fry-11
fry-11
View options
Tags:
Javascript seems to be turned off, or there was a communication error. Turn on Javascript for more display options.
Yn de tún by de famylje De Boer yn Aldegea ( W ) rinne allegear swanne - , hinne en einepykjes . De famylje wennet prachtich oan de mar de Skuttelpoel . Guon fûgels hawwe help nedich en wurde by har thús fersoarge . De bern helpe ek mei : fuorje , de pykje . . . Autor : OmropFryslan Reproduciones 457 Duración : 7 . 02 Calificación : 5 . 0
It Midslânsk wurdt sprutsen troch likernôch 600 almeast âldere minsken yn ' e doarpen Midslân , Formearum , Hoarne , Baaidunen , Landerum en omkriten . Dat sprekkersoantal nimt de lêste tsientallen jierren fluch ôf .
De terp is ek hjir foar in part ôfgroeven . Oan de noardkant , by de sa om 1870 hinne oanleine Van Kleffenswei nei Lichtaard , is dat hiel dúdlik te sjen . Der kaam sa sels romte foar in iisbaan .
Nei in tige spannende wedstriid op De Fluessen by Ealahuzen kaam Ljouwert tiisdei by it skûtsjesilen as earste oer de finishline . Dochs einige Jappie Meeter as lêste yn de dei - útslach , troch in protest fan de Súdwesthoek . Snits en It Hearrenfean skoden hjirmei op nei in earste en twadde plak . Op . . .
Der is gjin offisjele foarm fan ' e triskelion , sadat der withoefolle ferskillende farianten besteane en brûkt wurde . By de measten dêrfan steane de fuotten deselde kant út - d . w . s . mei de teannen nei lofts - mar net by allegear . In oar ferskil is de bûgingsgraad fan ' e knibbels . Op ' e Manske flagge is dy 90º , mar by oare foarmen fan ' e triskelion kin er oeral tusken 60º en 120º sitte . Fierders kin ek de fersiering fan ' e wapenrêsting en de spoaren gâns ferkille .
SURHUSTERFEAN 03 / 10 / 08 - " Wy binne goed ûntfongen en hawwe in goede yndruk krigen tidens dizze wurkbesite . " Dat konkludearre FNP - fraksjefoarsitter Marten van der Veen freed 3 oktober nei ôfrin fan de wurkbesite oan Surhústerfean . " It is in tige nuttige wurkbesite west . Wy hawwe in aardich byld krigen wat der libbet " , sa sei Van der Veen .
Troch Ate Grypstra Wat wienen jo favorite televyzjesearjes doe ' t jo jong wienen ? Kom , dûk ris mei my yn dy hearlike poel fan waarme nostalgy ! Sels bin ik in bern fan [ . . . ]
It argyf fan rederikerskeamer Halbertsma Stiens is noch yn besit fan de keamer .
Dizze wike ûnder oaren yn TsjekTV : * Ljipaaisykje * Siik wêze en dochs de lessen folgje * Karnaval yn Fryslân
Halbe Piter Claus folge akolyt en fuotbalster Henny Brouwer fan 24 jier . Henny Brouwer wennet yn Boalsert . Troch de wike is se bakker en fuotballet se by DVB . Sneins stiet se yn de katolike tsjerke op it altaar as akolyt . De pastoar neamt har wolris de opperakolyt , ferwizend nei har . . .
Hjoed gjin tiid foar myn atelier , mar krekt noch in gatsje om thús wat twivelriedichheden te behimmeljen . Moarn wol ik der sels hielendal bliid mei wêze en it is moaier as de feiten doge . Foar it earste belle ik myn broer , en in byld dat ik al net wer offerje woe koe stean bliuwe ! Doe it ynternet op , foar wat histoaryske kaartekikerij . Ik tikke myn ( noch te algemiene ) sykwurd yn en keas it boppeste resultaat . Gjin goeie kaart . Mar . . . de skerpe foto dy ' t dêr krekt ûnder stie kloppet presys .
It leauwen yn geasten is foar fersprieders fan wrâldgodstsjinsten lykas it Kristendom en de Islam ien fan ' e dreechst út te roeien aspekten fan natoerreligys . Sa ferearje de Bajau , fan ' e súdlike Filipinen en noardlik Borneo , dy ' t foar in grut part oergongen binne nei de Islam , noch altyd allegearre de saitan , de natoergeasten fan bygelyks de wyn , see , fisken en beammen , dy ' t sykten feroarsaakje kinne as men se lilk makket .
Jun 7 , 2011 - We sizze YES ! YES ! tsjin ús eigen TDS ! !
Moai waar op ' t heden wer . De boeren begjinne al te lân klearmeitsjen , skiep bûtendoar , snieklokjes waakse en wy hoege net mear te rútskraabjen .
It hat hokkerjiers in toer west om de gemeenten oan de wetternammen te krijen . Yn jim gemeente eine it amper hurder as in slak krûpe kin , mar de rie is akkoart gien mei ' De Fluezen , Sleattermer Mar ' en ' Brandemar ' . Dan foeget it no net , tinkt my , om te bearen dat der te jimmes neat feroare is , en om no noch ' De Fluessen ' , ' Sloter - en Brandemeer ' te skriuwen . Sa ' t jimme fan jim boargers fergje dat se har oan riedsbeslút en oardering hâlde , sa meie se yn it Provinsjehûs fan jim fergje dat jim jim oan it steatebeslút fan 15 maart 2006 hâlde . En safolle wetternammen binne der yn jim gemeente net , dy binne maklik út de bleate holle te learen . Oan de nije ' Twiebaksmerk ' moatte se mear as tûzen namme leare en ûnthâlde .
Foar mij wie it de F16 , en ik koe ( nei in pear moanne oant wurk te wêzen op de fleanbasis yn Ljouwert ) nei Amearika .
Us jonge poeskes , snip & snap . Mem poes is 16 aug 2005 nei de bistedokter west ; dit wiene har earste en lêste jonge poeskes . Ik wie krekt op ' e tiid mei it nimmen fan de foto fan de sweltsjes yn it nêst . In pear oeren letter wienen hja útflein en sieten op in âlde koer yn de skuorre te wachtsjen op harren iten . Der wie letter ek in sweltsje ferdwaald ; hja siet by ús yn ' e sliepkeamer .
AUKJEN SIPKES , to Driesum , de frou fan Dirk Clasen , dy ' t ek
De Gysbert Japicxpriis 2007 wurdt net takend foar De Oerpolder fan Hylke Speerstra . Sneu foar Speerstra , ek omdat er op syn âlde dei , pinsjonearre en wol , syn âlde berop wer oppakke moast om , al feantsjend en baggerjend , wat gewaar te wurden oer it heuchlike Gybertnijs dat , oh pandoara , by neier hearren net foar him ornearre bliek te wezen . Mar earst dit .
Rimen en Teltsjes is yn Europeesk ferbân ien fan de hichtepunten út de Romantyk , de grutte kulutrele streaming út de njoggentjinde ieu . Parten fan dit boek binne oerset yn it Dútsk en it Nederlânsk , ûnder oaren troch Theun de Vries . Alle generaasjes ûntdekke dit boek op ' e nij . Hast like ferneamd binne de printen fan Ids Wiersma dy ' t yn dizze útjefte ek wer opnommen binne . Dizze útjefte is gelyk oan de edysje fan 1993 , dy ' t ferskynde yn de rige Fryske Klassiken . Trije bruorren Halbertsma wurken mei oan de Rimen en Teltsjes . De bekendste is Joast Halbertsma ( Grou 1789 - Dimter 1869 ) , mennistedûmny en taal - en letterkundige . Syn jongere broer dokter Eeltsje ( Grou 1797 - 1858 ) studearre medisinen yn Leien en Heidelberch en kaam dêr yn ' e ban fan ' e Romantyk . Foar Tsjalling ( Grou 1792 - 1852 ) wie de skriuwerij minder belangryk : hy gyn yn saken en waard as bûterkeapman in begoedige man .
Xtra materiaal ynterview mei âld feemerk - master Frans Hoeksma
De nei - oarlochske ynternearring fan mear as 100 . 000 minsken dy ' t ' ferkeard ' wiene , hat oant no ta net in soad omtinken krigen .
Om ' t ik it idee haw dat de lêste tiid wat te folle ôfbylden oanbean wurde wêrfan nêt dúdlik is wat de boarne dêrfan is en at dy ôfbylden wol brûkt wurde meie op de wikipedy haw ik besocht dit earst mar wat dúdliker oan te jaan , mei de side Wikipedy : Ofbylden oanbiede . Fierders wol ik eltsenien freegje dy ' t de lêste tiid ofbylden oanbean hat en dêr fierder neat by oanjûn hat , dit dêr dochs noch by te setten . Ik bin ek fan doel om alle ôfbylden lâns te rinnen en dêrfoar te soargjen dat dit yn de oarder komt , want dit is wol belangryk om problemen yn de takomst foar te kommen . Of at der oaren binne dy ' t hjir ek oan mei helpe wolle , graach . Theun 12 feb 2007 , 20 . 44 ( CET )
It wurd dûmny komt fan it Latynske wurd dominus dat hear betsjut . Dûmny is in oansprektitel lykas professor dat is by in heechlearaar . Foar de oantsjutting fan it berop wurdt it wurd ' predikant ' brûkt . fy : Dûmny
Hee Hennie , Gooitzen en ik ha em hingjen sjoen . Prachtig net . Wij wiene sneontejoun nei de Harmonie , nei een Celtic super night . Dat wie ek prachtig ! Oant sjen .
It Frysk hat krekt lykas de Westgermaanske - talekloft namfallen hân . Sokke namfallen binne yn ferskate talen werom te finen , lykwols brûke de ûnderskate talekloften harren namfallen op oare wizen , sa ek it Frysk . It brûkme fan de âlde Fryske namfallen rint yn tiid en brûkme net lykop mei it Nederlânsk ( better sein Dytsk of Nederfrankysk ) en dêrom is de ferliking eins om ' e nocht en net sa relevant . . It brûken fan namfallen sjoch ik sels net as konservatyf ; - ) . Gjin midfase yn in taal is ek ' suver nuver ' . Yn de taalwittenskip wurde dy ferskillende tiidrekken as helpmiddel brûkt . It Frysk lit syn tiidrekken op ferskate wizen yndiele . Sa kin it wêze dat it tiidrek 1400 - 1550 somtiden ek as Midfrysk sjoen wurdt . Ik sil it dy sjen litte mei in lyts oersjoch :
Yn ' e tsjerketsjinst is de earste kear it ponkjerinnen foar F . OE . T ; de twadde kear foar in bysûnder doel : dat is foar begelieding fan de liturgy . Nei de MOARNS - tsjinsten is der " kofjedrinken " . It oargel wurdt bespile troch Gerk Venema út Snits . De lokale Omrop - Radio Gasterlân - ( FM 96 , 4 MHz ) stjoert de tsjerketsjinst út op de tredde snein fan ' e moanne fan 12 . 00 - 13 . 00 oere . De woansdei dêrnei is de werhelling fan 17 . 00 - 18 . 00 oere . Op de ynternetside http : / / www . radiogasterlan . nl binne alle programma ' s op beide tiidstippen te beharkjen .
SC Hearrenfean set ferskate spilers yn ' e etalaazje om wer út de reade sifers te kommen . Sa meie ûnder oare Elyounoussi , Igor Djuric , Milan Kopic en Papadopulos yn ' e winterstop omsjen nei in oare klup . Tongersdei makke de klup bekend dat it ôfrûne boekjier ôfsletten is mei in ferlies fan 14 , 9 miljûn Euro . Michal Papadopulos en Igor Djuric mochten fan ' t simmer ek al fuort , mar doe wie der gjin inkelde belangstelling fan oare klups .
Mei twa orkesten dy ´ t sûnder skoft elkoar ôfwikselen hoege je net bang te wêzen foar in petear . Soks bestiet net . In pear mominten koe it . Dan setten de fioele ( falsk ) en de harp mei elkoar útein . Dan wie it wat stil . Mar dat duorre net lang , want dêrnei barste it geweld fan 9 saksofoanen oer je út .
Ayns EBCDIC , ta A mooar ec 194 as a beg ec 130 .
Dit boekje is ferskynd ta gelegenheid fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2003 oan Willem Tjerkstra foar De ridder fan Snits , diel 1 , 2 en 3 . Behalven de taspraak fan deputearre Bertus Mulder , it sjueryrapport , de lokwinsk fan de foarsitter fan de KFFB en it tankwurd fan Willem Tjerkstra , stiet der in skôging yn fan Wim van der Schaaf oer ' Willem Tjerkstra as skriuwer foar de jongerein ' . KFFB - nûmer : 428 , ISBN - nûmer : 90 - 74918 - 49 - 2 , Lede - priis : 5 . 00 , Winkelpriis : 7 . 50 Lis mar yn myn winkelweintsje
Una visita , dall ' esterno , al deposito ACT di S . Croce ora di FER : mi era giunta voce di nuovi arrivi al deposito ma purtroppo erano già usciti , si ttrattava dei 2 . . .
Der binne fan âlds alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân . De measte hjirfan binne ûntstien , net troch ' t se stêdrjochten fan in hear krigen , mar trochdat it omlizzende lân harren as stêden erkend hat . Meidat de measte hannel earder mei it westen plakfûn en dêr ek de bêste ferbiningen mei see wiene , lizze de meeste stêden yn it westen fan de provinsje ; mar twa lizze eastlik fan de eardere Middelsee .
Noch gjin ieu letter , yn 1439 , waard it gebiet besuden de skiedsleat dochs losmakke fan Ter Iem . Dit soe om strategyske redenen dien wêze . It gebiet krige stedsrjochten ûnder de namme Iemnes - Binnendyks . Men mocht in eigen tsjerke bouwe , dy ' t wijd waard oan Sint Piter ( yn de folksmûle ' It dikke Tuorke ' neamd ) . By de tsjerke fan Iemnes - Bûten is de boustyl fan de toer ôflaat fan de Utertse Domtoer . In hast identike toer is boud yn Amerongen .
Foar har yn de jierren tachtich ferskynde stúdzjes ( ûnder oaren ' Kroniek van een eeuw universitaire frisistiek ' en ' De Friese beweging als gangmaker van Friese literatuur in de negentiende eeuw ' ) krige se yn 1988 de provinsjale Dr . Joast Halbertsmapriis .
Eartiids waard it gebiet befolke troch Yndianestammen . De namme is ôflaat fan it Yndiaanske Ken - tah - teh , dat " lân fan moarn " betsjut .
