EN | ES |

fry-16

fry-16


Javascript seems to be turned off, or there was a communication error. Turn on Javascript for more display options.

It Postwinkelstje Warmoltstrjitte 41 De Harkema Tel : 0512 - 361015 Van Balen Cigars De Lange West 68d Drachten 0512 - 518904 http : / / www . sigarenspeciaalzaakvanbalen . nl / Salademakker Smilde Foods yn Easterwâlde krijt fyftich arbeidsplakken fan ' e fêstiging Emmen . It fabryk dêr giet ticht , omdat it net mear genôch opbringt . De direksje giet derfan út dat al it personiel meigiet nei Easterwâlde . It fabryk yn Easterwâlde wurdt de kommende tiid yngreven opknapt . Doel is dat dat begjin 2012 klear is . De fakbûnen hawwe begryp foar de stap fan Smilde Foods , mar wolle noch wol prate oer de gefolgen foar it personiel . Less Neffens de IWI moatte yn in jierferslach oan ' e oarder komme : fisy - ûntwikkeling , kultuuromslach , ûntwikkeling fan it instrumentarium , ferbreedzje fan de doelgroep en de ûntwikkeling tsjinstferliening fan gemeenten sels oan de Wsw - bedriuwen . FNP - Smellingerlân wol hjirmei dan ek graach oan de slach . Op wittenskiplik mêd is Boeles fral ferneamd troch syn stúdzje fan Fryske muntfynsten dêr ' t syn mânske kennis fan de skeattas , de merovingyske en karolingyske munten by opfalle en dy ' t lykop geane mei kennis fan oare argeologyske foarwerpen : it stien , de brûnzen wapenen , keramyk en de terpfynsten . Justerjûn binne wy nei de lêste foarstelling yn ' e Iisherberch west . fan Brigitte Kaandorp . Wat ha wy in geweldige jûn hân en wat ha wy lake . It is in op en top fakfrou dy ' t de seal o sa wit te fermeitsjen mei de meast healwize ferhaaltsjes oer faaks neatsizzende saken . Home » Leeswaren » Boeken » Cadeauboeken » Finzen tusken libben en dea 1 . þat himiliriki is þam goman gilīk , þiwon in earr morġene ut giŋ ta wyrkara arhyran in sīnam wīnġeardi . De befolking fan Kongo hat him konsintrearre yn it súdwestlike diel fan it lân , en is fuortlutsen út de jungle gebieten . Hjirtroch is Kongo ien fan de meast urbanisearre lannen fan Afrika , mei 85 % fan de totale befolking dy ' t ien yn de twa grutte steden wennet fan it lân , te witten Brazzaville , Pointe - Noire , of yn ien fan de lytse stedsjes of doarpen dy ' t troch de spoarlyn mei de twa steden ferbûn binne . Uit een enquête die dorpsbelang huis aan huis heeft gehouden blijkt dat 33 procent voor een zelfstandig voortbestaan van Boarnsterhim is , 34 procent voelt voor indelen bij Leeuwarden , 16 procent wil naar Littenseradiel , 9 procent vindt dat de hele gemeente Boarnsterhim naar Leeuwarden moet en 8 procent heeft andere suggesties . 58 . Yndie , it makket ferskil mei hokker doel as men liicht : oft men dêrmei behâldt of ferneatiget . Men mei kristen en anargist folslein meiinoar lykslaan : har doel , har ynstinkt is inkeld út op it ferneatigjen . It bewiis foar dy stelling kin sa út ' e skiednis ôflêzen wurde : dúdlik en skriklik om te sjen . Learden wy niis in religieuze wetjouwing kennen dy ' t it as doel hie en " ferivigje " de foarste betingst foar dat it libben florearret , ien grutte maatskiplike organisaasje , it kristendom fûn it har missy en meitsje , krekt om ' t it libben dêryn florearre , in ein oan sa ' n organisaasje . Dêr soe it gewier fan betûftheid nei lange skoften fan eksperimintearjen en ûnwissichheid te ' n behoef fan in fierste nut sammele en de rispinge sa grut , sa oerfloedich , sa folslein as mooglik ûnder de balken brocht wurde : hjir waard , oarsom , hommels de rispinge fergiftige . . . Dat , wat ' aere perennius ' ( duorsumer as erts ) al stie , it imperium romanum , de aldergrutste organisaasjefoarm ûnder drege omstannichheden dy ' t oant no ta berikt is , en yn ferliking dêrmei is al it eardere , al it lettere stúkwurk , gestumper , dilettantisme , - dy hillige anargisten ha it ta de frommens rekkene en ferneatigje " de wrâld " , dat wol sizze it imperium romanum , oant der gjin stien mear op de oare lei , - oant sels Germanen en oare bongels der baas oer wurde koene . . . De kristen en de anargist : beide dekadinten , beide net bysteat en doch wat oars as fergrieme , fergiftigje , ferdjerre , bloedsûge , beide mei in ynstinkt fan deadlike haat tsjin al dat stiet , dat grut rjochtop stiet , dat duorsum is , dat it libben in takomst ûnthjit . . . It kristendom wie de fampier fan it imperium romanum , - it hat it geweldige krewearjen fan ' e Romeinen , om lân foar in grutte kultuer oan te winnen , dy ' t it oan tiid hat , hommels te neate dien . - Is it noch hieltyd net dúdlik ? It imperium romanum dat wy kenne , dat de skiednis fan ' e Romeinske provinsje ús hieltyd better kennen leart , dat bewûnderingsweardige keunstwurk yn grutte styl , wie in begjin , de bou derfan wie der op berekkene om himsels oer milennia hinne te bewizen , - der is oant no ta nea sa boud , likemin sels mar dreamd om sa lyk ' sub specie aeterni ' ( fanút it perspektyf fan ' e ivichheid ) te bouwen ! - Dy organisaasje wie sterkernôch en fernear minne keizers : it tafal fan persoanen mei yn sokke ding neat te betsjutten hawwen , - earste prinsipe fan alle grutte arsjitektuer . Mar hy wie net sterkernôch foar de korruptste soarte fan korrupsje , foar de kristenen . . . Dat stikeme wjirmegnob , dat yn nacht , mist en ambiguïteit yn alle yndividuen opsloep en har allegearre de earnst foar echte dingen , it ynstinkt überhaupt foar realiteiten útsûgde , dy leffe , femininyske en sûkerswiere kliber hat stap foar stap de " sielen " fan dat geweldige bouwurk ferfrjemde , - dy weardefolle , dy manlik - foarname natueren dy ' t yn ' e saak fan Rome har eigen saak , har eigen earnst , har eigen grutskens fernamen . It glûpsk gekrûp , de katechisaasjestikemens , tsjustere konsepten , lykas hel , lykas offer fan ' e ûnskuldige , lykas unio mystica yn it bloeddrinken , foaral it stadich oppookte fjoer fan ' e wraak , fan ' e tschandalawraak - dat waard baas oer Rome , dyselde soarte fan religy dy ' t Epicurus al yn syn pre - eksistinte foarm bestriden hie . Lês Lucretius mar om te begripen wat Epicurus bestried , net it heidendom , mar " it kristendom " , dat wol sizze it ferdjerren fan sielen troch it konsept fan skuld , troch it konsept fan straf en ûnstjerlikheid . - Hy bestried de ûnderierdske kulten , it hiele latinte kristendom , - it wie doe al in werklike ferlossing en ûntken de ûnstjerlikheid . - En Epicurus hie it wûn , alle achtbere geasten yn it Romeinske ryk wiene epicuristen : doe ferskynde Paulus . . . Paulus , de fleis - , de sjeny wurdene tschandalahaat tsjin Rome , tsjin " de wrâld " , de Joad , de ivige Joad by útstek . . . Wat hy rette , wie , hoe ' t mei de help fan in lytse sektaryske kristenbeweging los fan it Joadedom in " wrâldbrân " oanstutsen wurde koe , hoe ' t mei it symboal " God oan it krús " al dat ûnder lei , al dat stikem opstannich wie , it hiele erfskip fan anargistyske reboelje yn it ryk , ta in ûnhuere machtsfaktor gearlutsen wurde koe . " It heil komt fan ' e Joaden . " - It kristendom as formule om de ûnderierdske kulten fan alderhanne soarte , dy fan Osiris , fan ' e grutte mem , fan Mithras bygelyks , te oerbieden - en op te nimmen : yn dat ynsjoch skûlet it sjeny fan Paulus . Syn ynstinkt wie fan datoangeande sa wis dat er de foarstellingen , dêr ' t dy tschandalareligy ' s mei fassinearren , mei ûnmeiludsum geweld tsjin ' e wierheid de " heilân " fan syn makkelei yn ' e mûle lei , en net allinnich yn ' e mûle - dat er fan him wat makke , wat in Mithraspryster ek begripe koe . . . Dat wie it ljocht dat him yn Damascus opgie : hy begriep , dat er it ûnstjerlikheidsleauwe nedich wie om " de wrâld " syn wearde te ûntnimmen , dat it konsept " hel " sels oer Rome baas wurdt , - dat mei it " oarekant " it libben deaslein wurdt . . . Nihilisten en kristen : dat rimet , en docht mear as rymjen . . . Yn it ferline binne der in protte Friezen emigrearre nei NijSeelân , dy ’ t dêr no in bestân opbout hawwe . Fryslân Ferbynt hat in soad kontakten fan Friezen om utens yn Nij - Seelân . Ut de kontakten dy ’ t der binne , blykt dat de ferbining fan dizze emigranten mei Fryslân en de Fryske kultuer tige sterk is . Achte bestjoer en direksje , Fan ferskate kanten is it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging oanskreaun en - sprutsen fanwegen it taalgebrûk troch jimme organisaasje . Wie it foarhinne sa dat it Frysk as fiertaal [ . . . ] Yn dit boek mei nije iisverhalen fan Hylke Speerstra wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis . Under him heart er is skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis . Der glydt in hiele ieu oan him foarby . Underweis begjint de lêzer mei te libjen mei de haadfigueren dy ' t op syk binne nei frijheid , gelok en bettre tiden . En nei de útdaging dy ' t ek op it iis te finen is . . . It is mear as in sportboek , it is in sosjaal dokumint fol hoop en wanhoop yn de krisisjierren , ferrie yn de oarloch , en fan leafde troch alle tiden hinne . En yn elk ferhaal lizze drama en humor perfekt by elkoar yn de slach . Tekst in Frysk Under de koperoksiden ( kupraten ) sitte de recordhâlders wat betreft hege krityske temperatueren foar supergelieding . Foar inkele fan dy ferbinings leit dizze temperatuer yn it 100 - 150K berik . Dy klasse fan ferbinings waard yn de tachtiger jierren ûntdekt ; it earste foarbyld wie Yttrium - Barium - Koper okside ( ek wol YBCO neamd ) . Sa tink ik der no , yn oktober 2001 , oer . Mar dat sil grif feroarje . Ik hie dêr wer itselde probleem , dat ik in Fryskprater wie , in boer dus . ( Troch Sibbele Witteveen ) As lyts jonkje dreamde ik der fan missionaris yn Brazilië te wurden . Krekt as myn omke . It is der net fan kommen . Mar ein 2006 bin ik wol mei myn frou Geartsje ôfreizge nei Súd - Amearika ta en ha trije moanne troch Brazilië , Peru en Chili swalke . In hiele oare wrâld as Lemsterlân : oare minsken , oar klimaat , oare natuer . Letterlik en figuerlik yn ' e wolken Wy ha noch net earder yn in fleanmasine sitten . De ien hat hichtefrees en is bang dat sa ' n izeren fûgel omdelfalle sil . Oaren draaie harren hân der net foar om , om in tochtsje troch de loft te meitsjen en geane om ' e nocht efkes nei Londen om te ' shoppen ' . Hoe sil it fleanen ús foldwaan ? Ik tink mar sa : eins is it gefaarliker om yn in auto te reizgjen , want dêrmei barre mear ûngemakken . En der binne ek minsken dy ' t ús freegje wêrom wy nei sokke gefaarlike lannen geane . Mar Andries Strampel is ek oerfallen yn Ychtenbrêge . Ik hoopje mar dat ús aventoer goed ôfrint . In Braziliaans famyljelid hat ús as advys jûn : moast net bang wêze , mar wol allert ! Ik ha sin oan ús grutte reis . Ik fiel my gelokkich . In pear oeren nei ús fertrek fanút Nederlân fleane wy mei in gang fan 1000 kilometer yn ' e oere op in hichte fan 10 . 