 30 supporters fan SC Hearrenfeanha sneontemoarn by de trening aksjefierd tsjin de minne resulaten fan deploech . Se hongen spandoeken op meiteksten as ' Geen strijd , geen punten ' . It protest wie om de spilers op skerpte setten foar de wedstryd fan sneintsjin Grins . Nei fiif minuten stjoerdede befeiliging de supporters fuort . Debefeiling wie dêr just omdat der eangstbestie dat supporters fan Grins itstadion binnendringe woene . http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 47508 Fergees nei SC Hearrenfean Meer over : Fergees nei SC Hearrenfean | 2006 - 10 - 17 22 : 47 : 09 Seishûndert ynwenners fan Kollumerlânkinne op freed 8 desimber fergees neiSC Hearrenfean - Roda JC . De gemeente hat dan in eigen fak yn it stadion . Kollumerlân is de earste fan njoggenNoard - Nederlânske gemeenten dy ' t soks meimakket . SC Hearrenfean wol mear minsken in kâns te jaan in wedstriid by te wenjen . Nije minsken kinne oars amper oan inkaartsje komme . Ek Boarnsterhim enDongeradiel hawwe belangstelling . Hearrenfean stelt fakken fergees beskikber foar bewenners gemeenten http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 47385 sc Hearrenfean wint mei 9 - 0 Meer over : sc Hearrenfean wint mei 9 - 0 | 2006 - 07 - 13 10 : 31 : 15 SC Hearrenfean hat woansdeitejûn detwadde oefenwedstriid fan dit seizoentsjin sneins - treddeklasser NEO út Bornemei 9 - 0 wûn . By de rêst stie it 5 - 0 . DeKanadeeske spits Rob Friend en DanijelPranjic skoarden beide twa kear . Rjochterspits Ugur Yildirim kaam , ûndanks de tekene frede mei trainerGertJan Verbeek , op ' e nij net ynaksje . Sneon spilet Hearrenfean yn Aldegeatsjin Stormvogels / Telstar . http : / / www2 . omropfryslan . nl / infotype / rsspage / rssitem . asp ? objectID = 44805
Download XML • Download text