Bernlef de bek snoerd mei Kameleon persiflage . De Friese studentenvereniging Bernlef in Groningen moet flink in de buidel tasten . De vereniging moet ruim 11 . 000 euro betalen aan Uitgeverij Kluitman in Alkmaar . De studenten vonden een Friese Kameleon film wel op zijn plaats , omdat in het origineel geen woord Fries werd gesproken , terwijl het verhaal zich wel in Friesland afspeelt . Uitgeverij Kluitman , die de rechten heeft op de film , kon de grap niet waarderen en stapte naar de rechter . Die heeft nu bepaald dat de studenten over de schreef gingen en ruim 11 . 000 euro moeten betalen . Studenten De bek snoerd ? ! Bernlef oanpakt troch Steven De Jong & Klootman . In film dy t yn Fryslân spilet sûnder dat der Frysk yn praten wurdt ? Dat sucks , neffens de Fryske studinteferiening Bernlef . En dus makken se seis jier lyn in hypergeef Fryske persiflaazje ( De Kameleon Sjocht Yn It Waar ) op de Kameleonfilm fan Steven de Jong . Útjouwerij Kluitman wie lykwols not amused . . . der waard in proses oanspand en no seis jier letter moatte de studinten ta de bûse . De ludike , mar yllegale parody levere har in boete fan 11 . 300 , - op . Jild dat Bernlef fan t simmer mei in benefytaksje fan trije dagen byinoar skrape hat . De âlvetûzen euro is betelle oan Klootman en De Jong , dat se der mar wille fan ha meie . En no . . . wraak ? De Jong syn nije film Snuf de Hond in oorlogstijd is krekt út . . . of hat de rjochter Bernlef de bek snoerd ? ! Bernlef : http : / / www . bernlef . com / Persiflaazje : http : / / www . fryskekameleonfilm . nl / Kluitman : http : / / www . kluitman . nl steven de jong mailto : steven @ stevendejongfilms . nl Reakties : Hans Wiegel : \ " Kijk ik denk dat de Nederlandstalige film die gemaakt gaat worden nooit zoveel aandacht had gekregen als deze Friestalige film er niet was geweest . Dus ik zou tegen de uitgever , en dan kijk ik even recht in de camera , willen zeggen van strijk je hand over je hart . Iedereen hier is blij met die film en voor Kameleon en voor Kluitman is het ook een prachtige promotie . Dus doe er je voordeel mee Kluitman . \ " Piet Paulusma : \ " Ik haw sein , hjir wurdt Fryske humor tentoonspreid . Dit is in geweldige film , ûntspanning , gnize , gnize en noch ris gnize . Fantastyske grappen deryn ! \ "
Vledder is in esdoarp [ 1 ] yn it súdwesten fan Drinte yn de gemeente Westerfjild ( Westerveld ) . Yn it hjoeddeiske doarp wenje in lytse 2000 ynwenners . Oant de gemeentlike weryndieling fan 1998 wie Vledder in selsstannige gemeente fan sa ' n 3500 ynwenners . Ta dy gemeente hearden neist Vledder de doarpen Vledderfean , Wilhelminaoard , Doldersum , Boschoord , Frederiksoard en Nijensleek .
Nei it skildereftige ( mar gleonhite ) doarpke Stitswert kaam ik doe oer in fytspaad mei de namme Dingsteepad . Dit rint westlik fan it doarp en eardere kleaster Rottum . In yntrigearjende namme . Der sil hjir ea in plak west hawwe dat men doedestiids in * thingsted ( op syn Âldfrysk ) neamde , dêr ' t men gearkaam om te thingia ( Âldfrysk rjocht te sprekken en sa ) . Ik haw fanôf it sadel noch omsjoen nei dat âlde tingstee . Faaks wie dêr earne it midsieuske fergaderplak fan ' e Friezen fan ( it eastlik part fan ) Hunsingoa , sa yn ' e buert fan Kleaster Rottum en de terp Helwert dêr ' t Liudger in sekere sjonger genêzen hie .
Een gedicht wordt extra gewaardeerd met een duimpje en kan één of twee duimpjes bevatten . Mail ons uw eigen gedicht ( en ) en mogelijk komt u de eer toe , uw gedicht ( en ) te tonen aan heel veel medelanders . Voeg Gedachten - gedichten . nl toe aan uw facebook pagina door op de ' Vind ik leuk ' button te klikken . We danken u hartelijk voor uw aanbeveling !
De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma .
We ha ek noch in opsisferske fan de snie leard en dat giet sa :
MEPPEL - Speelwerk kinderopvang Meppel gaat na schooltijd de natuur in met stadskinderen . Daar is een speciale locatie voor gecreeërd in het Staphorster bos . Het project Natuur BSO is voor kinderen van 8 t / m 13 jaar en richt zich op kinderen die anders weinig tot niet in het bos komen . De . . .
It lot wie op dizze Freulepartij geunstich foar tal fan sub - toppers . Alle as favoryt oanmurken partoeren soene elkoar al foar de heale finale moetsje . Op de fjirde list troffen de toppartoeren fan Wommels en Makkum elkoar en dêr waard de Freule 2004 beslist . Makkum feroardiele it heechfavorite Wommels ta in fiifde pryske en sloech him fierder sûnder al te folle tsjinstân yn de krânse .
Hjoed : Wilders : Soad sitten yn Fryslân Gewoane minsken yn Fryslân hawwe har nocht fan de goedkeape en ûnsinnige pr . .
Jo kinne by elk stimburo yn jo wengemeente telâne . It stimburo dat it tichtst by jo yn ' e buert is , is op jo stimpas oanjûn .
Muze , besjong my de reis fan it learde en eptige selskip ,
Yn 1977 is der in boekje útbrocht mei der yn allegearre âlde foto ' s fan Easterein
Men moat witte wat men te melden hat , at men skriuwe wol . Ik kin wol oeral oer skriuwe , mar dat smyt noch gjin gearhingjend gehiel op , wêrfan ' t in potinsjele lêzer ûngefear wit wat te ferwachtsjen .
Sa ek Grutte Evert ( Syn efternamme is nimmen to witten kaam )
Ei op sterven na ontdekken de dichters plots De bedarende mirakels van goden , aforismen , Aspirines , tederheden . Voor het eerst kan hun lief Iets van haar lief met haar lippen lezen .
Yn de tiid dat de twa ferkearing hiene , holden se net iens inoars hân beet om ' t se tochten dat dêr bern fan komme koene . Nei it houlik slepten se wol tegearre , mar allinne yn de letterlike sin , sûnder har oer te jaan oan it lizzende wurk . Man en frou hawwe beide in universitêre oplieding en binne yn de tritich . Se ferklearje harren ûnwittendheid trochdat se altyd allinne mar op skoalle ôfjage west hawwe .
Ron Jans wurdt de nije trainer fan SC Hearrenfean . De 51 - jierrige Jans krijt takom seizoen de lieding oer de earste seleksje fan de fuotbalklup . Hy sil in kontrakt tekenje foar twa jier . Oer de ynfolling fan oare trainers yn de technyske stêf sil ynkoarten praat wurde . Hy begjint 1 july . Jans mak . . .
Neffens Tuinstra ' ferloeken [ de Hollanners ] gjin spier , do ' t er det sei . ' 724
" Dat giet mar za net : Rjogt in Sljogt .
Yn New York wurdt al 10 . 000 kante meter dak wyt makke . Bloomberg hat beloofd om Doyle op de hichte te hâlden , sadat er de maatregel by sukses yn New York , ek ynfiere kin . Wite dakken binne goedkeaper as daktunen , dy ' t ek sjoen wurde as goede oplossing om de opwaarming fan de ierde tsjin te gean .
Waarden se der oanholden troch de plysje . En nou kin mannichien wol ferhalen fan dy lannen onder de evenaar . " Der moat alles ofkocht wurde oars kom je ' t lan net levend ut . " " Minhear " , sei de beambte , " Jo hawwe jo ljochten net oan " . ( it wie ljochtskyndei ) .
Op 10 novimber wie der in gearkomste fan de sosjalisten yn Rotterdam . Neffens harren lieder Arie de Zeeuw wie it no saak om it inisjatyf te nimmen foardat oaren dat dwaan soenen . Troelstra wie solidêr , mar tagelyk ek hoeden mei de sosjalisten yn Rotterdam . By dy gearkomste waard besletten om net fuort de oare deis mei de arbeiders te protestearjen . Der waard wol besletten om it partijkongres in wike earder te hâlden . Dêrneist soe der kommisje komme dy ' t in list mei easken meitsje soe . De oare deis , op 11 novimber , wie de list mei easken op skrift set . Troelstra wie bêst tefreden mei de easken fan de kommisje .
By de foarronde fan tongersdei 24 maart wienen ferslachjouwers fan Froeks . tv oanwêzich . Sy hawwe in item makke oer SjONG . Sjoch hjir foar it filmke .
De basketballers fan De Friesland Aris ferlearen sneon fan Nijmegen mei 89 - 83 . De Ljouwerters stienen mei oardel minuut te gean noch foar , mar yn in bizarre slotfaze gie de ploech fan Pete Miller ûnderút . It ferlies wie ekstra soer om ' t Aris hiel sterk útein setten wie . Yn it earste kwart . . .
De woansdei as de ballonfeesten begjinne wurdt ek de Boerebrulloft hâlden , mei as mûglik in echte trouwerij . Ek wurdt der dy dei hurddraafd en middeis is der ringriden .
Op 14 novimber 1947 waard foar it earst nei oalje boarre op see , yn de Golf fan Meksiko , foar de Amerikaanske kust , besuden Morgan City yn Louisiana . Ynearsten waarden ôfsinkbere platfoarms brûkt , mar al rillegeau stapte men oer op hefeilannen en foar djipper wetter op semy - submersibles en boarskippen .
Een prima plan dat getuigt van visie . ( )
No wat oars . Oer hoefolle jild ha wy it ? Of is dit inkeld in symboalyske slach ?
Windlust yn Wolvegea , de grutste nôtmûne fan Nederlân , is restaurearre . De mûne wie de lêste jierren flink oantaast troch de bûnte kjifkrobbe . De yn 1888 boude mûne stiet midden tusken de bebouwing . Yn de rin fan ' e tiid rekke de mûne yn ferfal en yn 2005 waard dûdlik dat de bûnte . . .
Swimme 1956 De klean op in protsje yn e sleatswâl . . . . . . Lees verder
Hindrik van der Meer groeide op yn in muzikale boerehúshâlding yn Bantegea , as âldste fan fjouwer bern . Mem wie lid fan it pleatslike sjongkoar en skreau ferskes foar brulloften en in mânsk boek oer de minsken fan Bantegea . Heit en de fjouwer bern spilen by it pleatslike korps ' De Harmonie ' . Hindrik folge de ûnderwizers oplieding oan de kristlike kweekskoalle yn Snits . As begjinnend ûnderwizer hat er , tegearre mei syn frou Beitske Stavenga fan 1961 oant 1962 - flak foar de oerdracht fan it gebiet oan Indonesië - wurke by de Papoea ' s yn it doe - tiids Nederlands Nij Guinea . Werom yn Fryslân waard er learaar Frânsk oan de kristlike mulo te Harns . Inkelde jierren letter kombinearre hy dy baan mei de stúdzje Skoalmuzyk , earst yn Ljouwert oan de Muzyk Pedagogische Academy en letter oan it Grinzer konservatorium . Letter kaam er werom op de kweekskoalle te Snits , doe ' t er dêr yn 1970 in beneaming krige as learaar muzyk . Doe ' t de Pabo yn 1990 nei in fúzje ûnderdiel waard fan de Christelijke Hogeschool Noord Nederland ( CHN ) en nei Ljouwert ferhuze , koe er mei in regeling út it ûnderwiis stappe .
Tekens fan geastlike beskaving Wat hawwe wy in rike taal , no ? No !
Ferskate kearen is Harns besocht troch de steedhâlderlike en letter keninklike famylje . It earste besyk wie fan Willem fan Oranje .
Akaadje wie eartiids in Frânske koloanje yn Kanada , yn de tsjintwurdige provinsje Nij Brunswyk en Nova Scotia . De befolking wie Frânstalich . Yn 1713 waard it Ingelsk en nei in tiidrek fan ûnderlinge spannings waard yn 1755 meastepart fan de Frânske befolking troch de Ingelsken ferdreaun . Sy kamen yn de sompen ( bayous ) fan Louisiana terjochte , dat doe noch fan de Frânsken wie . De Amerikanen , dy ' t it gebiet yn 1803 fan Napoleon kochten , neamden harren " Acadians " . Sûnder de " A " en op útsprutsen op syn Amerikaansk is dy beneaming geandewei ferbastere ta " Kajun " , de tsjintwurdige namme foar de befolking , it gebiet en harren keuken .
Oantinken - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - Moanne , sjoch omheech nei de ne Hear de stim fan dyn dreamen Fiel rêft fan de moarn Asto ienris de sin fan bêstean wer ferstiest Kinst de dagen t wer oan Dreame , ' k sil myn libben dreame Fan it tiid yn ' t ferline Och moai wie ik doe Ferjit ik de dei dat ik k noch ferstie Dat ' k dy tiid ris waan koe Moanne en stjerren sil likke Skimmen krije kleuren d ' Iere is in kleed oer fjilden En blommen e geuren Deiljocht , ' k bin op wei nei eiljocht Ut myn dream waard ik er Fan myn jok bin ik frij Yn it ljocht ' k de nacht no as in oantinken sjen En dreamen nim ik mei Sinne spried dyn te strielen Wiid út oer de ierde Al myn els bin ferblikke as stjerren Ferjage h de sinne Nea wer , lit my nea wer ne Slach dyn earm om my hinne Jou dyn de oan my Hâld my fest en dan wisto wat k foar my is Want gelok is tichteby Less
Op it stuit produsearret Sina 97 % fan alle seldsume ierdmetalen yn ' e wrâld . Dy wurde fral brûkt yn hightech - elektroanika , oplaadbere akku ' s ( Prius ensfh ) en sinnesellen . It Sineeske monopoalje hat syn grûn yn de oanwêzichheid fan grutte foarrieden [ . . . ]
Hjirby wol ik graach de studinten Frysk fan de earstegraads , fan de twaddegraads , fan de Spesjalisaasje Meartalichheid Masters , de dosinten dy ' t oan dy stúdzjerochtingen lesjouwe en alle oare lju mei belangstelling foar oare lannen en kultueren fan herten útnoegje foar in bysûndere lêzing troch de hear Bryn Tomos fan de University of Bangor yn Wales .
Op 20 febrewaris 2008 is yn it gemeentehûs fan Drachten de Rink van der Velde - priis takend oan it boek " Sitebuorren , myn eigen paradys " . De priis bestiet út in oarkonde , in byld fan Anne Woudwyk en in jildbedrach . It is de … Continue reading
Yn Ferwachting | Yn ferwachting wêze | It ' ik wurd mem deiboek ' fan . . .
Het boek ta jo van Marije Haaima - Hoekstra is op dit moment op voorraad in ons magazijn . De prijs is € 25 , 00 incl . bezorging thuis of op het werk .