000 meter boppe de Atlantise Oseaan . Wy hienen frege om in plakje oan it rút en nét boppe de fleugels . Mar wy sitte dus yn it midden fan de fleanmasine en wol boppe de fleugels . Dochs ha wy efkes genietsje kinnen fan dy skitterende wite wolken dêr ' t wy no boppe fleane en dy ' t my tinken dogge oan in wyt Poallânskip . Lang duorret it net , want al gau geane alle lûkjes foar de ruten ticht : tiid foar siësta . Der wurdt in film draaid , mar hast net ien sjocht der nei , de measten sitte te sliepen . Dat is ek wol te hearren , want ien fan de passagiers snurkt as in baarch . Ik pak myn penne en gean oan it skriuwen . Nei sa ' n 10 oeren binne wy feilich yn Rio de Janeiro ( en dan hearre wy op 18 july 2007 dat der dy dei by Sao Paulo sa ' n 200 minsken omkommen binne by in fleantúchûngemak ¿ ) . ' De ferskining ' fan Kristus yn Rio de Janeiro Wy sitte oan in hearlik moarnsmiel mei in protte fruchten en wat is it earste dat wy bûten sjogge ? Minsken rinne dêr mei paraplus op en ha jassen oan tsjin de kâlde hurde wyn ! Dat hienen wy hjir yn Brazilië net ferwachte . Mar it is al gau droech en waarm genôch as wy efkes by it Ipanemastrân lâns kuierje . Oan ' e dyk stiet in jonge mei in âlde kroade fol ananassen , dy ' t hy skilet en yn plakken snijt as ien wat keapet . Op it strân wurdt omraak fuotballe . Greenpeace hâldt aksje foar skjin wetter : bern meie mei in kano efkes it wetter yn . In pear manlju ha in net de oseaan yn lutsen en bringe dat oan wâl : it resultaat is in pear lytse fiskjes . Wat moast dwaan asto mar twa dagen hast om yn sa ' n miljoenenstêd efkes rûn te sjen ? Wy kieze foar in besite oan Corcovado , it bekende Kristusbyld fan 30 meter heech boppe op in berch , dat yn 2007 ta ien fan de sân nije ' wereldwonderen ' keazen is . Ek al is ús ôfrieden om dêr mei in gewoane bus hinne te reizgjen , wy nimme it risiko . Yn ' e bus treffe wy in jong Belgysk famke dat twa moanne allinnich op reis is . Sy hat te min jild om de 36 reais te beteljen dy ' t de sjauffeur fan it spesjale buske freget om ús fierder nei boppen te bringen . De sjef fan it bedriuw fynt 30 reais per persoan ek goed en mei syn fjouweren ride wy nei it byld ta . Mar wy ha pech : krékt hjoed is it net te sjen , wy sjogge allinnich mar wolken . Oant der in wynflaach komt en Kristus oan ús ferskynt ¿ Wat in fûgels en oare bisten yn it natuergebiet De Pantanal Trije dagen binne wy yn dit grutte natuerpark yn it easten fan Brazilië dat grinzet oan Paraguay en Bolivia . Us ûnderkommen is yn in ienfâldich houten húske boppe in rivierbedding dy ' t by heech wetter ûnderstrûpt . De earste dei nimt gids Marcello ús mei yn de auto troch ûnder oare de jungle en nei plakjes wêr ' t hy al dy bysûndere fûgels wit te finen , sa as caracaras ( grutte rôffûgels ) , tuiuiu ( grutte earrebarren ) , grutte wite reager ( hiel gewoan dêr , de blauwe reager is dêr wat bysûnders ) , ibis , bentevi ( in prachtige felgiele fûgel dy ' t syn eigen namme ropt en dy ' t wy yn hiel Brazilië tsjin komme ) , mosken , ferskillende soarten iisfûgels , parkiten , tefolle om op te neamen . Mar wy sjogge ek grutte otters , apen en slangen , dy ' t ek giftich wêze kinne , sa as ús gids al trije kear meimakke hat . Asto biten bist , moast binnen fjouwer oeren nei it sikehûs en dat is dêr net om ' e hoeke fan de doar . De twadde dei farre wy de rivier de Miranda op . De earste kear dat wy in kaaiman sjogge is dat hiel bysûnder , mar yn ' e rin fan de dei komme wy wol in stik as hûndert tsjin , ek jongen fan in pear wike en fan in heal jier âld . Marcello springt oan de kant fan de rivier ynienen út de boat en hat dan in grutte giele slang te pakken : de anaconda . Dy kin wol bite fansels , mar is net giftich . Op in sânbank ite wy ús miel op sa ' t wy dat hjir wend binne : rys mei beannen . De capibara ' s ( in soarte grutte marmot ) hâlde ús earst noch efkes nijsgjirrich yn ' e gaten , mar rinne en swemme dan dochs fuort . De tredde dei hearre wy net mear in motor ( fan auto of boat ) , mar is it hiel stil om ús hinne as wy op hynders de natuer yn ride . Wy ha no twa gidsen . Dy ' t foaroan rydt soe de indiaan Witte Veder wêze kinne . Marcello fertelt dat it piipjen it lûd fan in earn is . De spoaren op in beam binne fan in jaguar , mar dy sille wy oerdei net te sjen krije . Foardat wy wer nei de bewenne wrâld ôfreizgje , moatte wy foar it galgemiel noch efkes op pyranhas fiskje . Salang as der gjin bloed yn it spul is binne dizze fisken net gefaarlik . Se smeitjes wol lekker . By de paters Kruisheren yn Belem Yn it noarden fan Brazilië leit de grutte stêd Belem , oan de monding fan de Amazone . Hjir kaam myn heeroom Gerard van der Weide yn 1939 mei de boat oan . Trije moanne letter is hy op 28 - jierrige leeftiid al stoarn , oan tyfus . De Kruisheren ha hjir noch altyd in pear parochy ' s ( krekt as yn Belo Horizonte en Campo Belo ) en se jouwe ûnder oare les op skoallen . Wy krije hiel gastfrij ûnderdak by de paters ( se ferûntskuldigje harren dat se net in twapersoansbêd foar ús ha ) . Pater Frans Dortmans ( 76 jier ) nimt ús op in jûn mei yn syn Volkswein - Kever oer hobbelige sânpaden mei fjoermichjes oan de kant nei in lyts tsjerkje yn Terra Alta . Dêr komt in groepke minsken nei him lústerjen . Hy hat in fideobân fan Greenpeace meinommen om sjen te litten wêrom it wichtich is dat dizze lytse boerkes harren lân net ferkeapje oan grutte bedriuwen , mar hjir wenjen bliuwe . Hjir kinne se lokkiger bliuwe / wurde as yn de grutte stêden . De oare dei prebearje wy it grêf fan heeroom te finen , mar dat fâlt noch net ta op sa ' n grut tsjerkhôf . Wy krije help fan twa froulju mei biezems yn ' e hân : sy bliuwe oandringen dat se it grêf graach in ûnderhâldsbeurt jaan wolle . By it grêf fan padre Geraldo en in pear konfraters steane wy in skoftke yn gedachten stil . De froulju krije wat jild fan ús . Yn Belem hat de grutte Mariaprosesje de measte yndruk op ús makke . Op de twadde snein yn oktober komme mear as in miljoen minsken foar dy prosesje by elkoar : in tradysje fan mear as twahûndert jier âld . It is in grut famyljebarren mei in protte toeters en bellen / ballonnen en fjoerwurk . Wy meitsje it gedrang yn dy drokke stoet ek mei en krije it in pear kear Spaanks benaud ; betiden falle der minsken flau . De minsken litte mei sjongen en bidden sjen en hearre dat se dankber binne foar bygelyks in nij hûs of in lytse poppe dy ' t se it ôfrûne jier krigen ha . In bysûndere ûnderfining . Earm en ryk De konfrontaasje mei de earmoede is ek yn it Peruaanske Cusco pynlik . Motortaksisjauffeurs , gidsen , winkellju : oeral op strjitte wurde wy oansprutsen troch minsken dy ' t graach wat fan ús rykdom ha wolle . As wy efkes op in bankje útrêste en in mandarijntsje ite , komt der wer in frou nêst ús sitten mei sulveren sierraden dy ' t har heit makke hat ( wy sille har mar leauwe ) en dy ' t sy Geartsje foar in spesjale priis oanbiedt . In jonge wol myn stoffige sandalen graach poetse . In man sûnder hannen giet mei syn stompkes wat oer in fluit hinne en wer om dêr dochs noch wat ferskillende lûden út te krijen en sa jild by elkoar te bedeljen . Ik fiel my suver skuldich dat ik net ék noch fan in oar strjitbern selsmakke kaarten keapje . Oan ' e kant fan de dyk stiet in âld dik froutsje yn smoarge mar hiel kleurrike klean allinnich mar har hân op te hâlden : se is bliid mei eltse sol ( 0 , 25 euro ) fan in rike toerist . It is ûnearlik ferdield op ' e wrâld ¿ Wy sliepe yn it Ninos hotel , dat troch de Nederlânske Jolanda v . d . Berg opsetten is en dy ' t fan de opbringst projekten opset foar strjitbern . Der hinget in hiele gemoedlike sfear , it persoaniel is bysûnder aardich . De Inka - kultuer De Machu Picchu yn Peru ( ek ien fan de nijkeazen wrâldwûnders yn 2007 ) is de meast bekende ruïnestêd fan de Inka - kultuer . Mar ek de drokste . Dêrom kieze wy der foar om de Inka - trail te rinnen nei de rêstige Choquequirao . In tocht fan fjouwer dagen troch de hege bergen ûnder begelieding fan in gids , in man dy ' t de hynders mei de bepakking begeliedt en in kok . De tocht is swier . Geartsje har foaral problemen mei it sykheljen by de steile paadsjes omheech , ik ha lêst fan de knibbels as wy omdel geane . Mar al ús ynspanningen binne de moeite wurch : by de restanten fan ieuwen âlde gebouwen fertelt ús gids fan de âlde freedsume kultuer fan de Inka ' s , dêr ' t om 1530 hinne in ein oan kaam , doe ' t de lêste wichtige Inka - man troch messtekken fan in Spanjaard om it libben brocht waard . It is allegear hiel yndrukwekkend , om yn alle stilte nóch stiller fan te wurden . Titicaca - mar : de heechst befarbere mar fan de wrâld De Titicacamar yn Peru leit sa ' n 4000 meter heger as de Tsjûkemar . Ien fan de eilannen driuwt op in laach reid en sommige boaten binne ek fan reid makke . Wy binne te gast op it eilân Amanti . Dochter Wicky fan 12 jier , yn kleurrike klederdracht , hellet ús fan de boat ôf en is ús gids . Se bringt ús by harren thús by it gesin mei fjouwer bern . Us Spaansk stelt neat foar , mar gelokkich kinne heit en de âldste dochter fan 16 jier in lyts bytsje Ingelsk en it kontakt is hiel hertlik . Wy krije in waarm miel iten dat searn is op houtfjoer yn de primitive keuken . De muorren en flier fan it húske binne fan liem . It is allegear hiel ienfâldich , mar bêst genôch . Op dit eilân ha se harren eigen kultuer en wetjouwing ( der is gjin plysje ) . Wy ha alles te tankjen oan ' mem ierde ' en ien kear yn it jier wurde der oan har offers brocht . De fjouwer elementen binne ierde , wetter , lucht en fjoer . Op it eilân binne gjin auto ' s , it is dêr hearlik rêstich . Jûns is it knap kâld en dan ha wy profyt fan de waarme alpaca - wollen mûtsen , dy ' t de famylje sels breide hat en graach oan ús ferkeapet . Op in oar eilân , Taquile , is it de gewoante dat net de froulju mar de manlju breidzje : skitterende kleurrike klean . De trije wichtige geboaden binne hjir : net lige , net stelle , net lui wêze . De heechste mar leit yn it noarden fan Chili : by Putre Yn it nasjonaal park Lauca binne 6 . 000 meter hege fulkanyske bergen , steppen , skitterende felgriene sâltmarren en op Inka - terrassen boude berchdoarpkes . Yn de fierte binne ek de besnijde berchtoppen yn Peru en Bolivia te sjen . Wy sjogge lama ' s , vecunia ' s , knyntsjes mei lange sturten dy ' t springe as iikhoarntsjes / kangoeroes , mûskes mei lange earen , flamingo ' s en binne dat no al of net kondors ? Neffens de Amearikaanske ornitologen yn ús groep wol , mar neffens ús Spaansk pratende sjauffeur / gids kin dat net sa wêze ( fierderop yn Chili sjogge wy se yn elts gefal wol ) . Yn elts gefal genietsje wy fan de skitterende natuer en op it lêst ek noch fan it waarme termaal bad mei wetter út de fulkaan fan 40 graad . Nei in busreis fan sa ' n 1 . 000 kilometer nei it suden bewûnderje wy by San Pedro de Atacama by sinsûndergang sâltmarren mei grutte groepen flamingo ' s en yn de fierte in fulkaan dy ' t ek dit jier noch aktyf west hat . De oare deis nei in hobbelige , stoffige , lange rit fan twa oeren yn in buske binne wy by de hite geisers . Moast der wat foar oer ha om wat bysûnders te sjen . Is it dan bysûnder ? Ja dus ! Soest suver bang wurde as der bart wêr ' t de folder ús foar warskôget : de tinne broaze grûn kin samar ûnder dyn fuotten ynsakje ( meist net drave , dan komt der tefolle gewicht ) en de stromen hyt wetter ( 90 graad ) kinne samar ynienen omheech spatte . In mysterieus gesicht , dy minsken tusken it wasemjende wetter by de opkomst fan de sinne . By it grêf fan president Salvador Allende yn Santiago It reizgjen troch dat grutte Súd - Amearika giet òf mei de fleanmasine òf mei de bus . Treinen binne der ( hast ) net . Omdat de ôfstannen sa fier binne , kinne de busreizen hiel lang duorje . Fan San Pedro de Atacama oant Santiago kostet ús sa ' n 25 oeren . Dat is gjin ramp . De measte bussen binne goed , sjochst ûnderweis in protte en hast kontakt mei oare minsken . Bygelyks mei twa famkes , dy ' t in pear kear nei ús foar yn ' e bus rinne om kontakt te sykjen . Sy kinne in pear wurdsjes Ingelsk en wy in pear Spaansk . Mei gebaren en hiel wat laitsjen leare sy ús noch wat mear Spaansk en wy harren noch wat Ingelsk . It Fryske fingerspultsje ' Tomke , Filomke , Klaas Tamke , Piter Tamke en Lytse Wibe Skipper ' docht it ek altyd goed . Om ' de les ' net te ferjitten , tekenje wy harren hantsjes oer op in stikje papier en sette dêr de nammen op . Mei in soad wille drave se nei mem werom achter yn de bus . De tiid en de kilometers fleane foarby ¿ Yn 1973 ha wy mei aksjes fanút de Wereldwinkel yn Den Haag wakker meilibbe mei de slachtoffers fan Pinochet , nei ' t dy president Allende de macht ûntnommen hie . Der wienen de aksjes fan de Frouwen yn it Swart , dy ' t witte woenen as harren mannen / soannen wol of net yn libben wienen . Yn Eastersee en de oare bûtendoarpen fan Lemsterlân hie Geartsje fia de Chiliwurkgroep kontakt mei Ubaldina dy ' t ek in soan miste en mei pater van Grieken dy ' t yn de buert fan Santiago in ' melkuitdeelpost ' hie . En dan binne der dy yndrukwekkende boeken fan Isabel Allende , omkesizzer fan Salavador Allende , dy ' t de striid fan de Chilenen sa boeiend beskriuwt . Oan dat alles moat ik tinke as wy by it grêf steane fan dizze fredeleavjende sosjalist en by syn stânbyld fóár it paleis , dêr ' t hy himsels tekoart dien hat doe ' t dúdlik wie dat Pinochet syn soldaten him gefangen nimme soenen . It wie ús net slagge om fóár ús reis it adres fan pater van Grieken te achterheljen , hy soe ek al lang dea wêze kinne . Mar stomtafallich hearden wy dat hy ( 92 jier ) noch steeds yn Chili wennet en wurket : yn Curico . Mei in bryfke hat hysels ús dat ek noch witte litten . By de pinguins yn it suden fan Cili Behalve mei de fleanmasine en de bus reizgje wy twa kear mei de boat : earst in pear dagen oer de Amazone mei in frachtboat fan Tabatinga yn Brazilië nei Iquitos yn Peru . Hiel primityf en sliepe yn hingmatten . De twadde kear is yn Chili fan Puerto Montt