' k Droomde : hy ging reys by my sitten ,
heej Auke . . dan moet je volgende keer misschien maar even wat beter tellen : P
Wolkom op it porteal fan de Wikipedy - mienskip Dizze Frysktalige Wikipedy hat op it stuit 20 . 883 siden .
Yn de westerske wrâld hawwe it Koinee , Latynsk en Frânsk allegear lingua francas west yn ferskate tiidrekken . Frânsk wie al yn de 17e ieu de diplomatike taal fan Jeropa en is júst dêrom de wurktaal wurden fan in soad ynternasjonale ynstellings . Ek it Dútsk hat yn de 19e en 20e ieu yn guon parten fan Jeropa de lingua franca west . Ingelsk is de hjoeddeiske ynternasjonale lingua franca fan de westerske wrâld , it Frânsk wurdt bot bedrige as lingua franca fan de diplomatike wrâld .
Yn de stúdzje oer de persoan en it wurk fan Murray Bakker falle benammen twa saken op : syn bysûndere kultuerhistoaryske eftergrûn en syn autintike ferskining . As taal - en libbenskeunstner hat er in hiel unyk plak yn de 19de - ieuske Fryske kultuer . By it proefskrift hearre noch twa oare boekdielen , in diel twa mei syn literêre wurk Samle wurk fan L . C . Murray Bakker , fersen en ferhalen en diel trije mei boarnemateriaal Boarnemateriaal Murray Bakker , brieven , fersen , farianten , ferhalen en oare stikken .
This entry was posted on 30 / 04 / 2011 at 15 : 41 and is filed under Fryskens . Tagged : Fryskens , Goffe Jensma , Huub Mous , kultuerskiednis . You can follow any responses to this entry through the RSS 2 . 0 feed . You can leave a response , or trackback from your own site .
Oort fûn yn 1927 it bewiis foar de teory fan Bertil Lindblad dat de molkwei rotearret . Hy die dat troch de beweging fan fiere stjerren te analysearjen . Oan de Ryksuniversiteit Leien waard hy yn 1930 lektor en neidat de Deen Ejnar Hertzsprung nei it hommelske ferstjerren fan De Sitter yn 1934 heechlearaar / direkteur fan de Leienske Stjerrenwacht wurden wie , krige Oort in beneaming as heechlearaar . Syn oraasje yn 1935 hie de ienfâldige titel " De bou fan de stjerrestelsels " . Yn de jieren tritich en fjirtich waard syn belangstelling wekt foar radiostrieling yn it hielal .
Tags : Sint Nyk Hjoed Nicolaasga Kryststà ¢ l swarte kening black king Henk Nota pastoar Omrop Fryslà ¢ n kerststal Omrop Fryslà ¢ n Friesland Frysk Fries Omroep Friesland
Follybal is ien fan de acht Olympyske sporten dy ' t yn team ferbân beoefene wurde . Sûnt 1964 stiet sealfollybal , foar manlju en froulju , op it program fan de Olympyske Spullen as medaljesport . Yn 1996 waard it strânfollybal oan it Olympyske program taheakke .
« Se binne der wer | Hoofdmenu | Yn de bûse ! »
FNP - er Oosterhof : " Middel is fan de ideology fan grutter - is - better . In dwaalpaad . Wy wolle graach dat Middel ophâld mei prestyzjeplannen as gruttere gemeenten en djoere treinspoaren . Yn stee dêrfan wolle wy dat hy earst docht wat der fan in boargemaster ferwachte wurde mei : de rinnende plannen goed útfiere . It sintrum fan Drachten leit der by as in woestyn en der is altyd wol wêr in ekskuus werom it net opsjit . En de blaue farve fan wat de Drachtster Feart wurde moat , is dêr al wer ôfsliten troch de autobannen " .
It Murnser Klif jout in moai útsjoch oer de eardere Sudersee . By moai waar kin men Inkhuzen lizzen sjen . De earste kilometer foar de kust bestiet út helder ûndjip wetter . Tusken Murns en riis leit de Rysterbosk .
In mei heb ik op het artikel over Wurdum een door mij gemaakte foto toegevoegd van de kerk . Later heeft u daar een verhaaltje bij geschreven . De schrijfwijze is echter niet consequent . De ene keer staat er " Sint Martentsjerke " , de andere keer " Sint Martinustsjerke " . Op het meegefotografeerde bord staat " St . Martinustsjerke " . Op het ANWB - bord aan de kerk staat " Sint Martinuskerk " . Ik weet niet wat de gebruikelijke benaming in Wirdum is , maar ik denk dat de omschrijving op de borden wel goed zal zijn . Ik weet niet of er in het Fries een koppelteken tussen " Sint " en " Martinustsjerke " hoort , zoals in het Nederlands ( Sint - Martinuskerk ) , maar ik denk het wel . In het Fries woordenboek staat ook " Sint - Marten " en " Sint - Janskrûd " . Zou u hier eens naar kunnen kijken ? Bouwe Brouwer 16 . 13 , 12 aug 2006 ( CEST )
Troch in yntervinsje fan it Yndiaaske leger waard yn 1987 in sjitferbod oerienkomd . Yndia stjoerde dêrnei troepen mar luts him yn 1990 wer werom omdat der net slagge wie om de Tamiltijgers te ûntwapenen . Yn 1993 kaam de presidint fan it lân troch in oanslach om it libben . Nei 20 jier fan fjochtsjen binne de Tamiltigers en de regearing ta in sjitferbod kaam yn febrewaris 2002 , nei ûnderhannelings werby ' t troch Noarwegen bemiddele waard .
De stikken ' Fûgeltsjelân ' binne mei elkoar 70 hektare grut . Der wurdt rûge dong brûkt en pas yn de neisimmer meand . Yn de lannen binne strânljip , ljip , tsjirk en ljurk te finen . Op de blomrike greiden groeie bûterblom , soere surk pinksterblom rynsk .
Har skilderijen binne ferstild en har tekeningen boartlik . Beide aspekten komme werom yn de gedichten fan Matty de Vries ( 1959 ) . Noch mar in pear jier is de keunstneres oan it skriuwen . In skriuwer neamt se harsels noch net . Doart se net . Har kreative talint is foar har de gewoanste saak fan de wrâld . ' Ik lûk in laadsje iepen en der komt wat út , ' sa ' t se sels seit . Dat se tekenje en skriuwe kin , wist se earst net . As oaren har net oanmoedige hienen , wie se der noait oan begûn . Op kursussen learde se in pear techniken ; de ynspiraasje siet gewoan yn harsels . Troch it fertrouwen dat oaren yn har hienen , koe se út har skulp weikrûpe .
Op basis fan ' e Fryske kanon makket Omrop Fryslà ¢ n skoaltelevyzje in searje televyzjeprogramma ' s oer de iere skiednis fan ús provinsje . De programma ' s binne bedoeld foar de earste klassen fan it fuor
Knol wennet tegearre mei har eardere trener / ploechlieder Wim Kruis . Hja hawwe in dochter .
Om ' t it boek nei alle kriteleden tagiet , sil it op syn minst in oplage fan sa ' n 2500 - 3000 eksimplaren hawwe . Dat is de muoite wurdich foar advertearders .
Oant 1943 lei de Rottefalle yn trije gemeenten : Smellingerlân , Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen . Yn 1953 waard it útroppen ta ' foarbylddoarp ' . Op it begraafplak stiet ien fan de mear as sechstich klokkestuollen yn Fryslân .
bron : Harmen Wind , It ferset . Utjouwerij Fryslân , Leeuwarden 2004
As hja ( dy Hollanders ) hjir yn Seisbierrum komme moasto net rekkenje dat ik my ferbrek . Dy Hollanders passe harren mar moai oan . En dêr komt by ; as se jild oan ús fertsjinje kinne , kinne se ús poerbêst ferstean .
De ferwachting is dat Riemersma it pakket fan Posthumus frij flot oernimme kin , om ' t er foar krekt deselde saken wurdfierder wie yn de foarige perioade . De kommende wiken sil Riemersma de fraksjebyienkomsten al bywenje , sadat er yn maaie goed ynwurke is .
Mar de rek is der wilens wol wat ? t . O nee , ik soe net mear eamelje . Dan mar gau wer it each op de berch mei boeken ? ter ontspanning ? dy ? t ik ? t ? e byb helle ha : Eragon : Oudste ( Paolini ) , Het Gouden Kompas : Het Noorderlicht ( Pullman ) , De Graal ( Chr ? tien ) , Einde en Begin ( Szymborska ) en Mythologie voor Dummies .
De Toraja hawwe ornaris twa begraffenisseremoanjes : in lytsen fuort nei it ferstjerren fan in famyljelid , en in grutten dy ' t ferskate dagen duorret , neidat alle tariedings derfoar makke binne . Dy hâlde ûnder mear yn dat der genôch jild byinoarkrigen en it nedige fee kocht is en dat famyljeleden en freonen út alle wynrjochtings oankommen binne . Om ' t de lju dêr de tiid foar nimme moatte , wurde tomate meastal holden yn it droege seizoen , fan july oant septimber , dat de Toraja " de feesttiid " neame . It lyk fan ' e deade bliuwt al dy tiid yn it hûs dêr ' t hy of sy ferstoarn is . Eartiids waard it bewarre mei tradysjonele balsemkrûden , mar hjoed de dei makket men faker gebrûk fan in ynjeksje fan in stof mei in balsemjende wurking .
De ynterfaasje , ( Ingelsk interface ) , is in keppelstik of in kompjûterprogramma , dat de funksje hat eat oer of om te setten . In keppelstik docht soks meganysk en in kompjûterprogramma troch bygelyks it iene koadeformaat yn it oare koadeformaat oer te setten .
De stêd Medemblik hat in oerflakte fan 108 , 81 km ² ( wêrfan 100 , 05 km ² wetter ) . Medemblik is de âldste stêd yn de gearwurkingsregio West - Fryslân . Medemblik wie oant 1 jannewaris 2007 in selsstannige gemeente , dêr ' t gjin oare plakke by hearden . De gemeente hearde ta de lytste fan de provinsje Noard - Hollân . De nije gemeente ûntstie troch in fúzje fan de gemeenten Noarder - Koggelân , Wognum en yn 2006 waard besluten dizze de naam Medemblik mei te jaan .
De boerinne wie in wakker guodlik en sêftsedich minske . Hja hâlde oars altyd Jildert syn wâl op , hja wie wat namsiik ; mar dizze set stie har dôch mar ris tige min oan . It griisde har sa om dy twa bern : ' Dy sloven ! ' sei se , ' hy hie se foar al har libben ongelokkich meitsje kinnen . '
Binne der ienris in stikmannich trouwe Wikepedianen dy ' t in fêste kearn fan dizze Wikepedy útmeitsje , dan kinne dy meiinoar in ploechje foarmje dat kediist oer it útwreidzjen fan dat fûnemint . Der kinne dan bygelyks ynformaasjesiden foar nije dielnimmers bykomme , aardich mear haadûnderwerpen , en in bettere struktuer en organisaasje . Dat , lit it nijs oer de buorren gean !
Se wurdt hieltyd faker frege foar optredens by ferienings , famyljes , kulturele ynstellings of soarchsintra . As der spesjale winsken binne foar in bepaalde tekst of in bysûnder ûnderwerp , dan kin dêr rekken mei hâlden wurde .
Mar dizze mienskiplike fartocht , yn it kader fan de wike fan de Skiednis mei as téma " de buorlju " organisearre troch beide gemeenten , jout wol oan dat de bestjoerlik ferhâldingen ûnderinoar wol es minder west ha en hoecht Ljouwert net bang te wêzen dat Grou har posysje bedriigje sil .
De oare haadlinen fan Hjoed fan 11 oktober * trajekt Ljouwert / Starum à » nfeilich seit masinist ramptrein * basisskoalle Warten nei 115 jier ticht
In histoaryske tornado dêr ' t de spoaren oant hjoed de dei fan te sjen binne is de tornado dy ' t yn de simmerstoarm fan 1 augustus 1674 de Dom fan Utert trof . It middenskip fan de tsjerke stoarte yn en sûnttiids stiet de Domtoer los fan de tsjerke . De brokstikken bleaunen noch lang lizzen , mar nei oprêden hjirfan is dat plak it Domplein oanlein .
De patriotten yn Boalsert hellen tusken 1782 en 1789 lanlike oandacht fan de parse . De ynfloedrike boargemaster Van Hiemstra waard passearre , de froedskip hâldde har âlde grutte , der waard in frijwillige skutterij oprjochte en Boalsert wie de ienige stêd dy ' t yn septimber 1787 de Pretenske Steaten yn Frjentsjer erkende .
Fedde Schurer hie fan jongs ôf socht nei pasifistyske geastbesibbenen yn de polityk , mar hie net folle op mei it politike hânwurk . Dochs hat er as folksfertsjintwurdiger oan it wurk west . Nei preaun te hawwen oan de ARP dêr ' t er him , teloarsteld yn de polityk fan Hendrik Colijn , wer fan ôfkearde , waard er lid fan de CDU . Tegearre mei Douwe Kalma wie er yn 1929 by de keamerferkiezings foar dy partij listoanfierder foar Fryslân . Yn 1935 kaam Schurer foar de CDU yn de steaten fan Noard - Hollân mar luts him al nei in jier wer werom : de provinsjale polityk fielde hy him net yn thús . Yn 1938 waard Schurer lid fan de SDAP . Doe ' t de Partij fan de Arbeid oprjochte waard , slute hy him dêr by oan . Foar dy lêste partij hat er fan 1956 oant 1963 Twaddekeamerlid west .
Hy gappe nei de siken wylst er dy wurden úthime .
Tags : Bad Romance Lovegame Pokerface Paparazzi Gaga Lady Kyree Myst Mega Mix Remix Megamix Electro House Club MP3 Download Link ( Remix ) disco heaven Warhol All Songs The Fame Intensity Monster Aude Dave Chew FU Bimbo Jones Alejandro Telephone Just Dance premiere djck se : sa se - sa earworm [ Mashup ] demo HIP HOP RNB TRANCE ( Electro - House Remix ) Dark o ' donis Pinchadas Temazos sould techno electronic music music dance music just dance lady gaga poker poker face rida
De omgeving wie skitterend ! We bin sa ' n twa oeren te riden west , oer heuvels , troch rivierkes , langs struken . Underweis seach ik ergens in karkas lizzen . Doe hie ik echt it idee dat we yn ' t Wylde Westen wienen !
It is feest It Tomke - projekt stimulearret it lêzen en foarlêzen yn it Frysk oan lytse bern . De Tomke - boekjes mei ferhaaltsjes oer Tomke en Romke komme fia boartersplakken , bernedeiferbliuwen , konsultaasjeburo ' s en bibleteken by de bern en har âlden telâne . It tema is dit jier " It is feest " , om ' t Tomke dit jier fyftjin jier bestiet .
Se is sa stadichoan al aardich bekend oan it wurden , de yn Starum berne en no yn Zwolle wenjende yllustratrise Marijke ten Cate . Ek op it mêd fan bernebibels festige se har namme . Sa wie se foar Nederlân de yllustratrise fan de hjir koartlyn besprutsen bernebibel fan biskop Tutu . It byld is dan ek in wichtich ûnderdiel fan sokke ferhalen , benammen as it giet om jonge bern . De printen sizze in soad oer it ferhaal en helpe mei de tekst by bern oer te bringen .
Taco Roorda studearre yn Grins teology . Yn 1824 sleat er syn stúdzje ôf mei in promoasje ta doktor . It jier dêrop krige hy in Grinzer earedoktoraat yn de letteren . Ynearsten waard Roorda dûmny yn Lytsegast yn Grinslân .
Op krystjûn by Omrop Fryslân de hichtepunten fan in tal krystkonserten dy ' t wy de ôfrûne jierren opnommen ha .
Freed 6 maart wurd yn Utert de earste gearkomst hâlden yn in reeks troch hiel Europa . MozCamp is in searje fan lokaal organisearre barrens fan minsken dy ' t mei passy dwaande binne en reitsje oer it Iepen Web . It is de bedoeling dat de MozCamp - gearkomsten romte biede foar diskusje , demonstraasjes en it tegaar betinken en útfieren fan aktiviteiten om it iepen en gearwurkjende karakter fan it ynternet te behâlden . Yn Utert sille ferskate leden fan it Mozilla - projekt oanwêzich wêze , ûnder oaren Tristan Nitot . De Frânsman is oprjochter en foarsitter fan Mozilla Europe . De folgjende partijen hawwe sich ferbûn oan de organisaasje fan ' MozCamp Utrecht ' : Internet Society Nederland ( ISOC ) , de NLUUG , de Nederlânske Linuxbrûkersgroep ( NLLGG ) en it programmabureau NOiV . As it yn it programma past , dan sil ik der ek noch in praatsje hâlde oer myn wurk foar Mozilla . Mear ynformaasje oer MozCamp Utrecht op MozCamp / Utrecht Tafoegje oan Delicious
De kreakers yn it sintrum fan Ljouwert ha sneon de doarren iepenset foar it publyk . It wie sneon de lanlike kreak - aksjedei as protest tsjin it kreakferbod fan de Twadde Keamer . Dat hà ¢ ldt yn dat kreak
CLAAS HEMMES , fan Bûtenpost is 43 jier . Hy hat op snein 14 july fan timmerman Ysbrand Willems to Augustinusgea fan de bleek 8 jelne seil stellen . Strang gisele en 3 jier tichthús . ( 247 - 7 - 9 - 1782 )
Himelfeartsdei wurdt in echte simmerdei , mei in soad sinne en 20 oant 22 graden . It is rêstich waar mei in swakke of heechút matige wyn út in noarden oant noardeasten . Freed op ' e nij flink wat sinne en simmerwaarmte , 21 oant 24 graden . De wyn is matich oant frij krêftich en komt út it noardeasten . . .
Hearrenfean komt yn it lêste diel fan de tarieding op it seizoen . Dizze kear wurdt oefene tsjin Mallorca . Boppeslach hat in reportaazje . Fierder de lêste dagen fan Lieuwe Westra yn syn earste Tour . Keatser Johan van der Meulen yn België . En de lêste ôflevering fan de keatskursus , ' Keatsen foar . . .
Skiermûntseagersk hat him ûntjûn ta in unike foarm fan it Frysk , dy sterk ôfwykt fan ' e Fryske standerttaal . Foar de ferklearing fan dit ferskil wurdt ornaris wiisd nei ien as mear fan de neikommende oarsaken :
Begjin fan ' e middei stapte ik yn Tersoal op ' e bus . Lykas wenstich foar in dalkaartsje fan € 3 , mei om ' t sa ' n los kaartsje sa maklik is foar de reiskostefergoeding . De sjofeur ( dy ' t boppedat tige noartsk Hollânsk prate ) warskôge dat ' oer trije wiken ' it dalkaartsje ôfskaft wurdt . Dêrfoar yn it plak komme , neist de OV - chip , kaartsjes fan € 4 , dy ' t net jildich binne om mei oer te stappen .
Ear ' t it sa slim beteare koe , hie kening Willem I der mei syn Raad van State al tige wichtich wurk fan makke . Perfoarst ûnder ynfloed fan wat de stoarmfloed fan 1825 oanrjochte hie . Doe wie der sels in stik fan de Hegedyk , tegearre mei in part fan in boerepleats glêd ferrinnewearre .
Yndia is it mearpart fan in natuerlike ienheid , omsletten troch de Yndyske Oseaan en de Himalaja . Dêrtroch is it mûchlik te stribjen nei in ryk dat gâns it gebiet omfiemet . It is lykwols in enoarm gebiet , en troch de ôfstannen wie it hast net te dwaan sa ' n ryk yn stân te hâlden . Yn de histoarje fan Yndia binne dan ek ferskate riken opkaam dy ' t in grut part fan it gebiet yn hannen hienen , mar dan wer útelkoar foelen .
een spoor van stappen , zij aan zij , de Heer liep aan mijn hand
Tongersdei wurdt in waarme dei mei sa ' n 26 oant 28 graden . Op de eilannen is it in pear graden koeler . De wyn komt út it suden en is swak oant matich . It is de opmaat nei de tropysk waarme dagen dêrnei .
Als onderdeel van de WMO ( Wet Maatschappelijke Ondersteuning ) zijn er negen taakvelden overgedragen aan de gemeente , waaronder de huishoudelijke hulp . De nadruk bij het ouderenbeleid ligt op het zolang mogelijk zelfstandig blijven wonen en op het zolang mogelijk meedoen met het maatschappelijke en culturele leven ( de eerder genoemde kangoeroewoningen kunnen hierbij een bepalende rol spelen ) .
Stfting Sosjaal Sintrum d ' Ald Skoalle stiet oan de Skoallestrjitte . Der is in Aktiviteitenkommisje . Us Jûn is de soas en it pjutteboartersplak hjit de Peutersoas . Der binne twa basisskoallen : De Lytse Terp en De Wizebeam . In diel fan it Bitsk Dokumintasysintrum sit yn de bibleteek .
De Amerikanen hienen miskien witte kinnen fan de Japanske driging tsjin Pearl Harbor , en der wienen ek oanwizings foar 9 / 11 , mar dat se der neat tsjin dien hawwe komt neffens my earder fan ynkompetinsje , miskommunikaasje en arrogânsje as fan de winsk om in oanlieding te hawwen foar oarloch en anty - terrorismewetten . . Wol komt de terrorismedriging handich út . Neffens my wurdt de terrorisme driging misbrûkt om in al fêststeande agenda fan feilichheidsstsjinsten en Justysje te realisearjen . Ek yn Nederlân . Gjin terrororist sil him ommers tsjinhâlde litte troch de ID plicht of kameratafersjoch . . Trouwens , de NHL hat ûndersyk dien nei kameratafersjoch , sy miene dat de kamera ' s gjin oertredings foarkomme , mar dat de pakkâns wol omheech giet .
Menco Schuurman , autopoetser / krantenbezorger , Drachten
Yn de omkriten fan it Saailân yn Ljouwert binne yn de boaiem koartlyn resten fûn fan de âlde Wurdumerpoarte en stikken fan de âlde stêdswâl . It giet om bouwurken út de 16e ieu . De archeologyske fynsten binne fûn by de wurksumheden oan it nije Saailân . Dat wurk giet troch . De ferwachting is dan ek . . .
XI - g Robert van Boxelaer , soan fan Jerome van Boxelaer en Elodie Maria Piscaer ( sjoch X - m ) . Robert troude mei .
Yn de Mienskip bigoun it noch yn datselde jier 1919 omraek to spannen . Alderearst staple it kalvinistysk diel fan de kearn ( A . M . Wybenga , M . S . E . Visser en E . B . Folkertsma ) op fanwegen prinsipieel skeel mei Kalma . It heakke op ' e karbrieven hwerfan it iene it oare jage . It gyng dêrby binammen om de koerts fan de Mienskip dy ' t de rjochtsinnige protestanten in kalvinistyske riis jaen woene , wylst Kalma en syn neiste
Fierdere publikaasjes folgen yn It sjongende Fryslân ( 1917 ) en De nije moarn ( 1922 ) , beide karlêzingen gearstald fan Douwe Kalma , dy ' t Rixt tige priizge om har moed . Om as jong frou nei bûten te kommen mei leafdesfersen dy ' t rjocht út it herte kamen , wie yn dy tiid yn it ynbannige Fryslân nei syn betinken wol moed foar nedich . Troch de loovjende krityk fan Kalma wie Rixt har namme as dichteresse dy ' t it neiste sei , yn ien kear fêstige . Mei har persoanlike poëzij kundige hja de nije dichtkeunst oan dy ' t ûnder de Jongfriezen ta bloei komme soe . Hoewol ' t hja mar in lyts oeuvre skepen hat , dat frijwol folslein sammele is yn har ienlingsbondel De gouden rider ( 1952 ) , nimt Rixt in fernaam plak yn de Fryske literatuer . Oant op hege jierren libbe hja tige mei yn alles wat mei de Fryske skriuwerij te krijen hie en Rixt ferhege - as " grande dame fan de Fryske poëzy " , sa ' t hja doe wol neamd waard - mannich literêr barren troch allinne har oanwêzigens al . Yn 1953 is har foar De gouden rider de heechste Fryske literêre ûnderskieding , de Gysbert Japicx - priis , takend .
Hawar ! Wy hawwe fernommen fan de pryslike kening , de Gardenen út eartiden en hoe ' t ealju heldendieden útfierden . Faken skeinde Scyld Scefing troepen . Fan manich folk ûntnaam hy meabanken en iggewearre de Eorl . Sûnt dat momint waard er faksearre fûn . Him waard lykwols fuortsterke bearn . Hy wûks ûnder de wolken . ( Wurdjearring waard him jûn ) . Oant dat elts fan de omwenjenden him oer de walfiskreed hearrigens ferskuldige wie en harren goedachting jilde liet . Dat wie in goede kening !
The truth , the whole thruth and nothing but the truth . Fansels fang ik mear as sa ' n suertsje yn ' e bleate kont .
Meidat de isotermen fan de ierde nei it noarden opskowe ( goed 60 km de tsien jier ) , krimpt it Arktysk gebiet ( neffens de definysje fan temperatuer en beamgrins ) op it heden . [ 1 ] Dit proses is faaks it bêst te fernimmen oan it jierliks ferlies fan seeiis . Guon modellen foarsizze dat it iis yn de moanne septimber ( benei ) hielendal fuort wêze sil yn 2040 , oare foarsizzende kompjûtermodellen hâlde it op in flink skoft nei 2100 . Likernôch 50 % fan de analyses foarseit it hast hielendal , of sels folsleine , ferdwinen fan it seeiis , yn de moanne septimber , yn it jier 2100 .
" Lokwinske , Meester Troelstra , " andere de man , " in lytse genamt dus , dêr sil mynhear syn heit wiis mei wêze , dat der by jimmes in stamhâlder berne is , as ik him fan ' e middei sjoch , sil ik him felisitearje . Is it goed mei Mefrou en mei de lytse ? "
Willem Tjerkstra is op 15 augustus 1943 berne as soan fan Bernardus Tjerkstra en Jacoba Fortuin , op It Heidenskip , op it skûtsje De twee gebroeders . Op syn 10e ferhuze er nei Terherne . Hy folge in oplieding ta ûnderwizer . Oan ' t 1989 wie er aktyf as direkteur / ûnderwizer ; it langst stie er oan basisskoalle De Ark yn Snits . Yn 1989 kaam er yn tsjinst fan It Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding Fryslân yn Ljouwert , dêr ' t er him ta lei op it skriuwen fan Frysk lesmateriaal en fierder einredakteur wie fan Byntwurk en stikken levere oan de learlingeblêden Sjedêrrr ! ! ! en De Holder .
Elk hat rjocht op eigendom , itsij allinne , itsij yn ' e mande mei oaren .
Freddy Mercury stoar op 24 novimber 1991 om 19 . 00 hinne yn Londen oan in longûntstekking , as komplikaasje fan aids . Hy waard 45 jier âld . Yn de lêste moannen fan syn libben hat er noch in stikmannich ferskes opnaam foar de leste Queen kompaktskiif , Made in heaven . Dy kompaktskiif kaam fjouwer jier nei syn ferstjerren út , yn novimber 1995 .
Der wie ris in âldgeit dy ' t sân jonge geitsjes hie . Hja wie der tige mâl mei , lykas elke mem mâl mei har berntsjes is . Op in dei soe se de bosk yn om iten te heljen . Mar earst rôp se har berntsjes by har en sei : ' Leave bern , ik gean nei de bosk .
Cambuur hat de earste wedstriid fan it nije jier mei 3 - 0 wûn FC Dordrecht . De Ljouwerters wienen yn de earste helte de mindere . Dordrecht krige doe in tal mooglikheden . Yn de twadde helte waard Cambuur better . Yn de 61e minút sette Bob Schepers Cambuur op 1 - 0 . It wie de earste goal fan Schepers yn it betelle fuotbal . Kevin Diaz ( 66e minút ) en Mark de Vries yn de 86e minút setten de einstân fan 3 - 0 op it skoareboerd .
Ineke Dijkstra mei ' Dyn Hert ' ( orzjineel ' Foolish Games ' fan Jewel ) . Optreden by de presintaasjewurksjopfan SjONG 2007 by Omrop Fryslân yn Ljouwert . SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis fan 12 oant 18 jier . SjONG wurdt organisearre troch Taalsintrum . . .
Kidman wûn in Oscar foar bêste frouljushaadrol yn de ferfilming fan Michael Cunninghams roman The Hours yn 2003 . Kidman har fermogen wurdt rûsd op hast 100 miljoen euro . Yn 2006 wie sy de bêst betelle akrise yn de wrâld .
Wichtige dielen fan blommen lykas blomblêdsjes , siedden en tsjelkblêden groeie út stikjes weefsel ( primordia ) dy ' t ûntsteane op fêste plakken . De hoeken tusken dy opinoarfolgjende primordia lizze om 137 , 5 ° . Dizze hoeke is krekt de hoeke dy ' t ûntstiet by ferdieling fan 360 ° mei de gouden fyk . Men neamt in hoeke fan 137 , 5 ° , of syn tsjinhinger 360 ° - 137 , 5 ° = 225 , 5 ° , dan ek wol de goudene hoeke . Ut ûndersyk hat bliken dien dat dit foar in tige effisjinte folling fan it flak soarget wêrtroch ' t de bledsjes maksimaal út elkoar steane en it measte sinneljocht opfange kinne . Sinneblompitten wurde ek sa ferdield en ek de spiraalfoarmige blêdgroei wurdt op dyselde wize oriïntearre .