lâns de kust mei in protte eilannen nei Puerto Natales . De tocht duorret fiif dagen en wy sitte op in grutte lúkse passazjiersboat . Ien dei farre wy efkes op de Stille Oseaan . Mar dy is net bepaald stil : de boat slingert alle kanten op en ik wurd sa ( see - ) siik as in hûn . Mar ek al lest Geartsje har iten wól , mei in grutte klap fâlt har buord fol iten ( en fan in protte oaren ) stikken op ' e grûn , as der krekt wer in hege golf west hat . De rest fan de reis ferrint prima . Mei in groepke fan elf toeristen farre wy yn in lyts boatsje nei it Magdalena - eilân . Wat in protte pinguins binne dêr by elkoar . It is in lytsere soarte as de keningspinguin . Se waggelje , steane te roppen of drave foar ús it paadsje út . Se ha nêsten yn de grûn en wy sjogge noch krekt in pear jongen dêryn sitten . Skitterend ! Op de weromreis farre wy noch by it Marta - eilân lâns dêr ' t in protte seeliuwen op it strân lizze te roppen / balten as kij . It is as wolle se sizze : de groeten oan de Fryske kij as jim wer thús binne . Op 26 novimber is dat sa fier , nei ' t wy fia Santiago , Sao Paulo , Lissabon en Amsterdam werom flein binne . Oeral thús , mar thús it bêste ¿ Bij foto 1 : In pear manlju ha in net de oseaan yn lutsen en bringe dat oan wâl : it resultaat is in pear lytse fiskjes Bij foto 2 : De earste kear dat wy in kaaiman sjogge is dat hiel bysûnder Bij foto 3 : Op de twadde snein yn oktober komme mear as in miljoen minsken foar de grutte Mariaprosesje by elkoar Bij foto 4 : Se is bliid mei eltse sol ( 0 , 25 euro ) fan in rike toerist . It is ûnearlik ferdield op ' e wrâld Bij foto 5 : In tocht fan fjouwer dagen troch de hege bergen ûnder begelieding fan in gids Bij foto 6 : Yn in boat fan reid op it Titicacamar yn Peru dat sa ' n 4000 meter heger leit as de Tsjûkemar Bij foto 7 : It nasjonaal park Lauca Bij foto 8 : In mysterieus gesicht , dy minsken tusken it wasemjende wetter by de opkomst fan de sinne Bij foto 9 : It stânbyld fan Salvador Allende Bij foto 10 : De pinguins yn it suden fan Cili And to help you finding our attorneys easily we ' ve prepared a short list of misspellings of every attorney : Michael P . De Burbon , Michal P . De Bourbon , Michael P . D eBourbon , Mikhael P . De Bourbon , Mickhael P . De Bourbon , Michael . De Bourbon , Michae lP . De Bourbon , Micael P . De Bourbon , Michel P . De Bourbon , Michael P . e Bourbon , MichaelP . De Bourbon , Michael P . De Borubon , Michael P . De Bourbno , Mihael P . De Bourbon , Michael P . DeBourbon , Michael P . De Bouron , Michael P . De Bourbon , Michael P . De Borbon , Mcihael P . De Bourbon , Mihcael P . De Bourbon , Mishael P . De Bourbon , Michael P . De ourbon , Michael P . eD Bourbon Friezen moatte mei in kulturele reis entûsjast makke wurde foar de status fan kulturele haadstêd yn 2018 . It is ien fan útgongspunten fan de organisaasje . . . Length : 02 : 05 Rating : N / A Views : 293 ' Fryslân 2018 ' ' kulturele haadstêd ' ' European capital of culture ' ' Jannewietske de Vries ' ' Henk Keizer ' 2013 2018 ' kulturele reis ' festivals skriuaen troch mad at 5 : 53 PM 0 diskuzje links foar dit stik As ûnder in sitting yn in bestjoersrjochtlike saak in partij , belanghawwende of tsjûge de Fryske taal brûke wol , bepaalt de rjochter dy ' t de lieding fan de sitting hat ( as him dat goed taliket ) dat der help komt fan in tolk . Dat docht hy lykwols allinnich as de rjochtsgong dêrtroch neffens him net sûnder doel ophâlden wurdt . It lêste nimt net wei dat de partij , belanghawwende of tsjûge altyd de Fryske taal brûke mei . Fokko , tige lokwinske mei dyn bedriuw ! Knap jer om it op te setten . Ik wit dasto in pear gouden hannen oan it liif hast , dat it moat altyd goed gean . Succes ! Dr sit sa njonkelytsen al aardig handel yne famylje , in blommewinkel , in hynderfokker , sa te lêzen in massagesalon , in binnenhûsarsjitekt en no ek noch in klusbedriuw . . . . . . . . En Mirjam , ik sil efkes nei de kleur sjen , bin benijd . . . . We ha jir dit wykein skoalfeest hant . Dit is in soarte doarpsfeest mar dan foar de bern . Ien kear yn de 2 jier binne de strjitten en tunen ferljochte en fersierd en is dr in berneoptocht mei 10 groepen en 14 weinen . Fjidders binne dr spultsjedagen en in oantal puzzeltochten yn en roenom it doarp wert bern en alderen oan mei dwaan kinne . We ha it feest ausluten mei in soarte fan túnfeest en om 21 . 30 oere roegelden we ut de pytsaria en wiene we mooi op tiid wer thus . . . . . . it wie wer in tige slagge wykein . goeie Twa dagen lang waard der fjochten oant de slach yn it foardiel fan it Hollânske leger einige . Mear as tûzen Friezen sneuvelen yn de slach dy ' t troch hartoch Albrecht wûn waard . Ek de Fryske oanfierder hie it libben derby yn sketten . Oan de oare kant hienen de Beiersen lykwol ek hûnderten , faaks tûzenen , minsken ferlêrn . It wekjen fan dei twa gie dêr mei in klokkenwûnder , it earste kertier ien slach de twadde twa , hiel bysûnder . It tredde trije , it fjirde fjouwer en dan noch it oere slaan , sa ’ n klok slacht hiel wat ôf , somtiden soest ’ m wat dwaan . Nei it earste , op dizze reis poerbêst moarnsmiel , wienen wy sa te sjen der allegearre wer alhiel . klear foar it ferfolch op dy grutte autobaan , mei in nije sjofeuse , ’ t soe gjin problemen jaan Sy woe de goede kant wol út , net folle mei te stellen , derby noch lústre sy nei de moaie namme Ellen . . Mei Lammert as reislieder hie se fierder de soarch , foar dizze reis en beide stienen dêrfoar boarch . De gong der aardich yn , it waar wie moai , it nôt op it lân faken al yn ’ e rispingtoai . Oer Munchen en doe by de Chiemsee lâns , nei Frasdorf in moaie rûte , in net te missen kâns , om genietsjend fan it lânskip dizze wei te gean , byGasthof Hochries hienen se it middeisiten klear stean . troch filefoarming wie it wat letter wurden as gewoan , It smakke tige en dêrby ek in rûntsje fan de Birwa hân . Doe mar wer fierder troch it moaie Salzburgerlân troch de Tauern - en Katschbergtunnel kamen wy oan , foar in goed miel iten by it Bodner femylje hotel , yn Obervellach , nei in kuierke en in praatsje joegen wy ús del tjee Peet , net 20 km tegen de wind in gefietst ? Femke de Walle besiket in kastiel yn Baarn . Dêr spilet Souldada op it ' Groeneveld Festival ' . Yn de Noardewyn radiostudio is A Silent Express . Dy Fryske band giet hiel hurd en is sneon 25 septimber te sjen op it ' Freeze Festival ' . Douwe Talma besiket Jilt Heidstra ( bekend fan Jilles en Jilt ) en He . . . Ons uitgangspunt is dat het gemeentebestuur behoedzaam omgaat met het geld dat door de burgers wordt opgebracht . In konvers ( meartal : konversen of yn it Latyn : conversi = bekearden ) is hjoed de dei in synonym foar likebroer wurden . Aah ! Dat filmke ! Ik kin der net nei sjen , wat ôfgryslik ! Soks moat dôchs yn ' e hjoeddeiske wrâld net mear barre kinne ? De feriening is oprjochte op 6 jannewaris 1981 . Foar dy tiid waard der ek al kuorballe yn Oentsjerk en omkriten , mar doe ûnder de namme sportferiening Trynwâlden , mei ûnder oare in fuotbal - en gymnastykclub Nei wat bestjoerlike problemen besleat de kuorbalferiening selsstannich fierder te gean . タグ : ' Sc Cambuur ' Sparta ' Nassir Maachi ' ' ' Sandor van der Heide ' ' Zdenko Kapralik ' fuotbal voetbal futebol soccer Yn de achtertún fan ' e famylje de Boer yn Ferwert is hy al fan ' e dyk ôf te sjen ; in hiele grutte sinneblom ! Ferline jier wienen de sinneblommen noch hielendal opfretten troch de slakken , mar dit jier is it goed slagge . It koe wolris in winner wêze tinkt de Boer . Mar ja , dan moat der wol in wedstriid wêze fansels . Dus wa ' t in sinneblom hat heger as 3 . 60 meter kin him of har melde by Hea ! Graach mei in foto ! Maile kin noch dizze wike nei hea @ omropfryslan . nl Date Added : Thursday , May 13 , 2010 , Views : 0 Als boer Beuckens in de crisistijd het hoofd niet meer boven water kan houden , vertrekken ze naar Heerenveen waar Klaas een melkerij begint ( fragment pag . 146 ) : Yn de 13e ieu waarden dizze ûnderkertieren ôfskaft en waard Fivelgoa as ien gewest sjoen . De yn it aldfrysk opstelde Fivelgoa - wetten meitsje in wichtich part út fan oerbleaune Aldfryske teksten . Opdracht 8 Klik hjir foar de opdracht oer dialekten . en dan hebben we nog onze kleine Cristina die is 25 nov vorige jaar 3 jaar geweest dus Ik ha wol ris dat ik it ynternet fuortklik en mysels ris goed tasprek . Faaks kom ik der dan wol wer achter , mar dan binne jo wer in kertier fierder . Klik hjir om it artikel fan Erica Renckers op Kennisnet te lêzen . Der binne ek noch fjouwer hinnen oer . Der wiene mear mar op in nacht binne der hiel wat fan opfretten troch in Foks as in Murd . Dy kamen tsjin de moarntiid thùs ùt it Houtsje . Ien hin is tsjien jier wurden mar hy is âld wurren by de twa kninen . Dat wie earst needopfang mar mocht bliuwe . Ek is Gerrit der noch : earst wie hy noch al ballearich mar is hy holpen troch in feedokter - jimme witte wol , tink ! - en is aerdich restich wurren . En dyselde lju gedrage har oft it my net mist no ek wat oars . Net elk is op ' t lêst like polityk korrekt dwaande . En dan ha ' k it net oer dyselden dy ' t PvdA stimme - dat leau ik dan ek noch wol - mar har ûnderwilens gedrage as diktatoariale kapitalisten . Dat binne dylju dy ' t harren bolides oft it har sa útkomt deagemoedereard op plakken foar ynvaliden parkeare om ' t sy ommers [ mei in oar syn jild , dat dan wer wol ] oer alles geane dat ferdield wurde moat . Dan reitsje de Friezen ûnderling deilis . Guon ( de saneamde Fetkeapers ) wolle tanadering ta bûtenlânske machten en oaren ( de Skieringers ) wolle de saken yn eigen hân hâlde . Dat skept in ideale situaasje om de Friezen fan bûtenôf tsjininoar út te spyljen en al gau is de yn earste oanlis ekonomyske belangetsjinstelling ferwurden ta in fete tusken famyljes dy ' t inoar mei bûtenlânske help besykje út te skeakeljen . Lykwols hawwe de Hollânske greven nei tsientallen fjildtochten ein fyftjinde ieu har nocht . Hja ferkeapje dan har ' rjochten ' op Fryslân oan ien fan de rykste en ynfloedrykste lju fan dy tiid : Albrecht , hartoch fan Saksen . It slagge him en nim yn 1498 de macht oer . Mar de Friezen bliuwe opstannich ( dat wie de tiid fan Grutte Pier en Jancko Douwama ! ) en yn 1515 hat Albrecht syn soan George syn nocht . Hy ferkeapet Fryslân wer oan de Dútske keizer Maximiliaan . Koart dêrop komme Grinslân en Fryslân as twa autonome provinsjes yn it grutte ferbân fan de Nederlannen , dy ' t yn Brussel har haadstêd hiene . East - Fryslân hie al langer in eigen greve en bleau dêr bûten . It grutte Fryslân lei útelkoar . Underwilens waard oeral yn de âlde Fryske lannen mei it eigen Fryske rjocht ek de eigen Fryske taal as offisjele amtlike taal ôfskaft en troch it Nederdútsk ferfongen . Dat wie de nije taal fan de nije amtners dy ' t fan it suden út oarder op saken stelle moasten yn ús lannen . Dy oarder koe lykwols gjin feodale mear wêze , want de Midsieuwen wiene oer . Ûnderoan : De letters fan Stiftingsbestjoer F . OE . T . drage de Bibel en de Stiftingsgrûnslach op harren skouders en hja stean bûgjend nei it easten fan dit byldmerk yn de blauwe kleuren fan de Fryske flagge . De namme F . OE . T . is situatyf ûnderoan yn it pompeblêd delsetten lyk as it tsjerklik gebied Súdwesthoek fan Fryslân . Je hoege it net iens te bestellen , je krije it waar fergees yn fariaasjes . Justerjûn skreau ik oer snie en no kin ik it oer dampich waar ha , al ha ' k dat allinne mar troch de ruten waarnommen . Krekt as snie , kin ek mist prachtige plaatsjes opleverje , sa as dizze wylgen . Krekt as bûtendoar kin it yn je holle ek wolris wat mistich wurde . Sa as no wolle de ûnderwerpen dan net rjocht trochbrekke . Mar ja , ik ha der al faker oer klage , ik belibje tsjintwurdich net al te folle , want no binne de Ljouwerter loopkes ek noch útfallen . No bin ik dêr fansels net sa rouwich om , sjoen de boadskippen dy ' t wy yn de stêd dwaan moasten . O ja , ik ha juster in pear saken fergetten . Yn ' t foarste plak foel it my op dat de Dockumer krante , pardon it Nieuwsblad van N . O . Friesland , werris fuotbalnijs út Ferwert hie . Fierder - en dat wie foar Sytske folle belangriker - krige sy in warm miel taskikt mei de namme " Chilico Andriessimo " , mei oare wurden reade beantsjes fan Dries . Sokke ferrassings hat dy kok wol mear en Sytske fynt dat hielendal net slim ! Fan ' e middei krigen wy besite fan