De slaggen waarden ek even foardien foar it omsittend laach en dêrnei waard fierder gien mei it spul . Op in bepaald stuit wie it wer sa : " Ast dy skood hiest , wie it sa út as wat ! " spriek Willem glunderjend en genietsjend fan de fergeane mooglikheid . Bakker fûn it allegear wol goed en hold him leaver wat by de werklikheid fan it posisjonele striken . Hy striek net sa as Willem hope hie , mar hie wol wat oars yn petto . Syn lêste streek betsjutte de ein fan de partij . Schaap koe gjin kant mear op . Hy kaam net allinne in houtsje achter , mar ferlear ek kânsleas . Likegoed seach Willem werom op in moaie partij en sa sei er : " It wie gelokkich ien foar de woarstekompetysje ! "
Syn aktiviteiten besteane út skilderjen , fotografearjen en muzyk meitsjen . Gerrit is in autodidakt mei in foarkar foar realistysk wurk dat benammen bestiet út lânskippen en bisten yn de natoer . Sa skilderde hy bygelyks de Veerske Mar , Drinte , de koalmies , fleanende einen , mokselsiker , poddestuollen en stillibbens .
Boppedat siet der yn myn stikje nóch wat oars : it útmeitsje wollen hokker romans út ' e Lege Lannen no echt fan wrâldnivo binne . Soks krijst soms , wannear ' st bygelyks yn ' e byb in oersichtswurk oer ' Great European Novels ' trochblêderest en dêr gjin inkelde Nederlanner of Flaming yn fynst . Foar in part leit sa ' n brektme oan erkenning oan ' e ôfgryslike parochiaalskens fan bûtenlânske ( tink seker Angelsaksyske en Frankofoane ) literatuerkenners , en allinne yn twadde ynstânsje oan ' e aard fan ' e Leechlânske skriuwerij .
GEESKE ( GEERTJE ) MEILES , yn De Kompenije ûnder Skuorregea
SENSUER OP FARSKLOG . DIT GEDICHT IS NET OK !
Op 7 maart 2011 giet de parkeargaraazje op it Saailân yn Ljouwert wer iepen . Dy datum waard woansdei bekend makke by it tichtsjen fan it dak . No ' t it dak ticht is , is de kâns op fertraging yn de bou folle lytser . Earder wie it de bedoeling dat de parkeargaraazje al yn oktober fan dit jier iepen g . . .
Mar dêr hold de fernijing yn de wittenskip net op . Andreas Vesalius snie sels yn liken foar ûndersyk fan de anatomy en kaam ta de konklúzje dat Galenus op beskate punten mis west hie . Copernicus yntrodusearre it heliosintrysk wrâldbyld . Galilei brûkte de teleskoop om mear oer de himel oan de weet te kommen . Kartograven makken kaarten sekuerder as dy fan Ptolemaeus , en lieten it yn de âldheid ûnbekende wrâlddiel Amearika sjen .
Hawwe jo noch nea heard fan Omara Portuendo út Kuba ? Of fan Esmé Redzepova fan de Balkan ? Wolle jo graach nei muzyk harkje út Ynje ? Of nochris in kear nei dat moaie ferske fan Jasperina de Jong ? Liket it jo aardich wekker te wurden mei in fioelkonsert fan Bach ? Harkje dan op sneintemoarn nei Mei Douwe .
Language technology for endangered languages : Sámi as a case study ( slides )
In sylboat makke fan biologysk materiaal moat de wettersporter bewuster meitsje fan it miljeu . It bedriuw Hoora Watersport tekent foar de produksje fan de falk , dy ' t foar in grut part makke is fan koark en flaaks . De boat wurdt presintearre op Boot Holland yn Ljouwert . Neffens Wijnands fan Hoora . . .
It oantal ynwenners naam ta fan likernôch 268 . 700 yn 1991 nei 283 . 173 yn 2001 .
Nu is ló koma yn wonr noai , selfij - lóns grypt mei jenn dei , end imrnei enrán ik den . Wearta kom ik ló ? Na kinskippar Dement wit den net . Skrep ik mei , kom ik bat ló ane ik mei net skrep end lók skruw ojt lis - det is weten . Ak wat wingen oar harna noada , ta sleapa ? Is it for den heune ? For ét ? Lók for oar oai ?
タグ : Simmer 2000 Hert Fan Myn Gefoel De Kast Rients Gratama Maaike Schuurman
It is in goed ding dat der fierder besocht wurde sil de feart wer iepen te krijen . De ûntwikkelder is yn gebreke bleaun en mei wol wat hurde oanpakt wurde wat de FNP oanbelanget . Yn de takomst moatte strakkere ôfspraken makke wurde mei ûntwikkelders .
Het duo Hang Wang met hun hit Ping Ping Kassa
Garyp rint waarm foar Doch it foar dyn Doarp . Garyp is it fjirde doarp dat yn aksje komme sil foar de TV searje Doch it foar dyn Doarp . Nei ' t Aldeboarn yn simmerske omstannichheden TV makke hat , binne sy der yn Tytsjerksteradiel klear foar . In moai plein midden yn it doarp , mei trije poadia d . . . More
© 2000 - 2011 Songteksten . net - Alle rechten voorbehouden - Design by Reneroof
Alaska is de grutste steat ( 1 . 700 . 578 km ² ) , en Rhode Island de lytste ( 4 . 003 km ² ) . Kalifornje hat it grutste tal ynwenners ( 33 . 871 . 648 in 2000 ) , wylst Wyoming it lytste tal ynwenners hat ( 493 . 782 yn 2000 ) . Yn de lette 20e ieu ûnderfûnen Nevada , Arizona , Kolorado , Uta , Georgia en Teksas in rap woeksen fan it tal ynwenners , West Firginia , Noard Dakota en it Distrikt fan Kolumbia hienen te krijen mei in delgong fan it tal ynwenners yn dyselde rite .
Remember Quake I ? or Quake II ? well here is Quake III Arena an old game but is loaded with hours of fun Lan connection fully operating internet connection not to sure [ I just play Lan ] Link : www . mediafire . com
gezegd , pop geeft heit nog een tuitje " . Dat waerd fan it bern dien .
Fryske gastsjongers sille meidwaan oan it konsert dat sjonger Guus Meeuwis takom jier hà ¢ lde sil yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean . Hokker artysten dat binne , wol it management fan de Brabà ¢ n
Dei Woadan , dochs wer ris in reaksje op de Fryske Wikipedy . Yn it ferline wienen jo in skoftlang warber op dizze wikipedy , em jo hawwe sadwaande meiwurke oan de fûneminten derfan . No hienen jo doe al yn ' e gaten dat soks ferslaavjend wurkje kin , dat ik tink dat jo dêrom ek in tiid skoft hâlden hawwe . No wie der niiskrektsa in fraach oer it Nedersaksysk ( http : / / fy . wikipedia . org / wiki / Oerlis : Nedersaksysk ) en jo bydrages gienen destiids ek gauris oer talen . Soenen jo der nocht oan hawwe om hjir ris nei te sjen ? Faaks kin it in oanset wurde om wer wat faker op de Wikipedy te kommen , de saak is aardich útwreide sûnt jo skriuwtiid . Ik soe it prachtich fine om der wer minsken by te krijen fan it earste oere . Groetnis , - - Swarte Kees 13 nov 2009 , 16 . 05 ( CET )
* Seis iepenbiere basisskoallen yn Ljouwert nei alle gedachten ticht * Eigen Huis set fotos Fryske ynbrekkers op harren site * Wetterskip Fryslân fersteviget ferdroege feankaden
Ja , en at se war grutter wurde , en se krije sinten om hannen , dan wolle se ek op stap . Teminste , at se in jier as fyftjin , sechstjin binne . Ynienen is dat moai ; mei de maten op ' e fyts nei doarpen yn ' e omkriten . Alle soarten drank moatte útprobearre wurde . Ik fyn yn ' e kuolkast samar lytse testfleskes mei vodka en oar frjemd guod . Ik snúf der ris oan en bliuw der fierders mar ôf .
Ek benijd hoe ' t it klinkt om " Wat bisto leaflik " sjongen te hearren troch Poalen , Hongaren , Aromenen , ensfh ?
Troch de tanommen mobiliteit en de eigen biningen bûten Fryslân , docht bliken dat it hyltyd oantrekliker is om jin net yn Fryslân nei wenjen te setten , mar om oer langere distânsjes en oer de provinsjegrinzen hinne - en - wer te reizgjen . As je hechten binne oan bygelyks Grins , of frou en bern binne dat , wêrom soene je dan as baas of direksjelid fan sis mar Cartesius Instituut , Friesland Bank , Keunstwurk , Noordelijke Hogeschool Leeuwarden , Polysje Fryslân of Provinsjale Amtlike Tsjinst ferhûzje nei Goutum , Grou of Gytsjerk ? Yn de Rânestêd is sa njonkenlytsen in oere reistiid fan en nei it wurk hiel gewoan , dus dan kin de direkteur ek wol yn Amsterdam wenjen bliuwe , yn Beverwyk of Wognum , en dochs yn Fryslân kedize oer ekonomy , iepenbier bestjoer , ûnderwiis en kultuer . De gefolgen binne dúdlik . Sokke machthawwers en kedizers yntegrearje net yn de netwurken yn Fryslân , se sille har net mei Fryslân ferbûn begjinne te fielen , it bliuwt harren yn wêzen frjemd , it bliuwe bûtensteanders .
' Allegear folk , ' sei er , doe ' t er sûnder doel weromkaam , ' mar gjin Boerumers ' . Wy binne doe mar in pear slaggen troch it doarp riden , en soenen doe wer op hûs oan . ' Hja rinne mar ' , sei Romke wat grimmitich . Mar dat wie my dochs wat te raar , dat wy binne noch ien slach werom gien . En ja hear , doe koe Romke se opfandelje . De jonges hienen al in bytsje yn ' e knipe sitten ; troch de rein wienen de races wat letter begûn , en dêrnei wienen se de tiid ' fergetten ' , en doe wie it ynienen samar in oere letter .
Hylke Bruinsma is snein kening wurden fan de haadklassepartij yn Berltsum . Mei debutant Hendrik Kootstra en Alle Jan Anema wie er yn de finale justjes te sterk foar it partoer Rutmer van der Meer , Renze Pieter Hiemstra en Folkert van der Wei . De ein fan de finale kaam pas mei alles oan de hang . Hendrik Kootstra pleatste doe in sitbal op it perk fan de tsjinstanners . De tredde priis wie foar it earsteklas partoer fan Pieter Bakker . Yn de 1e omloop fersloegen se Van der Bos - en - dy .
Ek sûnder Bolyvia is der deilis oer . It westen , EU , F . S . en Japan , easkje dat sa ' n fûns beheard wurde moat troch de wrâldbank . Ûntwikkelingslannen binne hjir wer poer op tsjin , guon sjogge de wrâldbank as ferlingstik fan in troch it rike westen behearske ymperialistyske organisaasje . Mar ek ûntwikkelingslannen binne net ienriedich . Costa Rica bygelyks mient dat Bolyvia mei hat ekstreme posysje de hiele klimaatdiskusje driget te fertraagjen . Op hokker wize de konferinsje beslútte sil is op it momint fan skriuwen noch net dúdlik , mar it liket der net op dat in der ta dwaand akkoart slúten wurde kin .
Rolferdieling Besprutsen : By de hinnen op stok . Komeedzje yn twa bedriuwen fan Loek Ehlich . Fryske oersetting : Gurbe Dijkstra . Spilersploech : Willem Hoekstra ( Henk Verwoerd ) , Renske Everts ( Leny Verwoerd ) , Gerrie Bosgraaf ( Hetty Jansen ) , Alies Bosma ( Rita Verwoerd ) , Jeanet Bosma ( Gemma de Raade ) , Willem Rozendal ( Freark de Wit ) , Harry Ettema ( Lûd en ljocht en kampinggast yn in tinte achter yn de seal ) , Jelle Jan van der Veen ( regisseur en de twadde kampinggast yn de tinte achter yn de seal ) , Akkelien de Vries ( ynstekster ) , bûtenomfarvjen Lucia Boonstra , bouploech Theun Everts en Binne Loonstra .
Gabe . Dan docht er krekt as ús beppe die : dy pielde ek wol mei knoffelbânen , as ik my ris ferkloft hie , en dan waard ' er ek wol in goed wurdsje by sein . Ik leau oars net , dat se fan it wurd wie ; want al hie se tsien jier op it tsjoenen gien , hja hie it net leard .
Brolsma skriuwt by dy gelegenheid net , dat troch justysje ek noch in ûndersyk nei syn eigen hâlden en dragen yn ' e oarloch dien waard . Al op 28 desimber 1946 wie foar him in dossier iepene . Reden wie in klacht , dy ' t in âld - buorman út Goutum yntsjinne hie . Net earder as op 8 augustus 1947 waard de Politike Resjerzje troch de Ofsier - Fiskaal frege om in ûndersyk yn te stellen . Op it dossier is mei de hân skreaun : ' Gezien de belangrijke plaats , die verdachte bekleed ( de ) in het friese literaire leven , gevoel ik er wel voor zijn zaak te verwijzen naar het Tribunaal , aangezien verdachte toch volkomen fout is geweest . ' Brolsma moat troch dit ûndersyk ferrifele wêze , hy hie der nei alle gedachten net mear mei rekkene . Yn ' e brieven oan ' e bern neamt er it nearne , miskien binne de bern it hielendal nea te witten kommen . Tiisdei 24 febrewaris 1948 waard er yn it ferhoar nommen . De fertinking tsjin him bestie út in tal punten : ' Van Pro - Duitsch te zijn geweest . Kreeg ook wel Duitschers bij hem aan huis . Vergunning aangevraagd voor het behoud van radiotoestel . Eenmaal extra brandstof gehad . Harmen Sijtstraprijs behaald , welke hem in het openbaar is uitgereikt . Schrijver in de verschallende plaatselijke bladen . Was collectief lid van de cultuurkamer . ' Brolsma hat him tsjin de feiten yn it dossier net ferset . Ut it ferslach fan it ferhoar docht soks bliken , al sei er wol dat ' bekende publicisten , die thans nog als zodanig werkzaam zijn , ' him oantrúnd hienen de Harmen - Sytstrapriis oan te nimmen . Hy hie mear as trije jier de tiid hân om nei te tinken oer wat er ûnder de besetting dien hie . Einlings koe er iepentlik skuld bekenne .
Yn Harns binne moandei 24 Fryske jongeren oan board stapt fan de trijemêster de Thalassa om mei te dwaan oan de Tall Ships Races . De dielnimmers binne útkeazen omdat se har ynset ha foar de mienskip . Ien en oar makket ek diel út fan de tardiedings op de Tall Ships Races yn 2014 dy ' t fan Harns út begjinne . In soad jonges en famkes kinne noch net sile , mar dat wurdt se ûnderweis wol leard . De reis giet nei it Noarske Stavanger en nei Halmstad yn Sweden .
It is der fier by troch dat de boargemaster fan Amsterdam him fia de parse kritysk útlit oer de bernemisbrûksaak mei de haadfertochte Robert M . Dat fynt Wim Anker , de advokaat fan Robert M . Boargemaster Van der Laan fan Amsterdam sei freed yn De Telegraaf dat er ' in bytsje irritearre ' is dat . . .
George Harrison trout op 21 jannewaris 1966 mei Patti Boyd , dy hy twa jier earder moete hie . De single ' Michelle ' wurdt yn de hiele wrâld in hit . Op 1 maaie jouwe de Beatles harren lêste live konsert yn Ingelân . Yn de Feriene Steaten komt in sammelelpee út . Op de hoes stean de Beatles yn slachtersjassen mei stikken fleis en poppen sûnder hollen . De hoes wurdt al hiel snel ferfong . Er komme hjir en der mear protesten . Bygelyks op De Filipinen . De Beatles wurde hertlik wolkom hjitten yn Manilla mar as in dei letter blykt dat de band in útnoeging foar de lunch fan Imelda Marcos negeare hat wurde se hast letterlik it lân út slein . Mar de grutste flater moat noch makke wurde . Op 31 july stiet yn in Amerikaansk blêd in ynterview mei John Lennon . Yn dat ynterview seit hy dat de Beatles op dit momint populêrder binne as Jezus Kristus . De Amerikanen binne poer . Oeral wurde Beatles platen ferbrând en in soad radiostasjons ferbiede de Beatlesplaten . Heal augustus gean se dôchs nei Amearika ta . Dit soe harren lêste toernee wurde . By oankomst jout John Lennon in parseferklearring ôf . Hy seit dêryn dat de útspraken net sa bedoeld wienen . Op 26 augustus 1966 wurdt yn it Candlestick Park yn San Francisco it lêste optreden jûn . De band hat hiele oare muzikale ideeën krigen . Dizze ideeën kinne net útfierd wurde op in poadium . De band hâldt himsels no allinnich noch mar dwaande mei it opnimmen fan platen .
Dit turbo - praat is plat en hat noch it measte fan proaza . Spitich , om t de dichter syn speurtocht nei pake wis wol nijsgjirrich is . Troch de bondel hinne binne der folle mear rigels oan te wizen dy t prozaÿsk op jin oer komme , en dêrmei de fersen degradearje ta in hast anekdoatyske fertelling . Nim bygelyks de iepeningssinnen fan de strofes ien en twa fan Berte fan it swarte hynder :
Heide , Gosse Baukes van der [ Skoanheit fan VI - af ] VI - af
Tags : dyn doarp omrop omroep fryslan friesland public publiek noise enthausiast enthousiasm enthousiast project tino strijker minnertsgea minnertsga camera
Jeropa wurdt almeast sjoen as in apart wrâlddiel , al foarmet it tegearre mei Aazje ien grutte lânmassa dy ' t Jeraazje neamd wurdt . Ta Jeropa wurdt it gebiet rekkene tusken yn it suden de Middellânske See , yn it westen de Atlantyske Oseaan , ynklusyf Yslân , yn it noarden de Poalsee en yn it easten de Ural , de Uralrivier , de Kaspyske See , de Kaukasus , de Swarte See en de Bosporus . De lange skiednis fan behearsking fan de Middellânske see troch Grikelân en it Romeinske Ryk hat ta gefolch hân dat alle eilannen yn de Middellânske see dy ' t net tsjin de kust oan lizze ek ta Jeropa rekkene wurde .
Net dat ik sa ' n fan fan Ajax bin , mar justerjûn rekke ik tafallich foar de westriid tsjin Real Madrid . Al gau hie ik it lûd út want de komentator - Frank Snoeks - is ien fan de grutste kletsmeiers fan de Hilversumse sportset . Dy man mei him sels ferskriklik graach praten hearre . En dan de wedtriid . Omdat ik oars neat hie ha ' k in logo fan de klub mei de " âlde Ajax " der yn mar boppe - oan set , dêr ' t it my by opfoel dat de âld man in bytsje gûlderich sjocht , gjin wûnder by sa ' n útslach . Iksels ha de wedstriid ek fierder folge mei krûme teannen en ha him net alhiel útsjoen . Ik há noch alris krûme teannen want juster ergerje ek my omdat ik gjin oersetting fan " hjitting " fine koe . Hie ' k mar yn myn gewoane wurdboek sjoen mar dat lei boppe en dan moast ik mei myn ferfangende knibbel by de trep op . Digitaal is dus ek net altyd wat je tinke dat it is . Afijn , út ûnferwachte hoeke kaam ek noch help . Bauke v . d . Heide hat it my yn in mailtsje útlein . It kaam hjir op del : " It is de hjitting dat " betsjut : : " se sizze dat " . It is dus min of mear in gerucht . Yn it wurdboek waard lykwols net ien wurd as oersetting jûn . Sa , dat wie de Fryske les . Betanke Bauke foar jo ynset . By de famylje Van der Meij is de bloeddruk al lang wer sakke . It wie en wurdt hjoed al wer in drokke dei , foar myn dwaan . Fan ' e moarn in ANBO - bestjoersgearkomst en jûn moat der songen wurde . No mar hoopje dat der gjin tsjinslach komt . Fan ' e middei kamen der twa dames op teebesite : freondin Aukje út Blije en Tine Hoekstra fan de Foswerterstrjitte . Nei de tee bin ik ek noch om in per boadskipkes de buorren yn west , de earste kear mei de nije knibbel leau ' k . - . S . - P . S . : Krûme teannen koene it net keare , - ik woe in loopke troch it doarp probeare . - En dat gie mar tige bêst , - ik hie alhielendal gjin lêst .
Oeral op de wrâld waard mei fielt mei de Finnen . De Twadde Wrâldkriich wie noch net yn folle heftigens útein setten en it publyk seach de kriich as in skeinkriich ; op it stuit fan de Winterkriich wienen de ienichste skermutselingen dy ' t barren dy yn Poalen troch de ynfallen fan Dútslân en Ruslân , dat de Winterkriich krige in soad omtinken op de wrâld . De agresje fan de Sovjets wurdt oer it algemien sjoen as ûnrjochtlik . Ferskate útlânske organisaasje hawwe materiële stipe , bygelyks medyske foarrieden , jûn . Finske ymmigranten yn de Feriene Steaten en Kanada kamen werom nei harren heitelân , in soad frijwilligers binne nei Finlân tôge om harren oan te slute by it Finske leger . Yn totaal kamen der 1 . 010 Denen , 895 Noaren , 372 Ingriërs , 450 Hongaren , 150 Italjanen , 350 Amearikanen , 230 Ingelsken en 346 Finnen om utens nei Finlân foar dat de kriich om wie . [ 2 ] Ek wienen der noch 210 oare frijwilligers dy ' t út oare lannen kamen , wêrûnder 17 út Nederlân . [ 3 ] Utlânske ferslachjouwers yn Helsinki hawwe ferslach dien oer de Finske fernimstichheid en fjochtsúksessen , somtiden waarden de berjochten bot oerdreaun .
Karakterûntjouwing Hiel nijsgjirrich is it wat der bart mei de haadpersoan , de topdirigint Daniël Daréus . In man dy ' t derop út is om krekt troch muzyk de herten fan minsken iepengean te litten . It is ek nijsgjirrich wat der bart mei de oare minsken dy ' t yn it ferhaal foarkomme . De doarpsdûmny bygelyks en de koarleden . Hoe ' t dy har ûntjouwe en hoe ' t dy karakters bleatlein wurde . Der sitte ferskillende hichtepunten yn it stik . Sa ' n hichtepunt is fansels it slot as de dirigint leit te stjerren oan in hertoanfal en dan heart hoe ' t de minsken yn de konsertseal spontaan begjinne te sjongen . By eintsjebeslút hat er mei syn muzyk de herten fan de minsken iepene .
As ik oan it begrip aktyf tink dan wurd ik al lyrysk . Yndied Amor . . .
Op 28 oktober 1950 nimt er syn yntrek op ' Klein Jagtlust yn Oranjewâld ' . Syn kwaal , multiple sclerose , is dan al sa oanboaze , dat er ferpleegd wurde moat . Yn it lêst fan augustus 1952 ferfart Rely Jorritsma nei Ressen , dêr ' t er as pasjint yn ' e hûs komt by de dûmny . Dêr , tichteby Nijmegen , komt er op 1 oktober 1952 te ferstjerren . Hy wurdt yn Nijmegen begroeven op ' Rustoord ' yn itselde grêf dêr ' t syn heit en de jiske fan syn mem yn rêste .
Yn dy jierren stjoerde er ek in stik yn by de Leeuwarder Courant , al wie syn heit der net foar . It wie ' in Krystlûd , mar doe is it stikje forhouneloarte earne , alteast nea wer in stikje fan to bikennen west . Sadwaande krige hy [ syn heit ] dochs noch gelyk . " De krante , dat nimme se samar net , " sei er . ' 173
De oktroaiwet befettet in negative definysje : in tal saken wurde eksplisyt neamd as net te oktroaien útfining . Sa binne wiskundige metoades en ûntdekkings ( bygelyks op natuerkundich mêd ) útsletten . In ûntdekking is op himsels noch gjin útfining , mar kin de basis wol fan in útfining wêze . De ûntdekking dat metaal stroom trochjout , kin brûkt wurde om in nije elektisiteitstried út te finen .
In ûndersyk yn 2010 dy ' t bliken dat de Fryske taal troch krekt wat mear as de helte fan de ynwenners fan Fryslân sprutsen wurdt en fjirtich prosint kin de taal ferstean . Fan de minksen dy ' t yn Fryslân hikke en teine binne sprekt 80 % de taal , wylst de oare 20 % de taal allegear ferstean kinne . Minsken dy ' t net yn Fryslân berne binne sprekke meastentiids ek de taal net . Trijeféarns fan dizze groep seit de taal net te sprekken , mar al te festean , 12 % fan de nijkommers kinne it Frysk ek prate . [ 1 ]
Fryslân ferwachtet dat it kabinet op koarte termyn foegen foar ûnderwiis yn de Fryske taal nei de provinsje sels oerbringt . In kommisje , ûnder foarsitterskip fan Rein Jan Hoekstra , lid fan de Ried fan Steat , jout dat advys ek oan it regear : de provinsje Fryslân soe sels nije kearndoelen foar it ûnderwiis yn de Fryske taal fêststelle kinne moatte . Hoekstra oerlange op 3 maart syn advys oan minster Donner fan Ynlânske Saken , minister Van Bijsterveldt fan Underwiis Kultuer en Wittenskip en deputearre De Vries fan de provinsje Fryslân .
Jacob Jongbloed ( De Jouwer , 11 maart 1895 - Utert , 21 july 1974 ) wie in Fryske fysiolooch dy ' t yn it earstoan in hiel skoft wurke as loftfeartarts . Fan 1942 oant 1965 wie hy heechlearaar yn de fysiology oan de Universiteit Utert . Jongbloed is benammen bekend wurden troch it troch him konstruearre keunstmjittige hert en de útfining fan de hert - longmasine , sadwaande waarden iepenhertoperaasjes mooglik . Yn 1956 waard foar it earst sa ' n operaasje op in minske útfierd yn Utert .
• [ en benammen ] it fuortsterkjen fan de kontakten tusken de trije Fryslannen .
De sinneboaten farre fan Dokkum nei de finish yn de Prinsetún yn Ljouwert . Dat is in ôfstân fan 25 kilometer mei in herstart op de Grutte Wielen . Yn it sjoernaal it wedstriidferslach en ek Bouwe de Boer , de geastlik heit fan ' e sinneboatrace oer de takomst , de lêste etappe ék foar de biezemboat e . . .
Wy halde fan sport , sporters , kampioenen en feestjes . Derom komme wy ek graach op it Sportgala fan de gemeente Boarnsterhim . Wa is dyn kampioen ? Lit it ús witte en wa wit krijst dan fan us wol in hiel sportyf tutsje .
Dus Ten Hoeve , de kop derby ! Fryslân en it Frysk bewarje oer de rêch fan oaren kin moai lykje , mar is neat oars as jins siel ferkeapje oan de âldfeint .
PS ( 17 . 15 oere ) Ik sjoch niiskrekt dat Cor juster in konklusy lutsen hat oer my en Twitter . Hmmm . Al mei al no dochs tefolle tiid deroan ferskiten . Gau werom nei de fûgels .
Sorry , I only speak English , put I wanted to show you Orjo kolu so you can delete it . John Reaves 29 mai 2007 , 09 . 38 ( CEST )
Prizen : 1924 : 1e priis yn novellepriisfraach fan De Gids foar De wilde boerin
De namme ' ' Aldeberkeap ' ' komt fan broek , dat ' stik greidlân ' betsjut en ope , ôflaat fan ' wetter ' . It âlde doarp is ûntstien op de sânrêgen tusken de Linde en de Tsjonger . vormen Berkeap is ien fan de âldste doarpen fan súdeast - Fryslân . It doarp wurdt al yn 1228 neamd yn geskriften as de Fryske striders by Brokope byelkoar komme om Drinte binnen te fallen . Yn 1593 wurdt de Bekhofskâns oan de Linde boud . Aldeberkeap is op dat stuit in strategysk plak om ' t de Linde in ferdigeningsliny foarmet tsjin de Spanjoalen dy ' t yn dy tiid Hollân en Fryslân besykje te ûnderwerpen . In part fan de skâns is noch altiten te bewûnderjen en wurdt op dit stuit yn âlde eare hersteld . Ien fan de oerbliuwsels fan it fort stiet midden yn it doarp , in kanon dat yn 1979 fûn waard en skonken is oan de gemeente . Dy hat it wapenmuseum fan Delft in ûnderstel foar it kanon meitsje litten en hat it mids yn ' t doarp setten .
Snein en de dagen dêrnei : Snein bliuwt it noch in ein boppe nul mei 4 oant 7 graden , mar yn de nacht fan snein op moandei ha we al wer 4 as 5 graden froast . Moandei wurdt it krekt boppe nul , mei kâns op snie . Oerdeis is it nije wike om it friespunt hinne . Tiisdei krije we folop winterwaar mei snei . . .
141 . Te oriintaalsk . - Hoe no ? In god dy ' t fan ' e minsken hâldt , op betingst dat se yn him leauwe , en dy ' t swart sjocht en driicht as ien net yn dy leafde leaut ! Hoe no ? In leafde mei klausules is wat in almachtige god fielt ! In leafde dy ' t sels net it kniesde hoarntsje en de oplôge wraaksucht de baas wurden is ! Hoe oriintaalsk is dat allegear ! " Oft ik dy leafha , wat giet dij dat oan ? " is al in ôfdwaande krityk op it hiele kristendom .