Rommert en Jelly , dy ' t in CD meinamen fan in tsjerketsjinst yn Hegebeintum dy ' t wy mist hiene . Dit ferhaal ha ' k in skoftsje ûnderbrekke moatten omdat Jacquelien myn iten mei omballingen fersoarge en tige op ' e tekst wie . - . S . - P . S . : Dat ik bepaalde saken net mear wist , - kaam fêst en seker troch de mist . - Ik woe dêr mar mei sizze : - It koe fêst net oan my harsens lizze . De aaisikersdagen starten dit jier yn Dearsum , wêr ' t we mei in skûtsje fan wâl stutsen , nei dat we it doarp in moaie sitbank bij it byld oanbean hienen . Lieuwe van Swichum - 4yo Friesian Stallion at Hunters Equestrian on 13th May 2007 . Trained and ridden by Mike Aylmore of Practically Classical . De namme Bakhuzen komt yn 1412 foar as Backhysen , letter ek Baccahuzen . It komt wierskynlik fan de foarnamme Bakke . As gebiet sil de namme grif âlder wêze troch it Bakhústerheech , in hichte fan sawat 7 meter fan balstienliem dat ûnderdiel is fan it Bakhústerwaad en it Murnzer Klif . Dat gebiet waard mei de oanlis fan de earste bekende seedyk tusken Murns en Laaksum ynpoldere . Wannear ' t it wie is ûnbekend , mar de seediken yn Fryslân binne oanlein nei it jier 800 . De lêste spoaren fan dy âld dyk binne yn de jierren 70 fan de foarige ieu troch ruilverkaveling hielendal ferdwûn . De earste bewenning wie mooglik op " de Burde " , dat buert en of wetterkant betsjutte kin , wetterkant dus de ein fan it klif . De hege grûnen wienen om op te wenjen , it lege " simmerlân " mear foar healân yn ' e simmer . En op de grins by it wetter ûntstie in buert . Tsjintwurdich is " de Burde " it bedriuweterrein . Nei de oanlis fan de seedyk wie de wei nei see ôfsluten , de alde " Bakhústerfeart " as wetterwei . Mooglik is de syl yn de rin fan de tiid geskikt makke foar skippen . Oant ein foarrige ieu wennen yn Bakhuzen in soad skûtsjeskippers . Sûnt 1412 is der in Roomske tsjerke , hearrend by it Benediktiner ( Odulfus ) kleaster yn Starum . Nei de Reformaasje wie it Roomsk - katolike leauwe ferbean en wie der gjin tsjerke mear yn Bakhuzen . Yn de jieren 1630 en 1657 wie op Elfbergen by Aldemirdum in skûltsjerke . Ek yn in nôtmole tusken Bakhuzen en Himmelum waard der tsjerke , no noch bekend as de " Mole Pôle " . Nei 1663 is der wer in roomske tsjerke en waard Bakhuzen in hast hielendal roomske mienskip . In soad ynwenners wienen letter boer of skipper , de fiskerij ferpleatste him nei de oanlis fan de diken nei Murns . Yn it jier 1744 hienen Murns en Bakhuzen tegearre 286 ynwenners en yn 1749 , 254 , dat wienen 67 húshâldings , 167 persoanen fan 12 jier en âlder en 87 bern ûnder de 12 jier . It lân fan Efke is in programma foar de beukers as foarrinner op Studio F . It televyzjeprogramma ' it lân fan Efke ' giet oer Efke en syn mem . Se wenje yn in lyts húske op de top fan in berch . Se libje dêr tegearre . Mem mei graach skilderje en Efke is faak drok oan it bouwen mei syn blokken . Tegearre bedarje se alle kearen yn in fantasij . Nu Rienk en Boukje ik hoop dat je ons ook eens een lettertje terugschrijft De Rink van der Veldepriis bestiet út in jildbedrach fan 1 . 250 euro en in byldsje makke troch de Drachtster keunstner Anne Woudwijk . Om ' t ik witte woe wat myn kollega Literêr Kafee fan myn betochte aksje foar de marathon útstjoering fan fannacht fûn , hawk him krekt belle . Hy wie bang dat de dichters / skriuwers boas wurde soenen op ús at wy se fannacht belje soenen om jild oer te meitsjen nei de troffen dielen fan Azië . Zakenbank ziet Telegraaf en Wegener als kopers Leeuwarder Courant En dy omkoal , dy deadeling dêr earne oan ' t ein fan ' e tafel nikt mar mei de holle en smyt in skrutene eachwink nei de Alvestêdetocht · Amstel Gold Race · Chef de Mission · Lânkampioenskip · Maraton · Omgong fan Frankryk · Side - out Ja boer , jim krije noch jild , want der bin noch genôch guozzen oer . Tegearre mei in oare lokale goudsmid makke hy wrâldbollen om syn kaarten yn in realistyske foarm wer te jaan . Ek ferbeterre hy de atlas fan Apiatus . Hy makke in soad astronomyske ynstruminten om bygelyks de lingtegraad te mjitten . Syn ideeën beskreaun hy yn boeken mei in protte ôfbyldings . Ut dizze ideeën binne letter in protte ûntdekkings dien , lykas ek ús ûntdekking fan de camera obscura . Frisius wie ien fan de earsten dy ' t it idee fan in kamera op papier setten hat . [ 1 ] De bylden fan de oerfal binne te besjen fan 00 . 34 min . ôf . De bylden binne makke troch Frans Filius . Tiisdei om healwei alven hat der in oerfal west op in juwelierssaak oan de Nijstêd yn Ljouwert . Twa ûnbekenden kamen de winkel yn en bedrigen in meiwurker mei in pistoal . It is op dit stuit noch û . . . Nog geen wachtwoord en wil er graag een ontvangen Hjoed binne we yn Warkum . It wykein fan 8 en 9 july is dêr de grutte byldhoumanifestaasje ReWork . Dieuwke Kroese nimt even it stokje oer fan Miranda Werkman . Der is û . o . omtinken foar in jong talint . Yn Warkum is dat kite - surfer Ryan de Witte . Douwe Heeringa praat mei Warkumer Jan Pieter . . . En dat krigen se letter foar de kiezzen . Dizze side jout in oersjoch fan de skiednis fan De Tynje per ûnderwerp . Wikipedy hat ek in gronologyske gearfetting fan de Tynjester skiednis . As ja noch mar sa ' n pjutter binne en de " grutten " dogge " stoeprâne " mei - elkoar dan meist do as hummel dêr wis en wrachtich by se sil it dy dan ek wol leare jouwe sa de bal oan dy . Fierders bin ik op it stuit drok mei de wittenskip . Der binne sekere ûntwikkelings geande . De stjûne bin ik wat in oare kant út oan it kearen , mar mear kin ik der foarearst net oer sizze . Ik bin benijt wat de spaanske regearing sil dwaan mei de utslach . Spanje falt utelkoar . Oekumene is tanimmend grinsferkear tusken kristenen yn ûnderskate tsjerken , en solidariteit mei de wrâld . Lit har dêr groeie en gean har net yn it ljocht stean . ' Dat sille wy dan wol ris sjen , ' sei de man . Fan 1618 ôf oant syn dea wie Gomarus heechlearaar teology en Hebrieusk yn Grins . Hy waard begroeven yn in grêf yn it koar fan de Martinitsjerke , dêr ' t syn frou ek rêste . Nettsjinsteande syn professoraat Hebrieusk , stie er der op oan dat der beheiningen oan de Joaden oplein wurde moasten . Hy waard opfolge yn Grins yn 1643 troch syn learling Samuel Maresius ( 1599 - 1673 ) . Wat ik altiten sa moai oan poëzy fyn is de balâns tusken it partikuliere taalgebrûk en de betsjuttings dy ' t in skriuwer oan wurden jaan kin . Der is it boartsjen mei wurden dy ' t mear as ien betsjutting hawwe , mar ek it sels betinken fan in wurd mei in betsjutting dy ' t dan eins al út dat wurd blike moat , of út de kontekst dêr ' t dat wurd yn brûkt wurdt . En dan is der noch it beskriuwen fan bylden dy ' t de skriuwer op it netflues hat , mar dy ' t de lêzer of harker fansels net sjen kin . Kin de skriuwer it sa oerbringe dat de ûntfanger der wat mei wurde kin ? En at it jûnsrea nachtet flean ik yn flearewjokken fûl op soele neven om ' e keallehokken . En nachts sil ik dy aaie yn ' e hûnebaaien , en nachts sykje ik beskúl yn it nêst fan in úl . roelofs parts ( tip ) rareparts strada e corsa ( tip ) as motorsport velgenshop . nl - velgen shop ricambi america maranello classic parts partsource ferrari parts birdman ferrari Tags VNG - kongres skiep schapen marathon Leeuwarden maraton Ljouwert Mear as 79 % fan de befolking wennet yn ' e stêden ( dêr ' t mear as de helte fan yn ' e plakken om de grutte stêden hinne wennet ) . Likernôch 70 % fan de ynwenners is fan Jeropeeske komôf , mar dat persintaazje wurdt minder omdat oare groepen har yn it lân ta wenjen sette , en de ynwenners fan Jeropeeske komôf net safolle bern krije as de oare groepen . Neffens de folkstelling fan 2000 wie de grutste minderheid Latino , dy ' t mei 35 . 305 . 818 minsken binne , dat is 12 , 5 % fan de befolking . Dat sifer omfiemet minsken fan Meksikaanske , Puerto - Rikaanske en Kubaanske oarsprong . De Afrikaansk - Amerikaanske befolking wie 34 . 658 . 190 , dat is 12 , 3 % fan de befolking , hoewol ' t in oare 0 , 6 % mar foar in part Afrikaansk - Amerikaansk is . De Aziatyske befolking hie 10 . 242 . 998 minsken yn 2000 , dat is 3 , 6 % , en foar it meastepart binne dy fan Sineeske , Filipynske , Indiase , Fiëtnamesen , Koreaanske of Japânske oarsprong . De ynlânske Amerikaanske befolking fan de Feriene Steaten , lykas Eskimo ' s yn Alaska en op de Aleoeten , hawwe 2 . 475 . 956 , dat is 0 , 9 % . Rûchwei in tredde fan ynlânske Amerikaanske befolking libbet yn reservaten , tasein lân , of oar lân mei ynlânsk Amearikaansk tafersjoch . Der wienen 398 . 835 Hawajanen en oare Pasifyske eilânbewenners yn 2000 . Dat is 0 , 1 % fan de befolking . In foarbyld fan in dûk is de pancake , dy ' t faak brûkt wurdt yn it sealfollybal . Soms kin it foarkomme dat de sporter twongen wurdt om it . . . In search of time in Peking Mandarin ( Chirkova , E . ) La Palma hat in oerflakte fan 729 km ² en is om - ende - by 42 by 24 kilometer . Yn 2005 wennen der 85 . 252 minsken . It lêste part fan dizze stúdzje is bywurke neffens in yn it Nederlânsk skreaune , yn guon opsichten ynkoarte bewurking yn it tydskrift Levende Talen nûmer 237 ( des . 1966 ) , bls . 681 - 699 . De Twadde Keamer hat ynstimd mei in ferheging fan de btw op teater - en konsertkaartsjes . Dy giet fan 6 nei 19 persint . Fierders komme der noch grutte besunigings . Earnewâld is simmerdeis in echt wettersportplak . Massale drokte lykas yn plakken oan de Fryske marren is hjir lykwols net . In tsjotter mei de maat 4 , 8 m × 2 , 4 m wurdt in fjouweracht neamd . De sylskoalle fan de jeugdherberch ' t Beaken yn Heech jout lessen yn autentike tsjotters . Yn Heech is boppedat houtboumuseum De Helling wêr ' t noch tsjotters boud wurde by de werf fan Pier Pieter Piersma . It wie yn dy tiid gewoan en skriuw literêr wurk yn it Latyn . Dante hat lykwols keazen foar syn memmetaal , it Italiaansk , om krekt te wêzen foar it Florentynsk dialekt . Foar de tagonklikens fansels in boppeslach en boppedat foar Dante ek wichtich om ' t er yn syn ' godlike komeedzje ' keazen hat foar in ' omearmjend rym ' ABA BCB CDC . Om dat foar de hiele lingte fan sa ' n mânsk wurk fol te hâlden is in hiele toer en dan kin men him it bêste rêde yn de eigen ( memme ) taal . De earste bewenners fan Urûguay wienen Yndianen dy ' t ta de Charrua stam hearden , sy libben fan de Jacht en de fiskfangst . Noch hieltyd binne ôfstammelingen fan harren te finen yn it oanswettende gebiet mei Brazylje . Nei de ûntdekking fan Amearika troch Kolumbus en de dêrop folgjende Spaanske kolonisaasje fan begjin 16e ieu ôf wie Urûguay in part fan it Spaanse ûnderkeninkryk Rio de la Plata . Krekt as yn it hiele Spaanske Amearika ûntstie yn it destiids Urûguay fan 1810 ôf reboeljes doe ' t it memmelân troch de Frânsken beset holden waard . Fan 1816 oant 1828 makke it gebiet diel út fan de Feriene Provinsjes fan de Río de la Plata . Op 25 augustus 1825 waard de ûnôfhinklikens útroppen , mar pas sûnt 1828 wie Urûguay hielendal frij . ( 06 . 32 oere - meldkeamer plysjeburo ) Dat iene berjocht springt der út , fynt Sym Jansens . In goed healoere lyn hinge er it jaske fan syn unifoarm oer de stoel , tape it earste bakje kofje fan ' e dei , fertelde in ôfwaaide grap oan Jantyn ( " it earste Viagrabern is berne , de jonge koe daalk stean " ) en sette him oan it wurk . It bakje mei ynkommen meldings fan dy nacht dêr ' t net daalk wurk fan makke wie . Mei rjocht en reden net , fûn er . Op dy iene melding nei . In frou Van Gaalen hie om 05 . 