Trommels komme yn ferskate djipte - en omtrekmjitten foar . Elke kombinaasje fan djipte en omtrek smyt in oare klank op . Dêrby jilde de regels ' wat djipper in trommel , wat leger de klank ' en ' wat grutter de omtrek fan in tromme , wat heger de klank ' . It materiaal fan in trommel is essinsjeel foar de úteinlike klankkleur . Sa klinkt hout as regel waarmer en foller as metaal , fiberglês of keunststof . Hout is it meast foarkommend materiaal dêr ' t trommels fan makke wurde . It soarte hout , de dikte fan it hout en de ôfwurking fan it hout ; alles meiïnoar meitsje se it karakter fan de klank út . Dat jildt ek foar it materiaal fan it fel . It soarte fel ( natuerlik of keunststof ) , de dikte fan it fel en de bespanning fan it fel ; it beynfloedet allegear it úteinlike lûd fan de trommel . Utgeande fan in moderne trommel , dan bestiet dy standert út de neikommende komponinten :
Bouke Oldenhof makket de Fryske bewurking . , , Hy bliuwt ticht by de oarspronklike tekst , fertelt de regisseur , , , mar it stik wurdt wol ynkoarte . As we it yntegraal opfiere , duorret dat fjouwer oeren . Foar de net - Frysktaligen komt Tryater mei boppetiteling . It is foar it earst dat it selskip der gebrûk fan makket .
Konsert Canção fan de band Souldada op Oerol op Skylge . It konsert wurde yn twa dielen útstjoerd .
By Langwar is tongersdei in bever fûn . Dy bisten komme eins net yn Fryslân foar . De bever is nei fûgelopfang De Fûgelhelling yn Oerterp brocht . It liket derop dat it om in wylde bever giet . Hy reagearret net op minsken . It iten fan ' e opfang soarget ek net foar in soad reaksje by it bist . Hy is l . . .
Brezjnev joech yn 1979 opdracht ta de ynvaazje fan Afganistan om dat lân yn de Russyske ynlfoedsfear te hâlden . Dit waard foar de Russen krekt sa ' n drama as de Fietnamkriich foar de Amearikan west hie . Gorbatsjov soe letter de troepen tebek helje . Neist dizze misrekkeningen waard Brezjnev letter teffens persoanlike idelheid , nepotisme en habsucht ferwiten . Hy besocht syn ynkompetinte soan Yuri Brezjnev in lukrative baan yn it Russyske bedriuwslibben te besoargjen . Syn dochter Galina Brezjnev mocht de baas wêze oer it Russysk Steatssirkus .
It Skriuwersboun sels kin ûnderwilens weromsjen op in súksesfol 2009 . Sa hat it Literêr Sirkwy in goede trochstart makke mei optredens rûnom yn de provinsje , rûn it projekt ' Skriuw ' om begjinnende skriuwers te stypjen troch , waard it skriuwerswykein tige goed besocht en waarden mei regelmaat skriuwerskafees en temagearkomsten organisearre . Fierder prate wy mei yn in ferskaat oan fermiddens oer it te fieren belied , fral ek wêr ' t it giet om de omslach nei in nij lêzerspublyk , want as dát net slagget , is alle goedbedoelde muoite foar neat . Mar afijn , der wurdt op in ferskaat oan fronten arbeide en It Skriuwersboun docht fan herte mei . Al dat wurk koe lykwols allinnich ta stân komme troch de ynbring fan entûsjaste minsken dy ' t har tiid en enerzjy beskikber stelden . Geweldich dat sokke leden der altyd wer binne .
Hjoed : WA van Buren op de reade loper by De Hel fan ' 63
De D66 , FNP en GroenLinks - fraksjes kinne op op himsels ynstimme mei it foarnimmen om gemeentlike grûn en wetter oan eigners en hierders fan wenskippen te keap oan te bieden . Lykwols , wy hawwe grutte muoite mei it feit dat hjir en dêr minimum - bedraggen hantearre wurde dy ' t folle heger binne as de taksaasje . Dat yn kombinaasje mei folle hegere hierprizen foar grûn of wetter .
Johannes ( 43 ) wennet yn Sibrandabuorren mei frou en fjouwer bern . Hat twa kear listlûker en fraksjefoarsitter foar de FNP west . Hat in eftergrûn yn de politike wittenskippen en bestjoerskunde ( Leiden ) . Troch syn wurk as griffier gemeentesiktaris jierrenlange ûnderfining yn it iepenbier bestjoer yn Fryslân .
Wybenga en Ten Berge binne twa stimmen út begjin jierren santich dy ' t in oare kant opsjogge . Dy ' t net sjogge nei de grutte fernijing yn de poëzij , mar nei dat wat bûten de tiid stiet yn de poëzij , nei dat wat ûnder de poëzij leit . Dat hat by Wybenga bygelyks it byld krigen fan it waad as rioel en Ten Berge omskriuwt it bygelyks as de see . It is yn beide gefallen it wite papier dêr ' t it fers kwytrekke is of noch komme moat . It is wat de dichter graach fine wol of krekt bang foar is . It is it dûbelsinnige wat kwalik te beneamen falt . It is de poëzij sels úteinlik .
De famylje fan ' e man út Minnertsgea dy ' t fjouwer jier dea op syn keamer lei stiet ûnder in soarte fan tafersjoch . Dat seit boargemaster Krol fan it Bilt snein yn de earste útstjoering fan KRO ' s Brandpunt . De dea fan Rients Wolbers kaam oan it ljocht doe ' t de wenningstifting it hûs opknappe woe . De twa susters en twa bruorren fan ' e man hawwe fanwege harren leauwen alle foarmen fan help wegere , mar steane neffens Krol wol ûnder in soarte fan tafersjoch . De famylje hat neidat it nijs de ôfrûne simmer nei bûten kaam wol ferskate kearen ynstansjes oer de flier hân . Menos
Boppeslach It Nederlânsk kampioenskip hurdfytsen , roeier Sjoerd Hamburger , in searje oer minder falide sporters en it lêste sportnijs .
No ' t ik in stik as wat ôfleverings fan myn deiboek makke ha , freegje ik my ôf wêr ' t ik eins mei dwaande bin . Wat besielet in minske om in iepenbier deiboek te meitsjen . Is dit net it opkrikken fan jins eigen ego en wat hat dat foar sin . Wurdt in oar der miskien riker fan as er lêst wat ik doch en tink en fan plan bin ? Miskien binne der doch wol aardige dingen by of werkenbere saken . Sjoch , ik koe op skoalle goed opstellen meitsje en dêr koe master of de learaar allinne mar fan " genietsje " . No binne der miskien wol mear minsken dy ' t it wol nijsgjirrich fine . Sa , no ha ' k efkes lekker eamele en miskien ferwachtsje ik stikem wol in skouderklopke . Hawar , ik gean gewoan fierder . Ik begjin mei wat drôvich nijs . Lourens Reitsma is stoarn . Hy wenne al in skoft yn in âlderein - sintrun yn Stiens . Sneon is de routsjinst yn ' e herfoarme tsjerke te Ferwert . Moandei hawwe Sytske en ik wer oan ' t betsjinjen west yn it restaurant fan Foswert , in hiel aparte baan : ober wêze . It fâlt net iens ta om it neffens de regels te dwaan ! Anoesjka , de baas , hat noch wolris innen en oën , al binne wy it der net altyd mei iens . Hawar , it is in prachtige ûnderfining ! Us toer stiet wer yn de desimber - ferljochting , is ' t net in pracht ! Nei de opknapbeurt sjocht der nóch moaier út . Ik hie al in pear dvd ' s krigen mar wy hiene noch gjin spiler en dy hawwe no oanskaft . Troch omstannichheden dogge wy dit jier net folle oan Sinteklaas en no beskôgje dit mar as kado , krekt as de digitale kamera dy ' t ik koartlyn kocht ha . Ik hearde dat de gryp troch de regio giet . Wy hawwe him ljeaver net op nr . 11 ! Tenei mear . S . o . 11
Auke woe der foarwei wine . Ik ha my net iens oanjûn . Wat oanjûn ? De froulju moatte har oanjaan , man , dû wurdst in stoel , Auke , gjin spulbrekker . Toe dan mar , it skynde gjin jild te fergjen , der koe sasear gjin kwea fan komme en elk koe sjen dat er meidie . Auke ek yn e rigel mei de hannen by it liif del . As it muzyk stil foel , fleagen froulju en fammen as hong it libben der oan . De hege stelt fan Lubbert en Sjouk sloech Auke de earmen om e hals , hy koe t mar amper op fuotten hâlde . Hui , hui , net al te bluisterich ! It wie mear as beskamsum , mar goed dat it gjin ljochtskyndei wie . Hy woe út e rigel rinne , mar waard fan Ultsje weromwiisd . Nee , nee Auke , sa fier binne wy noch net . Stean bliuwe . En dan begûn it muzyk mar wer , fuort letter fleach der wer ien fan dy wylde froulju op him ôf . Wêr hie er him ynjûn ? Wie er mar earder nei hûs gien . Ien treast , it wie fergees . Wrang tocht er , it moast der noch bykomme dat er hjir jild foar deltelle moast . Hobbe Aaltsje , it sleau frommes , skuorde m de klean hast fan e lea . Soe men sa n tutte no net ? By syn witten hiene se noch nea in sint oan har fertsjinne en dat hie him mar beet as wiene se spitsen ! Einlings kommandearre Ultsje : Auke der by wei . It wie him in ferromming . En no nei hûs . Mei grutte stappen soe er fuort en dêr rûn er tsjin dy grutte fan Lubbert en Sjouk oan , dy t noch trije oaren by har hie . Jo trakteare op patat , no Auke ? Toe , it is mar ien kear feest . Mei alle wille hie er har in opstopper ferkocht , dat koe fansels net , Sjouk wie net iens sa n minne klant . Mei lijen koe er fan har ôfkomme , doe hie t ek moai west . Doeke soe net witte wêr t er bleau . Mei lilke stappen stiek er fuort . Bûten de ljochtskyn fan e felle lampen wie t tsjuster as de nacht . Hy rûn troch , fan boppen ôf stapte er yn in sleat . Hy sloech der troch en kroep oan e oare kant by de wâl op . Under de blaumodder ! Dat ek noch , it wie my it feest wol . Doeke wie al yn e ûnderklean , dy woe oefenje om t er sa let wie . Mei t er Auke seach yn syn wiete klean , frege er kjel : Wat ha wy no ? Lokkich hâlde er de sinnen byinoar . Hurd , hurd , de knappe broek út en útspiele yn skjin wetter , oars soe er foar altyd bedoarn wêze . Wytse jonges rekken noch let op bêd . In slim skealike dei . Op it feestlân jagen se fjoerwurk de loft yn .
Tags : ' Fryske Peallen ' ' Doch it foar dyn doarp ' ' Dyn doarp ' grins tv muzyk ' live muzyk ' filmkes krimi
De Taj Mahal is 58 meter heech en 56 meter breed en stiet op in 10 . 000 m2 grut moarmeren platfoarm . Foar it gebou is in grutte tún , mei in lange wetterbak der yn . It gebou is hielendal symmetrysk en bestiet út wyt moarmer . De fjouwer minaretten dy ' t op de hoeken stean binne letter boud . De minaretten binne in bytsje skean , dit is sa makke dat mocht der in ierdbeving wêze se net op it haadgebou falle sille . De side dy ' t nei Mekka wiist hat in moskee , oan de oare kant is in gastenferbliuw .
Sportleafhawwers kinne tenei noch mear har sporthert ophelje by Omrop Fryslân . Op 8 maaie is de Omrop begûn mei in spesjaal sportradiokanaal op ynternet . Je kinne dit kanaal beharkje op www . omroplive . nl . Mei it sportradiokanaal op ynternet wol Omrop Fryslân sportfans op ' e hichte hâlde fan de sport dy ' t him op sneintemiddei ôfspilet op de Fryske sportfjilden . Dizze simmer sil dat benammen it keatsen wêze .
De befolking fan Fietnam is konsintrearre yn de twa wichtige rivierdelta ' s , dêr ' t de etnyske Fietnamezen mei 85 % fan grutste groep fan foarme . Yn totaal binne yn it lân om - ende - by 50 minderheidsgroepen , dy ' t foaral yn de heechlânnen libje , û . o . de Muong , Tai , Hmong , Dao , Sedong , Jarai , Bahnar , Rhade , Sjam en noch in grut tal lytsere groepen . Yn de stêden wenje grutte tallen Sinezen .
Bontebok liedt de needklok oer de driigjende sluting en ferkeap fan de doarpsskoalle . As de skoalle sletten wurdt en it gebou ferkocht , ferliest Bontebok ek it doarpshûs , dat yn itselde gebou sit . Dêrmei soe it hert út it doarp skuort wurde , aldus de ynwenners . Tongersdei nimt de gemeenteried fan Hearrenfean in beslút . Pleatslik Belang en de skoalle wolle dat de gemeente langer neitinke sil oer it drastyske slutingsplan .
Sûnens fan ' e siel . - De populêre medisinale moraalformule ( útfûn troch Ariston fan Chios ) , " Deugd is de sûnens fan ' e siel " , - moat op syn minst , om brûkber te wêzen , feroare wurde yn : " Dyn deugd is de sûnens fan dyn siel . " Want in sûnens op himsels is der net , en alle writen en definearje sok ding binne jammerdearlik mislearre . It komt op dyn siel , dyn kimen , dyn krêften , dyn driuwfearren , dyn fersinnen en benammen op ' e idealen en fantasma ' s fan dyn siel oan om de finger te lizzen op wat allinnich mar foar dyn liif sûn wêze soe . Sa binne der talleaze sûnheden fan it liif ; en wat mear as it oan it unike yndividu wer tastien is en stek de holle omheech , wat mear as it dogma fan ' e " gelikensens fan ' e minsken " ôfleard wurdt , safolleste mear moat ek it idee fan in normale sûnens , njonken in normaal dieet , in normaal ferrin fan in sykte , by ús dokters yn it neigean reitsje . En dan is it pas tiid en tink ris nei oer it sûn en siik fan ' e siel en pleats elkenien syn eigenste deugd yn dy syn sûnens : dy ' t der by de ien dan útsjen kin as it tsjinoerstelde fan sûn by in oar . By einsluten bliuwt dan noch de grutte fraach iepenstean , oft wy de sykte misse kinne soene , sels foar de ûntjouwing fan ús deugd , en oft ús nocht oan kennis en selskennis de sike siel net likegoed brek is as de sûne : koartsein , oft net it inkeld mar sûn wêze wollen net in foaroardiel , leffens is , en miskien wol in primityf stik barbarij .
Theun de Vries waard yn 1907 berne yn Feanwâlden . Letter ferfarde er mei de húshâlding nei Apeldoarn , dêr ' t er op it gymnasium siet , mar de skoalle net ôfmakke . Hy folge in bibleteekoplieding en krige wurk yn de bibleteek yn Hilversum . Letter wurke de Vries as kranteman yn Leardaam en yn de tritiger jierren wurke er yn de bibleteek yn Snits . Yn de oarloch siet er yn it ferset , en wie er redakteur fan it Vrije Katheder . Foar de oarloch wie er kommunist wurden , en fan 1949 oant 1968 wie er lid fan it haadbestjoer fan de CPN . Yn 1971 briek er mei de partij om ' t er it net mear lykfine koe mei de oerhearskjende opstelling fan de Sowjetuny .
Sûnt de fersprieding fan de Islam oer it Heine Easten is de ynfloed fan it Arabysk op de wrâld hiel grut wurden . Troch de Arabyske feroverings en de lettere arabisearring fan in protte lannen , lykas yn de Magrib , hat it tal Arabieren yn de wrâld him útwreide oant goed 206 miljoen yn distiid . Etnysk beskôge stammet mar in hiel lyts part streekrjocht ôf fan de ' earste ' Arabieren . Dêrom soe it better wêze om te sprekken fan ' Arabysktalige folken ynstee fan Arabieren .
Kobra - keunstners binne ûnder oaren : Karel Appel , Corneille , Jan Nieuwenhuys , Christian Dotremont , Pierre Alechinski , Carl - Henning Pedersen , Asger Jorn , Constant Nieuwenhuys , Anton Rooskens en Henry Heerup .
Assistint - projektlieder Roger Trigg seit : " Dit projekt lit sjen dat religy net samar in nuvere hobby is foar minsken dy ' t sneins leaver yn tsjerke sitte as dat se op ' e golfbaan steane . Wy hawwe in ûnbidich soar ynformaasje garre dy ' t sjen lit dat minsken fan natuere leauwich binne en dat leauwe yn alle soarten maatskippijen foarkomt . Wa ' t besiket om godstsjinst út it libben te ferbaljen , sil nea hiel lang sukses hawwe , want it minsklik tinken is basearre op godstsjinstige ideeën lykas it bestean fan boppenatuerlike wêzens en goaden , en it bestean fan libben nei de dea of foar de berte . "
Emmius studearre Teology yn Gent en waard yn 1579 rektor fan de Latynske skoalle yn Nörden , dêr ' t er sels learling west hat . Troch him is de skoalle grut wurden , mar troch syn Kalvinistyske leauwen koe er dêr net bliuwe . Yn 1587 moast er fan de Lutherske Eastfryske haadlingen oar wurk sykje .
De namme Van Gogh is ûndertusken trochkrongen oant yn België en yn jannewaris 1890 wurdt hy útnoege op de eksposysje Les XX yn Brussel . Hy nimt dêr oan diel mei fiif skilderijen . It is op dy tentoanstelling dat Anna Boch syn wurk " La Vigne Rouge " keapet .
Tusken gelde ieren banket twivelnjirre by tsjuster , hâld ik net fan dy . In memmesee wol ik , a sea of motherhood l ' ocean d ' une mère om dit binnenlân fan my .
It libben fan Shakespeare Shakespeare is berne yn 1564 . Syn bertedatum kinne wy net , mar hy waard dope op 26 April . Syn âlden wiene fan goede komôf . Syn heit John Shakespeare hat meardere bestjoersfunksjes hân , ûnder oaren boargemaster . Syn mem Mary Arden Shakespeare wie de dochter fan in rike grûnbesitter . Dat Shakespeare sil goed ûnderwiis hân ha . Ut syn stikken blykt dat er op ' e hichte is fan ' e klassiken . Yn 1582 troude er Anne Hathaway . Se krigen trije bern : Susanna ( 1583 ) , en in twilling , Hamneth en Judith ( 1585 ) . Tusken 1585 en 1592 hearre wy neat oer Shakespeare . Wy witte ek net wat er yn dy jierren útheefde of út ' e wei sette . Yn1592 wurdt der foar it earst yn Londen melding fan him makke . En dan hearre wy ek faak fan him , of better sein , fan syn stikken , oant 1612 ta . Shakespeare wie ek sels akteur . Hy wie lid fan ' e toanielgroep " The Lord Chamberlain ' s Men " , dy ' t ek wol foar de keninginne foarstellingen joech yn 1594 - 1595 . De groep spile har stikken yn " The Theatre " , boud troch James Burbage . Doe ' t der wat juridyske problemen mei dat plak wiene , bouden se har eigen teater " The Globe Theatre " , dat eigendom wie fan sân haadakteurs fan ' e groep . Ien fan harren wie Shakespeare . Shakespeare brocht syn lêste jierren , fan 1597 ôf , troch yn Stratford , dêr ' t er ien fan ' e bêste huzen kocht hie , mei de namme ' New Place ' . Ut dokuminten blykt dat Shakespeare in betûft sakeman wie . Dat wie syn heit oars ek , dy ' t yn it sakelibben sukses hân hie , ear ' t er yn bestjoersfunksjes telâne kaam . Shakespeare ferstoar op 23 april 1616 . Neffens in ûnbewiisd ferhaal soe dat ek syn jierdei west ha . Neffens in oar ûnbewiisd ferhaal soe er ferstoarn wêze nei ' t er tefolle mei Ben Jonson en Michael Drayton , twa oare skriuwers út dy tiid , pimpele hie . Fierders binne der ek ferhalen dat de toanielstikken fan Shakespeare net troch Shakespeare mar troch in oar skreaun wêze soene . Mar dy ferhalen komme neffens de learden út deselde koker as ferhalen oer UFO ' s en Atlantis .
By ferskate sites kinst dyn eigen t - shirtsjes , romperkes , of truikes ûntwerpe . Kinst sels de kleur útsykje en in eigen tekst betinke . In tekst yn it Frysk is fansels dan wol hielendal unyk . Mar dat is net altyd maklik en hoe skriuwst it dan ? Wy tinke even mei dy mei , yn it Frysk !
Oer myn dichtsjen kin ik lykwols better sizze : " Nô , ik ferjit meastal om op ' enter ' te drukken . "
Oan de Achterhoekske Lingo diene fjouwer ploegen mei . Yn de finale namen Wouter en Laurens út Lent it op tsjin twa fammen , Lotte en Lisanne , dy ' t it spul wûnen . Wouter en Laurens hiene in fêste strategy by de seisletterwurden : as se in in wurd net betinke koene , dan gokten se op ' homooo ' . Uteinlik wûnen de famkes ; hja retten it tsienletterwurd ' stamtoafel ' . Harren priis bestie út trije dagen fergees tagong ta de Zwarte Cross fan 2012 .
Op donderdag 20 maart opent wethouder Bart Bakker om 13 . 30 uur de tentoonstelling rond de ontwerpwedstrijd voor de structuurvisie van Tytsjerksteradiel . De tentoonstelling vindt plaats in de bibliotheek van Burgum . Tijdens deze opening maakt de wethouder . . .
Yn de Twadde Keamer is plak foar 150 fertsjintwurdigers fan de politike partijen , dy ' t by algemiene , lanlike , demokratyske Twadde Keamerferkiezings yn de Keamer keazen wurde neffens evenredige fertsjintwurdiging . In plak wurdt in sit neamd ; de fertsjintwurdigers wurde Keamerleden of parlemintaarjers neamd . Foar 1917 hie Nederlân in yngewikkeld distriktestelsel wêrby ' t allinnich bepaalde manlju stimme mochten . Yn 1917 en 1919 waard de wet sa oanpast dat alle manlju en froulju stimme mochten . Foar novimber 1956 wienen der mar 100 sitten . Neidat op 29 juny 2006 it Kabinet - Balkenende II fallen is , wienen de lêste ferkiezings op 22 novimber 2006 .
Taalwittenskippers brûkten it begryp morfology al yn de 19e ieu , om de stúdzje nei wurdfoarmen mei oan te tsjutten . Oarspronklik komt it begryp morfology fan Goethe , mar it wie August Schleicher dy ' t it yn 1860 foar de taalkunde brûkte . [ 1 ] Leonard Bloomfield bringt it begryp morfeem foar it earste op it aljemint yn 1933 .
En fierders ? Fierders haw ik fannewike in positive beoardieling hân foar myn nije baan . Dat is moai . En lês ik Het Stenen Bruidsbed fan HM . Dat is ek moai . En freegje ik my wolris ôf oft myn gepiel yn it Frysk wol safolle sin hat . Dat is miskyn net sa moai .
Earst yn 1554 fûn hy , lykas oare Menisten , in feilich plak op it bûten Wüstenfelde , by Bad Oldesloe yn Sleeswyk - Holstein . Yn de rin fan de tiid krigen syn frou Gertrude en hy op syn minsten twa famkes en ien jonge , Jan . Hy ferstoar op 31 jannewaris 1561 op Wüstenfelde en waard dêr ek begroeven . Mar yn de Tritichjierrige oarloch waard it bûten ferwoastge , sa ' t it plak fan syn grêf net mear bekend is .
Yn Grikelân wurdt woansdei ek rûnom boljage . De Griken binne razend op harren regear fanwegen de fiergeande besunigingsmaatregels dy ' t nedich binne om de fallite Grykske ekonomy wer oerein te helpen .
De eangst yn de Syryske mienskip is nammers net de iennichste reden om geheimtaal te brûken . Geheimtaal is soms ek in middel om it regear de gek oan te stekken .
L . C . ; 14 desimber 2007 Yn Freed besprekt Halbe Hettema it boek fan skriuwer Eppie Dam : ' De skoskerinner : De wei fan Henk Kroes . ' It boek wurdt yn twa talen útbrocht , Frysk en Nederlânsk . It boek giet fansels oer it libben fan Henk Kroes , oer de âlvestêdetochten , syn net altyd bêste ferhâlding mei Jan Sipkema en oer alle oare dingen dy ' t er by ' t ein hân hat .
Dubel - frisss op paad yn Rome ( met o . . .
It Ingelske regear sil in ekstra belesting yn ien kear trochfiere yn stee fan mei ferdrach . London kiest op sa ' n manier foar de konfrontaasje en de hurde oanpak om sadwaande it ferleegjen fan bonussen ôf te twingen . Banken lykas Barclays , HSBC , en de Ingelske dielen fan Goldman Sachs en Deutsche Bank moatte dit jier yn ien kear 2 , 95 miljard euro ekstra belesting betelje .
FFJ Bernlef is in studinteferiening foar Fryske jongerein in Grins . De offisjele namme is FFJ Bernlef , ' wat stiet foar Feriening foar . . .
Na zo ' n 20 minuten spelen krijgt Blija steeds meer grip op de wedstrijd . Vanaf het begin zette de voorhoede al druk , maar het lukte niet om de bal voor het doel te krijgen . Maar dan scoort Stefan de Jong toch de 1 - 3 . Nog steeds 2 doelpunten verschil , maar Blija gelooft er weer in . Stefan weet zelfs de aansluitingstreffer te maken . Warga moet weer aanzetten om het verschil weer op minimaal 2 doelpunten te zetten en dit lukt ze . Maar Blija geeft de moed niet op , Thomas Jan komt alleen op de keeper en rond het knap af , hij krijgt kort daarna nog een kans en deze gaat mis . Hij had tijd , misschien wel te veel tijd en de hoeken voor het uitzoeken . Spitsen worden dan snel besluiteloos . Toch zou de 4 - 4 een mentaal goede ruststand voor Blija zijn ( volgens Johannes Tabak , die heeft er verstand van namelijk ) . Het lijkt of kunnen ze dit onderonsje tussen Johannes en mij horen , want Jan Minne geeft een prachtige steekbal en deze keer weet Thomas Jan Slager wel te tekenen voor de 4 - 4 . Warga weet niet wat hen overkomt , maar toch gebeurt het .
De Swaben hawwe in leginde dy ' t in folle opsichten mei de leginde fan de Magnusfane oerienkomt .
It sil him oan ' e tiid fan it jier lizze . Ik sjoch nei in beam dy ' t de kleuren griis , brún , grien en read te sjen jout . It is in wûnder . It gers is noch moai grien , mar groei amper noch , ik hoech net mear te meanen . Dat sinniget my tige . Yn alle rêst ha ik de bûtendoarstuollen en - taffeltsjes skjinmakke en op ' e hokssolder set Ik sjoch nei de brúngrize stâlen fan ' e stokroazen . De loft is griis , it waait út it easten , mar net al te hurd en it is in sachte lucht . Ik ha gjin oanstriid om achter in idee oan te rinnen . De wrâld giet syn gong mar . Ik dûzelje winliken troch de dei . In blokmies - syn swarte kop mei wite wangen en syn giele búk mei fan boppen nei ûnderen oer de midden in swarte baan - skarrelet tusken de reade blêden fan ' e steile prunus . Ik fiel hoe ' t myn liif him deljout en hoe ' t myn holle folget . It binne de pearsblauwe bosken hjerstasters dêr ' t de tún fol mei stiet en dy ' t it no wol goed fine . It binne de brune , tsjin ' e grûn lizzende blêden fan de rintfearen . Krieën en seefûgels . Ik bring my juster yn ' t sin : de rêstige sfear op ' e drokke Nijstêd en de glânzjende eagen fan de froulju Ik ha in geweldich goed sin . De neakene tûken fan ' e reade hagedoarn . De reade bottels fan ' e keale strûkroas . De reade tûken fan ' e kornoelje . De giele en reade blommen tusken de blêdesee fan ' e ljippekoppen . Yn ' e hjerst binne de froulju moai . Ik dûzelje troch de dei en bin klear wekker . In sêft lekken . De glêde , brúngiele blêden fan it boekehaachje . Yn hjerstkleuren is in frou waarm en sacht . As in kikkert weikrûpe yn ' e weake modder fan in sleat .
Tegearre mei syn ferneamde omke Germ Rypma kopiearde er doeken fan ferneamde masters yn museums en makke kontakt mei oare skilders as Andries van der Sloot , Gerrit Benner en Hans van der Schaaf . Ek hie er kontakten mei skriuwers as Douwe Kiestra , Reinder Brolsma en S . Sipma . Hy skildere meast yn oaljeferve .
Yn 1405 late Zheng He in armada fan 62 jonken en mear as 100 lytsere skipkes , mei yn totaal ûngefear 28 . 000 bemanningsleden , nei de " Westlike seeën " . Underweis die hy de neikommende havenstêden en gebieten oan : Champa ( Fietnam ) , Siam ( Tailân ) , Malakka en Java ( Yndoneezje ) , Cochin , Seylon , Calicut ( no Kolkata ) in Súd - Ynje . Zheng He kaam yn 1407 werom yn Sina .
Woansdei earst rein , dêrnei winterske buien mei kâns op wiete snie . Yn de middei hieltyd mear sinneskyn en 5 oant 6 graden . Der stiet in matige oant frij krêftige noardwestewyn . Yn de nacht kâns op glêdens mei temperatueren om de 0 graden hinne . Tongersdei en freed droech waar mei sinneskyn en 4 . . .
Download XML • Download text