11 oere trochjûn dat har man dy nacht net thúskommen wie . Hja wie slim ûngerêst . Soks wie noch noait earder bard . Yn trijeëntwintich jier houlik net . Teminsten , net sûnder berjocht foarôf . In hiel ferhaal . Jantyn hie útrop - en fraachtekens pleatst , hie der in knappe tekening by makke fan in groulivige man dy ' t de lytse lul rjochtet op in jonge frou mei grutte boarsten - sa ' n bytsje it symboal fan in slipperke . Dat iene berjocht springt der út , fynt Sym Jansens . Omt er wit dat Karel van Gaalen in wichtich man yn de stêd is . Wethâlder en loko - boargemaster . En dan leit soks al even oars . Dat hy bellet frou Van Gaalen . Benammen om har fernimme te litten dat de plysje mei faasje oan har melding wurket . Nee . De man is noch hyltyd net thús . Foar Europa betsjutte de nijste ûntjouwingen yn Brussel dat finansjele merken foarearst delbêde binne en dat it delgean fan de euro stûket . De AEX hat alwer krekt ûnder de 340 punten sluten , en ek oare merken binne wat oan it bekommen fan dizze safolste krisis . Yn dizze Gysbert Japiks trilogy binne trije earder ferskynde romans byinoar brocht te witten Mjitter fan s jierren Bewarje myn namme en De dei is ferrn Oer Mjitter http : / / www . frysk - en - frij . nl / boeken / gysbertjapikstrilogy - terpstra . htm De Jadeboezem is yn de Midsieuwen ûntstien troch in rige stoarmfloeden , wêrfan de earste de Sint - Julianafloed út 1164 wie . De Jadeboezem krige yn 1725 troch bediking syn tsjintwurdige foarm . Yn 1856 waard de ( marine ) havenstêd Wilhelmshaven oan de Jadeboezum boud . Yn 1498 skinkt Keizer Maksimiliaan it lienhearskip fan Fryslân oan hartoch Albrecht . Dan is de Fryske Frijheid oer en begjint foar Fryslân in perioade fan fersnipeling en politike ûnderhearrigens . East - Fryslân ferlear har ûnôfhinklikens yn 1744 . Yn ' e 18e ieu komt mei de Romantyk it Fryske nasjonaalgefoel in bytsje werom , it begjin fan de Fryske Beweging . Kneppelfreed yn 1951 wurdt ornaris ek wol de Slach op it Saailân neamd . De twadde helte fan de jûn bestiet út in workshop troch Liesbeth Rooijmans fan it buro ' Rood Wit communicatie ' . Sy lit sjen op hokker wize riedsleden en fraksjeleden harsels ( better ) profilearje kinne . Fansels giet it hjirby om de boadskip , mar ek om de foarm . Hoe bringe jo saken nei bûten , op hokker momint en hokker media brûke jo hjirfoar ? Kieze jo foar de standertmedia lykas flyerjen en gean jo by de doar del , skriuwe jo de kranten , de radio en tv oan of meitsje jo gebrûk fan jo eigen blog of website ? En hoe sit it mei Hyves en Twitter ? En dochs loekst oan my Ald doarp mei dyn tunders en gernierkers mei dyn [ bakkers / ] hynders en dyn kij [ schilders ] mei dyn winkelljue , al dyn wurkers 16 . 45h Meeting with representatives of the Frisian Minority in the Flensburghus It doarp leit oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk - Fryske Wâld . Ek de Opsterlânske Kompanjonsfeart ( as ûnderdiel fan de Turfrûte ) , en de attraksjeparken Duinenzathe en Miniatuerpark Appelskea lûke yn de simmermoannen in soad minsken . Yn de omkriten fan Appelskea komme pingoruïnes foar . De 18 - jierrige Yldau Bylsma fan Weidum is justerjûn winner wurden fan SjONG 2008 , it Frysktalich sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis . Sy song it liet ' Bysûnder ' , in Frysktalige bewurking fan it nûmer ' Bijzonder ' fan it duo Veldhuis & Kemper . De sjuery wie bot ûnder de yndruk fan Yldau har goeie stim , de tekst en har kreativiteit . De filmkes fan SjONG wurde trouwens hieltyd populêrder . Sa waarden de filmkes fan SjONG 2009 mear as 100 . 000 kear besjoen . Yn totaal stiet de teller fan alle SjONG - edysjes rom oer de 300 . 000 . LJOUWERT - De 26ste alvestêderoeimaraton is freedtejûn út ein set yn Ljouwert by de Prinsetún . Dit jier docht in rekôrtal ploegen mei . Fan de 103 komme ek noch aardich wat út it bûtenlân . Sa binne der [ . . . ] Faderlânsleafde en each foar nuânse ferdrage inoar ek min . As bern tocht ik dat dat 4 maaie wat mei oarlochsslachtoffers te meitsjen hie . En mei minsken dy ' t har net foarskriuwe litte wat se tinke moate . Pas hiel let , ik wie al fan skoalle ôf , wurde ik gewaar dat mear minsken foar de NSB oan it Eastfront stoarn binne as dat der yn Nederlân yn it ferset sieten . Lies ik oer troch de Russen ferkrêfte Dútske froulju , it bombardemint op Dresden , it deiboek fan Etty Hillesum . Min ûnderwiis ? Wie dat mar sa . Nóch altyd kin ik it begjin fan de Declaration of Independence sitearje , en wit ik alles fan de kanonnen út de earste wrâldoarloch en it stekken fan turf . Mar nuânse kinne bern neat mei , wurdt der blykber tocht . Dat NSB - ers nei de oarloch frijwillich foar Nederlân nei Nederlânsk Indië teagen , dat begripe se net . De NBS , it publyklik kealskearen en de folksgerjochten ? Goed is goed en fout is fout . Hâld it simpel , it libben is al lêstich genôch . First part of the interview Douwe Talma did with Piotr Wiwczarek , singer / guitarplayer and founding member of Polish deathmetalband Vader at the Dokk ' Em Open Air festival 2011 . This first part is all about the show Vader is doing at the festival and about the early years of the band . All is bonus footage from the report that was made about the 6th edition of Dokk ' Em Open Air for the Omrop Fryslân TV program K - Rûte . - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - Earste part fan it ynterview dat Douwe Talma die mei Vader - sjonger / gitarist en oprjochter Piotr Wiwczarek op de sechsde edysje fan it Dokk ' Em Open Air festival . Yn dit earste part fertelt Piotr oer de sjoo dy de band docht op Dokk ' Em Open Air en oer de begjinjierren fan Vader . Dit is bonusmateriaal fan de K - Rûte reportaazje oer dat festival , fan de utstjoering fan 1 juny 2011 . " Watte ? Oh , flaters , bedoelste . No ja , oer it generaal bin ik net ûntefreden , mar ik ha blykber net hielendal op myn iepenst west , doe ' t it oan jim ta wie . Fansels binne jim frijwat egoïstysk ; dat is neffens de speks , oars hiene jim it nea oprêden . Mar ik hie tocht dat jim ratio der fierders wol mei rêde soe , want it is ommers yn jim eigen belang hoeden mei de planeet om te gean . Mar dy koartsichtigens fan jim hat my ferrifele . Alles wat fier fuort is yn ôfstân of tiid , dêr bekroadzje jim jin net om . En mei jim wûndere logika ha jim my ek te fiter . Jim selektearje de feiten en arguminten dy ' t jim it bêste útkomme en redenearje dêrmei alles rjocht dat krom is . " Hy suchte . " No ja , as jim nei de bliksem wolle , moatte jim dat faaks sels ek mar witte , mar it measte is my noch yn de wei dat jim safolle skoanders meinimme yn jim ûndergong . " [ 查看全部内容 ] * Keninginne set Frysk wurdboek online * Weryndieling Súdwest - Fryslân giet troch * Seefûgel falt minsken oan yn Dokkum Yn 1933 waard Drees keazen yn de Twadde Keamer . Hy moast dêrom wol ôftrede as wethâlder . Wol bleau hy oant oktober 1940 lid fan de Ried en fan de Steaten . Dêrneist wurke hy as bestjoerder op tal fan oare terreinen . De list fan funksjes dy ' t Drees yn de rin fan de tiid krige yn de polityk en it maatskiplike libben wie enoarm grut . Iroanysk wie dan ek it feit dat Drees frege waard as foarsitter om te ûndersykjen oft it mooglik wie om ferskillende fûnkjes neist de politike funksjes te hawwen . Yn de jierren tritich wie Drees in grut foarstanner fan in aktive krisispolityk troch de gemeenten en it nasjonale regear . Foardat it Plan fan de Arbeid opsteld waard , pleite hy yn de Ried en de Keamer al regelmjittich foar oardering fan it bedriuwslibben en útfiering fan grutte iepenbiere wurken . Yndustrialisaasje wie neffens him in strukturele oplossing foar de grutte wurkleazens . Earder as de meast oare promininte SDAP - leden spruts hy him út foar de devaluaasje fan de gûne . Mei krêft bestried Drees de opfettingen fan de nasjonaal sosjalistyske beweging en oare anti - demokratyske groepearrings . Gearwurkje mei de Kommunistyske Partij Nederlân ( CPN ) woe er beslist net . Yn 1937 waard Drees keazen ta twadde foarsitter fan de fraksje . Twa jier letter waard hy ek twadde foarsitter fan it partijbestjoer . Doe ' t Johan Albarda yn augustus 1939 minister waard folge Drees him op as fraksjefoarsitter . Yn itselde jier waard hy foarsitter yn de Steaten en de Haagske Ried . Drees wie in de rin fan de jierren tritich opklom nei de top fan de partij . It nije Wergeaster Doarpshûs op de Nieuwe weg yn Wergea is iepene yn 1980 . in koarte gearfetting fan dizze iepening . De lêste dei alwer fan de reis nei Baskelân . Foar elkenien dy ´ t troch de massamedia it byld hat dat plysje en ETA hjir alle dagen striid leverje en dat der in ûnfeilich gefoel op strjitte is , dat byld kloppet absolút net . Op strjitte is der suver neat te merken fan de politike spanning . Sa út en troch lôget it op , mar foar it oare giet it libben hjir gewoan troch . Yn ús hotelkeamers hawwe wy in boek mei as titel ´ Euskadi Essencials ´ . Dêr stiet hiel goed yn beskreaun dat Baskelân tsjintwurdich in ryk en modern lân is . Kwa BNP soe it bygelyks it op 3 nei rykste lân fan Europa wêze . Mear as 20 % fan de jongerein krijt in oplieding op universitêr nivo . Der is in soad toerisme en de foarsjennings binne tige goed . Noch mear as oare steurnissen út it autismespektrum blykt it syndroam fan Asperger mear foar te kommen by manlju as by froulju . Skriuwer Mei de speurdersroman De boargemaster ( 1998 ) debutearre Sietse de Vries as skriuwer . Syn earsteling is in flot skreaune roman , sûnder al te folle literêre pretinsjes . De omskriuwing fan de sletten doarpsmienskip , dêr ' t in skeel ûnstiet om it rjocht fan reed , is realistysk en werkenber en it ferhaal hat in ferrassend plot . De karakters en ûntjouwing fan de haad - persoanen wurde oannimlik , mar net al te djip dollend delset . Noch gjin jier letter kaam er mei in twadde plysjeroman De dea fan Nico Dekema . Ek dat boek , fernimstich konstruearre en krûde mei humor en in bewyske erotyk , is skreaun yn in flot lêsbere styl . De wize werop ' t de skriuwer Sietse de Vries sjocht nei de hjoeddeistige maatskippij en de takomst fan de wrâld komt ta utering yn syn romanpersonaazjes , yn syn beide earste romans al oanwêzich komt it eksplisiter nei foaren yn syn tredde boek Kûgels foar Kant ( 2002 ) . Syn romanpersonaazjes uterje harren soarch oer minske en miljeu , filosofearje oer de tinkbylden fan de filosoof Kant , dêrfandinne de titel , en diskusearje oer polityk . Besprekker Eric Hoekstra ( Hjir , 32 - 2 , 2003 ) neamde it taboe - trochbrekkend dat in literator him yn syn wurk útsprekt oer syn politike foarkar . Skriuwt De Vries oer it generaal yn it Frysk , yn 2000 ferskynde der in Hollânsktalige detektive fan syn hân , ûnder de titel De spelbepaler . It ferhaal , dat giet oer de fraach wêr ' t it tafal einiget en de gearspanning begjint , spilet him fierders wol ôf yn in Frysk fermidden . Mei Homme en it geheim fan pake , joech de skriuwer him wer op in oar paad , dat fan berneboekeskriuwer . It spannende boek ferskynde yn 2003 by de Afûk . 1 . ' t Wie in freed - te - moarn mei it skip " De Fortún " Noch net iens sa fier fan lân Dêr riis d ' út de baren in byldmoaije faam Mei in kaam en in spegel yn ' e hân , yn ' e hân , Mei in kaam en in spegel yn ' e hân . Sjongejonge wûn dit jier de Noardelike foarrondes fan it koarefestival . De finales binne pas yn 2010 te ferwachtsjen . Undertusken sjongt dit koar fan Franklin Delano Roosevelt ( Hyde Park ( New York ) , 30 jannewaris 1882 - Warm Springs ( Georgia ) , 12 april 1945 ) wie de 32e presidint fan de Feriene Steaten . Hy wie presidint yn it tiidrek 1933 - 1945 . Hy is de iennichste Amerikaan dy ' t fjouwer kear keazen is as presidint . Neffens myn freon slagget it my yn ûnbekinde sitewaasjes faak net om yn it ' no ' te libjen . It kin bêst wier wêze , mar it is ek net maklik om te genietsjen fan it útsicht no ' t hy yn in ferbjusterend tempo omheech begjint te klimmen , him allinnich ûngeduldich omdraaiend om te freegjen oft ik net wat hurder kin . It paad giet hiel steil omheech en de wyn is iiskâld . Yn de linkerhelte fan myn holle lit in stekkende pineholle witte dat in mûtse wolkom west hie . Boem boem boem docht it , op it ritme fan myn hertslach . Myn freon hat it krekt hiel waarm , dus ik krij syn jas mei kapusjon , dy ' t ik stiif fêstlûk . Syn jas falt my oer de knibbels . Neffens myn freon sjoch ik der hilarysk út . Hy nimt myn learen jekje yn de hân . Nei in heal oere topsport binne wy boppe . It is kâld en it waait . ' No binne wy it heechst fan alle minsken yn Wales ! ' ropt myn freon bliid . Wy meitsje foto ' s . Yn tsjinstelling ta it spantsje dat fuort nei ús op it heechste punt stiet , en fan wa ' t myn freon in moaie foto makket , geane wy net tegearre op de foto . Myn freon lûkt syn bekinde ' ik posearje ' gesicht , ik wol in statement meitsje en gean dus mei myn sikkeneurige , bekapusjonde gesicht op de foto . Wy sjogge even om ús hinne , mar beslute dan gau nei ûnderen te rinnen , om net oprinne te hoegen mei de minsken achter ús . タグ : praat mar frysk liet 2009 ynternasjonaal harmonie leeuwarden ljouwert Op 27 novimber 1889 wurdt de út lânarbeiders besteande feriening " Broedertrouw " oprjochte yn St . Jabik . De feriening stelt har yn it earste plak de lotsferbettering fan de arbeiders as doel . De ôfdieling St . - Jabik fan Broedertrouw formulearret yn de maitiid fan 1890 har leaneask enn leit dy foar oan de boeren . De boeren wegerje op it foarstel yn te gean mei as gefolch dat op 17 maaie de lânarbeiders it wurk dellizze . De reaksje op it súkses fan Broedertrouw komt gau . Yn de midden fan 1890 fine 150 boeren yn It Bilt elkoar en ferbine har ta ûnderlinge steun by wurkstaking . It ferrin fan de staking is rêstich , dochs beslút it regear 100 man ynfantery , 25 fjildwachters en in oantal maresjesees nei it ' oproerige ' gebiet te stjoeren . De bouboeren besykje de staking te brekken mei help fan ûnderkrûpers dy ' t se 15 sinten yn it oere betelje mei kost en ynwenning . Germ van Tuinen en Jan Stap , de stakingslieders , wurde der fan beskuldige ûnderkrûpers mei de dea bedrige te hawwen . Beide wurden lykwols frijsprutsen . Harren abbekaat hjit : Pieter Jelles Troelstra . Bekend wienen de folle " dogfights " tusken de Dútske en Alliearde fleanders . Manfred von Richthofen , oftewol de Reade Baron , helle 80 oerwinnings . De Frânsman René Fonck bleau hjir mei 75 net fier efter . Hermann Goering , de lettere loftmaarskalk en nazy - partijbûns , wie ek oarlochsfleander . Fan 18 july oant en mei 5 augustus 2011 binne jo yn it gemeentehûs fan Littenseradiel yn Wommels fan herte wolkom om de rûnreizgjende tentoanstelling yn it ramt fan de Vredeman de Vries Priis foar Arsjitektuer 2010 te besjen . [ 查看全部内容 ] Wy kinne fansels net ûntbrekke op it doarpsfeest fan Goutum . Wy steane lekker relaxed tsjin de peal oan te hingjen wylst elkenien him yn it It liket my foar de hân lizzend . hie der ek al sa oer neitocht . Mear ynformaasje oer it Tomkefeest by Aqua Zoo Friesland folget noch . Hâld de webside yn ' e gaten foar it lêste nijs . Wolle jo op ' e hichte bliuwe fan al it Tomke nijs en de nijsbrief ûntfange , jou dan no jo e - mailadres oan ús troch . XII - k Isabella Van de Ven is berne op 21 - 08 - 1964 , dochter fan Rogerius Van de Ven en Mariëtte Piscaer ( sjoch XI - k ) . Isabella troude mei . Luc is berne op 10 - 01 - 1963 . Apollonius liket in lytse ieu letter eleminten út dit reisferhaal brûkt te hawwen ta syn poëtyske skets fan it abslute tsjindiel fan syn kulturiele noarmen . Barbaren dus as tsjinfuotters fan wat wenstich en gewoan is : jin seedlik ynhâlde , en charismatysk aktearjende keningen lykas Ptolemaeus II , oan waans hôf er as gelearde en keunstner ferbûn wie . Dan komme we by it doktershûs fan dokter Brouwers . Twa fan syn bern wienen Nel en Skelte . Ik mien dat der noch in âldere dochter wie . ( Sijke ) ? Op tiisdei wie der in jonge fan de groep west , dy ' t in soart epileptyske oanfal krigen hie en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde moast . Der moast eins efkes ien fan de jonges mei om him wat by te stean . Immen dy ' t goed Ingelsk prate koe . No , Jan kin om ' e raak prate , dat dy is meiwest . It hie him al in middei koste , mar hy hie him mei de twa dosinten dy ' t der ek by bleaunen , bêst fermakke . De sike jonge hoegde net yn it sikehûs te bliuwen , mar moast der al foar soargje dat er op ' e tiid iet en mocht gjin gekke dingen dwaan . Thús soe dan fierder wol útsocht wurde wat it krekt west wie . Tsja , dat binne krekt de dingen dêr ' t in mem altiten oer ynsit at de jongerein fuort is . Eartiids waard it gebiet befolke troch Yndianestammen as de Choctaw . De earste Jeropeanen dy ' t foet oan wâl setten wienen de leden fan in ekspedysje laat troch de Spanjert Pánfilo de Narváez . Yn 1528 ûntdekken sy de mûning fan de rivier de Mississippy . De Spanjerts hiene amper niget oan de regio . Dizze útkomst is al withoefaak earder oan it ljocht kaam by ferlykbere ûndersiken , op oare plakken . Alle kearen is it wer dúdlik . Bern binne spûnzen , dy nimme hiel maklik mear as ien taal oan . Freegje mar oan Wim Lex en Maxima , dy fiede har bern ek meartalich op . Giet poerbêst . Faber ferbettere de 876 punten fan Hotze Schuil yn it ivich keatsklassemint ta 885 en is dêrmei de suksesfolste keatser ea . Fan fan 1975 oan en mei 1990 hat er acht kear de PC wûn en as iennichste hat er fjouwer kear kening fan de PC west . Yn Ljouwert binne trije skoallen foar heger beropsûnderwiis : Hegeskoalle Van Hall Larenstein , de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert en Stenden hegeskoalle ( fusy fan de Kristlike Hegeskoalle Nederlân en de Hegeskoalle Drinte ) . Ek telt Ljouwert festigingen fan de Universiteit Wageningen , Ryksuniversiteit Grins en de Hânzehegeskoalle Grins . De yn Ljouwert festige Akademy foar Popkultuer is fan dizze lêstneamde HBO - ynstelling in oplieding . Dêrneist sit de Iepen Universiteit ek yn Ljouwert . De Iepen Universiteit biedt ôfstânsûnderwiis oan foar eltsenien boppe de 18 jier . KLAAS WYBES , yn ' t Mear by It Hearrenfean is 13 jier . Op snein 8 - 12 - 1805 is er de jouns tsjin 5 ûre kommen by Wybren Cornelis to Haskerdiken . Dêr mocht er de nachts yn ' t hea sliepe . Dêr de nachts in pear skuon mei sulveren gaspen stellen . Moat yn 12 dagen twaris 5 dagen op wetter en brea . ( 439 - 20 - 12 - 1805 ) Der drukte justerjûn in hiel aardige frou by ús op ' e bel mei de earmen fol bakjes . Se woe ús neat ferkeapje mar fergees wat oanbiede en dus liet Sytske har der fol ferwachting yn . Se hie tafallich heard dat Sytske it sa drok mei my hie dat se sels net oan iten takaam en slim fermeagere . It begrutte dizze dame ta de teannen út en omdat se foar de besite fierstefolle spagetty klearmakke hie , tocht se oan Sytske en brocht bakken fol fan dat hearlike spul . Allinne al by it sjen en rûken dêrfan knapte myn frou op . No hoecht se de earste pear dagen har enerzjy net yn itensieden te stekken ! Wat binne der dochs ferskuorrend aardige minsken ! Fannemoarn om 8 oere wie der in geweldige ferrassing : de toersklok liet syn lûd wer folop hearre . Omdat ik al wer och sa ûnwennich wie en no alhiel optein , ha ' k my bedronken en fan it resultaat is dizze " foto " makke . Ik hoopje dat in oar der wiis út wurde kin want ik ha him in wat lytser formaat jûn . Wylst ik fannemoarn in djipgeand pertear hie mei in ynfaller - thússoarchster , is Sytske der fan troch gien om har te melden by de kapsters . Har hier wie har lang net nei ' t sin . Omdat ik graach in tefreden frou ha , ha ' k har yn frede gean litten en net oer de finansjele konsekwinsjes neitocht . Fierder ha ' k hjoed wat lêzen , kompjûtere en yn ' t mâle waar sjoen , wylst de fûgeltsjes genietsje koene fan it nije iten dat Sytske ophongen en struid hie . - . S . - P . S . : By ús op ' e stoepe stie in fee , - har namme begjint mei in D . - Se brocht hiel lekker iten , - echt spul om fuort yn te biten . Fanny wie part fan it ' Kosmyske Rûnte ' yn München om de mystikus Alfred Schuler hinne , Karl Wolfskehl en Ludwig Klages hearden der ek ta , dy ' t ûnder bittere omstannichheden yn 1904 bruts . Sy skreau oer har ûnderfinen by de Rûnte , dêr ' t hja troch har ûnecht bern en har frije eroatyske hâlden en dragen bekend stiet as " heidnische Madonna " en " Wiedergeburt der antiken Hetäre " , yn har kaairoman Herrn Dames Aufzeichnungen ( 1913 ) . Hja krige ek kunde oan Theodor Lessing , Erich Mühsam , Oskar Panizza , Rainer Maria Rilke , Marianne von Werefkin , Alexej von Jawlensky en in protte oare lju by de " Munchener Modernen " . Sy reizge yn 1900 mei har soan nei Samos ( 1900 ) , Itaalje ( 1904 , 1907 ) en Corfu ( 1906 / 1907 ) . Tagelyk krijt de lêzer sa ek in tal oare opfallende skiednissen oanrikt . Sa komt yn flarden it yntrigearjende ferhaal fan Gauke en Gertrud oan bod - Geeske har pake en beppe . Hy waard yn ' e oarloch yn Dútslân te wurk steld , en wenne nei 1945 in skoft yn ' e DDR . Dat binne sa al twa gegevens dêr ' t yn Nederlân amper as net oer skreaun is ; hielendal net yn fiksje . It makket in skriuwer ryk as dy sokke ferhalen skynber achteleas rûnstruie kin yn it psychologyske portret fan in oar , en sa in ferlangen opropt nei mear . Simple Smoker シンプルスモーカー 通販 ビデオTOP - Boppeslach : FVC degradearret nei ferlies fan Snits Wyt Swart Op in lêzing fan ' e wike yn Arnhim sei professor Arnold Heertje dat de kredytkrisis in kearpunt yn de ekonomy markearret : in paradigmaferoaring . " We libje yn in tiid fan ' kreative destruksje ' , dêr ' t in protte yn ôfbrutsen [ . . . ] Yn Dútslân spile koartlyn in soartgelikens gefal . In islamityske magazynmeiwurker wegere doe om kratsjes bier op te steapeljen , mei ' t er leaude dat alkohol ferkeard wie . Hy krige dien , mar syn wurkjouwer moast him op lêst fan ' e rjochter wer oannimme . Dat gefoel hiene mear minsken dy ' t weromkamen doe ' t se tusken 7 en 11 jier wiene . Stephanie wie 8 doe ' t se út Saûdy - Arabië wei wer yn Nederlân kaam . Hja gong sa ' n twa jier nei in Ingelske skoalle yn dat lân en seit : ' Sa goed as myn Ingelsk wie doe ' t ik út Saûdy - Arabië weigong , wie it al gau net mear . It hat my yn myn lettere libben lykwols nea muoite koste om Ingelsk te learen . Ik tinkt dat dy pear jier op in Ingelske skoalle dêr grif oan meiholpen hat . ' Jo hawwe in keppeling folge nei in side dêr ' t noch gjin tekst op stiet . Om sels tekst te meitsjen kinne jo dy gewoan yn dit bewurkingsfjild skriuwe ( Mear ynformaasje oer bewurkjen . ) Oars kinne jo tebek mei de tebek - knop fan jo blêder . Gegevens over in Friesland tussen 1 - 1 - 1906 en 31 - 12 - 1950 uitgereikte nummerbewijzen ( kentekens ) voor auto ' s en motorfietsen . ( Sinds 13 mei 2008 met de gegevens van alle 41 . 217 uitgereikte nummers ) It Nowodewitsjy Kleaster is ien fan de Moskouse kleasters dy ' t fersterke is middels in muorre en tuorren . Ah moai sa , dat gedicht seit alwer genoch oer feeste op syn Ljouwerters . It is soks as mei lekke learsens sleatsje springe . Us heit , die al wiken útsjocht nei in alvestedentocht en hjir moarns by sinsopgang as earste oan it riiden is fan it hiele doarp , tegearre mei de buorman . In âlder echtpear út Baarn is tongersdeitemiddei yn grutte problemen rekke op it Iselmariis by Gaast . Se binne ûnderkuolle nei it sikehûs brocht . It echtpear wie de beferzen mar opgong om nei it kruiend iis te sjen , mar koene dêrnei yn de mist it paad werom net mear fine . Se bellen om healwei fiv . . . Tags : % C3 % B4ffalkonteners afvalcontainers Omrin kliko smoargenskonteners Jeltsje tillefoaniste Easthim Bakker gie nei it Muzyklyseum yn Swol dêr ' t hy foar koar - en orkestdireksje oplieden waard . Hy makke in spesjale stúdzje fan harmony en fanfare by de Nederlânske komponist Gerard Boedijn . Doe ' t it Nasjonaal Jeugd Fanfareorkest ( NJFO ) , oprjochte troch de Nederlânske Federaasje fan Kristlike Muzykbûnen ( NFCM ) , in nije dirigent hawwe moast , waard Bakker beneamd . As dirigent fan it NJFO hat hy in soad talintfolle muzisy foarme foar in lettere muzikale loopbaan ; ûnder oare Jan de Haan , Rieks van der Velde , Nico Siefers en Dick Bolt . Yn 1986 waard him foar syn ynset foar de NJFO de Gerard Boedijn Pinning oerhandige . Hein en Fokje wine ek fan die lichting die fan Drees krigen , sûnder dat hja der wat oan betelle ha . En sa as by in protte fan die lytse boerkes gie doedestiids al rillegou it fee fan stal en waard opromme . Fanôf doe gie Hein ek hast alle dagen op de fyts nei de Gordyk , wer hy in skoftsje op it bankje by de brêge siet . Nei in praatsje hjir en der gie hy wer nei syn Fokje . Fokje wie fan hús út lid fan de grutte tsjerke , Hein der tsjinoer moast neat fan dat alles hawwe . It wie him al raar ien de wei dat harren ienichste dochter mei in grifformearde man troude . Hein libbe yn in oare wrâld , hei seach ek oars tsjin it wrâldbarren oan . Hy liet dat witte troch de Waarheid te lêzen , sis mar de krante fan de kommunisten . Mar om dôchs wat fan it barren út de omjouwing te witten te kommen waard dan in pear dagen letter de krante by ús omruile tsjinoer de Hepkema . Wy wisten derom ek wat der yn Moskou en deromhinne barde . De Piiptsjilling siket syn iten meast yn undjip wetter . Meast ite se ynsektelarven en wjirmkes , mar ek wol parten fan wetterplanten . Lit ik dit blôch foaral posityf ôfslute . Om werom te kommen ta wêr ' t it hjir eins om gie , de wichtige rôl fan tsjerketuorren yn it Fryske lânskip en de Fryske identiteit , mar even in fotootsje fan miskyn wol de moaiste sealtektoer fan allegearre . Yn ' e gongbere boeken oer âlde tsjerken wurdt er meast oerslein , en hy falt net ûnder it besit fan ' e SÂFT , mar it is seker in midsieuske toer . Myn ' eigen ' toer . Yn hokker doarp er stiet , kinne folgers fan dit blôch wol riede , tink . De earste fjouwer lannen fan eltse groep giene nei de kwartfinales . De ferliezers fan de kwartfinales spilen om de plakken fiif oant en mei acht . De beide nûmers 5 spilen om plak njoggen en tsien . De nûmers lêst fan eltse groep spilen om de plakken alve en tolve . By de manlju waard Brazylje Olympysk kampioen troch Nederlân yn de finale mei 3 - 0 te ferslaan . De Feriene Steaten krige de brûnzen medalje troch te winnen fan Kuba mei 3 - 1 . It Partuer Fan Gert - anne Van Der Bos - Dat Sjoen Wurdt As Grutste Kânshawwer Foar It Winnen Fan De 157e Pc - Moat It Yn De Earste Omloop Opnimme Tsjin It Partuer Fan Jelmer Hofstee - Dat Is De útkomst Fan De Lotting Dy - t Moandeitejûn Yn Frjentsjer Hâlden Waard - De Pc Wurdt Neffens Tradysje Hâlden Op Boeren steane hjoed de dei foar drege ekonomyske tiden . Guon boerebedriuwen koene it de ôfrûne tiid finansjeel net rêde en gienen oer de kop . De ferwachting is dat it der de kommende tiid net better útsjocht foar de boeren . Foar de programmamakkers fan Fryslân DOK wie dat de oanlieding om te . . . De Plysje Sil By It ûndersyk Nei De Wapene Oerfal Op In Elektroanikawinkel Yn Oentsjerk Ek Sjen Nei Oare Oerfallen Dy - t Der De ôfrûne Moannen Yn Noard - nederlân West Ha - Mooglik Binne De Fjouwer Oerfallers Fan ôfrûne Nacht Ek Belutsen West By Oare Misdriuwen - De Reszjerzje Hat Woansdei Spoare - ûnde De Fryske Akademy falt ûnder it KNAW - bestjoer ' Instituten Geesteswetenschappen en Wetenschappelijke Informatie ' . Foar de KNAW , as wittenskipskoepel , is de Fryske Akademy yn it foarste plak fan belang om syn wittenskiplik krewearjen . Dêrom hat de KNAW in wichtige rol by it hifkjen fan de produksje fan de Akademy nei kwaliteit en kwantiteit , advisearret er op it mêd fan it wittenskipsbelied en fan it personielsbeleid en bemiddelet er yn kontakten mei de nasjonale oerheid en mei oare ynstellings . Teaterduo Klún - en Knoffelhakke út Hantum - Sjoch op it kaartsje - binne sûnt 1994 op paad mei harren jûnsfoljende programma ' s . fûn der in muzykjûn plak yn de herfoarme tsjerke yn Aldeboarn , ta eare en neitins fan de Fryske komponist Paulus Folkertsma . Meiwurkers : Frysk keamerorkest ûnder lieding fan Bram Feenstra , Grouster Mingd Koar ûnder lieding fan Harm v . d . Meer , Boarnster bernekoar û . l . f . master Jan Dijkstra . Solisten : Jelly Postma alt , W . Zonderland piano , Anne Wadman fioele . Spitich dat ik in pear jier lyn noch net wist dat yn Kanada en de USA yn in protte plakken op fêste tiden Nederlânske ' kofjeklubs ' byinoar komme . Dan hienen myn maat en ik op ús autoreis troch Amearika ( USA ) en parten fan Kanada yn 2006 grif sa ' n kofjeklub besocht en wa wit hienen wy dan dêr ek noch minsken mei Fryske roots troffen . Mar ja , as ik witten hie dat ik daliks nei de reis dwaande wêze soe mei it foar it Frysk Boun om Utens opsetten fan de organisaasje om te kommen ta in boek mei ' in skiednis fan de Friezen om utens ' , sawol yn Nederlân as yn de emigraasjelannen , tsja dan hie ik dêr ek wat oars om my hinne sjoen . Mar Henk Elsink sei it al yn ien fan syn prachtige konferenses ' as men alles yn ' t foar wit , dan kin men mei in kkk kkw kwartsje om ' e wrâld ' . Yn dit diel fan Skriuwers yn byld wurdt in represintatyf byld jûn fan Reinder Brolsma ( 1882 - 1953 ) , troch syn biograaf Doeke Sijens , yn tal fan foto ' s en dokuminten dy ' t it libben en de skriuwerskarriêre fan de skriuwer beljochtsje . Brolsma waard berne yn de Frysksinnige húshâlding fan in notarisklerk yn Stiens . Yn syn koarte ferhalen en romans jout Brolsma in ûnferjitlike yndruk fan it libben fan gewoane minsken yn it noarden fan Fryslân . Fansels meist de minsken altyd wize op in driigjend ûnk . En griene enerzjy is altyd better as fossile brânje . No sa ! Nei in stúdzje Skiekunde yn Delft kaam er by de Keninklike Tichelaar Makkum . Oprjochter en konservator fan de stichting Frysk Ierdewurk - Museum De Waach en oprjochter fan de VVV - Makkum . Ald - bestjoerslid fan ynstellingen op museaal mêd , fan de feriening Klaaiyndustry Nederlân en fan de Algemiene Feriening fan Ierdewurkfabriken . Stimulearre behâld fan de Makkumer buorren . Wist it bedriuw frijwat út te wreidzjen en wurke mei oan publikaasjes op it mêd fan ( Makkumer ) diggelguod . Hallo Aliter , Ik lees wel een beetje Fries , maar ik kan het niet schrijven . . . sorry , even in het Nederlands . In het kader van de SUL , zou ik graag mijn huidige gebruikersnaamn Meidogger : Yerounn wijzigen in Meidogger : Hannes . Ik meen begrepen te hebben dat jij bureaucraat ben op fy : . Zou je dat voor mij willen doen ? Bij voorbaat hartelijk dank . Vriendelijke groet , Yerounn 24 jun 2008 , 01 . 50 ( CEST ) Geart Kleinhuis uit Earnewald vond woensdagmorgen het eerste Friese Kievitsei van Friesland . Hij ontdekte het ei bij de Simmerdyk in Hurdegaryp . Maar helaas meldde de vinder zijn vondst op de verkeerde manier en daardoor werd het eitje niet erkend als het officiële eerste ei van Friesland . Het . . . It ûnderwiis hie ek op oare wize tige omtinken yn dy snuorje . In Fryske stúdzjeklub to Grins , oprjochte yn it bigjin fan 1919 , bigoun mei in skriftlike kursus Frysk foar folwoeksenen . It is dizze kursus dy ' t al gau oernommen is troch it Ynstitút foar Folksûntjowing , in ûnderôfdieling fan de Jongfryske Mienskip . Lesjowers wiene G . Piekema en H . van der Schaaf . Ut de dielnimmerslist 154 . docht bliken dat der sa ' n hûnderttachtich meidoggers west hawwe . Der steane bikende nammen by as dr . Titus Brandsma , Fedde Schurer ( en frou ) , mefrou Quarles van Ufford - Buma , K . A . Rienks en A . Sevenster . It Ynstitút foar Folksûntjowing , dat opset wie yn 1919 mei it jild fan in lotterij ( ûnder lieding fan Sjouke de Zee ) , hat in skoft tige aktyf west . It joech ek op forskate plakken yn Fryslân kursussen yn Fryske skiednis en skriftekennisse . Dat Jan Hof yn de lêste oarlochsjierren bigoun wie op eigen manneboet Fryske les to jaen oan ' grutte minsken ' , to Ljouwert en to Berltsum 155 . , moat ek noch even neamd wurde . Foar dy twa lêzers dy ' t noch net mei dit nije treurbuisfenomeen yn oanrekking kaam binne : yn it foar bern ornearre BBC / Ketnet - televyzjedrama mei de suver sarkastyske titel Lazy Town is Sportacus de yn it blau klaaide krêftpatser dy ' t al flikflakjend troch it skerm stuiteret , wylst er mei apels jonglearret , woarteltsjes yt en konstant de rêstleafhawwer Robbie Rotten op ' e hûd sit . En it iennige wat dy bêste Robbie wol , is in bytsje pais en free , oftewol dat Lazy Town einlings in bytsje syn namme eare oandocht . De trein mei sa ' n tûzen passazjiers wie út Calcutta wei ûnderweis nei New Delhi , doe ' t it reau mei in gong fan sa ' n hûndert kilometer yn ' e oere út de raljes rûn . De oarsaak fan it ûngemak is net bekend . Opfreedtejà » n 28 novimber wiene wy by de Fryske Music Night . En blinder . . . der wiene noch san 8 . 000 oare Friezen , en minsken dy ' t dat hiel graach wêze wolle ; Lee Towers , Rob de Nijs , Anita Meijer , Xander . . . En fansels wie Syb der ek en Anneke Douma , Gurbe Douwstra , Piter Wilkens , Pigmeat en . . . Nu exista nici un clip pentru acest cuvant cheie nederlân Yn Ingelân wie hy troch de universiteit fan Oxford mei in eare - doktoraat betocht en trede hy ta ta de Frijmitselderij . By syn weromkommen yn de Republyk ûntstienen ek lôzjes yn De Haach en Ljouwert . Sa hie hy in eigen hoflôzje " Antiqua Virtute et Fide " yn Ljouwert . [ 7 ] Syn kok Vincent la Chapelle wie dêrmei anneks . Nije wike snein mei ik 27 wurde , derom fansels in borrel op dizze dei . Foar diegen dy it leuk fynt is snein te middei fan herte wolkom . www . lifeisabitch . ch www . myspace . com / lifeisabitchworldwide Club www . club - q Track by : Master Mekkanik Phunk Bookings : info @ adifferenttouch . ch Dat wie faak in kwestje fan besykjen , dat hja brûkten ek gewaaksen en boumetoaden brûkten fan de Taïno . Net alle ynfierde eksoaten hienen súkses . Mei it fee gie it oer it generaal goed ; de Spanjerts lieten it fee los rinne yn de kunuku en op de savannes . It fee waard hoede troch Taïno ' s en Spanjerts . Skiep , geiten en kij dienen it relatyf it bêste . Neffens histoaryske boarnen wienen der tûzenen op it eilân . Mei de lânbou gie it lykwols folle minder . Omdat de opbringsten fan de Kurasauske agrikultuer ôffoel , de sâltpannen gjin hege opbringst hienen en der gjin edelmetalen te finen wienen , neamden de Spanjerts it eilân in " isla inutil " , in nutteleas eilân . Utrikking troch deputearre Jannewietske de Vries fan de Fedde Schurer - publykspriis oan Simon Oosting , de Fedde Schurer - priis oan Jaap Krol en de Obe Postma - priis oan Tryntsje van der Zee : yntegrale opnames Zee , Tryntsje van der / Tresoar / 2008 Op 2 maaie 1996 hat it Nederlânske regear by de Ried fan Europa offisjeel te kennen jûn dat foar Nederlân it Europees Hânfêst foar ' regionale talen of talen fan minderheden ' jildt . Op 1 maart 1998 is it Hânfêst yngien . De jonge lake nochris , sûnder op te sjen fan syn trein . Syn suske sprong lilk op en stampte de trep op . " Ik liich net , echt net , " raasde se , doe ' t se boppe wie . Se gie op har bêd sitten en lei de bal neist har del . Se hie echt it stomste broerke fan de wrâld . Hy peste har altiten , luts oan har hier of skopte har . Hy fûn har berneftich en te lyts om mei te boartsjen . No ' t der sa ' n ynteressant kadootsje ûnder de krystbeam lei , hie se hope dat hy foar ien kear mei har boartsje woe . Dêrom hie se betocht dat de glêzen bal in toverbal wie . Fansels wie dat net sa . It wie in in Se wist eins net iens wat it wol wie . A : Jacques d ' Allonville ~ Antoine d ' Abbadie d ' Arrast ~ Anatole Abragam ~ Jean le Rond d ' Alembert ~ Claude Allègre ~ Christian Amatore ~ Sebastian Amigorena ~ Jean - Claude André ~ Jacques Angelier ~ Vladimir Arnol ' d ~ Jacques Arsac ~ Philippe Ascher ~ Alain Aspect ~ Ivan Assenmacher ~ Sir Michael Atiyah ~ Thierry Aubin ~ Jean Aubouin ~ Pierre Auger It Helmanngetal seit fansels neat oer opwaarmjen of ôfkuoljen , it kin hiel heech wêze , mar mei in hite simmer , hyt foarjier en hjerst der by , kin it jier wol folle hiter yn trochsneed wêze as in jier mei in leech Helmanngetal en in kâlde simmer . Oer selektyf suteljen sprutsen Mei trochsneed temperatueren oer it jier falt dêrfoaroer net te suteljen , ek dêr kin ik neat oan dwaan , mar dêrom haw ik wol sokke rigen keazen . Turkije falt Irak út it noarden wei oan . Turkije like dêrtroch de Britsk - Amerikaanske ynvaazje te stypjen . Lykwols die Turkije dat út eigen belang sadat de Koerden yn Noard - Irak gjin mooglikheid hienen om in eigen steat út te roppen . Tagelyk krije de Amerikanen stipe fan Koerden by in offensyf út it noarden wei . Op 10 april feroveren Amerikaanske en Koerdyske troepen Kirkoek . Kometen ( ek sturtstjer ) hawwe in baan dy tige elliptysk is , en dêr ' t se op it fierste punt fier fan de sinne mei binne . In komeet as de komeet fan Halley komt frij gau wer werom ( 76 jier ) , mar der binne ek kometen dy ' t in baan hawwe fan tûzen jier of langer . Buurtimpressie 2513EM Veenkade straatkaart . nl Copyright foto ' s ligt bij de respectivelijke eigenaars . Gebruikte foto ' s : static . panoramio . com static . panoramio . com static . panoramio . com static . panoramio . com static . panoramio . com static . panoramio . com static . panoramio . com static . panoramio . com static . pa . . . Johan Winkler skriift in syn " Algemeen Nederduits en Fries Dialecticon " út 1874 , dat de nije en bra fruchtbere grônd deur Hollânse boeren ' t eerst beweund en ontgonnen worde . De ôfstammelings fan deuze Hollanders binne der ant fandaag de dâg toe bleven . Deuze eerste beweuners fan ' t Bildt nammen fanself hur " boers - Hollânse " spraak met en hur ôfstammelings hewwe die tongfal ant nou toe bewaard en brúkke die ondernander . Hierdeur onderskaide se hur skerp fan de " echte Friezen " . Wa ' t it tsjerkelike neis de ôfrûne jierren wat folge hat dy kin it net ûntgean wêze : der is in soad spul west oer dominy Klaas Hendrikse út Middelburg . Hy skreau in boek : " Geloven in een God die niet bestaat " . Hy is foargonger yn ' e Protestantske Tsjerken yn Nederlân , mar hat dêrút fan ferskate kanten nochal wat krityk krigen . Ek yn De Earn hat in stik ston fan dominy Henk Buning dy ' t skriuwt dat dit foar him de minste teologyske publikaasje is dy ' t er de lêste jierren lêzen hat . Dêryn skriuwt Buning dat Hendrikse ôfrekkenet mei in godsfoarstelling dêr ' t tawijde leauwigen al lang ôfstân fan nommen ha . Hjir moat ik tsjin Buning yn gean . Der bin - dat is myn ûnderfining - noch hieltyd in hiel soart minsken , tawijde leauwigen , dy ' t noch de godsfoarstelling hawwe dêr ' t Hendrikse mei ôfrekkenje wol . Mar Buning hat wol gelyk wêr ' t hy seit dat it net nei is wat Hendrikse nei foaren brocht hat . Der bin minsken dy ' t sizze : " Der is niks gjin neis ûnder de sinne ; wêrom sa ' n drokte oer dit boek ? " Hendrikse leit ommers in ieuwenâld probleem op tafel , nammentlik it probleem ' God ' . Want : wa of wat of wêr is God eins ? Hendrikse skriuwt dat God net bestiet lykas in tafel of in boek . Wy kinne him net fêsthâlde of oanwize . Hendrikse seit : God kinne wy allinne mar gewaar wurde yn kontakten mei oare minsken . Dêrom skriuwt er yn syn boek : God is net , God bestiet net : mar God bart . Minsken wurde God gewaar yn ' e relaasje mei oare minsken . " Ûnsin " , sizze oaren , lykas de âldfoarsitter fan de Gereformeerde Bond . Dizze Jan van der Graaf sei yn in fraachpetear mei Andries Knevel : " It is krektlyk as mei " ûnrjocht " , dat kinne we ek net fêstpakke of sjen , en dochs bestiet dat wol ! Ûnsin haw ik doe tocht , mis , want : ek ûnrjocht bestiet net ; ûnrjocht bart ! Lykas Hendrikse dat beskriuwt oer God . Ûnrjocht bart troch de wize wêrop minsken mei - inoar omgeane of moat ik sizze : troch de wize wêrop minsken net mei - inoar omgeane , elkoar mije . Ûnrjocht , wy sjogge dat ek yn é teksten fan hjoed . Earst mar ris even nei de tekst út Jehannes 4 ; oer Jezus dy ' t by de berch in Samaritaanske frou moetet . Hy freget de frou : " jou my wat drinken " . No kin ' wetter ' yn ' e bibel ferskate betsjuttingen ha . Somtiden stiet it foar dea en ferdjer . Dat is dan faak it wetter fan de see of fan in mar . Oare kearen is wetter : in welle fan libben , of suvering . Jezus freget de frou om wetter . Hy freget net of hy har amer brûke kin om dêrmei sels it wetter omheech te heljen . Nee , de fraach wie of de frou him wetter jaan wol . As woe Jezus sizze : " Ik freegje jo om wetter , om dúdlik te meitsjen dat jo ek in ferriking foar myn libben binne , in welle fan libben . " Of : " Ik freegje jo om wetter omdat ús tinken suvere wurde moat - it tinken fan ' e Joaden . It moat suvere wurde fan ús hâlding tsjinoer jim , de Samaritanen . " Dêr kinne in soad minsken hjoed - de - dei wat fan opstekke . Minsken út de polityk dy ' t net út binne op de dialooch mar just op de konfrontaasje , it konflikt . Dy ' t net út binne op it begripen fan oaren mar op feroardieljen . Minsken dy ' t eangst hawwe en oproppe foar it frjemde ynstee nijsgjirrich te wêzen nei dat wat frjemden meinimme oan kultuer en leauwen . As ús fier foarâlden harren ek sa ôfwizend opstelle hienen dan hiene wy hjir hjoed net yn dizze tsjerke sitten . Troch it kontakt te sykjen mei de Samaritaanske frou lit Jezus sjen dat er iepen stiet foar har ynbring yn syn libben en trochbrekt er it taboe dat der by de Joaden wie . Mar Jezus is al fan betinken dat dat fan wjerskanten komme moat . At de Samaritaanske wat tsjinakselet fanwege de gebrûklike ôfstân tusken Joaden en Samaritanen dan wol Jezus har dúdlik meitsje , dat ek sy , de Samaritaanske frou ferlet hat fan it libben wetter , it suverjende wetter . Jezus seit : " It wetter dat ik jaan sil , sil in wetterwille wurde , dy ' t yn minsken opwâlet om der ivich fan te libjen . " Even letter docht bliken dat Jezus it oer de Geast hat . Mar de frou wiist him dan op de ferskillen tusken it leauwen fan har en har folk - de Samaritanen en dat fan de Joaden , en dêrmei ek fan Jezus . Sy seit : " Ús foarâlden hienen har earetsjinst op dizze berch hjirre , en jimme sizze dat Jeruzalem it plak is , dêr ' t men God ferearje moat . " Mar Jezus wol just net it klam lizze op de teologyske ferskillen . Hy makket dúdlik dat der in tiid komt dat dy ferskillen net mear bestean sille . Jezus puttet by dit ferhaal net út de djipte , út it ferline , hy bout net fjirder op de tradysje . Nee , Jezus puttet omheech fan út de takomst , Gods takomst . In takomst wêr ' t de grinzen tusken religys ferdwûn binne . Hy seit : " Der komt in tiid , dat jimme myn Heit net mear op dizze berch hjirre ferearje sille en likemin yn Jeruzalem . Dy ' t God ferearje wolle , moatte dat dwaan yn ' e Geast en yn wierheid . " Jezus brekt troch grinzen fan religys hinne ; ha makket dúdlik dat der wat útstekt boppe de ferskate godstsjinsten . It giet der neffens him om dat wy libje yn wierheid en yn ' e Geast ; de Geast fan God , de goede Geast . Wat dat betsjuttet dat hat er sels sjen litten . Yn syn lijenswei dy ' t er net ûntrinne woe mar dy ' t er ron oan ' e ein ta . As je libje yn dy geast dan hoege minsken net krampeftich harren gelyk te hellen . Dan steane minsken hiel ûntspant tsjinoer minsken dy ' t oars leauwe . Dan hoecht men net oerémis te wurden fan foargongers dy ' t in oar lûd hearre litte , lykas Hendrikse . Jezus leit in brêge oer de spjalt tusken Joaden en Samaritanen . Hy hannele yn ' e Geast fan God . Tusken dy twa leauwen op ' e berch , dêr slepte net de dúvel tusken , dêr ron God tusken . Op de berch , by dy moeting tusken Jezus en de Samaritaanske frou , dêr wie God . Hy wie net oan te wizen , hy barde - dêr op de berch . Want God is Geast , seit Jezus tsjin de frou . Dan seit sy : " Ik wit wol dat de Messias komme sil . " Dêrút blykt dat sy wol wite wol fan de God fan Jezus . Sy hat harsels iepensteld foar it leauwen fan de minsken dy ' t har mei in skeane nekke oansjen , minsken dy ' t har gjin hân jaan wolle . " Ik wit wol dat de Messias komme sil . " De reaksje fan Jezus moat har de eagen iepene ha . Hy seit : " Dat bin ik , dy ' t mei jo praat ! " Yn oare wurden : Jo hoege net mear te ferwachtsjen , Ik bin d ' r al . " Och , ek wy ferwachtsje faak tefolle fan ' e takomst , ek út ús leauwen . It paradys , it ivich libben - och , dat komt letter ! Ea sil alles oars wêze , ea sil alles better wêze . Dan sille keal en liuw mei - inoar weidzje . " Wy witte wol dat de Messias komme sil " Mar . . as wy alles ferwachtsje fan ' e takomst dan hawwe wy gjin each foar wat der hjoed al bart . Want ek tsjin ús kin no al sein wurde : " Dat bin ik , dy ' t mei jo praat ! " Troch har iepenhertige hâlding hat de Samaritaanske frou yn Jezus God moete . As elkenien sa ' n hâlding oannimme soe yn ' e ferwachting dat yn elke moeting mei in oar God moete wurde kin , dan soe it der yn ' e wrâld oars om ta gean . Dan is ivich libben gjin takomstdream mear mar in realiteit troch it wetter dat ivich libben jout dat wy mekoar oerrikke kinne . Wolle jo in side hjirfoar oanmelde dan kin jo dit oanjaan as kommentaar by it taheakjen fan de side op Wikipedy : Siden wiskje Oan de súdkant fan Sondel lizze de grutte landerijen dy ' t wer grinzje oan de hege seedyk wêrefter de Iselmar leit . Ten westen fan Sondel lizze de prachtige grutte Gaasterlânske bosken . Besuden leit ek it natoergebiet " de Leien " . Ynhâld : 1 . Omskriuwing fan ' e strekking fan ' e ynhâld fan elts apart boek 2 . 1 . Harry Potter and the Philosopher ' s Stone ( 1997 ) 3 . 2 . Harry Potter and the Chamber of Secrets ( 1998 ) 4 . 3 . Harry Potter and the Prisoner of Azkaban ( 1999 ) 5 . 4 . Harry Potter and the Goblet of Fire ( 2000 ) 6 . 5 . Harry Potter and the Order of the Phoenix ( 2003 ) 7 . 6 . Harry Potter and the Half - Blood Prince ( 2005 ) 8 . 7 . Harry Potter and the Deathly Hallows ( 2007 ) 9 . Boeken mei eftergrûnynformaasje 10 . Potter - films 11 . Fryske oersetting 12 . Mytology 13 . Keppelings om utens Eardere yndustry - Mûnen yn Burgum - De houtmûne fan Kramer - De mûne fan Aalfs - De mûnehoek - Mear mûnen op ' e Daam - It drankkwea - Drankbestriding - In bierbrouwerij - Weverijen - Weinmakkerijen , kûperijen en in goudsmid - Drokte op ' e Nijstêd - Sûkereifabriken - Emigraasje yn de 19 e ieu - Bakker Arjen Tamsma - Notarissen - Postillon d ' amour - Yndustrialisaasje troch ' Doarpsbelangen ' - Yndustry dy ' t ferdwûn is - Dalstra ' s houtseagerij - R . van der Werff , skipsbetimmeringen - Limonadefabryk Wielinga - ' Staaflijstenfabriek Heko ' - Timmerfabryk ' De Hoop ' - Ferdwûn , mar wol in opfolger - Jachthelling Akerboom waard ' Fritimco ' - ' Konstruktiewerkplaats Bergum ' waard ' Bergum Staalbouw BV - ' Scheepswerf Hoogezand ' waard ' Damen Shipyards Bergum ' - Yndustry fan nei 1964 en no al wer fuort - Bruzon - Rheem - Bergum - Van der Horn , nij bedriuw , dat der noch wol is - Yndustryen , dy ' t der yn 1964 ek al wienen - ' Coöperatieve Melkproductenfabriek Bergumerdam , ' De Foarútgong ' - Ljochtmêstenfabryk - NV Nederlandse Thermo - chemische Fabrieken - Utwreiding NTF - Betonfabryk Fa . R . Noppert en Zonen - ' NV Papierfabriek Friesland ' - De elektrise sintrale oan de Mar - De grutste wurkjouwer - Nije ûntjouwingen - Steancaravanbou - ' Easysit ' - In bedriuwensintrum - Grafise yndustry - Trio - Actief BV - Drukkerij ' De Motor ' - Utjouwerij Bjinse Wolters - Offsetdrukkerijen - Túnbou - De Bosgra ' s - Firma R . J . Douma - Kwekerij Frisia - It boerebedriuw - Agrarise bedriuwen om 1960 hinne - De sitewaasje yn 1991 - Toponomy fan Burgum - De winkels eartiids en de wykmerk - Middenstân - en ambachtsbedriuwen sûnt 1930 - De winkels yn de besettingsjierren - It tiidrek 1945 oant no - It arbeidsburo Ein juny liet Hitler , tidens de Nacht Fan De Lange Messen Röhm yn de finzenis goaie . De SS manlju dy ' t him yn it gefang setten joegen him in pistoal sadat er him sels om hals bringe koe . Mar doe ' t de SS werom kaam hie er dat net dien . Röhm wegere doe om mei te gean nei de eksekúsjeplak , hy is doe deasketten yn syn sel . It begruttingstekoart is op it stuit 9 % en sil fan 5 % yn 2015 wer 6 . 5 % wêze yn 2020 . De steatsskuld , op it stuit 60 % fan it GDP , sil yn 2030 oprinne nei 150 % . It skuldeprobleem wurdt neffens him krityk tusken 2035 en 2050 . Mar hy warskôge , dat besunigings allinne rjochte wêze moatte soene op ' e lange termyn ( mear as tsien jier ) , om ' t dy oars de no noch swak oansterkjende ekonomy smoart . Guon Europeeske lannen , en benammen it Feriene Keninkryk , binne no krekt fan doel om it begruttingstekoart yn tûzen hasten lytser te meitsjen . De makro - ekonomy hat mei hûshâldings te krijen en it ûntwikkeljen dêrfan . Wichtige eleminten yn de makro - ekonomy binne : it nasjonaal ynkommen , de wurkgelegenheid , de belestingbalans , de konsumpsje , de ynvestearrings en de oerheidsútjeften . Yn ' e makro - ekonomy wurdt neigean hoe ' t dizze eleminten har yn it ferline ûntwikkele ha en hoe ' t se har yn ' e takomst ûntwikkelje sille . Dêr ' t it ynsicht yn ' e konjuktuer fan grut belang is , it ûndernimmersklimaat , de produksjekapasiteit , de hichte fan de wikselkoers ensafuorthinne . Fierders soe WikiLeaks papieren yn ' e hannen krigen hawwe dêr ' t yn stiet dat der yn Irak tusken 2003 en 2009 mear as hûnderttûzen deadlike slachtoffers ûnder de boargerbefolking fallen binne . Dat hawwe de Arabyske nijsstjoerder Al Jazeera , de Britske krante The Guardian en de Amerikaanske krante The New York Times freedtejûn buorkundich makke . De North American B - 25 Mitchell wie in Amerikaanske middelswiere twamotorige bommesmiter . Yn de Twadde Wrâldkriich waard se op alle . . . It soe goed wêze dat ús gemeentebestjoer hjir wurk fan makket , yn it belang fan it wolwêzen en de mobiliteit fan har ynwenners , sadat sy jûns , as se gjin auto hawwe of wol fuort wolle mar dan in slokje nimme , ek nochris fuort kinne . Doarpsbelang Reduzum hat wat Reduzum oangiet der al wurk fan makke en it tillefoanysk mei Connexxion bepraat . No it kolleezje ek mar yn ' t spier , soe ' k sizze ! Om ' t de Kalahary oer de lânsgrinzen hinne giet , binne ek de Boskjemannen ferspraat oer Angoala , Botswana , Namybje en Súd - Afrika . Sy wurde as in tige âld ras beskôge en it is oantoand dat hja yn alle gefallen al tweintich - tûzen jier as jagers en itengarders yn dit gebiet libje . Yn 2002 is Botswana lykwols begûn mei it twongen ferpleatsen fan de Boskjesmannen dy ' t yn dat lân wenje . Yn 2006 hawwe de Boskjemannen in rjochtsaak wûn dy ' t harren it rjocht jout werom te gean , mar oant no ta ( 2008 ) , is dat noch mar in pear ek wier tastien .

Download XMLDownload text